Pete's Dragon (film út 2016)

Pete's Dragon is in Amerikaanske fantasyfilm en bernefilm út 2016 ûnder rezjy fan David Lowery, mei yn 'e haadrollen Oakes Fegley en Bryce Dallas Howard. De titel betsjut "Pete syn Draak". De film is in live action-remake fan 'e tekenfilmmusical mei deselde namme út 1977. It ferhaal folget Pete, dy't as jonkje fan fiif jier nei in ferkearsûngemak op in autowei troch de wyldernis, dêr't syn âlden by omkomme, lykme-allinne yn it oerwâld fan it Amerikaanske Noardwesten bedarret en dêr in draak moetet dy't him ûnder syn hoede nimt. Seis jier letter wurdt de dan alvejierrige Pete ûntdutsen troch de froulike boskwachter Grace. Pete's Dragon krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Pete's Dragon
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Lowery
produsint James Whitaker
útfierend
   produsint
Barrie M. Osborne
senario David Lowery
Toby Halbrooks
basearre op de film út 1977 fan
   Malcolm Marmorstein
kamerarezjy Bojan Bazelli
muzyk Daniel Hart
filmstudio Walt Disney Pictures
Whitaker Entertainment
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Oakes Fegley
Bryce Dallas Howard
voice-over Robert Redford
byrollen Oona Laurence
Karl Urban
Wes Bentley
Robert Redford
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 augustus 2016
foarm langspylfilm
sjenre fantasyfilm foar bern
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $65 miljoen
opbringst $143,7 miljoen

Yn 1977 is de fiifjierrige Pete Healy mei syn heit en mem ûnderweis oer in autowei troch de wyldernis fan it Amerikaanske Noardwesten, as op in ôfhandich plak in hommels oerstekkend hart foar in ferkearsûngemak soarget. De auto fan it gesin slacht oer de kop en Pete syn âldelju komme om. Sels komt er mei de skrik frij, mar neitiid wurdt er troch in ridel wolven it tuskenbeiden reinwâld yn jage dat op dat plak oan beide kanten fan 'e dyk groeit. As er in ein yn it wâld op troch de wolven ynsletten rekket, wurdt er rêden troch de oankomst fan in noch folle grutter rôfdier, dêr't de wolven foar útnaaie.

It blykt in draak ter grutte fan in pear oaljefanten te wêzen, mei flearmûseftige wjukken op 'e rêch en in tsjûke pels fan grien hier. De yntelliginte, iensume draak werkent yn Pete in oar wêzen dat lykme-allinne is, en draacht him yn syn klauwen foarsichtich nei syn hoale ta. Se foarmje al rillegau in bân. Pete neamt syn draak Elliot, nei in ferdwaald jonghûntsje yn in berneboek dat er op it stuit fan it ûngemak efter yn 'e auto oan it lêzen wie, en Elliot begjint him foar Pete oer tige beskermjend op te stellen.

Seis jier letter, yn 1983, libje Elliot de draak en de dan alvejierrige Pete noch altyd gelokkich tegearre yn it wâld. Op in dei wurdt Pete, as Elliot noch leit te sliepen, troch it leven fan keatlingseagen nei in plak ta lokke dêr't in ploech houtsjers oan it beamkapjen is. Syn oandacht wurdt lutsen troch in famke fan syn eigen jierren.

Dat is Natalie, de dochter fan Jack Margary, de foarman fan 'e houtsjers. Wylst har heit en syn ferloofde, boskwachter Grace Meacham, wer ris wurden hawwe mei Jack syn broer Gavin, dy't it wâld inkeld sjocht as wat dat eksploitearre wurde moat sadat hy der ryk fan wurde kin, dwaalt Natalie ôf. Se wurdt Pete gewaar, en as er útnaait, folget se him it wâld yn. As er yn in beam klimt en sy syn foarbyld folget, glidet se út en falt se omleech. Har gjalp bringt de folwoeksenen yn it wâld, dêr't se Pete sjogge. Hy besiket te ûntkommen troch yn in oare beam te klimmen, mar Gavin skuort him omleech, wêrby't de jonge by fersin bewusteleas rekket as er de holle stompt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Elliot wekker wurdt en foar it ferstân kriget dat Pete ferdwûn is, brûkt er syn skerpe rooksin om it spoar fan syn lytse minsklike freon te folgjen nei it plak dêr't de houtsjers Woodrow, Abner en Bobby ûnder lieding fan Gavin wer oan it wurk gien binne nei't Grace, Jack en Natalie mei Pete yn 'e auto ôfset binne nei it pleatslike sikehûs. As er by fersin in beam omtriuwt, wurde de houtsjers gewaar dat der in grut bist yn harren neite ferkeart. Se helje gewearen foar 't ljocht en geane fjouweresom op jacht. Elliot hat lykwols it fermogen om himsels ûnsichtber te meitsjen, dat se rinne him straal foarby.

Pete wurdt ûnderwilens wekker yn it sikehûs. Wylst Grace en Jack, dy't him fûn en, nei harren eigen tinken, 'rêden' hawwe, op 'e gong steane te redendielen mei dokter Marquez en sheriff Dentler, ûntsnapt er troch it finster. Hy besiket werom te kearen nei it wâld, mar rekket alhiel desoriïntearre yn 'e beboude kom fan it middelgrutte plak Millhaven. Nei in lange efterfolging wurdt er ynsletten troch de sheriff en syn helpsheriffs. Grace komt by him en nimt him neitiid mei Natalie mei nei hûs, dêr't se him ta rêst bringt mei it ûnthjit dat se him moarn meinimme sil it wâld yn, sadat er har sjen litte kin wêr't er wennet.

Gavin-en-dy stjitte yn it wâld op 'e hoale fan Elliot en de beamhut dy't Pete yn 'e beam dêrboppe boud hat. As Gavin de hoale ynkringt, makket Elliot himsels lykwols sichtber en jaget er harren de stupen op it liif. Om der wis fan te wêzen dat se opduvele binne, efterfolget er harren it hiele ein werom nei harren auto. As Gavin syn gewear op him rjochtet, pakt Elliot him it wapen ôf en bûcht sûnder ynspanning de loop krom foar't er it weromjout. Skitende benaud flechtsje de fjouwer houtsjers nei hûs. Elliot giet ûnderwilens fleanendewei op 'e siik nei Pete, en pikt by it sikehûs it spoar fan syn freon wer op. As er de auto fan Gavin riden sjocht, folget er dy nei it hûs fan Jack en Grace, dêr't Gavin syn broer der om 'e nocht fan besiket te oertsjûgjen dat er in draak sjoen hat. (Jack fermoedet dat Gavin ynstee wat te djip yn it gleske sjoen hat.) Nei't Gavin wer ôfset is, gluorket Elliot troch it rút nei binnen, dêr't er sjocht hoe't Pete gelokkich liket te wêzen mei in nije heit en mem en in nij suske. Om't er dat foar syn freon net bedjerre wol, giet er allinne werom nei syn hoale, dêr't er him iensumer fielt as ea tefoaren.

Underwilens hat Grace it petear oan 'e foardoar tusken Jack en Gavin ôfharke, en Pete hat in tekening makke fan syn mysterieuze freon Elliot, dy't him al dy jierren yn 'e wyldernis beskerme en iten jûn hawwe soe. It is in tekening fan in griene draak. Foar Grace jout dat in gevoel fan déjà vu, mei't se krekt sa'n tekening alris earder sjoen hat. Nei't de bern op bêd binne, giet se dêrom by har heit oan, in âldman op jierren, dy't foarhinne krekt as sysels boskwachter wie. Hy stiet ek rûnom bekend as in healwizeling, mei't er op in kear doe't Grace noch lyts wie, út it wâld weromkaam mei it ferhaal dat er in draak sjoen hie. Foar syn dochter makke er doe in tekening dy't as twa drippen wetter op dy fan Pete liket. Doe't se âlder waard, is Grace opholden de sterke ferhalen fan har heit te leauwen, mar no freget se him om foar har te beskriuwen wat er al dy jierren lyn echt sjoen hat.

De oare deis kriget Grace in tillefoantsje fan 'e sheriff dat immen fan 'e bernebeskerming delkommen is om Pete op te heljen. Mei Natalie by har nimt Grace Pete mei om him ôf te leverjen op it plysjeburo, hoewol't de jonge ferwachtet dat se no weromgeane nei it wâld. Op it lêste momint betinkt Grace har en riidt se mei de beide bern en har heit dochs nei it wâld. As Jack letter op syn wurk komt, docht bliken dat Gavin-en-dy wer op jacht gien binne. Hy set harren efternei. Pete liedt Grace, Natalie en Meacham nei de hoale fan Elliot ta, dêr't er harren, ta folsleine ferbjustering fan Grace en Natalie, yn 'e kunde bringt mei syn draak. De moeting wurdt lykwols rou fersteurd as Gavin en de oare trije houtsjers ferskine, dy't Elliot besjitte mei pylkjes út ferdôvingsgewearen. De draak besiket noch te ûntsnappen, mar falt derhinne, wêrnei't Gavin him mei grouwe keatlings fêstset op in truck mei oplizzer en mei werom nimt nei Millhaven.

De oplizzer mei Elliot derop wurdt yn in grutte loads op 'e houtseagerij fan Jack en Gavin set. Gavin beskôget de draak no as syn eigendom, en is wisberet om him om te setten yn jild, al wit er noch net krekt hoe't er dat foarinoar krije moat. Jack skillet sheriff Dentler op om 'e autoriteiten yn 'e saak te belûken. Wylst de sheriff mei al syn helpsheriffs arrivearret, wat op it houtseagerijterrein ta gaos en in lulk skeel tusken Jack en Gavin liedt, wiist Natalie Pete de wei nei in sydyngong fan 'e loads, dêr't se de doarren barrikadearret foar't sy en Pete de keatlings fan Elliot losmeitsje. De sûzerige Elliot is noch net by steat om troch it gat yn it dak fuort te fleanen, mar as Gavin in skoftke letter de doarren iepen wit te brekken, is er poater. Gavin-en-dy begjinne it hiele terrein ôf te sykjen, mar Grace beseft dat Elliot noch gewoan yn 'e loads is, en himsels inkeld ûnsichtber makke hat. Meacham klimt by Pete en Natalie yn 'e truck en riidt dy dwers troch de efterkant fan 'e loads nei bûten ta om 'e draak werom te bringen nei it wâld.

De truck wurdt efterfolge troch Gavin en de oare houtsjers, de sheriff en syn helpsheriffs en Grace en Jack. As Gavin de frachtwein ynhellet en syn pick-uptruck oan it begjin fan in brêge oer in djippe kleau dwers oer de wei set, beseft Meacham dat it gewicht fan Elliot, dy't eins te swier is foar de oplizzer, de remmen fernield hat. Mei't er dus net hohâlde kin, trapet er ynstee it gaspedaal djipper yn, sadat er de pick-uptruck fan 'e brêge riidt. Tsjin 'e tiid dat de truck de oare kant fan 'e brêge berikt, is Elliot wer by sûpe en stút, en hy is bang en yn betizing oer wat der krekt bard is, en boppedat sa nidich as in spin. Dêrom spuit er fjoer dat sa hjit is, dat in seksje fan 'e stielen brêge derfan fuortraant. Grace en Jack, dy't foaroan yn 'e efterfolgjende auto's ride, bedarje mei de foartsjillen yn it gat. Gavin besiket harren auto te stabilisearjen troch de efterbumper fêst te gripen, mar se glydzje foaroer en de auto falt troch de brêge hinne. Pete ropt Elliot ta dat er ophâlde moat en dat er Grace en Jack nedich is. Dêrop dûkt de draak yn 'e kleau en komt eefkes letter mei Grace en Jack op 'e rêch wer omheech, dy't er by Pete ôfset. As der in helikopter fan 'e brânwacht oankomt, slacht Elliot op 'e flecht, mei Pete op syn rêch.

De beide freonen besykje harren hoale yn it wâld, mar Pete seit dat eltsenien no fan dizze lokaasje ôfwit en dat se hjir net mear bliuwe kinne. Elliot makket himsels ûnsichtber, mar Pete wiist derop dat hysels dat net kin. Hy wol dat se in oar skûlplak yn it wâld sykje, mar Elliot triuwt it âlde berneboek oer it ferdwaalde jonghûntsje nei Pete ta en maneuvelet him ta dat er de bledsiden omslaan moat. Op it lêste plaatsje yn it boek, dat Elliot oanwiist mei ien fan syn grutte klauwen, is in gelokkich en weriene gesin te sjen. Pete beseft dat Elliot wol dat hy weromgiet nei Jack, Grace en Natalie. As Jack en Grace dy jûns thúskomme mei Natalie by harren, wurde se opwachte troch Pete, dy't ôfskie nimt fan Elliot.

Yn it jier dat op dy foarfallen folget, trouwe Grace en Jack en adoptearje se Pete. It libben yn Millhaven giet wer syn gewoane gong, en mei't der gjin foto's fan 'e draak nommen binne, leaut nimmen fan bûten de doarpelingen dy't it wêzen mei eigen eagen sjoen hawwe. Gavin hat learing lutsen út syn ûnderfinings en wurdearret syn broer no mear om't er him op in hier nei kwytrekke wie. Op fakânsje yn 'e noardlike Rocky Mountains sykje Pete en syn âldelju en suske Elliot op, dy't dêrhinne weromkeard is en no wer yn it selskip fan syn eigen famylje libbet.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Oakes Fegley.
 
Bryce Dallas Howard.
 
Robert Redford.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Pete Healy Oakes Fegley
boskwachter Grace Meacham Bryce Dallas Howard


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Natalie Margary, Grace har styfdochter Oona Laurence
Gavin Margary, Jack syn broer Karl Urban
Jack Margary, Grace har ferloofde Wes Bentley
âld-boskwachter Meacham, Grace har heit Robert Redford
lûden fan Elliot de draak John Kassir (as stimakteur)
sheriff Gene Dentler Isiah Whitlock jr.
Woodrow Marcus Henderson
Abner Aaron Jackson
Bobby Phil Grieve
boskwachter Wentworth Jim McLarty
helpsheriff West Ian Harcourt
helpsheriff Smalls Steve Barr
Pete syn mem Esmee Myers
Pete syn heit Gareth Reeves
dokter Marquez Keegan Carr Fransch
jonge pasjinte yn sikehûs Josephine Stephens
ferteller Robert Redford

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Pete's Dragon waard regissearre troch David Lowery nei in senario fan himsels en Toby Halbrooks. De film wie in live action-remake fan 'e tekenfilmmuscial Pete's Dragon út 1977, fan Malcolm Marmorstein. As produsint wie James Whitaker by it projekt belutsen foar de filmstudio's Walt Disney Pictures en Whitaker Entertainment. Barrie M. Osborne hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Pete's Dragon wie in budget beskikber fan $65 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bojan Bazelli, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Daniel Hart.

De opnamen foar Pete's Dragon setten op 10 febrewaris 2015 útein en duorren oant en mei 30 april fan dat jier. Se fûnen hielendal plak yn Nij-Seelân, yn 'e omkriten fan Wellington en Rotorua. Millhaven út 'e film wie eins it doarp Tapanui, dêr't de Blue Mountain Lumber Mill trochgie foar de houtseagerij út 'e film. In diel fan 'e film waard opnommen op 'e Golden Oak Ranch by Santa Clarita, yn Kalifornje. Yn 'e postproduksje waard Elliot de draak oan 'e film tafoege mei special effects dy't makke wiene troch Weta Digital.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Pete's Dragon waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company. De film gie op 8 augustus 2016 yn premiêre yn it El Capitan Theatre yn Hollywood. Op 12 augustus iepene Pete's Dragon yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op deselde dei by platemaatskippij Walt Disney Records. Op 29 novimber 2016 kaam Pete's Dragon beskikber as digitale download en teffens op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Pete's Dragon oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Tanksij de ferminsklikjende magy fan regisseur David Lowery is dit ferhaal oer in weesjonge en in draak ien fan dy seldsume famyljefilms dy't jin echt op it moed komme."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Pete's Dragon in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 240 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] set de hjoeddeistige live action-súksesrige fan Disney fuort mei in update dy't it orizjineel fisueel by de tiid bringt sûnder syn leaflike, sentimintele sjarme te oerweldigjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Pete's Dragon in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 42 resinsjes.

Pete's Dragon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $76,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $67,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $143,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $65 miljoen betsjut dat in winst fan $78,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Pete's Dragon waard yn 2017 nominearre foar de Saturn Award foar bêste fantasyfilm en foar de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite film.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.