Ridel
In ridel[1] is in kloft bisten dy't yn in sosjale groep libje. Spesifyk wurdt de term brûkt foar groepen hûneftigen en groepen saneamd 'ealwyld': harten en gimzen. Net alle hûneftigen libje trouwens yn sokke sosjale groepen: de foks, bygelyks, libbet solitêr. De grutte fan in ridel hinget ôf fan 'e bistesoarte, mar ek fan it biotoop en fan 'e oanwêzigens fan genôch fretten. Dat lêste hinget faak wer gear mei de tiid fan 't jier. Oer it algemien kin steld wurde dat de measte ridels út fiif oant tweintich bisten besteane. As in ridel te grut wurdt, spjalte har faak in stikmannich leden ôf om in eigen ridel te foarmjen. Ek komt it geregeldwei foar dat ienlingen (benammen mantsjes) in ridel út frije wil ferlitte, of troch de dominante leden ferdreaun wurde. Oan 'e oare kant kin it ek wêze dat nije leden fan bûten de groep opnommen wurde, wat helpt om yntylt foar te kommen.
Yn ridels bestiet in sterke foarm fan hierargy, mei as gefolch dat elts lid fan 'e groep wit wat syn posysje yn 'e ridel is yn ferhâlding ta alle oare leden. De sosjale posysje fan 'e leden fan 'e ridel bepaalt ek wat de rol fan elts bist is by eltse groepsaktiviteit, lykas sliepen, weidzjen en flechtsjen (by harten en gimzen), en it bejeien en opfretten fan proaidieren (by hûneftigen).
By hûneftigen, lykas wolven, wurdt de ridel laat troch in dominant bistepear, de alfarikel en de alfateef. Faak is it sa dat inkeld dy beide bisten harren fuortplantsje meie. It bistepear fan in mantsje en in wyfke dat de op ien nei meast dominante posysje yn in ridel ynnimt, wurdt oantsjut mei de term bêta. Bisten dy't leger yn 'e rangoarder steane krije ornaris net sa'n oantsjutting, of it moat wêze dat der in lid fan 'e ridel is dy't troch alle oare leden skoudere wurdt en dúdlik de leechste yn rang is; dat is de omega.
Faak bestiet in ridel by wolven út in pearke (de alfa's) mei harren jongen en ferskate healwoeksen neikommelingen út foargeande jierren. De jonge wyfkes bliuwe faak langer yn 'e ridel om mei it grutbringen fan 'e jongen út lettere jierren te helpen, wylst de jonge mantsjes de ridel al ier ferlitte om in eigen ridel te stiftsjen. De alfarikel en de alfateef binne oer it algemien net oaninoar besibbe. It komt foar dat oare ûnbesibbe ienlingen har by in wolveridel jouwe. By hyenahûnen helpe de jonge mantsjes by it grutbringen fan 'e jongen en bliuwe harren hiele libben yn deselde ridel, wylst jonge wyfkes der op úttsjogge om harren by in oare ridel te jaan. Ek strjithûnen dy't troch harren minsklike baaskes yn 'e steek litten binne, foarmje ridels as se dêr de kâns ta krije.
By harten en gimzen wurdt de ridel oanfierd troch ien dominante bok, wylst de rest fan 'e leden bestiet út wyfkes dy't de 'harem' fan 'e bok foarmje. Yn 'e djoeitiid pearet de bok mei alle wyfkes en bewekket er harren tsjin 'e attinsjes fan oare, faak jongere mantsjes, dy't fan bûtenôf komme om 'e dominante bok út te daagjen. As sa'n bok fan bûten him wit te ferslaan yn in gefjocht dat útfochten wurdt mei de geweien, nimt de oerwinner de harem fan 'e ferliezer oer. De jonge bokjes dy't fuortkomme út 'e pearings wurde troch dominante bok út 'e ridel ferdreaun as se healwoeksen binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |