Beweiding

(Trochferwiisd fan Weidzjen)

Beweiding is it fretten fan gers en krûden, dy't op in beskaat stik lân groeie, troch fee of wylde bisten. It eigentlike fretten hjit weidzjen of gerskjen; dat is in foarm fan foerazjearjen. Yn 'e feehâlderij binne de greiden dy't beweide wurde, almeast ôffrede mei stekken, sleatten of beamwâlen, sadat de boer bepale kin hokker stik lân beweide wurdt en foar hoe lang. Troch beweiding wurdt yn 'e magen fan herbivoaren plantaardich materiaal omset yn enerzjy. Yn 'e feehâlderij wurdt troch it fee selluloaze, dat fierders ûnfertarber is foar it minsklike spiisfertarringsstelsel, omset yn fleis, molke, wol en oare dierlike produkten dy't wol tige brûkber binne.

Melke kij oan it weidzjen yn Dútslân.

Gauris is de grûn dy't foar beweiding brûkt wurdt, ûngaadlik foar de bou fan lânbougewaaksen dy't foar de minske ytber binne. Beweiding is dan in manear om sokke grûn yn it ramt fan 'e lânbou dochs noch produktyf te meitsjen. Oan 'e oare kant komt it ek foar dat spesjaal foar beweiding troch fee wâld kappe wurdt, sadat beweiding ta ûntbosking liedt en mooglik ek ta it útstjerren fan bistesoarten troch habitatferlies. Troch bedonging om it gers foar beweiding flugger groeie te litten, sawol mei natuerlike dong as (noch mear) mei keunstdong, wurdt ekstra stikstof yn it miljeu brocht. Dat kin ek negative gefolgen hawwe foar de natoer en kin foar fersmoarging fan it oerflaktewetter soargje.

Oerbeweiding is in oar probleem. Dêrby weidzje fee of wylde bisten te lang op ien en itselde stik lân en bringe dêr sadwaande skea oan ta. Planten binne evoluëarre yn in wrâld dêr't weidzjende bisten foarkamen, dat se kinne wol oer in beskate mjitte fan beweiding en knappe dêr neitiid oer it algemien gau wer fan op. As der lykwols sprake is fan oerbeweiding, fral as dat yn in tiid fan drûchte foarfalt, kin it wêze de begroeiïng sa'n knau kriget dat dy ôfstjert. As dat bart, moat men it stik lân letter op 'e nij ynsiedzje of wachtsje oant de begroeiïng it keale stik lân út himsels wer kolonisearret, wat jierren duorje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.