Pasjint
In pasjint (fan it Frânske patient, "immen dy't lijt", dat weromgiet op 'e Latynske tiidwurdsfoarm patiens) is immen oan wa't medyske, paramedyske of ferpleechkundige help ferliend wurdt. De behoefte oan sokke help wurdt feroarsake troch it oprinnen fan in sykte, in oandwaning of letsel. De pasjint is yn sa'n gefal in soarchbehoevende, dy't de soargen of it tafersjoch fan ien of mear soarchferlieners genietet.
It medysk jargon ûnderskiedt ferskate foarmen fan pasjinten:
- in slachtoffer is immen dy't ferlet hat fan medyske help as gefolch fan in trauma.
- in kliïnt is immen dy't, meastal foar langere tiid, psychyske of psychiatryske soarch nedich is, of dy't help fan in maatskiplik wurker kriget.
- in refalidant is in pasjint dy't oan it opbetterjen is fan sykte of letsel, en dêrta refalidearje moat.
- in bewenner of ferpleegde is in pasjint dy't (foar langere tiid) ynwenjend is yn in soarchynstelling of ferpleechhûs.
Fierders waard foarhinne wol de term 'residint' brûkt foar pasjinten dy't langere tiid yn soarchynstellings ferbliuwe moasten. Dy oantsjutting is lykwols út 'e moade rekke en foar it meastepart ferkrongen troch 'kliïnt' en 'bewenner'. Yn it amtlik jargon wurdt fierders ek faak de term 'soarchfreger' brûkt, foar alle soarten pasjinten, wêrby't dy oantsjutting kontrastearret mei de termen 'soarchferliener' foar alle medysk, paramedysk en ferpleegjend personiel, 'soarchferstrekker' foar sikehuzen en alle oare soarchynstellings, en 'soarchbemiddelder' foar soarchfersekeringsmaatskippijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|