Frachtwein
In frachtwein of frachtauto is in motorisearre ferfiermiddel dat ûntwurpen is om fracht te ferfieren. Sa'n fiertúch wurdt bestjoerd troch in frachtweinsjauffeur, dy't beskikke moat oer in saneamd grut rydbewiis.
Konfiguraasjes
bewurkje seksjeFrachtweinen komme yn ferskate soarten foar. De ienfâldichste konfiguraasje is in fiertúch mei in kabine foarop en dêrefter in fêste platte laadbak foar de fracht. De laadbak kin iepen wêze, mar is faker oerdutsen. Ynstee fan mei in iepen of oerdutsen laadbak kin sa'n soarte frachtwein ek tarist wêze mei:
- in grutte bak dy't rjochtop set wurde kin om losse stoffen lykas sân derút te leegjen (in kypwein of bulkwein)
- in tank foar it ferfier fan floeistoffen (in tankwein)
- in kuolsel (in kuolwein)
- in koai of bak bedoeld foar bisteferfier (in feewein)
- in grutte betonmikser (in betonwein)
- in ôffalpletter (in jiskewein)
- in ljedder- en brânspuitynstallaasje (in brânwachtauto of ljedderwein)
- in stellaazje om persoane-auto's op te ferfieren
In sleepauto is in lytse frachtwein mei efterop ynstee fan in laadbak in takelynstallaasje hat, om stikkene (of fout parkearre) persoane-auto's mei te slepen.
Efteroan in fêste frachtwein kin in oanhingwein heakke wurde om mear fracht te ferfieren. Yn 'e measte lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, mei in frachtwein mar ien oanhingwein lûke. Yn Austraalje, lykwols, dêr't de ôfstannen troch de tinbefolke Outback (it Australyske plattelân) folle grutter binne, meie der trije oanhingweinen efter in frachtwein heakke wurde, mei in maksimale mienskiplike lingte fan 53,5 m. Sa'n lange frachtweinkombinaasje wurdt in road train ("weitrein" of "dyktrein") neamd.
In oare tige faak foarkommende konfiguraasje fan frachtweinen is dy fan in trekker dy't inkeld út in ridende kabine bestiet, dêr't in lange oplizzer oan fêst heakke wurdt. In frachtwein yn 'e foarm fan sa'n trekker wurdt yn it Frysk oantsjut as in truck, in lienwurd út it Amerikaansk-Ingelsk (yn it Ingelsk fan it Feriene Keninkryk spekt men ynstee fan in lorry). It wurd truck komt fan truckle, dat "tsjiltsje" of "katrol" betsjut, fan it Midingelske trokell, fan it Latynske trochlea, mei deselde betsjutting, of mooglik fan it Latynske trochus ("izerne hoep"). Beide Latynske wurden geane werom op it Grykske τροχός, trochos ("tsjil"), fan τρέχειν, trechein ("drave"). Yn Ingelsktalige lannen dêr't it wurd truck (en net lorry) yn gebrûk is (Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en Súd-Afrika) wurdt dy term brûkt foar alle soarten frachtweinen ynstee fan inkeld foar trucks mei oplizzers. Sels persoane-auto's mei in laadbak wurde 'truck' neamd (te witten: pick-uptruck).
Skaaimerken
bewurkje seksjeBehalven troch grutte en foarm ûnderskiede frachtweinen har ek fan persoane-auto's op it mêd fan it remsysteem. Wylst persoane-auto's gebrûk meitsje fan hydraulyske remmen, hawwe frachtweinen in EG-folluchtremsysteem (wat de reden is dat se altyd eefkes "útazemje" moatte as se hohâlde). Fierders hawwe alle frachtweinen in diselmotor wylst de measte persoane-auto's oer in benzinemotor beskikke. Binnen de Jeropeeske Uny moatte frachtweinen mei in gewicht fan 6,5 ton of mear tarist wêze mei in faasjebegrinzger en in (digitale) tachograaf. De faasjebegrinzger twingt de sjauffeur om him oan 'e maksimumfaasje yn in lân te hâlden, wylst de tachograaf registrearret oft de sjauffeur wol op 'e tiid skoft hâldt.
Skiednis
bewurkje seksjeHoewol't der yn 'e njoggentjinde iuw guon mei steammasines oandreaune frachtweineftige ferfiermiddels boud waarden, wiene dy beheind ta koarte ôfstannen, ornaris fan in fabryk nei it tichtstbye spoarstasjon. De ierste echte frachtwein, dy't oandreaun waard mei in ferbrâningsmotor, waard yn 1895 ûntwurpen troch de Dútser Karl Benz. In jier letter waard in twadde model frachtwein boud troch Gottlieb Daimler. Oare iere automerken, lykas Peugeot, Renault en Büssing, folgen rillegau dêrnei mei harren eigen frachtweinen.
Hoewol't de diselmotor al yn 1890 útfûn wie, rekke it gebrûk dêrfan foar frachtweinen yn Jeropa pas yn 'e 1930-er jierren húsriem. Yn 'e Feriene Steaten duorre it noch folle langer foar't de diselmotor algemien akseptearre waard. Sels yn 'e 1970-er jierren wie it dêr noch hiel gewoan om benzinemotors yn swiere frachtweinen te stopjen.
Galery
bewurkje seksje-
In kypwein
-
in kypwein oan it leegjen
-
In frachtwein mei fêste laadbak
-
In truck sûnder oplizzer
-
in betonwein
-
in jiskewein
-
In tankwein
-
In miny-frachtweintsje
-
In Mercedes-Benz-disel út 1932
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|