Sleepauto
In sleepauto of sleepwein, yn 'e bredere sin ek wol bergingsfiertúch neamd, is in auto of frachtwein dy't ynset wurdt om oare auto's fuort te slepen of te bergjen. Sokke fiertugen wurde ynset wannear't in auto net mear by steat is om sels te riden, bygelyks troch maleur of trochdat er belutsen west hat by in ferkearsûngemak en slim skansearre rekke is. Ek wurde se brûkt as in auto ferkeard parkearre stiet of om oare redens yn beslach nommen wurde moat (bgl. om't de eigner skulden hat en de bank of de rjochter beslach lizze lit op syn besittings). As in frachtwein of oar type swierder ferfiersmiddel fuortsleept wurde moat, wurdt sprutsen fan in bergingstruck of in heavy wrecker. De earste sleepauto waard yn 1913 troch Ernest Holmes sr. yn 'e Amerikaanske steat Alabama ûntwikkele.
Der besteane trije soarten sleepauto's:
- De kraanwein: In soarte sleepauto dy't gebrûk makket fan in heak oan in útskobere kraanearm, dy't oan 'e fuort te slepen auto befêstige wurdt, sadat de foarein in stikje ophyst wurde kin.
- De leppelwein: In soarte sleepauto dy't de foar- of eftertsjillen fan 'e fuort te slepen auto troch middel fan in hydraulysk oandreaune 'leppel' (ek wol 'bril' neamd) fan 'e grûn tilt, sadat de auto fuortsleept wurde kin.
- De opriidwein (of rollback): In soarte lytse frachtwein, dy't mei in hydraulyske lier de fuort te heljen auto oer in pear útskobere riidbarten yn syn gehiel efterop 'e laadflier sleept.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|