Ernest Holmes sr.

Ernest W. Holmes sr. (Hobbs Island (Alabama), 17 jannewaris 188310 juny 1945). Hy makke de earste wrecker/tow truck troch syn Cadillac út 1913 út te rissen mei spesjaal ark. Dêrnei stichte er de Ernest Holmes Co, dy't geastlik opsicht noch trochlibbet yn Miller Industries yn Ooltewah (Tennessee). Letter hat er noch bestjoerlid west fan de Electric Power Board fan Chattanooga en de American Society of Automotive Engineers.

Ynformaasjeboerd op it plak fan Holmes's garaazje en fabrykje dêr't er syn earste sleepautoos makke
Replika fan Ernest Holmes's oarspronklike wrecker yn it International Towing & Recovery Museum

Holmes krige syn idee foar in sleepauto nei't er syn skoalfreon, John Wiley, holpen hie dy syn Model T dy't op 'e kop yn in greppel lei, wer op de dyk te krijen. Holmes paste syn Cadillac oan mei in kraan, keatlings en in lier. Hy frege fuortendaliks patint op syn útfining oan; sa ûntstie de sleepyndustry. De neifolgjende twa jier wurke er syn idee fierder út. Op 17 jannewaris 1918 krige er it patint foar fêst op syn namme.

De sa foar it each altyd sûne Holmes ferstoar hommels op 10 juny 1945 yn de âldens fan 62 jier. Ernest Holmes jr., syn âldste, waard dêrnei rillegau keazen om de lieding oer Holmes Co. oer te nimmen.

Militêre tapassing

bewurkje seksje

In lyts tal wreckers waarden oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch direkt oan de Amerikaanske oerheid ferkocht, om foar militêr gebrûkt útrist te wurden. Sy waarden yntinsyf brûkt yn de oarloch en Holmes Co levere úteinlik 6 oant 7 tûzen sleepweinen oan de Alliearden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

http://internationaltowingmuseum.org/ http://www.millerind.com/

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynkoarte oernaam fan de Ingelsktalige Wikipedy