Peter Travers (yn 'e Feriene Steaten, 19??) is in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus en presintator.

Peter Travers
Peter Travers yn 2008.
Peter Travers yn 2008.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Travers
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19??
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, presintator
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
profyl op RollingStone.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Travers is yn it besit fan in mastergraad yn Ingelske taal- en letterkunde fan 'e Universiteit fan New York. Hy begûn syn sjoernalistike wurkpaad yn 1984 as meiwurker fan it foaroansteande tydskrift People. Sûnt 1989 is er ferbûn oan it al like foaroansteande muzykblêd Rolling Stone, dat ek publisearret oer de bredere popkultuer, lykas films, it wurkmêd fan Travers.

Njonken syn wurk foar de skriuwende parse is Travers ek de presintator fan 'e filmrubryk Popcorn with Peter Travers, dy't op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurdt troch it netwurk ABC. Yn dat programma hâldt er fraachpetearen mei akteurs en filmmakkers.

Sûnt de 1980-er jierren hat Travers him ûntjûn ta ien fan 'e ynfloedrykste filmkritisy fan 'e Feriene Steaten. De webside eFilmCritic stelde yn 2009 fêst dat er de filmkritikus wie waans útspraken it meast troch filmstudio's ta oanpriizging fan harren produkten op 'e omslach fan dvd's set waarden.

Travers stiet derom bekend dat er syn mienings net ûnder stuollen of banken stekt. Hy hat grutte bewûndering foar regisseurs as Martin Scorsese, David Lynch, Clint Eastwood, Christopher Nolan en Joel en Ethan Coen. Foar beskate oaren, ûnder wa Michael Bay, fielt er inkeld minachting.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.