Django Unchained

film út 2012 fan Quentin Tarantino

Django Unchained (útspr.: [ˈʤæŋɡoʊ ʌnˈʧeːnd], likernôch: "dzjêng-goo an-tsjeend") is in Amerikaanske refizjonistyske westernfilm út 2012 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Jamie Foxx en Christoph Waltz. De titel betsjut "Django Los fan 't Tsjoar". It ferhaal giet oer de befrijde negerslaaf Django, dy't in preemjejager wurdt yn it Wylde Westen en it Amerikaanske Suden fan 'e ein fan it Antebellum. Mei syn blanke freon King Schultz spoart er syn trochferkochte frou Broomhilda op, dy't as slavinne fêstholden wurdt op 'e plantaazje Candyland fan Calvin Candie yn Mississippy. De beide mannen betinke in yngewikkeld plan om Candie in mouwe oan te naaien en Broomhilda frij te krijen.

Django Unchained
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Stacey Sher
Reginald Hudlin
Pilar Savone
útfierend
   produsint
Bob Weinstein
Harvey Weinstein
Shannon McIntosh
Michael Shamberg
James W. Skotchdopole
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk Quentin Tarantino
filmstudio A Band Apart
Columbia Pictures
distribúsje The Weinstein Company
Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Jamie Foxx
Christoph Waltz
byrollen Leonardo DiCaprio
Kerry Washington
Samuel L. Jackson
Walton Goggins
Don Johnson
Dennis Christopher
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 desimber 2012
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk (ek wat Dútsk)
spyltiid 165 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $425,4 miljoen
prizen 2 × Oscar
2 × Golden Globe
2 × BAFTA
1 × Saturn Award

Django Unchained krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't der in beskate kontroverse ûntstie oangeande de historisiteit, it geweld yn 'e film en it mannichfâldige (en histoarysk korrekte) gebrûk fan it wurd nigger ("nikker") troch de blanke personaazjes, dat troch party resinsinten as oanstjitjaand ûnderfûn waard. Nettsjinsteande dat wie de film yn 'e bioskopen in ûnbidich kommersjeel súkses. Django Unchained wûn twa Oscars, twa Golden Globes, twa BAFTA's, in Saturn Award en ferskate oare prizen. De film waard ek nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Film as de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.

Yn it Teksas fan 1858 driuwe de bruorren Ace en Dicky Speck in groep negerslaven yn keatlings troch de wyldernis. As de nacht falt, wurdt de groep oanholden troch in King Schultz, in fan oarsprong Dútske toskedokter, dy't belangstelling seit te hawwen foar de oankeap fan in beskate slaaf dy't fan 'e Carrucanplantaazje komt en de trije bruorren Brittle fan gesicht ken. Ien fan 'e slaven, Django, blykt yndie fan dyselde plantaazje te kommen. Ace Speck stiet it spul net, dat hy rjochtet syn gewear op Schultz en sommearret him om op te sokkebaljen of oars. As dúdlik wurdt dat it Ace mienen is mei de bedriging, reägearret Schultz troch syn pistoal te lûken en Ace dea te sjitten.

Hy sjit ek it hynder dea fan Dicky, dy't ûngelokkich mei in brutsen skonk ûnder it kadaver fêst komt te sitten. Schultz befreget Django fierder oer de bruorren Brittle, en as er befredigjende antwurden kriget, smyt er it jild foar de oankeap fan Django by Dicky Speck del en ferfalsket er in bewiis fan oankeap. Hy jout Django de jas en hoed en it hynder fan Ace Dicky en riidt mei him fuort. As er by de oare negerslaven lâns komt, smyt er harren de kaaien fan har keatlings ta en suggerearret er dat Dicky Speck deameitsje, de liken fan 'e beide bruorren ferbergje en útpike nei oarden dêr't gjin slavernij bestiet. As Django ûnder it fuortriden omsjocht, wurdt er gewaar dat de oare negerslaven Schultz syn suggestje opfolgje.

Letter fertelt Schultz oan Django dat er in echte toskedokter is, mar dat er dat berop al yn gjin jierren mear útoefene hat. Hy hat nammentlik in folle lukrativere manear ûntdutsen om 'e kost te fertsjinjen: troch preemjejager te wêzen. De trije bruorren Brittle, Big John, Li'l Raj en Ellis, wurde socht foar moard, en de preemje dy't harren op 'e holle set is, wurdt útkeard oft se no libben of dea ynlevere wurde. (Schultz jout der de foarkar oan om se dea yn te leverjen, mei't se dan minder tsjinakselje.) Syn probleem is: hy ken de bruorren Brittle net en wit sadwaande net hoe't se derút sjogge. Mar Django ken harren wol. Dat, hoewol't Schultz eins it ynstitút fan slavernij ferspijt, sil er der dochs gebrûk fan meitsje om Django syn help ôf te twingen. Mar hy stelt dizze ôfspraak foar: Django helpt him de bruorren Brittle te identifisearjen, en dêrnei jout Schultz Django syn frijheid.

Django hat sa syn eigen redens om 'e bruorren Brittle te haatsjen. Hy en syn frou Broomhilda von Schaft, in hûsslavinne dy't grutbrocht is op 'e plantaazje fan 'e Dútske famylje Von Schaft, en dy't sadwaande sawol Ingelsk as Dútsk sprekt, hawwe besocht te ûntkommen fan 'e Carrucanplantaazje, mar se binne opspoard en werombrocht. Dêrnei hawwe de bruorren Brittle, dy't de slave-opsichters op 'e Carrucanplantaazje wiene, Broomhilda tramtearre mei swypslaggen. Neitiid hat de âlde Carrucan har beiden by wize fan straf apart faninoar ferkocht. De bruorren Brittle hawwe sadwaande noch wat fan Django te goede, en hy giet dêrom grif akkoart mei it foarstel fan Schultz.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Schultz en Django folgje it spoar fan 'e bruorren Brittle nei Tennessee, dêr't se harren ûnder in falske namme weromfine as slave-opsichters op 'e plantaazje fan Spencer "Big Daddy" Bennett. Django sjit Big John en Li'l Raj dea, wylst Schultz, dy't in skerpskutter is, de flechtsjende Ellis fan syn hynder sjit. Neitiid pike se gau-gau mei de trije liken út, mar dy nachts wurdt harren kamp oerfallen troch Big Daddy en in troep maskere ruters. Schultz is harren lykwols in stap foar en bringt fan op ôfstân de eksplosiven yn syn rydtúch ta ûntploffing. Dêrby komme in protte maskere manlju om en de oaren naaie út. Schultz jout Django syn gewear en lit him besykje om Big Daddy fan syn hynder te sjitten, wat wûnderwol slagget. Hy stelt tefreden fêst dat Django mei fjoerwapens in natoertalint is.

Neitiid stiet it Schultz nuveraardich tsjin om Django frij te litten, om't er him ferantwurdlik foar him fielt. Hy stelt in nije ôfspraak foar: hy jout Django syn frijheid en nimt him oan as assistint, wêrnei't se tegearre de winter trochbringe mei it ynjen fan preemjes. Yn 'e maityd sil er mei Django ôfreizgje nei Greenville (Mississippy), dêr't Django en Broomhilda ferkocht binne en dêr't noch in bewiis fan ferkeap wêze moat dat harren fertelle kin wa't Broomhilda oankocht hat. Django giet fannijs akkoart. De beide mannen reizgje werom nei Teksas, dêr't Django syn earste preemje inet en op oantrúnjen fan Schultz it opspoaringsberjocht as oantinken bewarret. Se bringen de winter yn 'e Rocky Mountains troch, dêr't se ferskate sochte kriminelen opspoare en deasjitte en de preemjes binnenswylje.

Mei de maityd reizgje se tegearre nei Greenville, dêr't Schultz (oars as mei Django it gefal west hie) maklik tagong kriget ta it argyf fan 'e slavefeiling. It docht bliken dat de nije eigner fan Broomhilda in Calvin J. Candie is, de sjarmante mar wrede eigner fan 'e plantaazje Candyland. Django wol dêrhinne ride en besykje Broomhilda frij te keapjen, mar Schultz freget him wat er sil as Candie wegeret mei te wurkjen. Hy stelt ynstee in slûchslimmer plan foar. Candie is nammentlik ien dy't gaadlike manlike slaven yn gladiatoreftige "mandingo"-gefjochten oant de dea mei-inoar wrakselje lit. Schultz sil him foardwaan as in leafhawwer fan sokke gefjochten, dy't ien fan Candie syn mandingoslaven foar de healwiis hege priis fan $12.000 keapje wol [yn jild fan 2020 is dat $359.000]. By syn praat mei Candie sil er him der o sa op foarstean litte dat er in Dútser is en dat er de klank fan syn eigen taal mist. Candie sil dan perfoarst sizze dat hy in slavinne hat dy't Dútsk sprekt. Schultz sil freegje oft er net ris in skoftke mei har petearje mei en letter sil er har op 'e mandingo ta keapje (wêrby't er fansels nea foar de mandingo betelje sil) en mei Django en Broomhilda weiwurde om nea wer wat fan him hearre te litten.

Schultz, as leafhawwer fan mandingogefjochten en aspirearjend eigner fan in eigen mandingokampioen, en Django as ekspêr op it mêd fan 'e kwaliteit fan slaven dy't him advisearje moat, nimme kontakt op mei Leonide Moguy, de abbekaat fan Candie. Dyselde bringt harren yn 'e stêd mei de plantaazje-eigner yn kontakt. It giet dat it slydjaget: Schultz neamt de priis dy't er foar in mandingoslaaf oer hawwe soe, en Candie kin sa'n bedrach net negearje en nûget harren út op Candyland. By oankomst op 'e plantaazje treft it selskip in kloft slave-opsichters anneks spoarsikers dy't D'Artagnan weromhelle hawwe, in mandingoslaaf dy't besocht hat út te naaien. Candie boartet op wrede wize mei de man om. It deart Schultz oan en hy besiket tuskenbeiden te kommen, mar Django hâldt him tsjin om foar te kommen dat er út syn rol falt en harren ferriedt. Dêrop lit Candie D'Artagnan troch de speurhûnen fan 'e slave-opsichters útinoar skuorre, ta sichtbere oerstjoerens fan Schultz.

As se by it haadgebou fan 'e plantaazje oankomme, freget Schultz oft er de Dútssprekkende Broomhilda moetsje kin, oer wa't Candie him ûnderweis ferteld hat. Hy ljochtet har yn oer it plan fan him en Django. Dy jûns, ûnder iten, komme Schultz en Candie ta oerienstimming oer de oankeap fan 'e mandingofjochter Eskimo Joe foar de priis fan $12.000. Schultz betinget wol dat de slaaf earst troch in dokter fan syn kar lichaamlik ûndersocht wurde moat, en dat der troch syn abbekaat en Moguy in formeel kontrakt opsteld wurde moat foar't er safolle jild oerdraacht. Dat liket Candie hiel reedlik ta, en de beide mannen beslute oer fiif dagen de keap te foltôgjen. Letter fernimt Schultz sa sydlingswei oft it ek mooglik is om Broomhilda te keapjen, mei't er fan harren Dútske petear sa genoaten hat. Candie, dy't him tige goedgeunstich sind is nei it fertsjinjen fan $12.000, sjocht der gjin beswier yn om foar $300 ôfstân fan 'e slavinne te dwaan, mar ear't er dat sizze kin, wurdt er ûnderbrutsen.

It is Stephen, in tige trouwe en manipulative âlde hûsslaaf dy't foar Candie as majordomo fungearret, dy't útfigelearret wat der geande is troch de temûke blikken dy't Broomhilda op Django werpt. Hy nimt syn master apart en leit him de sitewaasje út. Candie, dy't sels yn 'e fierste fierte gjin ûnrie roek, is poerrazen om sa bedragen te wurden. Hy lit Schultz en Django troch syn liifwacht Butch Pooch ûnder skot hâlde en ûntwapenje. Dêrnei easket er no daliks $12.000 foar Broomhilda ynstee fan foar in mandingokampioen. Under bedriging mei de dea giet Schultz akkoart. De keap wurdt dêrnei op min ofte mear beskaafde wize ôfhannele. Der ûntstiet lykwols in probleem as Candie derop stiet om ta ôfrûning fan it spul mei Schultz te fûstkjen, eat dat Schultz wegeret om't er net de hân skodzje wol fan 'e man dy't syn slaven oan 'e hûnen opfuorret. Candie warskôget dat de hiele keap net trochgiet as Schultz net mei him fûstket, mar Schultz kin him net foarstelle dat Candie de $12.000 weromjaan sil. Dêrop jout Candie opdracht oan Pooch om syn ôfseage jachtgewear Broomhilda tsjin 'e holle oan te setten. Schultz liket dan troch de bocht te gean en stekt de hân nei Candie út, mar op it lêste momint skoddet er in derringer út 'e mouwe en sjit Candie dea.

Pooch sjit dêrnei Schultz dea mei it ôfseage jachtgewear. Django grypt in revolver en begjint alle mannen fan Candie dea te sjitten, ûnder wa Pooch en de abbekaat, Moguy. Uteinlik moat er him lykwols oerjaan as Stephen beävensearret dat Broomhilda yn gizeling nommen wurdt. De oare moarns, nei't er martele is, risselwearret Billy Crash, de foarman fan Candyland, om Django te kastrearjen. Dat wurdt lykwols op it lêste momint foarkomd troch Stephen, dy't Lara Lee, de suster fan Candie, bepraat hat om Django te ferkeapjen oan 'e LeQuint Dickey Mining Company, in mynboubedriuw dat berucht is om 'e minne behanneling fan syn slaven, dy't harsels letterlik deawurkje moatte.

Underweis nei de myn mei in groep oare slaven ûnder bewekking fan Roy, Floyd en Frankie, trije wurknimmers fan 'e LeQuint Dickey Mining Company, betinkt Django in plan om frij te kommen. Hy fertelt it net bjuster skrandere trio bewekkers dat er gjin slaaf, mar in preemjejager is, en dat er op Candyland wie om in binde sochte banditen, dy't dêr beskûl fûn hat, dea te sjitten foar de preemjes op har hollen ter wearde fan $11.500. Dat slagge lykwols net, en ynstee waard Calvin Candie deasketten troch de banditen, dy't him dêr de skuld fan joegen. Django wit de bewekkers te oertsjûgjen fan syn ferhaal troch harren it opspoaringsberjocht fan syn earste preemje sjen te litten, dat er noch yn 'e broeksbûse hat. De bewekkers sjogge it ynjen fan safolle preemjejild wol sitten, dat se prate mei him ôf dat se fjouweresom werom sille nei Candyland. Sadree't se him in revolver jouwe, sjit er harren alle trije dea.

Django keart allinne werom nei Candyland, dêr't er earst oanstekt by it gebou dêr't de slave-opsichters wenje, dy't er allegear deasjit. Dêrnei hellet er syn eigen besittings op út it bygebou dêr't er de nacht fêstholden is. It stoflik omskot fan Schultz leit dêr ek, en by him hellet er it oankeapbewiis fan Broomhilda út 'e bûse, foar't er him farwol seit. Hy befrijt Broomhilda, dy't er raar oer it mad komt om't se net ferwachte hie him ea wer te sjen. Letter dy jûns, as it roufolk yn it haadgebou fan Candyland werom komt nei't Calvin Candie te hôf brocht is, wachtet Django harren dêr op. Hy sjit de oerbleaune trewanten fan Candie dea, mar ferwûnet Billy Crash inkeld, wêrnei't er de man yn 'e geslachtsdielen sjit út wraak om't er Django earder kastrearje woe. Wylst Crash deabliedt, stjoert Django de froulike slaven fuort. Lara Lee Candie sjit er lykwols dea. Stephen besiket fuort te glûpen, mar dat keart Django tsjin. Hy sjit de âlde slaaf yn beide knibbels, wêrnei't er him razend en flokkend efterlit en nei bûten giet, dêr't Broomhilda mei twa hynders wachtet. Django ûntstekt it dynamyt dat er stellen hat fan 'e LeQuint Dickey Mining Company en blaast it haadgebou fan Candyland op. Dêrnei riidt er mei Broomhilda fuort.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jamie Foxx.
 
Christoph Waltz.
 
Leonardo DiCaprio.
 
Kerry Washington.
haadrollen
personaazje        akteur/aktrise
Django Freeman Jamie Foxx
King Schultz Christoph Waltz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Calvin J. Candie Leonardo DiCaprio
Broomhilda "Hildi" von Schaft Kerry Washington
Stephen Warren Samuel L. Jackson
Billy Crash Walton Goggins
Spencer "Big Daddy" Bennett Don Johnson
Leonide "Leo" Moguy Dennis Christopher
Butch Pooch James Remar
Stonecipher David Steen
Lara Lee Candie-Fitzwilly Laura Cayouette
Cora Dana Gourrier
Sheba Nichole Galicia
Big Fred Escalante Lundy
D'Artagnan Ato Essandoh
Amerigo Vessepi Franco Nero (cameo)
Dicky Speck James Russo
Ace Speck James Remar
U.S. marshal Gil Tatum Tom Wopat
sheriff Bill Sharp Don Stroud
Big John Brittle M.C. Gainey
Roger "Li'l Raj" Brittle Cooper Huckabee
Ellis Brittle Doc Duhame
Rodney Sammi Rotibi
Regulator #2 Jonah Hill
Roy Michael Parks
Floyd John Jarratt
Frankie Quentin Tarantino (cameo)
Luigi Clay Donahue Fontenot
Betina Miriam F. Glover
Chicken Charlie Omar J. Dorsey
Carrucan Bruce Dern
sheriff Gus Lee Horsley
Tennessee Harry Rex Linn
Minnie Misty Upham
Coco Danièle Watts
Teksaanske doarpeling Russ Tamblyn (cameo)
Teksaanske doarpelinge Amber Tamblyn (cameo)
opsichter yn Candyland #1 Zoë Bell
opsichter yn Candyland #2 Michael Bowen
opsichter yn Candyland #3 Robert Carradine
opsichter yn Candyland #4 Jake Garber
opsichter yn Candyland #5 Ted Neeley
opsichter yn Candyland #6 James Parks
opsichter yn Candyland #7 Tom Savini
slaaf Jacky Ido

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Filmmakker Quentin Tarantino woe al langer in soarte fan spagettywestern meitsje dy't spile yn it saneamde Antebellum, it Amerikaanske Suden yn it tiidrek foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865). Hy omskreau it sjenre fan sa'n film as southern ("sudersken-ien"), ferwizend nei western ("westersken-ien"). Django Unchained wie sadwaande bedoeld as in yn hege mjitte stilearre en refizjonistysk earbetoan oan 'e spagettywestern yn it algemien en de film Django (1966) fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Corbucci yn it bysûnder. De haadrolspiler út dy film, Franco Nero, waard oerhelle om yn Django Unchained in cameoroltsje te spyljen.

Behalven nei Django ferwiist de titel, dy't frij fertaald betsjut "Django Los fan it Tsjoar", ek nei de films Hercules Unchained en Angel Unchained. Hercules Unchained is de ynternasjonale titel fan Ercole e la Regina di Lidia ("Herkules en de Keninginne fan Lydje"), in fantasyfilm út 1966 fan Corbucci, oer de ûntsnapping fan 'e mytyske healgod oan in bestean as slaaf fan in boasaardige masteresse. Angel Unchained, út 1970, is in Amerikaanske aksjefilm oer in motorrider dy't wraak nimt op in grutte koft plattelânsbewenners.

Django Unchained waard troch Tarantino regissearre nei in senario fan himsels. As produsinten wiene Stacey Sher, Reginald Hudlin en Pilar Savone by it projekt belutsen foar de filmstudio's A Band Apart en Columbia Pictures. Bob Weinstein, Harvey Weinstein, Shannon McIntosh, Michael Shamberg en James W. Skotchdopole hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson.

 
De Evergreen Plantation yn Louisiana, ien fan 'e filmlokaasjes foar Django Unchained.

De opnamen foar Django Unchained setten yn novimber 2011 útein en duorren oant yn july 2012. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e studio yn Kalifornje. De sênes yn 'e Rocky Mountains waarden opnommen yn Wyoming. Fierders waard der filme yn Lone Pine (Kalifornje) en op 'e Evergreen Plantation yn Wallace (Louisiana), ûnder de reek fan New Orleans. In subplot út it senario, dy't draaide om 'e mei in reade sjaal maskere froulike spoarsiker spile troch de Nijseelânske stuntfrou Zoë Bell, waard omreden fan tiidneed út it opnameskema skrast.

By it filmjen fan 'e sêne wêryn't Calvin Candie (spile troch Leonardo DiCaprio) mei in hammer de skedel fan in jierren earder stoarne slaaf stikken slacht, rekke DiCaprio by fersin in glês, dat oan diggels gie en him in flinke jaap yn 'e hân oplevere. De akteur foel lykwols net út syn rol, mar sette ynstee syn monolooch fuort wylst er stikken glês út syn slim bliedende hân loek, wylst de oare akteurs feralterearre taseagen. Nei't de opname foltôge wie, krige DiCaprio fan harren in steande ovaasje. Hoewol't it ynsidint eins ôfliedt fan wêr't it yn 'e sêne om giet, besleat Tarantino it yn 'e film op te nimmen as hulde oan DiCaprio syn profesjonaliteit.

De soundtrack fan Django Unchained waard troch Quentin Tarantino sels gearstald út sawol orizjinele as besteande muzyk. Nûmers dy't spesjaal foar de film skreaun waarden, wiene û.o. 100 Black Coffins fan Rick Ross, Who Did That to You? fan John Legend, Ancora Qui fan Ennio Morricone en Elisa, en Freedom fan Anthony Hamilton en Elayna Boynton. It liet Django wie itselde as dat ek brûkt waard foar de film út 1966 fan Sergio Corbucci. Behalven moderne muzyk naam Tarantino ek in pear klassike muzykstikken yn 'e soundtrack op, wêrûnder Für Elise, fan Beethoven, en Dies Irae, út it Rekwiëm fan Verdi.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Django Unchained waard fersoarge troch The Weinstein Company en troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film gie op 11 desimber 2012 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 desimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 desimber 2012 by platemaatskippijen Universal Republic Records en Loma Vista Recordings. Django Unchained kaam op 16 april 2013 beskikber as digitale download en waard dyselde deis ek útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Django Unchained oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De film biedt de iene sensasjonele sêne nei de oare, allegear om in pear yntrigearjende personaazjes hinne dy't inoars tsjinstelden lykje, mar pragmatyske, finansjele en persoanlike dingen diele." Yn 'e Britske krante The Guardian parte Peter Bradshaw de film 5 fan 5 stjerren ta. Hy lei út: "Ik kin allinne mar sizze dat Django yn syn folsleinens it spesifike narkoatyske en dwylsinnige genot leveret dat it Tarantino noch altyd slagget om op it mêd fan film te frabrisearjen […]. It is like min foar jins sûnens, te betreurjen en alderhearlikst as in ferbeane sigaret."

 
Regisseur Quentin Tarantino.

A.O. Scott fan The New York Times ferliek Django Unchained mei in eardere film fan Tarantino, Inglourious Basterds (2009). Hy skreau: "Krekt as [dy film] is Django Unchained sa fermaaklik dat it op it healwize ôf is, [mar ek] skamteleas ûnferantwurdlik en teffens etysk earnstich op in manear dy't oerienkomt mei syn boartlikens." Hy konkludearre dat Django Unchained in "ûntrêstgjende en wichtige film oer slavernij en rasisme" wie.

Oare filmkritisy dy't loovjend oer de film skreaune, wiene û.o. Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle, de ynternetfilmresinsint James Berardinelli, Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times, Ty Burr fan The Boston Globe, Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter, Peter Travers fan Rolling Stone en Stephanie Zacharek fan 'e webside Film.com.

Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly wie ien dy't minder fan Django Unchained sjarmearre wie. Hy fûn Django Unchained in folle mindere film as Inglourious Basterds en hie ek krityk op 'e lange spyldoer, dy't er net te rjochtfeardigjen fûn. In oar punt fan krityk wie foar in protte resinsinten it geweld dat yn 'e film ferwurke sit. De krante The Independent spriek yn dat ferbân fan "it nije sadisme yn 'e sinema". Oaren hiene dan wer fral krityk op it neffens harren oerdiedige gebrûk fan it rasistyske wurd nigger ("nikker") yn 'e film. Party woene hawwe, dat griep harren noch mear oan as it grafyske geweld yn 'e film. Oare kritisy wiisden der lykwols op dat it gebrûk fan it wurd nigger yn 'e kontekt fan slavernij yn 'e Feriene Steaten histoarysk korrekt is.

Akteur en aktivist Jesse Williams stelde it histoarysk korrekt gebrûk fan rasistyske taal yn Django Unchained yn kontrast mei wat hy seach as it gebrek oan akkuratens by de werjefte fan it slavebestean yn it algemien: "kreas klaaide negerinnen yn floeiende jûpen, dy't omboartsje op touters en yn 'e lânerijen fan 'e plantaazje in eintsje út te kuierjen geane, as wie de setting it Paleis fan Versailles, mei tuskentroch hjir en dêr in die fan barbarij tsjin 'e slaven. […] Dy autentisiteitskaart dy't Tarantino brûkt om al dy niggers te keapjen hat frijwat in selektyf ûnthâld." Williams hie ek krityk op it gebrek oan solidariteit tusken de slaven yn 'e film, en harren algemiene ûnwil om te ûntsnappen, mei Django en Broomhilda as iennichste útsûnderings."

Oan 'e oare kant hie sjoernalist Erin Aubry Kaplan yn 'e Los Angeles Times krityk op Django Unchained om't de film it deistich bestean fan 'e slaven minder makke hawwe soe as it wie. Hja skreau: "[Slavernij] is in ynstitút wêrfan't de ferskrikkings gjin ferlet hawwe fan oerdriuwing, en dochs is dat krekt wat Django docht, oft dat no is om te ûnderrjochtsjen of om te fermeitsjen. In blanke regisseur dy't te pas en te ûnpas it n-wurd [nigger] falle lit yn in hommaazje à la Jackie Brown oan blaxploitationfilms út 'e 1970-er jierren is ien ding, mar deselde regisseur dy't fan 'e barbarij fan slavernij pulpfiksje [ek in ferwizing nei Tarantino syn earder film Pulp Fiction] makket, is hiel wat oars."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Django Unchained in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 291 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is ûnferfeard, bluodderich en stilistysk drystmoedich, en dêrmei in nij kontroversjeel masterwurk fan Quentin Tarantino." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Django Unchained in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 42 resinsjes.

Historisiteit

bewurkje seksje

Oangeande de historisiteit wiene der ek wat punten fan krityk op Django Unchained. Yn it foarste plak gie it dêrby om 'e "mandingo"-gefjochten. De ûnhistoaryske term "mandingo" waard net optocht troch regisseur Quentin Tarantino, mar waard troch him ûntliend oan 'e film Mandingo, út 1975, dy't sels wer basearre wie op 'e roman mei deselde namme út 1957.

Hoewol't Tarantino oer de "mandingo"-gefjochten sei: "Ik wie my der altyd al bewust fan dat sokke dingen bard binne," bestiet der winliken gjin histoarysk bewiis dat slavebesitters harren poatige manlike slaven ea ynsetten foar gladiator-eftige gefjochten oant de dea. Histoarika Edna Greene Medford lei yn in reäksje op 'e film út dat der inkeld ûndokumintearre geroften binne dat sokke gefjochten plakfûnen. In oare saakkundige, David Blight, dy't ferbûn is oan 'e Universiteit fan Yale, sei yn in fraachpetear dat it net etyske beswieren of de algemien jildende noarmen en wearden wiene dy't tsjinkearden dat slave-eigners harren slaven foar sokke gefjochten ynsetten, mar ekonomysk eigenbelang, mei't in sûne manlike slaaf in protte jild wurdich wie, en in gefjocht oant de dea eins itselde wie as mei dat grutte bedrach gokke mei 50% kâns dat it ferlern gie.

Yn it tydskrift The New Yorker skreau William Jelani Cobb fierders dat Tarantino syn "histoaryske elastisiteit" soms yn it foardiel fan 'e film wurke. Hy joech as foarbyld de sêne wêryn't "Tarantino de Ku Klux Klan ôfbyldet in desennium foar't dy eins oprjochte waard, mei as doel om it maskere rasisme fan 'e leden yngeand te bespotten." Tarantino reägearre dêrop troch te sizzen dat de maskere rasisten dy't Schultz en Django yn 'e film yn Tennessee tenei komme, eins net de KKK foarstelle, mar in histoaryske groep dy't himsels de "Regulators" neamde en de foarrinders wiene fan 'e lettere KKK fan nei de Amerikaanske Boargeroarloch.

Oangeande historisiteit fan Django Unchained skreau sjoernalist Christopher Caldwell yn The Financial Times: "Fansels moatte wy net in spylfilm oansjen foar in […] dokumintêre." De film wie neffens him ienfâldichwei fermaak en moast ek as sadanich behannele wurde, en net as in sekuer histoarysk ferslach fan 'e Antebellumperioade. Dêr heakke er oan ta: "Django Unchained brûkt slavernij op deselde wize as in pornofilm in ferpleechsterskonvinsje brûke kinne soe: as in ferlechje foar wat eins bedoeld is om ús te fermeitsjen. En wat yn Django Unchained eins bedoeld is om ús te fermeitsjen, is geweld."

Django Unchained brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $162,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $262,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $425,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $325,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2013 waard Django Unchained by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste kamerarezjy en bêste lûdsmontaazje. De film wûn 2 Oscars, foar bêste byrol fan in akteur (Christoph Waltz) en bêste orizjinele senario. By de Golden Globes waard Django Unchained nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in akteur (Leonardo DiCaprio). De film wûn 2 Golden Globes, foar bêste byrol fan in akteur (Waltz) en bêste senario. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Django Unchained ek wer nominearre yn 5 kategoryen, foar û.o. bêste regisseur, bêste filmmontaazje en bêste lûd. De film wûn 2 BAFTA's, foar bêste byrol fan in akteur (Waltz) en bêste orizjinele senario.

Django Unchained waard by de Saturn Awards nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste aksje- of aventoerefilm, bêste byrol fan in akteur (Waltz) en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de Saturn Award foar bêste senario. De film wûn fierders de Australyske AACTA International Award foar bêste senario; de Italjaanske David di Donatello foar bêste bûtenlânske film; de priis foar senarioskriuwer fan it jier op it Filmfestival fan Hollywood; de MTV Movie Award foar bêste ferrassende filmmomint; en de NAACP Image Awards foar bêste byrol fan in akteur yn in film (Samuel L. Jackson) en bêste byrol fan in aktrise yn in film (Kerry Washington). Ek waard Django Unchained nominearre foar de Frânske César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film, de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media, 3 Empire Awards en 6 (oare) MTV Movie Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.