Ofseage jachtgewear

(Trochferwiisd fan Ôfseage jachtgewear)

In ôfseage jachtgewear (Ingelsk: sawn-off shotgun; Amerikaansk-Ingelsk: sawed-off shotgun) is in jachtgewear mei in koartere as gebrûklike loop, yn 'e regel koarter as 18 inch (45,72 sm). Dêrby kin it gean om in dûbelloops baskulearjend jachtgewear of, faker, om in inkelloops pompjachtgewear. Yn elts gefal is it fjoerwapen fan in swier kaliber, lykas 10 of 12, wêrfoar't as munysje ornaris hagel brûkt wurdt. Nettsjinsteande de oantsjutting 'ôfseage jachtgewear' hoecht de loop net beslist ôfseage te wêzen (hoewol't dat wol in soad foarkomt). De beneaming is nammentlik ek fan tapassing op wapens dy't al mei in ferkoarte loop fabrisearre wurde. It komt foar dat ek de kolf ferkoarte of ôfseage is, ot dat de hiele kolf mist.

In ôfseage jachtgewear.

De reden foar de populariteit fan ôfseage jachtgewearen is dat sa'n wapen in stik lichter is en boppedat makliker te ferbergjen, bgl. ûnder in lange jas. Dêrby komt dat yn 'e measte lannen jachtgewearen fan alle soarten fjoerwapens fierwei it maklikst te bemachtigjen binne. Fierders is it sa dat in ôfseage jachtgewear troch syn beheinde omfang in hânsum wapen is om te brûken by sjitpartijen yn relatyf lytse romten, lykas de keamers fan in hûs. In grut neidiel fan in ôfseage jachtgewear is wol dat it effektive berik fan 'e munysje dy't mei sa'n wapen ôfsketten wurdt, sterk beheind is yn ferhâlding ta in normaal jachtgewear. Trochdat de loop folle koarter is, ferspriedt de hagel him nammentlik folle flugger, mei as gefolch in folle lytsere draachwiidte fan maksimaal 10 oant 15 m, wylst hagel ôfsketten út in normaal jachtgewear wol oant 35 m effektyf (d.w.s. deadlik) wêze kin. As der fochten wurde moat yn sitewaasjes (bgl. yn gebouwen) wêrby't de striders mar in pear meter faninoar ôf steane, makket dy beheining fan it effektive berik lykwols neat út.

Ofseage jachtgewearen wurde wrâldwiid brûkt troch kriminelen, guerriljastriders, spesjale arrestaasjeteams fan 'e plysje en leden fan kriichsmachten. It wapen hat in wiere kultstatus, benammen fanwegen it driigjende karakter dat derfan útgiet. Dat is fral sa mei ôfseage pompjachtgewearen, dy't trochladen wurde moatte troch in pompende beweging te meitsjen mei it saneamde foarhout, dat ûnder de loop sit en by it sjitten fêstholden wurdt mei de hân dy't net brûkt wurdt om 'e trekker oer te heljen. By dat pompmjittich trochladen makket it gewear in karakteristiek klik-klak-lûd. Om dy reden wurdt it ek faak opfierd yn aksjefilms. Sa is it bekend út ûnder mear Mad Max en Terminator 2: Judgment Day.

It is lykwols sa dat ôfseage jachtgewearen yn 'e measte lannen by wet ferbean binne, of alteast dat der in minimumlingte fêststeld is foar de loop. Yn Nederlân moat de loop fan in jachtgewear bgl. teminsten 30 sm lang wêze en mei it gewear as gehiel (kolf ynbegrepen) net koarter wêze as 60 sm. Yn 'e Feriene Steaten jilde der wetlike beheinings foar it besitten fan in jachtgewear mei in loop dy't koarter is as 18 inch (45,72 sm). It eigenhandich ôfseagjen fan 'e loop fan in jachtgewear, sûnder dêrfoar yn 't foar goedkarring fan 'e oerheid te krijen, wurdt oeral as in misdriuw beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.