De term derringer (útspr.: ['dɛɹɪnʤəɹ], likernôch: "der-rin-dzjur") is in feralgemiene misstavering fan 'e efternamme fan Henry Deringer, in ferneamd njoggentjinde-iuwsk Amerikaanske wapensmid en makker fan lytse bûspistoalen. Hy yntrodusearre syn Philadelphia Deringer yn 1852, en dêrfan waarden neitiid withoefolle kopyen makke troch oare wapensmidden fan oer de hiele wrâld. Dêrby waard de namme gauris ferkeard stavere, en de misstavere foarm mei twa r'en rekke al rillegau ynboargere as in generike oantsjutting foar alle bûspistoalen út dy tiid. In synonym wie de term palmpistoal (ferwizend nei de palm fan 'e hân), dy't betocht waard troch Deringer syn konkurrinten om te brûken yn harren reklame. De oarspronklike Deringer wie in ienskots foarladend pistoal; doe't de patroanfjoerwapens útfûn waarden, begûn men bûspistoalen yn 'e efterladende foarm te meitsjen dy't ek hjoed de dei noch bekend steane ûnder de namme 'derringer'.

In orizjinele Philadelphia Deringer, makke troch Henry Deringer. Dit wie it type pistoal dat troch John Wilkes Booth brûkt waard foar de moard op Abraham Lincoln.

Untwerp en skiednis

bewurkje seksje

In derringer is ornaris it lytst brûkbere pistoal fan in beskaat kaliber. Sokke wapens waarden yn 'e njoggentjinde iuw gauris brûkt troch froulju, om't se maklik ferburgen wurde koene yn in hântaske of by de hoasbân yn stoppe wurde koene. Derringers dy't spesifyk foar froulju ûntwurpen waarden, krigen dêrom de bynamme "mofpistoal", om't se fanwegen harren kompakte grutte ferstoppe wurde koene yn in hânwaarmer. Derringers binne gjin repetearjende fjoerwapens, mei't in repetearmeganisme sa't dat brûkt wurdt yn semy-automatyske pistoalen en/of revolvers in bûspistoal oansjenlik grutter meitsje soe, wat it hiele doel fan it wapen foarbystribbet. De oarspronklike Philadelphia Deringer wie in ienskots foarladend pistoal, mar ek nei't patroanfjoerwapens útfûn waarden, paste der yn in derringer mar ien patroan, almeast ien fan .40 kaliber. Dêrby koe de loop sydlings iepenbrutsen wurde om it pistoaltsje te laden.

 
De Remington Model 95-derringer.

De ferneamde Remington Model 95-derringer, dy't yn 1866 op 'e merk kaam, ferdûbele de sjitkapasiteit sûnder it formaat slim te fergrutsjen troch in twadde loop boppe-op de earste ta te foegjen, dêr't in twadde kûgel út ôfsketten wurde koe. De Remington Model 95 koe werladen wurde troch de loop nei boppen ta iepen te brekken (wêrby't de útein fan 'e loop nei ûnderen ta drukt waard). Yn eltse loop kaam dan ien patroan, en in nok oan 'e hoanne soarge derfoar dat by it oerheljen fan 'e trekker earst út 'e iene loop sketten waard, en as de trekker dan nochris oerhelle waard út 'e twadde loop. Troch dat fermogen krige de Remington Model 95 grutte populariteit, sawol yn 'e tiid fan it Wylde Westen as dêrnei. Der binne letter ek fjouwerskots-derringers ûntwurpen mei itselde systeem as de Remington Model 95, wêrby't de fjouwer lopen yn in blok fan 2×2 foarmjûn wiene. De COP 357 Derringer, bygelyks, koe op dy wize fjouwer .357 Magnum-kûgels ôfsjitte en wie dochs in stik lytser as in revolver fan dat kaliber.

In besibbe ûntwerp, dat faak mei de derringers op ien bulte smiten wurdt om't it yn gjin inkele oare standertklassifikaasje past, is it Semmerling-pistoal. Dat is in fiifskots .45 ACP-pistoal mei in hânmjittich repetearmeganisme: de loop moat mei de hân nei foarren lutsen wurde om it ôfsketten patroan derút te smiten, en dan wer tebekdrukt wurde om it folgjende patroan yn 'e keamer te krijen. Sokke pistoalen waarden oarspronklik makke foar it Amerikaanske Leger en de seldsume eksimplaren dy't tsjintwurdich op 'e private merk beskikber binne, foarmje djoere sammeldersitems fanwegen harren unike kombinaasje fan grutte sjitkrêft, fiif skotten en lytse omfang. In oar militêr pistoal dat echt in derringer wie, is de FP-45 Liberator, in .45 ACP-pistoal dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Alliëarden ferspraat waard ûnder it ferset yn ferskate lannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.