Tom Wopat
Tom Wopat (folút: Thomas Steven Wopat; Lodi (Wiskonsin), 9 septimber 1951), is in Amerikaansk akteur en sjonger. Hy is benammen bekend wurden troch de lang rinnende Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, wêryn't er mei John Schneider de haadrollen fertolke. Sûnt it stopsetten fan dy searje yn 1985 hat er fral yn toanielmusicals spile, hoewol't er ek byrollen hân hat yn tillefyzjesearjes en films. As sjonger makket er muzyk fan it countrysjenre. Hy hat ferskate albums útbrocht en hie yn 'e 1980-er en 1990-er jierren tuskenbeiden súkses mei in stikmannich singles.
Tom Wopat | ||
akteur | ||
Tom Wopat yn 1979, yn 'e tiid fan The Dukes of Hazzard, sa't er de measte minsken foar de geast stiet. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Steven Wopat | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 septimber 1951 | |
berteplak | Lodi (Wiskonsin) | |
etnisiteit | Tsjechysk | |
jierren aktyf | 1970 – no | |
offisjele webside | ||
www.wopat.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeTom Wopat waard yn 1951 berne yn Lodi, yn 'e steat Wiskonsin, as it fyfde fan acht bern yn 'e húshâlding fan Albin en Ruth Wopat. Syn heit wie in melkfeehâlder fan etnysk Tsjechysk komôf. Wopat studearre oan 'e Universiteit fan Wiskonsin-Madison.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeEin 1970-er jierren makke Wopat syn debút op 'e Amerikaanske tillefyzje as in figurant yn 'e soapsearje One Live to Live. Hy briek yn 1979 troch mei de populêre aventoeresearje The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985. Wopat spile yn dy searje de rol fan 'e brúnhierrige Luke Duke, dy't mei syn blonde neef Bo Duke (spile troch John Schneider) de korrupte countykommissaris Boss Hogg (Sorrell Booke) en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane (James Best) altyd te fluch ôf wie.
Nei't The Dukes of Hazzard opholden wie, berikte Wopat nea wer itselde nivo fan ferneamdheid en populariteit. Hy spile troch de jierren hinne yn ferskate searjes, meast gastroltsjes, lykas yn 'e detektivesearjes Murder, She Wrote en Elementary, de komeedzjesearje Home Improvement en de plysjesearje Blue Bloods. Fan 1995 oant 1998 hied er in fêste rol yn 'e komeedzjesearje Cybill, mei û.o. Cybill Shepherd. En fan 2012 oant 2017 hied er yn 'e neo-westernsearje Longmire in weromkearende rol as sheriff Jim Wilkins fan it oanbuorjende Cumberland County.
Dêrnjonken spile Wopat yn in stikmannich tillefyzjefilms en guon spylfilms, wêrûnder Jonah Hex (2010) en Quentin Tarantino syn Django Unchained (2012). Ferskate kearen kaam er fierders gear mei de rest fan 'e âlde cast fan The Dukes of Hazzard om reünyfilms op te nimmen foar de tillefyzje. Wopat waard ek in cameo oanbean yn 'e bioskoopfilm The Dukes of Hazzard (2005), wêryn't Johnny Knoxville de rol fan Luke Duke oernaam. Hy betanke lykwols foar de ear om't er it senario net goed genôch fûn.
Fierders sette Wopat ek útein mei in karriêre as musicalakteur. Syn earste Broadway-musical wie I Love My Wife, út 1977, mar syn earste haadrol spile er yn 'e revival út 1999 fan Annie, Get Your Gun (oer Annie Oakley). Datselde jiers noch waard er nominearre foar in Tony Award foar syn rol as Frank Butler (Oakley har man). Neitiid spile Wopat ek yn oare topmusicals, lykas Chicago, 42nd Street en Glengarry Glen Ross.
Sjongkarriêre
bewurkje seksjeNjonken syn aktearkarriêre is Wopat ek aktyf as sjonger, wêrby't syn muzyk foar it meastepart ta it countrysjenre rekkene wurde kin, al hat er ek wol rock n' roll songen. Syn earste album, út 1981, wie de soundtrack fan The Dukes of Hazzard. Yn 2017 kaam syn tolfde album út, dat ienfâldichwei Wopat hiet. Hoewol't syn sjongkarriêre net sa súksesfol wie as dy fan syn Dukes of Hazzard-"neef" John Schneider, hie Wopat, fral oan 'e ein fan 'e 1980-er jierren, dochs ferskate singles yn 'e wichtichste country-hitlist, de Hot Country Songs. Syn bêst prestearjende single wie The Rock and Roll of Love, út 1986, wêrmei't er it 16e plak helle
Priveelibben
bewurkje seksjeWopat hat twaris troud west. Syn earste houlik, mei Vickie Allen, einige yn in skieding. Neitiid wertroude er mei Kirsten S. Larvick, in filmmakster en audiofisueel argivaris. Wopat hat út syn beide houliken fiif bern.
Op 2 augustus 2017 waard Wopat yn Waltham (Massachusetts), in foarstêd fan Boston, dêr't er yn it Reagle Music Theater optrede soe yn 'e musical 42nd Street, arrestearre troch de pleatslike plysje foar seksueel oer de grins geand gedrach, doe't er by it repetearjen in froulik lid fan 'e cast by de stuten pakt hie. Neffens de toanielprodusint fan it stik wie dat net de earste kear dat er him misdroegen hie, en wied er dêr al ferskate kearen op oansprutsen. By it trochsykjen fan syn auto trof de plysje fierders twa pûdsjes kokaïne oan. Wopat joech ta dat er kokaïne snúfde, dy't er neffens eigen sizzen yn gruttere kwantiteiten oanskafte en by de tiid lâns op opbrûkte. Hy waard nei syn foarlieding op 3 augustus op boarchtocht frijlitten. By syn berjochting bekende Wopat dat er twaris froulju lestichfallen hie, en waard er feroardiele ta in jier proeftiid.
Albums
bewurkje seksje- 1981 – The Dukes of Hazzard Soundtrack (soundtrack)
- 1983 – Tom Wopat
- 1987 – A Little Bit Closer
- 1990 – Don't Look Back
- 1992 – Learning to Love
- 1995 – Hands On
- 2000 – The Still of the Night
- 2005 – Tom Wopat Sings Harold Arlen: Dissertation on the State of Bliss
- 2009 – Consider it Swung
- 2013 – I've Got Your Number
- 2014 – Home for Christmas (mei John Schneider)
- 2017 – Wopat
Singles
bewurkje seksje- 1982 – Full Moon, Empty Pockets
- 1983 – (Till) I Kissed You
- 1983 – Sha-Marie
- 1986 – True Love (Never Did Run Smooth)
- 1986 – I Won't Let You Down
- 1986 – The Rock and Roll of Love
- 1987 – Put Me Out of My Misery
- 1987 – Susannah
- 1988 – A Little Bit Closer
- 1988 – Hey Little Sister
- 1988 – Not Enough Love
- 1991 – Too Many Honky Tonks (on My Way Home)
- 1991 – Back to the Well
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1979–1985 | The Dukes of Hazzard | Luke Duke | fêste rol; 128 ôfl. |
1980 | Fantasy Island | David Chilton | gastrol; ôfl. Flying Aces en The Mermaid Returns |
1983 | The Dukes | Luke Duke | fêste rol; as stimakteur; 7 ôfl. |
1984 | Story, Songs and Stars | ûnbekend | tillefyzjefilm |
1984 | Burning Rage | Tom Silver | tillefyzjefilm |
1987 | Christmas Comes to Willow Creek | Pete | tillefyzjefilm |
1988 | Blue Skies | Frank Cobb | weromkearende rol; 8 ôfl. |
1989 | A Peaceable Kingdom | dokter Jed McFadden | fêste rol; 12 ôfl. |
1992 | Just My Imagination | Bobby Rex | tillefyzjefilm |
1995–1998 | Cybill | Jeff Robbins | fêste rol; 22 ôfl. nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast (mei Christine Baranski, Dedee Pfeiffer, Alan Rosenberg, Cybill Shepherd en Alicia Witt) |
1996 | Murder, She Wrote | Bill Dawson | gastrol; ôfl. Kendo Killing |
1997 | Contagious | Sam | tillefyzjefilm |
1997 | Crisis Center | Chuck Goodman | gastrol; ôfl. Someone to Watch Over Me |
1997 | The Dukes of Hazzard: Reunion! | Luke Duke | tillefyzjefilm |
1997–1998 | Home Improvement | Ian | weromkearende rol; 2 ôfl. |
1998 | Meteorites! | Tom Johnson | tillefyzjefilm |
2000 | The Dukes of Hazzard: Hazzard in Hollywood | Luke Duke | tillefyzjefilm |
2001 | 100 Centre Street | Hanley Rand | gastrol; ôfl. Lost Causes |
2001–2002 | All My Children | Hank Pelham | weromkearende rol; ûnbekend tal ôfl. |
2005 | Smallville | senator Jack Jennings | gastrol; ôfl. Exposed |
2006 | Standoff | Rick Keeslar | pilotôflevering |
2008 | The Hive | Bill | tillefyzjefilm |
2009 | Taking Chance | John Phelps | tillefyzjefilm |
2010–2011 | Phineas and Ferb | Wilkins-broer #2 | as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl. |
2012 | Blue Bloods | Craig Iverson | gastrol; ôfl. Women With Guns |
2012–2017 | Longmire | sheriff Jim Wilkins | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2013 | Lovestruck: The Musical | Ryan Hutton | tillefyzjefilm |
2016 | Elementary | Soble | gastrol; ôfl. Murder Ex Machina |
2020 | The Blacklist | finzenisdirekteur Roy Cain | gastrol; ôfl. Roy Cain |
films | |||
2006 | Bonneville | Arlo | |
2007 | The History of Wisconsin Football | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2008 | The Understudy | resjersjeur Jones | |
2010 | Jonah Hex | kolonel Slocum | |
2010 | Main Street | Frank | |
2012 | Django Unchained | U.S. marshal Gill Tatum | |
2012 | Mariachi Gringo | Ron | |
2015 | All in Time | toskedokter | |
2016 | Fair Haven | Richard Grant | |
2017 | Lost Cat Corona | Jimmy Pipes | |
2017 | New Money | John Breckner | |
2018 | County Line | Alden Rockwell | |
2019 | Delight in the Mountain | Guido | |
2022 | County Line: All In | Alden Rockwell | |
2023 | County Line: No Fear | Alden Rockwell | |
fideospultsjes | |||
1999 | The Dukes of Hazzard: Racing for Home | Luke Duke | as stimakteur |
2004 | The Dukes of Hazzard: Return of the General Lee | Luke Duke | as stimakteur |
2007 | Manhunt 2 | The Bloodhounds | as stimakteur |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Tom Wopat
- (in) Folsleine filmografy fan Tom Wopat yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |