In neo-western, soms ek in komtemporêne western of in hjoeddeistige western neamd, is subsjenre fan 'e western. Dêrta hearre films en tillefyzjesearjes, en ek literêre wurken, dy't yn 'e moderne tiid spylje, mar motiven en tema's brûke dy't weromslane op it Wylde Westen. Foarbylden fan sokke motiven en tema's binne de mysterieuze frjemdling, de opstannige antyheld, iepen flakten, misdieden, wraak en ferjilding, ferlitten lânskippen, fjoergefjochten. Foar it meastepart is it plak fan hanneling yn neo-westerns it westlike diel fan 'e Feriene Steaten of it noarden fan Meksiko. Se spylje yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw of yn 'e ienentweintichste iuw, mar litte yn 'e haadpersoan(en) in duorjende 'Wyldwest'-mentaliteit sjen. In faak foarkommend tema is ek in 'Wyldwest'-personaazje dat wrakselet mei himsels om't er net yn in 'beskaafde' wrâld past.

Foarbylden fan neo-westernfilms binne:


Foarbylden fan neo-westerntillefyzjesearjes binne Justified (2010-2015), Longmire (2012-2017) en Yellowstone (úteinset yn 2017). Ek de populêre misdiesearje Breaking Bad (2008-2013) omfieme in grut tal westerntema's en -motiven. Makker Vince Gilligan sei dêr yn in fraachpetear oer: "Nei't wy de earste Breaking Bad-ôflevering makke hiene, begûn it my te daagjen dat we wolris in hjoeddeistige western oan it meitsjen wêze koene. Dus sjochst sênes dy't makke binne as fjochtsje revolverlju in duël út, lykas Clint Eastwood en Lee Van Cleef – wy litte Walt en oaren soks dwaan."

In foarbyld fan in neo-westernfideospultsje is Call of Juarez: The Cartel (2011).

In ier foarbyld fan it sjenre wie de harkspulrige Tales of the Texas Rangers, dy't tusken 1950 en 1952 op 'e Amerikaanske radio útstjoerd waard. Dêryn ûndersocht in Texas Ranger, spile troch Joel McCrea, moderne misdriuwen yn Teksas, yn ferhalen dy't in protte karakteristiken fan 'e klassike western hiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.