Brokeback Mountain
Brokeback Mountain is in Amerikaanske romantyske dramafilm tsjin in neo-westerneftergrûn út 2005. De film waard makke troch fan Taiwaneeske regisseur Ang Lee, mei yn 'e haadrollen Heath Ledger en Jake Gyllenhaal. It senario waard skreaun op basis fan it koarte ferhaal mei deselde namme fan Annie Proulx. De titel betsjut letterlik "Brutsenrêchberch" en ferwiist nei in geografyske lokaasje yn 'e film. It ferhaal giet oer in pear Amerikaanske cowboys dy't inoar yn 1963 yn Wyoming moetsje en fereale opinoar reitsje. It dan algemien jildende stelsel fan noarmen en wearden, dat homoseksualiteit net akseptearret, twingt harren lykwols om net inkeld har relaasje, mar har hiele seksuele oriïntaasje geheim te hâlden. Dat, om oan maatskiplike ferwachtings te foldwaan, trouwe se allebeide mei froulju dy't neat fan harren djipste gefoelens ôfwitte, wylst se ferskate kearen yn it jier tegearre de bergen yngeane, sabeare om te angelfiskjen.
Brokeback Mountain | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ang Lee | |
produsint | Diana Ossana James Schamus | |
senario | Larry McMurtry Diana Ossana | |
basearre op | it koarte ferhaal fan Annie Proulx | |
kamerarezjy | Rodrigo Prieto | |
muzyk | Gustavo Santaolalla | |
filmstudio | River Road Entertainment | |
distribúsje | Focus Features | |
spilers | ||
haadrollen | Heath Ledger Jake Gyllenhaal | |
byrollen | Michelle Williams Anne Hathaway Linda Cardellini Kate Mara Graham Beckel Randy Quaid | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 desimber 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske romantyske dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 134 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $14 miljoen | |
opbringst | $178,1 miljoen | |
prizen | 3 × Oscar 4 × Golden Globe de Gouden Liuw 4 × BAFTA 2 × Independent Spirit Award 4 × Satellite Award |
- Brokeback Mountain wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Brokeback Mountain (betsjuttingsside).
Brokeback Mountain waard it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses, en troch filmkritisy waard er rûnom mei it heechste lof ûnthelle, benammen wat de rezjy fan Lee en it aktearjen fan Ledger en Gyllenhaal oanbelange. Brokeback Mountain wûn trije Oscars, fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), de Gouden Liuw fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, fjouwer BAFTA's, twa Independent Spirit Awards, fjouwer Satellite Awards en ferskate oare prizen. Yn 2018 waard Brokeback Mountain foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. De film wie it mulpunt fan ferskate lytse kontroverses, lykas oer de fraach wat no krekt de seksuele oriïntaasje fan 'e beide haadpersoanen wie en wêrom't Brokeback Mountain de Oscar foar Bêste Film ferlear oan Crash. De film wurdt tsjintwurdich beskôge as in kearpunt yn 'e opname fan films oer homoseksuelen en oare seksuele minderheden yn 'e mainstream-filmyndustry.
Plot
bewurkje seksjeYn 1963 wurde yn 'e Amerikaanske steat Wyoming de cowboys Ennis Del Mar en Jack Twist oannommen troch skieppeboer Joe Aguirre om syn skiep te hoedzjen as se foar de simmer heech yn 'e Rocky Mountains weide wurde op 'e berchgreiden fan 'e Brokeback Mountain. It is de bedoeling dat de beide jongemannen ferskate moannen boppe-op 'e berch trochbringe sille, dêr't se folslein opinoar oanwiisd binne en gjin kontakt mei oare minsken hawwe, útsein as ien fan harren ien kear yn 'e safolle tiid de berch del riidt om nije itensfoarrieden op te heljen.
Ennis en Jack hawwe al ferskate wiken tegearre op Brokeback Mountain trochbrocht as se op in jûn in pear flessen whisky leegje en bêst dronken reitsje. Dy nachts nimt Jack it inisjatyf om Ennis te fersieren. Ennis twifelet yn 't earstoan, mar jout úteinlik ta, wêrnei't de beide mannen seks hawwe yn harren tintsje. Neitiid seit Ennis tsjin Jack dat dit mar foar ien kear wie, en Jack stimt dêrmei yn en heakket deroan ta dat it harren eigen saak is dy't nimmen oars wat oangiet. Al rillegau bart it lykwols wer, en de beide mannen krije in hertstochtlike romantyske relaasje, wêrby't se allebeide smoarfereale opinoar reitsje.
Se beseffe allebeide wol dat it op 'en langen doer tusken har neat wurde kin, om't homoseksualiteit rjocht yngiet tsjin 'e noarmen en wearden fan harren tiid en plak, en bot negative reäksjes opropt. Dat, oan 'e ein fan 'e simmer nimme Ennis en Jack ôfskie en geane se elts har eigen wei. Ennis, dy't ferloofd is mei syn langjierrige ferkearing Alma Beers, trout yn novimber en stiftet in gesin. Yn 'e folgjende jierren krije hy en Alma twa dochters, Alma jr. en Jenny.
Jack komt it jiers dêrop werom by Aguirre, yn 'e hope dat Ennis ek weromkomme sil. Aguirre, dy't de beide mannen it foargeande jiers trappearre hie doe't er by de berch opkaam om in boadskip fan Jack syn mem oer te bringen, wegeret him fanwegen syn homoseksualiteit op 'e nij yn 'e tsjinst te nimme. Jack ferfart neitiid nei Teksas, dêr't er as bollerider oan it rodeosirkwy dielnimt. Op ien fan 'e rodeo's moetet er de tûneracer Lureen Newsome, mei wa't er noch dyselde nacht op bêd slagget. Nettsjinsteande it feit dat har heit, de rike lânbouwurktugeferkeaper L.D. Newsome, it grouwéligen hekel oan Jack hat, trouwe se en krije in soan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei fjouwer jier spoart Jack Ennis op. Hy hifket de boel troch in briefkaart te stjoeren, dêr't Ennis posityf op reägearret. Dêrnei komt Jack út Teksas oer op besite. Sadree't de beide mannen inoar wer sjogge, wurdt de leafde foarinoar harren oermânsk en wikselje se op in beskut plak (tinke se) in hertstochtlike tongtút út. Ennis syn frou Alma is dêr lykwols tafallich tsjûge fan, en hja is skokt. Nei't se seks hân hawwe yn in motel, komt Jack mei it foarstel op 'e lapen om in boerespultsje te keapjen en har dêr tegearre nei wenjen te setten. Ennis stegeret him ôf, mei't er wiif en bern net yn 'e steek litte wol. Boppedat wit er noch goed hoe't syn heit him, doe't er in jonkje fan acht, njoggen jier wie, meinommen hat om it ysbaarlik tramtearre lyk sjen te litten fan in âldman dy't lyncht wie om't er fertocht waard fan homoseksualiteit.
Dat, Ennis en Jack moatte der genoegen mei nimme om inoar in pear kear yn it jier te sjen, as se tegearre de Brokeback Mountain op geane om dêr sabeare te angelfiskjen. Underwilens buorkje beide houliken stadichoan efterút. Lureen jout it tûneracen op en docht tenei de boekhâlding yn har heite bedriuw, wylst Jack dêr ferkeaper fan lânbouwurktugen wurdt. Dat is in baan dêr't er goed yn is, mei syn flotte babbel, mar dat smyt him gjin respekt fan syn skoanheit op. Yn 1975 einiget it houlik fan Ennis en Alma yn in skieding. As Jack dat heart, riidt er fol goede moed nei Wyoming ta om by Ennis fannijs syn plan op 't aljemint bringen om har tegearre earne nei wenjen te setten. Dat soe dan earne wêze moatte dêr't nimmen harren ken, mar Ennis wegeret om by syn dochters wei te ferhúzjen. Jack riidt sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Teksas. Hy is emosjoneel oerstjoer en wipt oer de grins mei Meksiko om dêr treast te finen yn 'e earms fan in manlike prostituee.
Datselde jiers mei Thanksgiving ferliest Jack einlings syn geduld mei de behanneling dy't er fan syn skoanheit kriget, en seit er him it mannewaar op. Dêrmei wint er te'n lêsten wat respekt fan 'e âldman en nije leafde fan Lureen. Dyselde jûns bringt Ennis yn Wyoming troch by syn dochters en Alma en har nije man Monroe. As se allinne binne yn 'e koken, sprekt Alma Ennis oan op it wiere aard fan syn relaasje mei Jack. It petear draait út op in heech oprinnende rûzje, wêrnei't Ennis alle kontakt mei Alma (mar net mei syn dochters) ferbrekt. Yn 'e jierren dêrnei hat Ennis in romantyske relaasje mei de servearster Cassie Cartwright, dy't folslein fan har útgiet en úteinlik foar har yn triennen einiget. Dat komt om't Ennis emosjoneel alhiel yn 'e knoop sit, mar har dêroer net bêst yn fertrouwen nimme kin, sa't sy graach wol. As Ennis syn dochter Alma jr. Cassie moetet, wurdt suggerearre dat sy wit hoe't it mei har heit sit, mar sy kin Cassie likemin helpe, hoewol't se har derfan bewissiget dat se har net te min foar har heit fynt. Jack en Lureen reitsje befreone mei in oar troud pear, Randall en Lashawn Malone, en it wurdt suggerearre dat Jack en Randall in koarte affêre hawwe.
Oan 'e ein fan in 'fisktripke' op 'e Brokeback Mountain yn 'e maityd fertelt Ennis oan Jack dat er pas yn novimber fan dat jier wer frij krije kin foar in folgjend tripke, en net yn augustus, sa't se ôfpraat hiene. Fanwegen de alimintaasjebetellings dêr't er ta ferplichte is, kin er it der nammentlik net op oankomme litte om syn baan te ferliezen. Hy en Jack krije dêr heech oprinnend spul oer, wêrby't se inoar der de skuld fan jouwe dat se nea byinoar wêze kinne. Jack seit dat er der net oer kin om mar sa'n bytsje tegearre te wêzen, en dat er faker ferlet hat fan seks. Ennis, dy't der gjin inkeld probleem mei hat as Jack mei froulju omslacht, beskôget in eventuele relaasje mei in oare man as oerhoer en ferrie. Uteinlik lizze se it by foar't se útinoar geane.
Inkele moannen letter kriget Ennis in briefkaart werom dy't er oan Jack stjoerd hie, mei de tekst "Ferstoarn" derop stimpele. Hy skillet Lureen op, dy't him fertelt dat Jack op ûnwierskynlike wize omkommen is doe't er op in ôfhandich plak in lekke bân krige dy't by it ferwikseljen yn syn gesicht ûntplofte. Syn noas en ûnderkaak waarden dêrtroch brutsen en hy rekke bewusteleas. Mei't er op 'e rêch lei, ferdronk er yn syn eigen bloed foar't immen him fûn. Ennis fisualisearret by it ferhaal lykwols in brute, homofobyske oanfal fan trije manlju op Jack, dy't him nei in yngeande mishanneling mei in krúskaai yn it gesicht slane. Lureen fertelt fierder dat Jack sein hie dat er kremearre wurde woe en dat syn jiske útstruid wurde moat oer de Brokeback Mountain. As Ennis seit dat er wit wêr't dat is, riedt Lureen him oan om mei Jack syn âldelju te praten, dy't de helte fan 'e jiske krigen hawwe.
Ennis siket John Twist en de frou op yn 'e hope dat se him tastimming jaan sille om 'e útstruiïng te dwaan, mar Twist stegeret him ôf en seit dat de jiske gewoan byset wurde sil yn it famyljegrêf, eat dêr't Jack him blykber te goed foar fielde. Op útnûging fan frou Twist besjocht Ennis de sliepkeamer fan Jack, dy't se al dy jierren yn 'e âlde steat beholden hat. Dêr fynt er, efteryn 'e kleankast, syn eigen oerhimd, wêrfan't er miende dat er dat dy earste simmer op Brokeback Mountain weibarge hie. Ynstee, sa docht no bliken, hie Jack it stellen as oantinken oan him. Oan deselde hinger fynt er ek Jack syn oerhimd, besmodzge mei it bloed fan in rûzje dy't se yn 1963 hiene en dy't op slaanderij útrûn. Ennis hâldt de oerhimden him tsjin it gesicht oan en lit de rook him weromfiere nei it ferline, wêrnei't er súntsjes gûlt. As er wer ûnder komt, hat er de beide oerhimden by him, dy't er ferburgen hâldt foar John Twist. Oan frou Twist lit er se wol sjen, en sy knikt lichtsjes ta teken dat er se meinimme mei.
Letter set Ennis him nei wenjen yn in steancaravan yn in trailerpark. Hy kriget dêr besite fan syn no njoggentjinjierrige dochter Alma jr., dy't him fertelt dat se har ferloofd hat mei har frijer Kurt. Se freget him om syn seine, dy't er jout nei't er har befrege hat oer de jonge dy't er noch nea met hat. Dêrnei nûget se him út op har trouwerij, dy't yn 'e simmer holden wurde sil. Ennis antwurdet dat er om dy tiid fan it jier drok dwaande wêze sil mei de round-up (it byinoar driuwen fan it slachtfee), mar as er de teloarstelling yn Alma har eagen sjocht, beseft er dat er no gjin oare ferplichtings mear hat en antwurdet er dat er der wêze sil, sels al soe it him syn baan kostje. Nei't Alma ôfset is, giet Ennis nei de kleankast ta, dêr't oan 'e binnenkant fan 'e doar syn âlde oerhimd hinget mei dêryn it oerhimd fan Jack, en dêrnjonken, mei in punêze fêstmakke, in ansichtkaart mei in foto fan 'e Brokeback Mountain. Hy stoarret dêr in skoftke nei foar't er fuortrint mei triennen yn 'e eagen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ennis Del Mar | Heath Ledger |
Jack Twist | Jake Gyllenhaal |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Alma Beers Del Mar | Michelle Williams |
Lureen Newsome Twist | Anne Hathaway |
Cassie Cartwright | Linda Cardellini |
L.D. Newsome | Graham Beckel |
Joe Aguirre | Randy Quaid |
Alma Del Mar jr. | Kate Mara |
Lashawn Malone | Anna Faris |
Randall Malone | David Harbour |
John Twist | Peter McRobbie |
frou Twist | Roberta Maxwell |
Monroe | Scott Michael Campbell |
Fayette Newsome | Mary Liboiron |
predikant by trouwerij | Larry Reese |
Timmy | Marty Antonini |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeFoarskiednis
bewurkje seksjeSenarioskriuwster Diana Ossana ûntdiek it koarte ferhaal Brokeback Mountain yn oktober 1997, inkele dagen nei't skriuwster Annie Proulx it publisearre hie. Hja beprate har skriuwpartner Larry McMurtry om it te lêzen, en dyselde fûn dat it in masterwurk wie. It senarioskriuwersduo naam kontakt op mei Proulx en frege tastimming om har ferhaal te adaptearjen ta in senario. Hoewol't hja net tocht dat it ferhaal dêr gaadlik foar wie, stimde hja der dochs mei yn. Oer it resultaat wie Proulx tige goed te sprekken, sa't se yn 1999 yn in fraachpetear mei The Missouri Review oanjoech.
It wie lykwols dreech foar Ossana en McMurtry om harren senario ferfilme te krijen. Regisseur Gus Van Sant toande dêr belangstelling foar en hope Matt Damon en Joaquin Phoenix caste te kinnen yn 'e rollen fan Ennis Del Mar, resp. Jack Twist. Damon, dy't earder mei Van Sant gearwurke hie oan Good Will Hunting, sei lykwols tsjin 'e regisseur: "Gus, ik haw al in homofilm makke [The Talented Mr. Ripley], en doe in cowboyfilm [All the Pretty Horses]. Ik kin dêrefteroan no net in homocowboyfilm meitsje." Van Sant seach doe ôf fan in ferfilming fan Brokeback Mountain, en makke ynstee de biografyske film Milk (2008), oer it libben fan 'e homorjochte-aktivist Harvey Milk.
Filmprodusint James Schamus, de algemien direkteur fan filmstudio Focus Features, naam yn 2001 in opsje op 'e filmrjochten fan Brokeback Mountain, mar hy hie dêrby syn betinkings, mei't er it kommersjeel sjoen in riskant projekt fûn. Op fersyk fan Ossana brocht er it senario ûnder de oandacht fan 'e Taiwaneeske regisseur Ang Lee, mar dy besleat ynstee de superheldefilm Hulk (2003) te meitsjen. Nei dat projekt en syn foargeande film Crouching Tiger, Hidden Dragon (2000) wie Lee alhiel útput en naam er yn omtinken om op te hâlden mei it meitsjen fan films. It senario fan Brokeback Mountain spile him lykwols hieltyd yn 'e holle om en brocht him der úteinlik ta om dochs wer te begjinnen.
Produksje
bewurkje seksjeBrokeback Mountain waard sadwaande úteinlik regissearre troch Ang Lee nei it senario fan Diana Ossana en Larry McMurtry. As produsinten wiene Ossana en James Schamus by it projekt belutsen foar de filmstudio River Road Entertainment. It projekt wie in ûnôfhinklike film, dêr't in budget fan $14 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Gustavo Santaolalla.
Casting
bewurkje seksjeIt casten fan Heath Ledger yn 'e rol fan Ennis Del Mar wie in suggestje fan Ossana en McMurtry, dy't ûnder de yndruk wiene fan syn aktearjen yn Monster's Ball. Schamus tocht dat Ledger net manlik genôch foar de rol wie, mar castingdirector Avy Kaufman stjoerde him it skript dochs ta. Ledger fûn it in prachtich ferhaal, die audysje en wist regisseur Lee te oertsjûgjen. Syn freon Jake Gyllenhaal wie ek posityf oer it senario, mar seach de rol as Jake Twist mear as in net te missen kâns om gear te wurkjen mei Lee en Ledger. Neffens Ledger wie de rol fan Ennis komplekser as dy fan Jack, mei't Ennis manliker is en wat homofobysk, en boppedat mar sa'n bytsje praat. Ledger learde foar de rol it Amerikaansk-Ingelske aksint fan Wyoming oan.
Lee liet tweintich oant tritich aktrises de revu passearje foar de rollen fan Alma Del Mar en Lureen Twist. Michelle Williams, dy't trochbrutsen wie mei har rol as Jen Lindley yn 'e jeugdsoap Dawson's Creek, wie de earste dy't audysje die, en Lee fûn har perfekt foar de rol fan Alma. Anne Hathaway wie op dat stuit behelle yn 'e opnamen foar The Princess Diaries 2: Royal Engagement, dat hja die audysje yn har itensskoft yn in baljûpe en mei kapsel dat alhiel net by de rol fan Lureen paste. Lee fûn har earst net de foar de hân lizzende kar foar de rol, mar mei har audysje wist se him te oertsjûgjen. Dêrby liigde se him wol foar dat se hynsteride koe, dat doe't se cast waard as Lureen, brocht se de folgjende twa moannen troch mei yngeande lessen op dat mêd.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Brokeback Mountain setten útein yn 'e simmer fan 2004. Hoewol't it koarte ferhaal fan Annie Proulx yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Wyoming spilet, waard de film frijwol hielendal opnommen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Ang Lee waard troch Proulx rûnlaat by de lokaasjes út har ferhaal yn Wyoming lâns, mar keas der út finansjele redens foar om syn film yn Kanada te meitsjen. Inkeld wat sfearbylden waarden yn Wyoming opnommen.
De Brokeback Mountain út 'e film is sadwaande in gearstalling fan 'e berch de Mount Lougheed besuden Canmore (Alberta), en The Fortress en de Moose Mountain yn it Kanannaskislân. Oare sênes út 'e film waarden opnommen yn 'e plakken Cowley (Alberta), Fort Macleod (Alberta) en Calgary. De Kanadeeske autoriteiten wiene der neat te hjit op om ta te stean dat in mânske keppel skiep yn in natoergebiet dreaun waard, mar lieten dat úteinlik ta salang't de skiep oan 'e ein fan eltse dei wer út it gebiet helle waarden.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Brokeback Mountain waard fersoarge troch Focus Features. De film waard it earst fertoand op 2 septimber 2005 yn it ramt fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Op 9 desimber fan dat jier gie Brokeback Mountain yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Om utens krige de film fanwegen syn ûnderwerp te meitsjen mei sinsuer. Yn Sina waard er net yn 'e bioskoop brocht, neffens de oerheid om't der te min belangstelling foar wie. Yllegale kopyen op dvd en VHS wiene dêre lykwols rûnom beskikber. Yn 'e Arabyske wrâld en it Midden-Easten, dêr't homoseksualiteit yn 'e measte lannen by wet ferbean is en yn 'e rest maatskiplik taboe, waard Brokeback Mountain inkeld yn Libanon fertoand. Yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, dêr't de oerheid lykas yn 'e oare Arabyske lannen it near op 'e fertoaning yn 'e bioskoop lei, waard wol tastien dat Brokeback Mountain yn fideoteken hierd waard om yn privee-fermidden besjoen te wurden.
It soundtrackalbum fan Brokeback Mountain ferskynde op 25 oktober 2005 by platemaatskippij Verve Records. Brokeback Mountain wie de earste grutte film dy't tagelyk beskikber kaam as dvd en as digitale download oer it ynternet, op 4 april 2006. Op blu-ray kaam de film út op 13 augustus 2007.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Brokeback Mountain rûnom tige positive resinsjes. Sa wie Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times djip ûnder de yndruk. Hy joech de film 4 fan 4 stjerren en ferliek him mei it oeuvre fan 'e Sweedske regisseur Ingmar Bergman. Yn The Washington Post wie Ann Hornaday ek tige loovjend. Yn it bysûnder fûn hja dat de aktearprestaasjes fan Heath Ledger en Jake Gyllenhaal yn 'e haadrollen "ûnferjitlik" wiene. Se priizge ek de kostúms, filmsets en de lânskippen yn 'e film. Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian hie ek lof foar it aktearjen fan Ledger en Gyllenhaal. Hy skreau dat de film "ekstreem oangripend, tragysk sels," wie, en teffens "gefoelich foar de emoasjes fan 'e ienfâldige froulju dy't besykje om harren geastlik kwelde mannen te begripen."
Yn 'e krante USA Today skreau Mike Clark dat Brokeback Mountain mei tebekhâldendheid regissearre en filme wie. Hy koe benammen de "âlderwetske kwaliteit" wurdearje, en it "pretinsjeleaze mar op minsken rjochte" aard fan 'e film. Oare kritisy dy't tige graach oer Brokeback Mountain mochten, wiene û.o.: Stephen Holden en Manohla Dargis fan The New York Times, Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune, Peter Travers fan Rolling Stone, Lisa Schwarzbaum en Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly, Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times, Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle en Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times.
Ed Gonzalez fan Slant Magazine wie minder oer Brokeback Mountain te sprekken. Hy fûn it fierders oer it algemien wol in goede film, mar syn beswier wie dat it ferhaal te lang oprutsen wie, sadat it langtrieddich waard, wat it foar him bedoar. De foarnaamste krityk op Brokeback Mountain kaam yn 'e Feriene Steaten fan 'e konservative, kristlik-fûnemintalistysk media. De radiopresintator Michael Medved fûn de film "ekstreem goed makke", mar wie fan miening dat er propaganda foar "de homoseksuele aginda" wie. Ferskate oare konservative radiopresintators, ûnder wa Bill O'Reilly, Rush Limbaugh, John Gibson en Cal Thomas, besloegen Brokeback Mountain mei de gek. Sa neamde Limbaugh de film "Bareback Mountain" (nei de seksuele praktyk barebacking, letterlik " beriden sûnder seal", wat in sprektaalterm is foar homoseksuele seks sûnder kondoom). Ferskate kristlike organisaasjes, lykas de Concerned Women for America ("Froulju yn Noed oer Amearika") en Focus on the Family ("Each op it Gesin") fûnen it ûnderwerp fan 'e film gewoan ûnfertarber.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Brokeback Mountain in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 246 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[…] it leafdesferhaal fan [de film] is trochdrinzge fan in hertferskuorrende universaliteit, holpen troch oangripende aktearprestaasjes fan Heath Ledger en Jake Gyllenhaal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Brokeback Mountain in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 41 resinsjes. Yn 2018 waard de film troch de Amerikaanske Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Diskusje oer de seksuele oriïntaasje fan 'e haadpersoanen
bewurkje seksjeNei de premiêre fan Brokeback Mountain ûnstie der in publike diskusje oer wat no eins de seksuele oriïntaasje fan 'e beide haadpersoanen Ennis Del Mar en Jack Twist wie. Yn 'e media waard gauris nei de film ferwiisd as "de homocowboyfilm", en de measte sjoggers, sij it yn 'e bioskoop of letter op dvd of op 'e tillefyzje, ûnderfûnen de film ek as sadanich: in ferhaal oer twa homoseksuele manlju dy't harren wiere seksuele oriïntaasje geheim hâlde moatte yn in wrâld dêr't dy net akseptearre wurdt, en dy't harsels geweld oandogge troch te trouwen mei froulju, inkeld en allinne om te foldwaan oan 'e maatskiplike ferwachtings.
Seksuolooch Fritz Klein en guon oare saakkundigen stelden lykwols nei it sjen fan 'e film fêst dat Ennis en fral Jack dúdlik biseksueel wiene, Jack wat mear nei de homoseksuele ein fan it biseksuele spektrum, en Ennis wat mear de heteroseksuele ein. Neffens Klein siet it drama fan 'e film no krekt yn it feit dat de beide manlju fereale reitsje op in partner dy't net maatskiplik akseptabel is, wylst se allebeide maatskiplik akseptabele partners hawwe fan wa't se net hâlde. Oaren woene hawwe dat der oer de seksuele oriïntaasje fan 'e beide mannen neat mei wissichheid te sizzen foel, om't de film dy mei opsetsin dizenich liet. Yn it blêd Entertainment Weekly ferskynde in artikel wêryn't de skriuwers derop wiisden dat "eltsenien [Brokeback Mountain] de 'homocowboyfilm' neamde oant se him sjoen hiene" en dat de film "úteinlik […] homoseksueel noch heteroseksueel wie, mar gewoan minsklik."
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeBrokeback Mountain brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $83,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $95,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $178,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $14 miljoen betsjut dat in winst fan $164,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2006 waard Brokeback Mountain by de Oscars nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste akteur (Heath Ledger), bêste byrol fan in akteur (Jake Gyllenhaal), bêste byrol fan in aktrise (Michelle Williams) en bêste kamerarezjy. De film wûn 3 Oscars, foar bêste regisseur (Ang Lee), bêste adaptearre senario (Larry McMurtry en Diana Ossana) en bêste orizjinele filmmuzyk (Gustavo Santaolalla).
Dat Brokeback Mountain de striid om 'e Oscar foar Bêste Film ferlear fan Crash, brocht guon lju derta om 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS), dy't de Oscars útrikt, te beskuldigjen fan homofoby en it meitsjen fan in leffe kar. Sa besloegen filmkritisy Kenneth Turan en Nikki Finke it beslút mei de gek. Roger Ebert, lykwols, ferdigene de AMPAS, mei't neffens him de bettere film wûn hie. Hy pleatste der fierders fraachtekens by wêrom't kritisy fan 'e beslissing skynber wegeren en nim de oare nominearre films foar de priis serieus yn omtinken, en wêrom't se skynber inkeld krityk op Crash hiene om't dy film Brokeback Mountain ferslein hie.
By de Golden Globes waard Brokeback Mountain nominearre yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste akteur yn in dramafilm (Ledger), bêste byrol fan in aktrise (Williams) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn 4 Golden Globes, foar bêste film – drama, bêste regisseur, bêste senario en bêste orizjinele liet (A Love That Will Never Grow Old fan Gustavo Santaolalla, Bernie Taupin en Emmylou Harris).
By de Independent Spirit Awards, de wichtichste prizen foar ûnôfhinklike films, waard Brokeback Mountain nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste manlike haadpersoan (Ledger) en bêste froulike byrol (Williams). De film wûn 2 Independent Spirit Awards, foar bêste film en bêste regisseur. By de Satellite Awards waard Brokeback Mountain nominearre foar 8 prizen, û.m. yn 'e kategoryen bêste akteur yn in dramafilm (Ledger), bêste byrol fan in akteur (Gyllenhaal), bêste adaptearre senario en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Satellite Awards foar bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste filmmontaazje en bêste orizjinele liet (A Love That Will Never Grow Old).
Brokeback Mountain wûn yn 'e Feriene Steaten fierders de Critics' Choice Awards foar bêste film, bêste regisseur en bêste byrol fan in aktrise (Williams, dield earste plak mei Amy Adams yn Junebug); de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy fan in spylfilm; de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario; de MTV Movie Awards foar bêste aktearprestaasje (Gyllenhaal) en bêste tút (Ledger en Gyllenhaal); de GLAAD Media Award foar treflike grutte film; de BMI Film Music Award; en de priis foar bêste aktearprestaasje (Ledger) op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara. Fierders wiene der nominaasjes foar de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media; nochris 5 Critics' Choice Awards; en 4 Screen Actors Guild Awards.
Om utens waard Brokeback Mountain by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Ledger), bêste byrol fan in aktrise (Williams), bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste filmmuzyk. De film wûn 4 BAFTA's, foar bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Gyllenhaal) en bêste adaptearre senario. Fierders wûn Brokeback Mountain om utens de Gouden Liuw op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en teffens de Australyske AFI Award foar bêste ynternasjonale akteur (Ledger). De film waard ek nominearre foar de Frânske César du Cinéma en de Italjaanske David di Donatello (de wichtichste resp. filmprizen yn dy lannen), beide foar bêste bûtenlânske film.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Brokeback Mountain
- (in) Ynformaasje oer Brokeback Mountain yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |