Hulk (film)
Hulk is in Amerikaanske superheldefilm út 2003 ûnder rezjy fan Ang Lee, mei yn 'e haadrollen Eric Bana en Jennifer Connelly. De titel ferwiist nei de Hulk, de superheld dêr't de film oer giet. De plot is eins in oarsprongsferhaal, wêryn't útlein wurdt hoe't de wittenskipper Bruce Banner op in sellulêr nivo feroare wurdt troch in kombinaasje fan syn heite eksperiminten op syn eigen lichem en in needlottich ûngemak yn in laboratoarium op syn wurk. Neitiid feroaret er, eltse kear as er lulk wurdt, yn in reuseftich grienhûdich wêzen dat er 'de Hulk' neamt. Syn deawaande heit hat dûnkere plannen foar him, en as syn boppenatuerlike krêften útkomme, besiket it Amerikaanske Leger him finzen te setten. De iennichste dy't de Hulk kalmearje kin, is syn grutte leafde Betty Ross, de dochter fan 'e generaal dy't him efterneisit. Hulk krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. In plande ferfolchfilm waard nea makke, mar ynstee omfoarme ta in reboot, The Incredible Hulk, dy't yn 2008 útbrocht waard as de twadde film yn 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje.
Hulk | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ang Lee | |
produsint | Avi Arad Larry Franco Gale Anne Hurd James Schamus | |
senario | James Schamus Michael France John Turman | |
basearre op | de Hulk fan Stan Lee en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Frederick Elmes | |
muzyk | Danny Elfman | |
filmstudio | Universal Pictures Marvel Enterprises Valhalla Motion Pictures Good Machine | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Eric Bana Jennifer Connelly | |
byrollen | Sam Elliott Nick Nolte Josh Lucas | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 20 juny 2003 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 138 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $137 miljoen | |
opbringst | $245,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeDavid Banner is in genetikus dy't op in legerbasis foar it Amerikaanske regear ûndersyk docht nei manearen om it minsklik DNA te ferbetterjen. Syn tafersjochhâlder, kolonel Thaddeus Ross, ferbiedt him lykwols om op minsken te eksperimintearjen, dat sadwaande begjint Banner op himsels te eksperimintearjen. In skoft letter rekket syn frou Edith swier en krije de Banners in poppe. It is in jonkje, dat se Bruce neame. David beseft dat syn soan syn troch de eksperiminten mutearre DNA oerurven hat. Dat wie net syn bedoeling, en hy begjint in syktocht nei in genêswize.
As kolonel Ross lykwols ûntdekt dat David op himsels oan it eksperimintearjen slein is, leit er it near op fierder ûndersyk. By wize fan wraak lit David de gammastrielingsreäktor fan 'e legerbasis ûntploffe. Hy giet nei hûs mei it idee om 'e dan fjouwerjierrige Bruce út syn lijen te ferlossen om't de kâns op it finen fan in genêswize no fersjoen is. Syn flater is dat er yn 't foar oan Edith opbychtet wat er dien hat en wat er fan doel is. Dat liedt ta in heechoprinnende rûzje. As er in kokenmês pakt om Bruce dea te dwaan, fjochtet Edith om har soan te rêden. Yn 'e wrakseling stekt David by fersin syn frou del, dy't oan 'e ferwûning beswykt. Neitiid wurdt David troch kolonel Ross arrestearre en bedarret er yn it tichthûs. De lytse Bruce belânet yn 'e pleechsoarch en wurdt adoptearre troch de Krenzlers. Mei't er syn traumatyske oantinkens oan 'e moard op syn mem folslein ferkrongen hat, groeit er op yn 'e oertsjûging dat syn biologyske âlden dea binne.
Tritich jier letter is Bruce Krenzler in briljant genetikus dy't yn in foaroansteand laboratoarium yn San Francisco wurket. Syn neiste kollega en eardere faam is Betty Ross, de dochter fan Thaddeus Ross, dy't no opklommen is ta generaal. Hja is fan har heit ferfrjemde en hat gjin idee wa't Bruce is. De swierrichheden begjinne foar Bruce as Glenn Talbot, in lûsje fertsjintwurdiger fan it private ûndersyksbedriuw Atheon, dy't earder yn it Amerikaanske Leger ûnder generaal Ross tsjinne hat, belangstelling kriget foar it ûndersyk dat Bruce docht. Dat hat te krijen mei nanomedyske regeneraasje (weromgroeiïng) fan lichemsdielen by lju dy't in amputaasje ûndergien hawwe. Talbot wol dat monopolisearje foar it Amerikaanske militêr-yndustrieel kompeks, sadat de Amerikaanske Striidkrêften in grut foardiel oer harren fijannen krije sille. Bruce wol dêr lykwols neat fan witte, mei't er mei syn ûndersyk eltsenien oeral op 'e wrâld helpe wol.
Underwilens is David Banner nei in finzenisstraf fan tritich jier frijlitten. Hy nimt in baan oan as skjinmakker yn it laboratoarium dêr't syn soan wurket. Generaal Ross, dy't troch Talbot op it ûndersyk fan Bruce wiisd wurdt, ferdjippet him yn Bruce en syn wurk en skrikt him dea as er ûntdekt dat syn dochter Betty de neiste kollega is fan 'e soan in geastlike steurde psychopaat mei wa't er sels in ferline hat. Hy besiket Betty safier te krijen dat se oar wurk siket om har by Bruce út 'e buert te hâlden, mar om't al David syn ûndersyk in geheime status hat, kin er har net fertellen wêr't it eins om draait. Sadwaande slagget it him allinnich mar om har lulk te meitsjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By in ûngemak mei in net goed funksjonearjende gammasfear yn it laboratoarium rêdt Bruce it libben fan syn kollega Harper, mar dêrby wurdt er sels bleatsteld oan in tige hege doazis gammastrieling. Dat soe him eins de dea dwaan moatte, mar ynstee wurdt er wekker yn in sikehûsbêd en fielt er him better as ea tefoaren. Betty, dy't trochdat se him hast ferlern hat, beseft dat se noch fan Bruce hâldt, kin net begripe hoe't er it ûngemak oerlibje kinnen hat, mei't de nanomedisinen yn 'e strieling by alle foargeande bisteproeven ta de dea laat hawwe. Wat sy en Bruce net witte, is dat de strieling opnommen is troch Bruce yn mutearre DNA.
Yn it sikehûs wurdt Bruce opsocht troch David, dy't harren heit-soanrelaasje bekendmakket en hints falle lit oer de mutearring fan Bruce syn DNA. Letter brûkt er meunsters fan dat DNA, dy't er ferkrigen hat út in hier fan syn soan, foar syn eigen eksperiminten op bisten. Underwilens kriget Bruce almar mear muoite om syn razernij ûnder behearsking te hâlden. De tsjinslaggen yn syn libben en de spannings om him hinne aktivearje op in jûn, as er allinne yn it laboratoarium is, syn fan gammastrieling fersêde DNA. Fan gefolgen feroaret Bruce fan stal en groeit er út ta in reuseftich, grienhûdich, breinroer wêzen dat it hiele laboratoarium koart en klien slacht. De oare moarns treft Betty him bewusteleas by him thús op bêd oan. Op dat stuit hat er noch mar kwealk oantinkens oan 'e foargeande jûns, en mient er dat er it dreamt hat. As er letter foar it ferstân kriget dat it allegear echt wie, neamt er it griene wêzen "de Hulk", nei in skip dat noch wol driuwt, mar stjoerleas rekke is, om't dat is hoe't er him fielt as de Hulk de kontrôle oernimt.
Generaal Ross fertinkt Bruce fan 'e fandalisearring fan it laboratoarium, dat hy komt by him thús oan 'e doar om him te ûnderfreegjen en lit him neitiid ûnder hûsarrest pleatse. Underwilens giet Betty, dy't fan Bruce oan 'e weet kommen is dat de nije skjinmakker syn heit David is, op ûndersyk út. Se wit David op te spoaren en besiket antwurden te krijen oer Bruce syn tastân, mar David lit neat los. Nei't se har ôfjûn hat, stjoert er syn trije ta meunsters mutearre hûnen efter har oan om har út 'e wei te romjen. Hy skillet Bruce op om him op 'e hichte te bringen oer wat er dien hat. Bruce rekket dêrtroch bot oerstjoer, krekt as Talbot by him oan 'e doar komt. Dyselde mient mar dat Bruce it, efter syn rêch om, oer de ferkeap fan syn ûndersyk op in akkoartsje goaid hat mei generaal Ross. Talbot begjint him te mishanneljen, wêrmei't er Bruce sa lulk makket dat er yn 'e Hulk feroaret. Dêrnei kriget Talbot syn trekken thús, mei't de Hulk him it sikehûs yn slacht, ear't er oan 'e militêre plysjes ûntsnapt dy't Ross om it hûs hinne op wacht set hat. De Hulk bejout him nei Betty har wente ta, in ôfhandige blokhutte yn 'e bosk. As Betty him foar it earst sjocht, wurdt se rare kjel, mar dan ken se Bruce yn 'e Hulk werom. De Hulk beskermet har troch yn in fûleindich gefjocht ôf te weven mei de hûnemeunsters fan syn heit, wêrnei't er weromferoaret yn Bruce.
De oare moarns skillet Betty har heit op om't Bruce dúdlik ferlet hat fan fersoarging en se net wit wa't se oars freegje moat. Soldaten sjitte Bruce del mei in ferdôvingspylkje, wêrnei't er oerbrocht wurdt nei deselde legerbasis yn 'e woastyn dêr't er ek berne is. It liket generaal Ross ta dat Bruce doemd is om yn syn heite fuotleasten te folgjen, mar Betty hellet har heit oer om har besykje te litten Bruce te helpen. Underwilens set David Banner syn eksperiminten op himsels fuort troch himsels bleat te stellen oan nanomedisinen en gammastrieling. Dêrtroch kriget er it fermogen om ien te wurden mei en de eigenskippen oer te nimmen fan elts ding dat er oanrekket. Talbot, dy't út is op wraak foar it wan bruien dat er fan de Hulk krigen hat, giet efter de rêch fan generaal Ross om nei de feilichheidstsjinst NSA, dy't him de lieding jout oer it ûndersyk nei Bruce. Dêrop lûkt Talbot fuort de tastimming fan Betty yn om Bruce te besykjen. Se mei sels net ôfskie fan him nimme. Betty hat gjin oare kar as om nei hûs te gean, dêr't se opwachte wurdt troch David. Dy fertelt har dat er ree is om himsels oer te jaan, op it betingst dat er noch ien kear mei Bruce prate mei.
Talbot is der wis fan dat it DNA fan 'e Hulk him smoarryk meitsje sil. Hy is dêrom wisberet om Bruce safier te krijen dat dy yn 'e Hulk feroaret, sadat er it Hulk-DNA bemachtigje kin. As it him mei marteljen net slagget om Bruce safier te krijen dat er feroaret, slacht er Bruce bewusteleas, wêrnei't er him yn in isolaasjetank pleatst en út syn ûnderbewuste in nachtmerje opropt. Dy dream bestiet eins út Bruce syn ûnderdrukte oantinkens oan 'e dea fan syn mem. Talbot lokket dêrmei dan wol de transformaasje fan Bruce ta de Hulk út, mar noch de isolaasjetank, noch de keamer dêr't dy yn stiet, is sterkernôch om 'e Hulk finzen te hâlden. De grienhûdige reus brekt út en kringt de ûndergrûnske gongen fan 'e legerbasis binnen, dêr't Talbot him mei sticky foam fêst wit te setten. As er dan in grutte ynjeksjespuit yn it each fan 'e Hulk stekke wol foar de ekstraksje fan it DNA, brekt de Hulk lykwols fannijs los. Talbot grypt in granaatwerper en fjurret in granaat ôf, mar dy fearret lykwols tebek fan 'e elastyske hûd fan 'e Hulk en by de resultearjende eksploazje komt Talbot sels om.
Generaal Ross nimt dan it befel wer oer. Om't de Hulk yn 'e nauwe gongen fan 'e basis net te befjochtsjen is, lit er him mei sin nei it ierdoerflak ûntkomme. Yn 'e wyldernis om 'e legerbasis hinne set Ross tanks en gefjochtshelikopters tsjin 'e Hulk yn, mar it wêzen slacht de tanks oan grôt en hellet de helikopters del. Dêrnei ûntkomt er troch it dwaan fan reuzesprongen yn 'e rjochting fan San Francisco om Betty te sykjen. By de Golden Gate-brêge set Ross strieljagers yn, mar ek dy wit de Hulk te oerwinnen. Ienris yn 'e stêd bepraat Betty har heit om har besykje te litte de Hulk te kalmearjen. As er har sjocht, krimpt de Hulk yndie yninoar oant er wer Bruce Banner wurden is. Hy seit tsjin har: "Hast my fûn." Sy antwurdet, ferwizend nei it spoar fan fernielings dat de Hulk efterlitten hat: "Dat wie ek net sa dreech." Dêrop seit hy, ferwizend nei it kalmearjen fan 'e Hulk en it te foarskyn heljen fan himsels: "Ja, dat wie it wol."
Op 'e legerbasis dêr't generaal Ross Bruce neitiid ûnder swiere bewekking fêsthâldt, wurdt David Banner by syn soan brocht. David is no alhiel sljochtsinnich wurden en weirekke yn grutheidswaan. Hy wol de macht fan 'e Hulk foar himsels hawwe sadat er al syn fijannen ferneatigje kin, te begjinnen mei generaal Ross. As Bruce him ôfstegeret, byt David yn in elektrisiteitskeabel mei in heech foltaazje krekt as Ross dêr stroom op set. Hy absorbearret de enerzjy en mutearret ta in machtich elektrysk wêzen. Bruce feroaret yn 'e Hulk om syn heit te befjochtsjen. De beide wêzens ûntsnappe sûnder swierrichheden fan 'e legerbasis en bedarje yn 'e bergen bûten de stêd, dêr't se yn in marke harren gefjocht fuortsette. Under wetter wurdt de Hulk it elektryske meunster oermânsk. Generaal Ross lit in bom laden mei gammastrieling yn it marke smite om harren beiden te deadzjen. As der neat mear boppe wetter komt, wurdt oannommen dat se allebeide omkommen binne.
In jier letter skillet Ross Betty op en fertelt har dat der ferskate waarnimmings fan 'e Hulk dien binne. Hy freget har oft se it him wol fertelle soe as Bruce kontakt mei har opnaam. Sy antwurdet fan net, mar seit dat hy it likegoed wol witte soe, yn acht nommen dat er har sûnder ophâlden bewekje lit. Underwilens dielt in Amerikaanske dokter yn it tropysk reinwâld fan Latynsk-Amearika medisinen út oan 'e alderearmsten. As in kloft soldaten it kamp binnenfalt en alle medisinen yn beslach nimt om't de lju oan wa't dy útdield wurde, fijannen fan it regear wêze soene, begjint yn 'e eagen fan 'e Amerikaanske dokter in griene gloede om te spyljen. Hy seit tsjin 'e oanfierder fan 'e soldaten: "Makkest my lulk. It sil dy net befalle wat der bart as ik lulk wurd." As de ofsier net om sizzen jout, wjerklinkt eefkes letter it razene âljen fan 'e Hulk troch it oerwâld.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bruce Banner | Eric Bana |
Betty Ross | Jennifer Connelly |
de Hulk | Ang Lee (stim en motion-capture) |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
generaal Thaddeus Ross | Sam Elliott |
David Banner | Nick Nolte |
Glenn Talbot | Josh Lucas |
David Banner as jongeman | Paul Kersey |
Edith Banner | Cara Buono |
kolonel Thaddeus Ross as jongeman | Todd Tesen |
Bruce Banner as lyts jonkje | Michael en David Kronenberg |
Bruce Banner as puber | Mike Erwin |
Betty Ross as lyts famke | Rhiannon Leigh Wryn |
frou Krenzler | Celia Weston |
Harper | Kevin Rankin |
befeiligingsman #1 | Stan Lee (cameo) |
befeiligingsman #2 | Lou Ferrigno (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeIn film op basis fan 'e superheld de Hulk, fan Stan Lee en Jack Kirby út 'e strips fan Marvel Comics, wie al op kommendeweis sûnt 1990, doe't filmprodusinten Avi Arad en Gale Anne Hurd dermei úteinsetten. It senario soe yn 1993 skreaun wurde troch Michael France, mar filmstudio Universal Pictures, dy't it projekt finansierde, woe de Hulk tsjin terroristen fjochtsje litte, en France fielde neat foar dat útgongspunt. Dêrom waard er ûntslein foar't er ek mar in wurd skreaun hie. De earste ferzje fan it senario waard sadwaande yn 1994 skreaun troch John Turman, dy't der in protte eleminten yn stoppe dy't úteinlik yn 'e film komme soene, lykas it gefjocht fan 'e Hulk mei generaal Ross en it leger, en David Banner as útlis foar Bruce yn ynderlike razernij. Turman werskreau it skript neitiid noch twa kear en Zak Penn die de fjirde ferzje.
It sinnige de studio lykwols noch altyd net, dat doe waard Jonathan Hensleigh, de man fan Hurd, frege as senarioskriuwer. Mei helpt fan J.J. Abrams betocht hy in folslein nije plot, dy't letter nochris oereide waard troch Scott Alexander en Larry Karaszewski. It eskalearjende budget brocht Universal Pictures der lykwols ta om it nije skript ôf te wizen. Hensleigh wegere om it te werskriuwen en stapte op. Neitiid wist Michael France de studio te bewegen om him in nije kâns te jaan. It duorre acht moannen foar't er it griene ljocht krige, mar yn july 1999 sette er fuortfarrend útein. Syn skript wie in trêde folslein nije plot, dêr't diskear ek de moard fan Bruce syn heit op syn mem yn yntrodusearre waard en de tragyske românse fan Bruce en Betty Ross.
Hoewol't it senario fan France posityf ûnthelle waard troch de filmprodusinten, lieten se it neitiid dochs werskriuwe troch Michael Tolkin en dêrnei jitris troch David Hayter. Doe't yn jannewaris 2001 de Taiwaneeske filmmakker Ang Lee ree fûn waard om Hulk te regissearjen, liet dy syn fêste produsint James Schamus foar de fjirde kear in nij senario skriuwe. Schamus boude dêrby fuort op eleminten út de ferzjes fan Turman en France. Njonken Arad en Hurd wiene ek Schamus en Larry Franco as produsinten by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Universal Pictures, Marvel Enterprises, Valhalla Motion Pictures en Good Machine. Foar de film wie in budget beskikber fan $137 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Frederick Elmes, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Hulk setten op 18 maart 2002 útein en duorren oant yn 'e earste wike fan augustus fan dat jier. Der waard yn Kalifornje op lokaasje filme yn San Francisco, it Nasjonaal Laboratoarium Lawrence Berkeley yn Oakland, op de legerbasis Treasure Island, en yn 'e wâlden by Porterville. De sênes yn 'e woastyn waarden opnommen yn eastlik Kalifornje en yn Utah en Arizona. Foar it lêste treffen tusken de Hulk en David Banner waard it echte Pear Lake yn it Nasjonaal Park Sequoia as eftergrûn brûkt; de ûnderwettersêne waard filme yn it studiokompleks Universal Studios Hollywood.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Hulk waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 20 juny 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 juny by platemaatskippij Decca Records. Hulk waard op 28 oktober 2003 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 16 septimber 2008 út op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Hulk oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wurdearre hoe't regisseur Ang Lee "echt mei de problemen yn it ferhaal fan 'e Hulk besiket om te gean, ynstee fan dat er ienfâldichwei oerskeakelet op harsenleaze fisuele effekten." Peter Travers fan Rolling Stone fûn dat Hulk koarter wêze moatten hie, mar hie dêrnjonken lof foar de aksjesênes. Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle fûn de film "betochtsumer en oangenamer foar it each as lykfol hokker kaskreaker út it resinte ferline", mar hy tekene dêrby oan dat "de epyske lingte gjin epyske priis fertsjinnet". Yn Entertainment Weekly skreau Lisa Schwarzbaum oer de film: "in stripferfilming mei in heech budget hat mar selden sa humorleas en yntellektueel definsyf west oer syn eigen pulperige woartels."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hulk in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 237 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't dizze ambisjeuze film fan Ang Lee hege sifers fertsjinnet foar styl en in besykjen ta dramatyske djipgong, sit der by einsluten tefolle praten yn en te min stikkenslaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hulk in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 40 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeHulk brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $132,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $113,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $245,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $137 miljoen betsjut dat in winst fan $108,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeHulk waard nominearre foar fjouwer Saturn Awards yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste aktrise (Jennifer Connelly), bêste filmmuzyk en bêste special effects.
Skraste ferfolchfilm
bewurkje seksjeIt wie oarspronklik de bedoeling dat der in ferfolchfilm op Hulk makke wurde soe. Senarioskriuwer en filmprodusint James Schamus hie dêr by de premiêre fan Hulk al fierfoardere plannen foar. Dat projekt kaam lykwols nea fan 'e grûn en rûn úteinlik alhiel op 'e non om't de filmrjochten fan Universal Pictures ferrûnen foar't de opnamen begjinne koene. Tsjin 2006 waarden de plannen foar in ferfolchfilm recycle ta in reboot fan it oarsprongsferhaal fan 'e Hulk, mei as titel The Incredible Hulk. Dy film, mei Edward Norton yn 'e titelrol, kaam yn 2008 út as de twadde film yn 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |