Hulk
De Hulk (Ingelsk: the Hulk; ek wol the Incredible Hulk, "de Net te Leauwen Hulk") is in superheld út 'e strips fan 'e Amerikaanske útjouwerij Marvel Comics. It personaazje waard betocht troch tekstskriuwer Stan Lee en striptekener Jack Kirby, en yntrodusearre yn 'e earste edysje fan it stripblêd The Incredible Hulk, út maaie 1962. De Hulk is in reuseftige, grienhûdige humanoïde sûnder folle yntellekt, mar mei nammenste mear krêft, dy't swierrichheden troch tapassing fan geweld besiket op te lossen. Hy is it alter ego fan 'e tige yntelliginte mar fysyk swakke wittenskipper Bruce Banner, dy't oan de Hulk kommen is troch bleatstelling oan gammastrieling.
de Hulk | ||
In ôfbylding op 'e omslach fan it stripboek Immortal Hulk #20 (july 2019), troch Dale Keown en Peter Steigerwald. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Bruce Banner | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske/superheld | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berop/amt | wittenskipper | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Betty Ross She-Hulk Doc Samson Rick Jones | |
geastlike heit | Stan Lee Jack Kirby | |
útjouwer | Marvel Comics | |
ûntstean | 1962 |
- Dizze side giet oer de superheld. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hulk (betsjuttingsside).
Ynspiraasje
bewurkje seksjeStan Lee, dy't as tekstskriuwer de foarnaamste geastlike heit fan 'e Hulk wie, sei dat syn superheld benammen ynspirearre wie troch in kombinaasje fan it Meunster fan Frankenstein út 'e Goatyske roman Frankenstein; or, The Modern Prometheus (1818) fan Mary Shelley, en it titelpersonaazje út 'e horrornovelle Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde (1886) fan Robert Louis Stevenson.
Beskriuwing
bewurkje seksjeBruce Banner is in tige yntelliginte mar fysyk swakke wittenskipper, dy't sosjaal weromlutsen libbet en emosjoneel reservearre is. As er by in eksperimint mei in nij soarte bom it libben rêdt fan Rick Jones, in teenager dy't by fersin op it testfjild bedarre is, wurdt Banner bleatsteld oan in hege doazis gammastrieling. Dêrtroch rekket syn genoom bliuwend oantaast en ûntwikkelet er in spjalte persoanlikheid. Troch emosjonele spanning, bgl. as er lulk wurdt, pine lijt of ûnder druk set wurdt, feroaret er neitiid bûten syn eigen kontrôle om yn in reuseftich, tige spiersterk wêzen, mei in griene hûd en in grutte oanstriid ta it brûken fan geweld. Dat wêzen wurdt 'de Hulk' neamd, mooglik nei in hulk, in Ingelske oantsjutting foar in skip dat noch wol driuwt, mar stjoerleas rekke is, of nei hulking, dat safolle betsjut as "op in driigjende manear boppen immen úttuorjend".
De stalferwikseling liedt ornaris ta fandalisearringstochten wêrby't de Hulk in spoar fan fernieling neilit, eat dat it bestean fan Banner tige by tige komplisearret. Hy kriget dan ek al rillegau in grouwéligen hekel oan de Hulk, en dat gefoel is folslein wjerssidich. Ornaris wurdt de Hulk ôfskildere as in razene wyldeman, mar troch de jierren hinne binne him ek oare persoanlikheden of alter ego's oanmetten, lykas in net-tinkende destruktive krêft (War, "Oarloch"), in biljante kriger (World-Breaker, "Wrâld-Brekker"), in selshaatsjende beskermer (the Immortal Hulk, "de Unstjerlike Hulk"), in geniale wittenskipper (Doc Green) en in gangster (Joe Fixit). Letter wurdt dúdlik makke dat Banner syn spjalte persoanlikheid of dissosjative identiteitssteuring eins feroarsake is troch de bernemishanneling dy't er op jonge leeftyd fan syn heit Brian Banner ûndergie, en dat de Hulk en de oare persoanlikheden al sûnt syn jonkheid bestiene mar neitiid tydlik ferkrongen wiene.
Besibbe personaazjes
bewurkje seksjeNettsjinsteande de gauris utere winsk fan sawol de Hulk as Banner om gewurde litten te wurden, hat it personaazje in grutte ûnderstypjende cast. Dêrta hearre Banner syn eks-frou Betty Ross, syn bêste freon Rick Jones, syn nicht She-Hulk en syn psychiater Doc Samson. Ek de Hulk sels hat ûnderstypjende personaazjes, wêrûnder de oare superhelden út it team fan 'e Avengers, lykas Iron Man en Thor, mar ek syn oarehelte en keninginne Caiera, syn mei-striders Korg en Miek, en syn soannen Skaar en Hiro-Kala. Syn net te behearskjen krêft bringt him ek yn konflikt mei oare superhelden en mei de autoriteiten. Nettsjinsteande dat besiket er it goede te dwaan en befjochtet er supersmjunten as de Lieder, de Grouwel (Ingelsk: Abomination), de Absorbing Man e.o.
Adaptaasjes ta oare media
bewurkje seksjeDe Hulk is sûnt syn begjin yn 1962 útwoeksen ta ien fan 'e meast ikoanyske personaazjes út 'e Westerske popkultuer. Sadwaande is er adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas tekenfilm, live-actiontillefyzje, film, fideospultsjes, alderhanne soarten merchandising en sels attraksjes yn ferdivedaasjeparken.
Ien fan 'e bekendste adaptaasjes is noch altyd The Incredible Hulk, in live-actiontillefyzjesearje út 1978-1982, mei Bill Bixby as Bruce Banner en Lou Ferrigno as de Hulk. Op basis fan dy searje waarden letter trije tillefyzjefilms makke: The Incredible Hulk Returns (1988), The Trial of the Incredible Hulk (1989) en The Death of the Incredible Hulk (1990). Dêrnjonken wiene der twa tekenfilmsearjes, ien út 1982 en ien út 1996. Yn 2003 waard de earste bioskoopfilm oer de Hulk makke, Hulk, mei Eric Bana as Bruce Banner. In reboot, mei as titel The Incredible Hulk, folge yn 2008 mei Edward Norton as Banner. Neitiid kearde de Hulk werom yn acht oare films (anno 2023) fan 'e Marvel Studios, hieltyd spile troch Mark Ruffalo. Dyselde wurke yn in gastrol ek mei oan 'e searje She-Hulk: Attorney at Law (2022).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|