Screen Actors Guild Award

De Screen Actors Guild Awards (letterlik: de "Filmakteursgildeprizen"), of ek wol de SAG Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar treflike aktearprestaasjes op it mêd fan film en tillefyzje. Sûnt de ynstelling, yn 1995, hat de útrikking fan dizze prizen, dy't ein jannewaris yn Los Angeles holden wurdt, him ûntwikkele ta ien fan 'e jierlikse hichtepunten fan 'e filmyndustry fan Hollywood.

Screen Actors Guild Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar treflike aktearprestaasjes yn
   films en op 'e tillefyzje
útrikt troch SAG-AFTRA
frekwinsje 1x jiers
datum ein jannewaris
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1995
1e útrikking 1995
offisjele webside
www.sagawards.org

Nominaasjes komme fan twa kommisjes, ien foar films en ien foar tillefyzje, elts besteande út 2.100 leden, dy't elts jier op 'e nij op willekeurige basis keazen wurde út it 165.000 man grutte lidmaatskip fan 'e Screen Actors Guild-American Federation of Television and Radio Artists (SAG-AFTRA). Neitiid wurde út dy foarseleksje de winners útornearre troch in stimming ûnder alle leden. Sûnt 1998 wurdt de útrikking fan 'e Screen Actors Guild Awards rjochtstreeks útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjekanaal TNT, en sûnt 2007 ek op 'e stjoerder TBS.

Kategoryen bewurkje seksje

Filmprizen
  • treflike prestaasje fan in akteur yn in haadrol
  • treflike prestaasje fan in aktrise yn in haadrol
  • treflike prestaasje fan in akteur yn in byrol
  • treflike prestaasje fan in aktrise yn in byrol
  • treflike prestaasje fan in cast yn in spylfilm
  • treflike prestaasje fan in groep stuntlju yn in spylfilm
Tillefyzjeprizen
  • treflike prestaasje fan in akteur yn in komeedzjesearje
  • treflike prestaasje fan in aktrise yn in komeedzjesearje
  • treflike prestaasje fan in akteur yn in dramasearje
  • treflike prestaasje fan in aktrise yn in dramasearje
  • treflike prestaasje fan in akteur yn in tillefyzjefilm of minysearje
  • treflike prestaasje fan in aktrise yn in tillefyzjefilm of minysearje
  • treflike prestaasje fan in cast yn in komeedzjesearje
  • treflike prestaasje fan in cast yn in dramasearje
  • treflike prestaasje fan in groep stuntlju yn in tillefyzjesearje
Spesjale prizen
  • Screen Actors Guild Life Achievement Award (oeuvrepriis)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.