Tema

(Trochferwiisd fan Tema's)
Dizze side giet oer tema yn 'e algemiene sin. Foar oare betsjuttings, sjoch: tema (betsjuttingsside).

In tema is yn 'e kontekst fan keunst, literatuer of oare maatskiplike terreinen in ûnderwerp dat troch it oangeande wurk behannele wurdt. Sa'n tema is in fûneminteel en faak universeel idee, dat yn keunst en literatuer ornaris ymplisearre of suggerearre wurdt ynstee fan dat it ekplisyt beneamd wurdt. Yn oare omstannichheden is de beneaming faak wol ymplisyt, lykas wannear't der in tema meijûn wurdt oan in gearkomste of konvinsje.

Hoewol't djipdollende tematyske ynhâld net fereaske is foar in keunstwurk of in literêr wurk, omfiemet de oergrutte mearderheid fan sokke wurken dochs de iene of oare tematyske ynhâld, sels al is dy soms ûnbedoeld troch de keunstner of auteur. Ek hat in wurk faak mear as ien tema. De analyze fan feroarings (of ymplisite feroaring) yn 'e dynamyske skaaimerken fan in wurk kin ynsjoch skeppe yn in beskaat tema.

In (ymplisyt) tema is net itselde as in (eksplisyt) ûnderwerp fan in wurk. Yn 'e Star Wars-filmsearje, bygelyks, is it ûnderwerp: de striid fan 'e Alliânsje fan Rebellen om in ein te meitsjen oan 'e oerhearsking fan it stjerrestelsel troch it Galaktyske Ryk. De tema's dy't yn 'e filmsearje behannele wurde, binne û.o. morele dûbelsinnichheid en de tsjinstellings tusken technology en natoer. In tema is ek net itselde as in motyf: in tema is in idee dat it hiele wurk omfettet, wylst in motyf in elemint fan 'e ynhâld is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.