The Dukes of Hazzard (film)

film út 2005 fan Jay Chandrasekhar

The Dukes of Hazzard is in Amerikaanske aventoerekomeedzje en aksjekomeedzje út 2005 ûnder rezjy fan Jay Chandrasekhar, mei yn 'e haadrollen Seann William Scott en Johnny Knoxville. De titel betsjut "De Dukes fan Hazzard" (d.w.s. de leden fan 'e famylje Duke út Hazzard County), mar mei't duke it wurd foar "hartoch" is en hazard it wurd foar "gefaar", kin it ek oerset wurde as "De Hartoggen fan Gefaar". De film is basearre op 'e populêre tillefyzjesearje út 'e 1980-er jierren mei deselde namme. It ferhaal folget de neven Bo en Luke Duke, harren nicht Daisy en harren omke Jesse as se sjen moatte foar te kommen dat de korrupte countykommissaris baas Hogg en syn trewant sheriff Rosco P. Coltrane de hiele county nei gychem helpe. Fan 'e filmkritisy krige The Dukes of Hazzard oer it algemien negative resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel ridlik súksesfol. Yn 2007 waard der in prequel makke, The Dukes of Hazzard: The Beginning, dy't direkt-op-fideo útbrocht waard.

The Dukes of Hazzard
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jay Chandrasekhar
produsint Bill Gerber
senario John O'Brien
basearre op The Dukes of Hazzard
   fan Gy Waldron
kamerarezjy Lawrence Sher
muzyk Nathar Barr
filmstudio Village Roadshow Pictures
Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Seann William Scott
Johnny Knoxville
voice-over Junior Brown
byrollen Jessica Simpson
Burt Reynolds
Willie Nelson
M.C. Gainey
David Koechner
Michael Weston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 augustus 2005
foarm langspylfilm
sjenre aventoerekomeedzje en
   aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $111,1 miljoen
filmsearje
filmsearje The Dukes of Hazzard
● folgjend diel The Dukes of Hazzard: The
   Beginning

De neven Bo en Luke Duke, út Hazzard County yn 'e Amerikaanske steat Georgia, fertsjinje de kost mei it smokkeljen fan moonshine (oftewol yllegaal stookte alkohol), dat produsearre wurdt troch harren omke Jesse. Se ferfiere it spul yn in oranjekleurige Dodge Charger út 1969, dy't de jonges de namme General Lee jûn hawwe, nei de Konfederearre generaal Robert E. Lee. Bo en Luke lizze it oan ien wei troch oan mei kreaze fammen, wat harren gauris min bekomt as se breinroere heiten of bruorren efter har oan krije. Boppedat binne se oanhâldend deilis mei de net al te snuggere pleatslike sheriff Rosco P. Coltrane, dy't se allegeduerigen te fluch ôf binne. Dat is al jierren sa en it is suver tradysje wurden.

Yn 'e oanrin nei de jierlikse edysje fan 'e pleatslike autorally, dy't Bo mei de General Lee al fjouwer kear op rige wûn hat, eskalearret de sitewaasje lykwols sûnder warskôging. Sheriff Coltrane docht hûssiking by de Dukes, mar om't de stokerij fan omke Jesse te goed ferburgen is, plantet er dêr gereid foar it stoken fan alkohol dat er sels meibrocht hat. It docht bliken dat de troch- en trochkorrupte countykommissaris fan Hazzard derefter sit: Jefferson Davis Hogg, better bekend as baas Hogg. Dyselde ûnteigenet it boerespultsje fan 'e Dukes daliks en set de Dukes op 'e strjitte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Omke Jesse, de neven en harren tsjeppe nicht Daisy Duke, dy't as servearster yn 'e pleatslike kroech wurket, lûke tydlik yn by harren buorfrou Pauline, dy't in eachje hat op omke Jesse. Fan har fernimme de Dukes dat harres net it iennichste boerespultsje is dat Rosco en Hogg ûnteigene hawwe. Bo en Luke geane op ûndersyk út, treffe in bewekke boukeet oan, brekke yn en stelle de brânkast dy't se dêr oantreffe. Nei't se dy iepenbrutsen hawwe mei de help fan 'e geastlike steurde angelderswinkelman Sheev, ûntdekke se dat Hogg dêryn geologyske boarmeunsters bewarret.

Underwilens risselwearret sheriff Coltrane om 'e General Lee yn beslach te nimmen as "bewiismateriaal". De auto is earder by in efterfolging troch de lulke buorman Bill Pullman (nei't er Luke mei syn dochter Laurie trappearre hie) swier skansearre rekke en stiet sadwaande op dat stuit yn 'e pleatslike garaazje fan Cooter Davenport. Dy ropt de help fan in stikmannich fan syn maten yn om 'e sheriff foar te wêzen. Mei feriene krêften bouwe de monteurs de General Lee yn ien nacht om ta rally-auto, kompleet mei nije fervelaach (mei de Konfederearre flagge op it dak) en in nije klakson.

Bo en Luke helje de General Lee op en binne Coltrane wer te fluch ôf, wêrnei't se nei Atlanta, de haadstêd fan Georgia, ride. Dêr studearret Katie-Lynn Johnson, in famke út Hazzard dêr't Bo al jierren smoarfereale op is, oan 'e universiteit. Mei de help fan har en har Australyske keamergenoate Annette witte de neven it laboratoarium fan 'e fakulteit geology binnen te kringen, dêr't se oan 'e weet komme dat it boarmeunster ien en al stienkoal befettet. Se krije foar it ferstân dat baas Hogg ûntdutsen hat dat Hazzard County op in grutte laach stienkoal leit, en dat er fan doel is om op harren lân en dat fan harren buorlju in iepen myn oan te lizzen, dy't it lânskip fan 'e hiele county foargoed ferrinnewearje sil.

Bo en Duke binne wisberet om baas Hogg te dwerseidzjen, mar it docht bliken dat Hogg en Coltrane in arrestaasjebefel tsjin 'e neven útfurdige hawwe, sadat se earst de kampusplysje en letter it Atlanta Police Department efter harren oan krije. De beide neven wurde klemriden en arrestearre, wêrnei't se yn 'e pleatslike sel ferdwine. Dy jûns komt baas Hogg del om syn oerwinning yn te wriuwen, wêrby't er harren fertelt dat er de jierlikse autorally sa pland hat dat dy persiis gearfalt mei de harksitting dy't er wetlik hâlde moat om himsels in fergunning foar it begjinnen fan in iepen stienkoalmyn te ferlienen. Hy hat de ferneamde autokoereur Billy Prickett betelle om oan 'e rally mei te dwaan, sadat nimmen de harksitting opmerke sil en der net ien wêzen sil dy't beswier oantekenet.

De oare dei is de deis fan 'e rally en de harksitting. Bo en Luke wurde troch in pear plysjes út Atlanta ôffierd nei in tichthûs earnewêr oars yn 'e steat, mar ûnderweis litte de plysjes har ôfliede troch in tsjeppe jonge frou (Daisy) dy't mei autopech oan 'e kant fan 'e dyk stiet. Wylst de beide plysjes inoar de loef besykje ôf te stekken om yndruk op har te meitsjen, wurde Bo en Luke befrijd troch Katie-Lynn en Annette, wêrnei't se ûntkomme yn 'e General Lee. Efterfolge troch auto's fan it Atlanta Police Department, de Steatspatrûlje fan Georgia en oare plysjekorpsen sette Bo, Luke, Katie-Lynn en Annette dat út nei Hazzard. Der ûntstiet in probleem as útkomt dat Luke efter de rêch fan Bo om al jierren in relaasje ûnderhâldt mei Katie-Lynn, it famke dêr't Bo sa fereale op is. Mar nei't Bo, dy't efter it stjoer sit, eltsenien de stupen op it liif jage hat mei syn riidstyl, biedt Luke syn ûntskuldigings oan en prate de neven it skeel út.

Werom yn Hazzard freegje Bo en Luke Billy Prickett om help, om't Hazzard úteinlik ek syn berteplak is, mar it docht bliken dat Prickett him skammet foar syn plattelânske komôf en dat de county om him net gau genôch yn in stienkoalmyn feroare wurde kin. Underwilens ferklaait Daisy har yn in bikiny om 'e helpsheriff Enos Strate, dy't fereale op har is, út te kloarkjen oer wêr't baas Hogg en sheriff Coltrane har ophâlde. It is foar har in kâld keunstke om fan him gewaar te wurden dat dy op 'e pleats fan 'e Dukes binne, dêr't se omke Jesse en buorfrou Pauline finzen hâlde. Wat sy lykwols net wit, om't Enos dat net wit, is dat it in mûklaach is om Bo en Luke op te pakken.

De beide neven litte har lykwols sa maklik net bedrage; ynstee lokje se alle helpsheriffs en steatsplysjes dy't harren by de pleats opwachtsje mei, wylst Daisy en Cooter de eigentlike befrijing fan omke Jesse en Pauline útfiere. Underwilens geane Katie-Lynn en Annette mei Sheev nei de rally om te besykjen en krij de ynwenners fan Hazzard safier dat se har ynstee nei de harksitting bejouwe. Om't de paranoïde Sheev it lykwols foar de moade hat om oan 'e rinnende bân gearspanningsteoryen op 't aljemint te bringen, leaut net ien harren as se it plan fan baas Hogg út 'e doeken dogge.

Bo jaget mei de General Lee mei in sturt fan efterfolgjende plysje-auto's nei de start fan 'e rally ta, wylst Luke en omke Jesse de wite slide fan baas Hogg stelle en efter de plysjes oan geane. Omke Jesse foarmet syn flessen eigenstookte alkohol om ta molotovcocktails, dêr't er de plysje-auto's mei ûnklear makket. Dat stelt Bo by steat om Billy Prickett te ferslaan en foar de fyfde kear efterinoar kampioen te wurden. As Bo en Luke de gearklofte mannichte tasprekke, krije de lju einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat Sheev diskear de wierheid spriek, dat eltsenien set mei tûzen hasten ôf nei it pleatslike gerjochtsgebou, dêr't de stelde tiid foar de harksitting dan sa stadichoan hast om is. Baas Hogg lit de tagongsdyk tichtsette mei plysje-auto's, mar Cooter en Daisy soargje derfoar dat de General Lee oer de barrikade springe kin, en Luke riidt de auto fan baas Hogg rjocht op 'e barrikade yn, dêr't er trochhinne batst. Sa arrivearje alle doarpsbewenners krekt foar't de tiid om is yn it gerjochtsgebou, dêr't se allegearre beswier meitsje tsjin 'e fergunning. De rjochter beslút dêrop de fergunning yn te lûken.

As baas Hogg arrivearret mei de plysje om Bo en Luke op te pakken, makket Daisy fan 'e gelegenheid gebrûk om gûverneur James T. Applewhite fan Georgia, dy't troch baas Hogg útnûge wie foar de rally, te freegjen om 'e beide neven amnesty te ferlienen. Likemin as oare manlju kin de gûverneur har skientme wjerstean, dat ta argewaasje fan baas Hogg foldocht er oan dat fersyk. Dêrop freget omke Jesse ek mei-iens mar amnesty oan, en as de gûverneur witte wol wêrfoar, slacht Jesse baas Hogg knock-out. Neitiid wurdt der feest fierd yn Hazzard, wêrby't omke Jesse de muzyk fersoarget. Bo en Luke binne ûnderwilens mei Katie-Lynn en Annette útpykt yn 'e General Lee. Se sette de auto earne yn in fjild mei stynske weet del en dêrnei giet Luke mei Katie-Lynn op 'e efterbank, wylst Bo foar yn 'e auto mei Annette frijt. It leafdesspul wurdt lykwols rou fersteurt as Luke syn oare faam Laurie Pullman op it toaniel ferskynt mei har heite jachtgewear en de neven har halje-trawalje út 'e fuotten meitsje moatte.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Seann William Scott.
 
Johnny Knoxville.
 
Jessica Simpson.
haadrollen
personaazje                                    akteur/aktrise
Bo Duke Seann William Scott
Luke Duke Johnny Knoxville


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Daisy Duke Jessica Simpson
baas Hogg Burt Reynolds
omke Jesse Duke Willie Nelson
sheriff Rosco P. Coltrane M.C. Gainey
Cooter Davenport David Koechner
helpsheriff Enos Strate Michael Weston
ferteller Junior Brown
Billy Prickett James Roday Rodriguez
Katie-Lynn Johnson Nikki Griffin
Annette Jacqui Maxwell
Derek "Sheev" Sheevington Kevin Hefferman
Pauline Lynda Carter
Bill Pullman Barry Corbin
Laurie Pullman Alice Greczyn
Jimmy Pullman Steve Lemme
Dil Driscoll Michael Roof
gûverneur fan Georgia James T. Applewhite Joe Don Baker
Royce Wilson Charlie Finn
âldere blanke plysjeman yn Atlanta Danny Hanemann
jongere swarte plysjeman yn Atlanta Tobi Gadison
kampusplysjeman #1 Jay Chandrasekhar
kampusplysjeman #2 Erik Stolhanske
ferslachjouwer Rick Shakeley Paul Soter
himsels autokoereur A.J. Foyt IV

De noch libjende haadrolspilers út 'e oarspronklike tillefyzjesearje, John Schneider (Bo), Tom Wopat (Luke) en Catherine Bach (Daisy) waarden cameo's yn 'e film oanbean, mar dêr betanken se foar om't se gjin goed wurd oerhiene foar it senario.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Dukes of Hazzard waard regissearre troch Jay Chandrasekhar nei in senario fan John O'Brien. De film wie basearre op 'e tige populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, út 'e 1980-er jierren, fan tillefyzjeprodusint Gy Waldron. By it filmprojekt wie as produsint Bill Gerber belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures en Warner Bros.. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lawrence Sher, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathar Barr.

 
In plysje-auto wurdt ferfierd nei de filmset fan The Dukes of Hazzard.

De opnamen foar The Dukes of Hazzard setten op 15 novimber 2004 útein en duorren oant yn febrewaris fan 2005. De film waard foar it meastepart opnommen yn en by de plakken Clinton en French Settlement yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Sa gie de Moonlight Inn yn French Settlement yn 'e film troch foar it Boar's Nest, de kroech dêr't Daisy Duke wurket. De sênes op 'e strjitte yn Atlanta waarden eins filme yn New Orleans, ek yn Louisiana, en de sênes op 'e kampus fan 'e universiteit yn Atlanta waarden opnommen op 'e kampus fan 'e Steatsuniversiteit fan Louisiana.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Dukes of Hazzard waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 5 augustus 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Lykas faak it gefal is mei Amerikaanske films, binne der fan The Dukes of Hazzard twa ferzjes yn omrin: in sensurearre ferzje dy't yn 'e bioskoop draaid hat, en in ûnsensurearre ferzje mei mear neakenens, krêftwurden en geweld dy't op dvd útbrocht is.

Fan 'e filmkritisy krige The Dukes of Hazzard oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 1 fan 4 stjerren. Hy omskreau The Dukes of Hazzard as in "ferstânsferlamme, efterhelle banaliteit" en parte der it twadde plak oan ta fan syn ranglist fan minste films fan it jier. Syn kollega Richard Roeper neamde The Dukes of Hazzard sels de alderminste film fan 2005. Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly joech de film lykwols in 8 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "It is fansels rommel, mar wol perfekt yn byld brochte rommel: in komeedzje dy't tûk genôch is om te witten hoe dom oft er wêze moat."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Dukes of Hazzard in leech goedkarringspersintaazje fan 14%, basearre op 168 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as: "In domme, ûnnoazele en flauwe ferfilming fan in tillefyzjesearje, wêrby't de plot ienfâldichwei in ekskús is om ferskate auto-efterfolgings oaninoar te knoopjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Dukes of Hazzard in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 36 resinsjes.

 
Johnny Knoxville en Seann William Scott by de premiêre fan 'e film.

The Dukes of Hazzard brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $80,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $111,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $61,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Sjongster Jessica Simpson, dy't yn The Dukes of Hazzard har debút as aktrise makke yn 'e rol fan Daisy Duke, wûn de People's Choice Award foar favorite liet yn in film foar har cover fan it ferske These Boots Are Made for Walkin' fan Nancy Sinatra, dat diel útmakke fan 'e soundtrack. Hja wûn ek de priis foar bêste trochbraak by de Teen Choice Awards. The Dukes of Hazzard waard fierders nominearre foar twa MTV Movie Awards, foar bêste team op it wite doek (Seann William Scott, Johnny Knoxville en Jessica Simpson) en foar meast seksy optreden (Jessica Simpson). De film waard ek nominearre foar sân Golden Raspberry Awards, de 'prizen' foar de minste prestaasjes op it mêd fan film, mar 'wûn' dêr net ien fan.

Yn 2007 kaam in prequel fan The Dukes of Hazzard út ûnder de titel The Dukes of Hazzard: The Beginning. Dy film helle lykwols de bioskoop net, mar waard ynstee direkt-op-fideo útbrocht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.