Gy Waldron
Gy Waldron (folút: Gyneth Markley Waldron; Lennoxburg (Kentucky), 19??), is in Amerikaansk regisseur, tillefyzje-, film- en teäterprodusint, senarioskriuwer, publisist en romanskriuwer, dy't it bekendst wurden is mei de troch him betochte en makke tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.
Gy Waldron | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gyneth Markley Waldron | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19?? | |
berteplak | Lennoxburg (Kentucky) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | tillefyzje- & filmregisseur, teäter-, tillefyzje- & filmprodusint, senarioskriuwer | |
bekenste produksje(s) |
The Dukes of Hazzard The Billionaire Boys Club | |
jierren aktyf | 1975 – no | |
offisjele webside | ||
www.gywaldron.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeWaldron waard berne yn it plakje Lennoxburg, yn 'e steat Kentucky, sa'n 60 km súdeastlik fan 'e grutte stêd Cincinnati (yn Ohio). Mei in eftergrûn yn 'e kontraspionaazje sette er yn 1975 útein mei syn karriêre as regisseur mei de B-film Moonrunners, oer yllegale drankstokers en -smokkelders yn it Amerikaanske Suden, dy't er makke yn gearwurking mei âld-moonshiner Jerry Rushing. Op grûn dêrfan waard er yn 1977 troch de grutte Amerikaanske film- en tillefyzjestudio Warner Brothers frege om it konsept fan Moonrunners oan te passen foar tillefyzje. Dat waard de searje The Dukes of Hazzard, dy't in grut súkses waard en 7 tillefyzjeseizoenen rûn, fan 1979 oant 1985. Ek makke Waldron de spin-off-searje Enos (1980-1981), oer de ûnnoazele helpsheriff Enos Strate, mar dy berikte nea grutte populariteit en waard al nei twa seizoenen opdoekt.
Neitiid koe Waldron syn súkses mei The Dukes of Hazzard nea wer belykje. Hy wurke yn 'e twadde helte fan 'e jierren tachtich en yn 'e jierren njoggentich benammentlik as senarioskriuwer, û.m. foar de tillefyzjerige One Day at a Time en in stikmannich tillefyzjefilms. Foar syn senario fan 'e minysearje The Billionaire Boys Club, út 1987, waard er nominearre foar in Emmy Award. Under de tillefyzjefilms dy't Waldron makke, wiene ferskate Dukes of Hazzard-reünyen, en ek wied er belutsen by de remake fan 'e searje, yn 'e foarm fan in bioskoopfilm (The Dukes of Hazzard), dy't útkaam yn 2005.
Njonken syn film- en tillefyzjewurk wie Waldron ek wurksum as teäterprodusint en toanielregisseur, en as publisist fan non-fiksjeboeken oer misdie en spionaazje. Yn 2012 bejoech er him foar it earst op it mêd fan 'e fiksje en skreau er de roman Twist of Time, twa jier letter folge troch Fugue. Beide boeken binne romantyske skrillers.
Wurk
bewurkje seksje- 2012 – Twist of Time
- 2014 – Fugue
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Gy Waldron
- (in) Folsleine filmografy fan Gy Waldron yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |