Revival (toaniel)
In revival (Ingelsk foar "weroplibbing"; útspr.: [ri'va:ivəl], likernôch: "ri-vaai-vul") is yn it toaniel en teäter it op 'e nij op 'e planken bringen fan toanielstik, musical of teätershow, nei't de oarspronklike rige opfierings beëinige is. Dêrby wurdt soms nij materiaal tafoege en ek kinne der oare oanpassings makke wurde. In ferfilming fan in oarspronklik stik kin net sjoen wurde as in revival om't it gjin live-optreden is. Revivals komme fral in protte foar op Broadway.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side. |