Star Trek: Nemesis

Star Trek: Nemesis is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 ûnder rezjy fan Stuart Baird, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Jonathan Frakes en Brent Spiner. It wie de tsiende film út 'e Star Trek-filmsearje, en de fjirde (en lêste) dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Aartsfijân". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise, û.l.f. kaptein Jean-Luc Picard, as se nei it Romulaanske Stjerreryk stjoerd wurde, dêr't de nije praetor, Shinzon, fertsjintwurdigers fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten útnûge hat. It docht bliken dat Shinzon in kloan fan Picard is, dy't troch in steatsgreep oan 'e macht kommen is. Star Trek: Nemesis krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen. Omreden fan dy teloarstelling waard de Star Trek-filmsearje yn 2009 ferfette mei de reboot-film Star Trek.

Star Trek: Nemesis
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Stuart Baird
produsint Rick Berman
senario John Logan
basearre op Star Trek: The Next Generation
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Jeffrey L. Kimball
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Patrick Stewart
Jonathan Frakes
Brent Spiner
byrollen Marina Sirtis
Michael Dorn
LeVar Burton
Gates McFadden
Tom Hardy
Ron Perlman
Dina Meyer
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 desimber 2002
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $67,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek: Insurrection
● folgjend diel Star Trek (film)

Op Romulus, de thúsplaneet fan it Romulaanske Stjerreryk, debatearje de leden fan 'e Romulaanske Senaat oer de fraach oft se in oanbod fan frede en bûnsgenoatskip oannimme sille fan opstannelingelieder Shinzon. Dyselde is de lieder fan 'e Remanen, in bûtenierdsk ras fan slaven, ôfkomstich fan Remus, de buorplaneet fan Romulus. Hja wurde yn it Romulaanske Ryk ynset as mynwurkers en yn tiden fan oarloch ek as kanonnefoer. In diel fan 'e Romulaanske striidkrêften, ûnder lieding fan kaptein Suran, stipet it oanbod fan Shinzon, om't in bûnsgenoatskip mei dyselde harren by steat stelle sil om 'e langjierrige kâlde oarloch mei de Feriene Federaasje fan Planeten te beëinigjen mei in klinkende Romulaanske oerwinning. Praetor Hiren en it meastepart fan 'e senators wol lykwols neat witte fan in ta-inoarkommen mei de Remanen, dy't sy ferachtsje. Nei't it útstel ôfwiisd is en Hiren Suran te plak set en fuortstjoerd hat, ferlit de froulike senator Tal'aura de senaatskeamer en lit in mysterieus doaske efter. As dat neitiid út himsels iepengiet, blykt it in wapen te wêzen. Troch de strieling dêrfan komme Hiren en de oare senators binnen in heale minút om as harren lichems ienfâldichwei útinoar falle.

Underwilens fiert de bemanning fan 'e USS Enterprise-E, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, op 'e Ierde de brulloft fan earste ofsier William T. Riker en adviseur Deanna Troi. Mei't Troi heal Bêtazoïdysk is, sil de brulloft neitiid nochris oerdien wurde op har thúsplaneet Bêtazed, dêr't it gebrûklik is dat it breidspear en alle gasten by sokke seremoanjes neaken wêze sille. Sadwaande set de USS Enterprise nei de Ierdske brulloft koers nei Bêtazed. Underweis dêrhinne fangt it skip lykwols in positroanysk enerzjyspoar op, dat ôfkomstich is fan in planeet yn it Kolaraanske planetestelsel, deunby de Neutrale Sône tusken de Federaasje en it Romulaanske Stjerreryk. Kaptein Jean-Luc Picard beslút de saak te ûndersykjen, mei't positroanyske enerzjysinjalen oant no ta inkeld bekend binne fan syn ûnderhearrige, de androïde kaptein-luitenant Data. Oankommen by de planeet Kolarus III bejouwe Picard, Data en luitenant 1e klasse Worf, in Klingon, har nei it oerflak. Dêr treffe se de brokstikken fan androïde oan, dy't as twa drippen wetter op Data liket.

Nei't se oan in oanfal troch de bewenners fan 'e planeet ûntkomd en nei harren romteskip weromkeard binne, sette Data en syn freon Geordi La Forge, de masinist fan 'e Enterprise, de androïde wer yninoar. It is dúdlik dat it giet om in skepping fan Noonien Soong, deselde geniale mar healwize wittenskipper dy't ek Data makke hat. La Forge, dy't fêststelt dat dizze androïde net sa avansearre is as Data, ornearret dat it om in ier prototype gean moat. De androïde stelt himsels foar as B-4 (Before, "Foarôf"), in namme dy't dy teory liket te befêstigjen. B-4 liket de ferstanlike fermogens fan in pjut te hawwen en kin net fertelle wat er op Kolarus III die of hoe't er dêr bedarre is. Yn in besykjen om him in upgrade te jaan wurdt alles dat Data wit, kopiëarre nei de positroanyske matriks fan B-4. Dat hat lykwols gjin merkber effekt. Underwilens ûntfangt Picard fia de subromtebân nije oarders fan fise-admiraal Kathryn Janeway yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco. De Federaasje hat nammentlik in útnûging ûntfongen fan 'e nije praetor fan it Romulaanske Stjerreryk om in romteskip stjoeren foar in diplomatike misje, en de Enterprise is troch syn posysje by Kolarus it tichtstby. Janeway leit út dat Shinzon troch in steatsgreep de macht yn it Romulaanske Ryk grepen hat en dat er syn ras, de Remanen, harren frijheid jaan wol en tagelyk frede slute mei de Federaasje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't de USS Enterprise by Romulus arrivearre is, ûntdekke Picard-en-dy dat Shinzon eins in minske is, en boppedat in genetyske kloan fan Picard sels. Hy waard sa'n tweintich jier lyn makke foar in nea yn 'e praktyk brocht Romulaansk plan om Picard ûngemurken te ferfangen en sa in heechpleatste spion binnen de Federaasje te krijen. Doe't dat plan ôftanke waard om't der in nij regear oan 'e macht kaam, waard Shinzon, doe noch in bern, nei de dilitiumminen op Remus stjoerd om himsels dêr as slaaf dea te wurkjen. Troch syn natuerlik liederskip en de beskerming en trou fan syn mei telepatysk talint bejeftige Remaanske ûnderkening wist er him nei mear as tsien jier lykwols op te werpen as foaroanman fan 'e Remanen. Dy kamen ûnder syn lieding yn opstân en bouden in swierbewapene romteskip, de Scimitar, dat beskikt oer in mysterieus wapen. La Forge ûntdekt dat de Scimitar lege nivo's fan talaronstrieling útstjit, dat frijwol fuortendaliks deadlik is foar alle foarmen fan libben. It docht bliken dat talaronstrieling it wapen is dat Shinzon brûkt hat om 'e Romulaanske Senaat ôf te slachtsjen.

Wylst Shinzon Picard útnûget om op Romulus mei him te dinearjen en sa better mei him yn 'e kunde te kommen, wurdt de skipskompjûter fan 'e USS Enterprise hackt, wêrby't û.m. de hjoeddeistige posysje fan elts romteskip fan 'e Stjerrefloat bútmakke wurdt. As Data en La Forge nei dat foarfal ûndersyk dogge, komme se ta de konkúzje dat B-4 de hack útfierd hat. Se ûntdekke dat de androïde troch Shinzon-en-dy programmearre is om 'e ynformaasje te stellen. Dat moat betsjutte dat Shinzon dejinge is dy't B-4 op Kolarus III efterlitten hat om Picard nei de Neutrale Sône te lokjen, sadat de Enterprise it skip wêze soe dat troch de Stjerrefloat nei Romulus ta stjoerd wurde soe nei't Shinzon syn útnûging dien hie. Shinzon lit syn wiere aard blike as er mei help fan 'e telepatyske fermogens fan syn ûnderkening in seksuele oantaasting fan Deanna Troi simulearret. Skipsdokter Beverly Crusher ûntdekt dat Shinzon oerfluch ferâlderet om't by it kloanen fan him gebrûk makke is fan RNA ynstee fan DNA. Hy sil mei koarten komme te ferstjerren, en it iennichste dat him rêde kin is in transfúzje mei it DNA fan Picard.

Shinzon ûntfiert Picard en B-4 fan 'e USS Enterprise troch harren oer te strieljen nei de Scimitar. As er dêr risselwearret foar de DNA-transfúzje, docht lykwols bliken dat Data en La Forge Data sels omwiksele hawwe foar B-4. De ynformaasje dy't Shinzon út it ûnthâld fan 'B-4' oerladen hat, is sadwaande misliedende ûnsin dêr't er neat wizer fan wurde sil. Data befrijt Picard en tegearre ûntsnappe se fan 'e Scimitar. Sadree't se wer oan board fan 'e Enterprise binne, jout Riker befel om fan rutens te spyljen en set it skip mei maksimale faasje ôf werom nei de Federaasje. Picard en Data hawwe no genôch fan Shinzon syn bedoelings heart en fan syn skip sjoen om foar it ferstân te krijen dat er fan doel is om 'e Federaasje binnen te fallen en alle libben op 'e Ierde út te rûgjen troch it gebrûk fan syn talaronstrielingswapen. Underwilens is de Romulaanske kaptein-luitenant Donatra ta deselde konklúzje kommen. Hoewol't sy troch Shinzon stjoerd is om in eachje op kaptein Suran te hâlden, dy't er net fertrout, is sy dejinge dy't Suran bepraat om it tsjin Shinzon yn 'e kant te setten, mei't se net mandélich wêze wol oan genoside.

Om werom te kommen yn it domein fan 'e Federaasje moat de USS Enterprise yn 'e Neutrale Sône troch de Bassenkleau, in regio fan 'e romte dêr't de strieling dy't ferskate stjerren útstjitte, kommunikaasje oer de subromtebân mei de rest fan it hielal ûnmooglik makket. Dêr wurdt it skip oanfallen troch de Scimitar, dy't gebrûk makket fan Romulaanske kamûflaazjetechnology om ûnsichtber te bliuwen foar de bemanning fan 'e Enterprise. Kaptein-luitenant Donatra komt de Enterprise mei twa Romulaanske romteskippen te help, en trijeresom witte se in beskate skea oan 'e Scimitar ta te bringen. Dêrfoaroer wit de Scimitar lykwols ien Romulaansk skip te ferneatigjen, wylst it skip fan Donatra alle wapens en oandriuwing kwytrekket en de Enterprise swiere averij oprint. Yn uterste need brûkt Deanna Troi har telepatyske fermogens om 'e Remaanske ûnderkening werom te finen; mei't dy him oan board fan 'e Scimitar befynt, kin se dêrtroch ek de posysje fan it ûnsichtbere romteskip bepale. Op dy wize wit de Enterprise it fijannige skip ek swiere skea ta te bringen, mar it slagget net om 'e Scimitar ta stilstân te bringen.

Shinzon lit de Enterprise interje troch syn ûnderkening oan it haad fan in detasjemint Remanen, mei as doel om Picard te ûntfieren, dy't er ommers libben nedich is foar de DNA-transfúzje. De Remanen komme lykwols om, en de ûnderkening wurdt troch Riker persoanlik te pletter smiten. Om't er beseft dat de Scimitar tsjin eltse priis tsjinkeard wurde moat, oarderet Picard de Enterprise om it fijannige skip te ramen. Beide skippen rinne troch de botsing swiere skea op en alle konvinsjonele wapens fan 'e Scimitar wurde útskeakele. Shinzon jout dêrop befel om it talaronstrielingswapen tsjin 'e Enterprise yn te setten. It duorret sân minuten om dêrfoar te risselwearjen. Yn dy tiid lit Picard himsels nei de Scimitar ta striele, dêr't er de brêge fan it skip ynkringt en mei Shinzon fjochtet oant er dyselde úteinlik speetst op in metalen skoarre.

Underwilens binne oan board fan 'e Enterprise de transporters útfallen nei't Picard ôfset is. Om't oerstrieljen dus ûnmooglik is, springt Data (dy't as androïde gjin ferlet hat fan lucht) troch de iepen romte fan it iene nei it oare skip. Hy arrivearret op 'e brêge fan 'e Scimitar fuort nei't Picard Shinzon deade hat. It talaronstrielingswapen stiet op it punt om op 'e Enterprise te fjurjen. Data hellet in minuskule draachbere ienpersoanstransporter foar it ljocht, dy't La Forge him earder jûn hie doe't se him omwikselen foar B-4, spjeldet dy Picard op it boarst en aktivearret him ear't Picard wat dwaan of sizze kin. Nei't Picard op dy wize fuortstriele is nei de Enterprise, lûkt Data syn laserwapen en fjurret dat ôf op 'e talaronstrielingsgenerator, mei as gefolch dat de Scimitar ûntploft en yn stikjes en brokjes útinoar spat. Wylst de bemanning fan 'e Enterprise rouwet om it ferlies fan Data, nimt kaptein-luitenant Donatra kontakt mei it skip op om utering te jaan oan har tankberens en help oan te bieden by de fersoarging fan 'e ferwûnen.

Werom by de Ierde leit de USS Enterprise-E yn in romtedok om it skip te reparearjen. Picard nimt dêr ôfskied fan 'e einlings en te'n lêsten ta kaptein befoardere Riker, dy't mei in eigen skip, de USS Titan, ôfsette sil nei Romulaanske Neutrale Sône om dêr fredesûnderhannelings mei it Romulaanske Stjerreryk te begjinnen. Picard besiket neitiid B-4 oan it ferstân te krijen wat der bard is mei Data en wat Data foar him betsjut hat, mar de androïde begrypt it net. As de kaptein it opjout, begjint B-4 lykwols sêftkes it liet Blue Skies fan Irving Berlin te sjongen, itselde ferske dat Data op 'e brulloft foar Riker en Troi songen hat. It giet mei hoarten en stjitten, en Picard moat him helpe de juste wurden te finen, mar de kaptein wurdt dêrtroch bewissige dat B-4 it fermogen hat om meitiid krekt like heechûntwikkele te wurden as syn omkommen freon.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
sir Patrick Stewart.
 
Brent Spiner.
 
Tom Hardy.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Jean-Luc Picard sir Patrick Stewart
kaptein-luitenant William T. Riker Jonathan Frakes
luitenant 1e klasse Data Brent Spiner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein-luitenant adviseur Deanna Troi Marina Sirtis
luitenant 1e klasse Worf Michael Dorn
luitenant 1e klasse Geordi La Forge LeVar Burton
kaptein-luitenant dokter Beverly Crusher Gates McFadden
praetor Shinzon Tom Hardy
de Remaanske ûnderkening Ron Perlman
kaptein-luitenant Donatra Dina Meyer
fise-admiraal Kathryn Janeway Kate Mulgrew (cameo)
senator Tal'aura Shannon Cochran
praetor Hiren Alan Dale
kaptein Suran Jude Ciccolella
Romulaanske senator John Berg
Wesley Crusher Wil Wheaton (cameo)
Guinan Whoopi Goldberg (cameo)
stim fan 'e skipskompjûter fan 'e USS Enterprise Majel Barrett
stim fan 'e skipskompjûter fan 'e Scimitar Stuart Baird
Kelly Bryan Singer

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Star Trek: Nemesis wie de tsiende film út 'e Star Trek-filmrige en de fjirde en lêste dy't op basis fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation makke waard (de earste seis films wiene makke op basis fan Star Trek: The Original Series). Star Trek: Nemesis waard regissearre troch Stuart Baird, dy't earder û.m. de aksjefilm U.S. Marshals makke hie. Hy wie troch produsint Rick Berman útkeazen as regisseur, hoewol't akteur Jonathan Frakes, dy't de rol fan William T. Riker spile, de rezjy fierd hie oer de foargeande beide Star Trek-films. Der wie lykwols gjin wrok op 'e filmset, mei't Frakes op dat stuit njonken syn aktearjen yn Star Trek: Nemesis as regisseur dwaande wie mei Clockstoppers, en it dus net oan tiid hân hie om Nemesis te regissearjen, sels al hied er dêrfoar frege wurden.

Baird wurke nei in senario fan John Logan op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch Logan, Berman en akteur Brent Spiner. Filmstudio Paramount Pictures stelde foar Star Trek: Nemesis in budget beskikber dat $60 miljoen bedroech. De kamerarezjy waard fierd troch Jeffrey L. Kimball, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Jerry Goldsmith. De opnamen fan Star Trek: Nemesis setten útein yn novimber 2001 en duorren oant yn maart 2002.

De cast fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation wie foar Star Trek: Nemesis op 'e nij fan 'e partij. It soe de earste film west hawwe wêryn't ek it personaazje fan Wesley Crusher (spile troch Wil Wheaton) te sjen wie, mar dy syn sênes waarden hast hielendal fuortknipt, útsein ien tekstleaze ferskining op 'e brulloft fan Riker en Troi. Dêrby sit Wesley lykwols hielendal oan 'e útein fan 'e tafel, sadat er inkeld sichtber is yn cinemascopefertoanings mei uterst breedbyld. Whoopi Goldberg is yn 'e film te sjen yn in tekstleaze cameo as Guinan, ek op 'e brulloft, wylst Kate Mulgrew in reprize joech fan har rol fan Kathryn Janeway út 'e searje Star Trek: Voyager, dy't kaptein Picard syn oarders jout om nei Romulus ta.

 
Kameraman Glenn Cote en akteur Brent Spiner (as Data) op 'e set fan Star Trek: Nemesis.

Yn 'e rol fan 'e wichtichste antagonist, Shinzon, waard de jonge, frij ûnbekende akteur Tom Hardy cast. Regisseur Baird en produsint Berman sochten foar dy rol immen dy't op Patrick Stewart liek, mar sa'n 25 jier jonger wie. Se namen Jude Law yn omtinken, mar doe't Hardy audysje die, waard him de rol jûn. De Remaanske ûnderkening, de assistint fan Shinzon, waard spile troch in ûnwerkenber schminkte Ron Perlman, dy't op 'e set goed befreone rekke mei Hardy.

Fuortknipte sênes

bewurkje seksje

Neffens produsint Rick Berman soe der foar likernôch 50 minuten mear byldmateriaal filme wêze as dat foar de úteinlike film brûkt waard (hoewol't dat net allegear brûkber west hie sels as de regisseur en filmeditor it brûke wollen hiene). It meastepart fan dy sênes bestie út ferdjipping fan 'e ûnderlinge relaasjes tusken de bemanningsleden fan 'e USS Enterprise. Regisseur Stuart Baird besleat de fêste cast fan Star Trek: The Next Generation minder byldtiid te jaan sadat it gefjocht tusken de beide romteskippen in sintraler plak yn 'e film krije soe. Jonathan Frakes sei letter dat hy, as hy de film regissearre hie, it krekt oarsom dien hawwe soe, troch minder tiid oan Shinzon en it romtegefjocht te jaan en mear oan 'e ûnderlinge omgong fan 'e bemanningsleden fan 'e Enterprise.

Fan 'e wiske sênes waarden yn 2003 sân tafoege as bonusmateriaal op 'e dvd fan 'e film en yn 2005 fjirtjin op 'e special collector's edition-dvd. Dêrûnder wiene fral ferskate sênes oan 'e ein fan 'e film. Ien dêrfan omfettet in petear tusken kaptein Picard en Wesley Crusher, dy't no de rang fan luitenant hat en ûnder Riker op 'e USS Titan tsjinje sil. In oare sêne omfettet in petear tusken Picard en dokter Beverly Crusher oer har wurk as oplieder fan nij medysk personiel fan 'e Stjerrefloat. Yn wer in oare sêne binne Geordi La Forge en Worf de hut fan Data oan it opromjen as Data syn kat, Spot, by Worf op 'e skurte springt. Worf merkt op dat er "gjin kattepersoan" is, mar La Forge, dy't ornearret dat Spot de Klingon útkeazen hat as syn nije baaske, antwurdet: "Dan kinst dat mar better gau wurde."

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek: Nemesis waard fersoarge troch Paramount Pictures. De galapremiêre fûn op 9 desimber 2002 plak yn Mann's Chinese Theatre yn Hollywood, wêrnei't de film op 13 desimber 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 20 maaie 2003 kaam Star Trek: Nemesis út op VHS-keapfideo en dvd. In special collector's edition mei mear bonusmateriaal waard útbrocht op 4 oktober 2005. De film ferskynde op 22 septimber 2009 foar it earst op blu-ray.

Star Trek: Nemesis krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 2 fan 4 stjerren ta en skreau: "[…] litte we it ûnder eagen sjen, de benzinetank fan [Star Trek] is leech." Yn 'e San Francisco Chronicle omskreau Mick LaSalle de film as "in frijwat healwiis ferhaal dat oant op beskate hichte goedmakke wurdt troch guon geweldige special effects en troch de treflike oanwêzigens fan Patrick Stewart as Picard." Hy beklage him der lykwols oer dat "de film [Stewart] ûnwurdich" wie.

Guon leden fan 'e cast fan 'e film, yn 't bysûnder LeVar Burton (Geordi La Forge) en Marina Sirtis (Deanna Troi) lieten har neitiid yn ûnflaaikjende bewurdings út oer regisseur Stuart Baird. Hja hiene krityk op him om't er de film makke hie sûnder dat er ea ek mar ien ôflevering fan Star Trek: The Next Generation sjoen hie. Sirtis gie safier dat se Baird botwei "in idioat" neamde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: Nemesis in fier ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 157 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hat in nijsgjirrich útgongspunt en guon goede aksjesênes, mar de hiele brot fielt wat wurch oan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: Nemesis in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 29 resinsjes.

Star Trek: Nemesis brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $67,3 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dy opbringst in winst fan mar $7,3 miljoen. Mei't de marketingkosten dêr noch ôf moasten, litte de film in oansjenlik ferlies en koe sprutsen wurde fan in grutte flop. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn de film benammen konkurrinsje fan 'e jeugdfilm Harry Potter and the Chamber of Secrets, de romantyske komeedzje Maid in Manhattan, de fantasyfilm The Lord of the Rings: The Two Towers en de James Bond-film Die Another Day.

Tom Hardy, dy't de rol fan Shinzon spile, waard nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur, mar dy priis gie nei Sean Astin foar syn rol fan Samwise Gamgee yn The Lord of the Rings: The Two Towers.

Skrast ferfolch

bewurkje seksje

Wylst Star Trek: Nemesis noch yn produksje wie, wurken senarioskriuwer John Logan en akteur Brent Spiner al oan it skript foar in fyfde film dy't de filmrige oer de bemanning fan 'e USS Enterprise út Star Trek: The Next Generation ôfrûnje moatten hie. Omreden fan 'e tige teloarstellende prestaasje fan Star Trek: Nemesis waard dy ferfolchfilm lykwols skrast. Ynstee waard derfoar keazen om 'e Star Trek-franchise nij libben yn te blazen troch in reboot, sadat wer fan it begjin ôf begûn wurde koe. De earste film fan 'e rebootfilmsearje wie Star Trek, dy't yn 2009 útkaam mei in folslein nije cast.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)