Star Trek III: The Search for Spock
Star Trek III: The Search for Spock is in Amerikaanske science fiction-film út 1984 ûnder rezjy fan Leonard Nimoy, mei yn 'e haadrollen William Shatner en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Syktocht nei Spock". It ferhaal folget de bemanning fan 'e USS Enterprise by harren weromkear nei de nije wrâld Genesis dêr't se it stoflik omskot fan Spock efterlitten hawwe. It is harren nammentlik dúdlik wurden dat dokter McCoy it bewustwêzen fan Spock yn him draacht, en tegearre mei it lyk moat dat nei Spock syn thúsplaneet Vulcanus brocht wurde. Star Trek III: The Search for Spock makket diel út fan in byinoar hearrende trilogy binnen de Star Trek-filmsearje, dy't begjint mei Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) en einiget mei Star Trek IV: The Voyage Home (1986). Star Trek III: The Search for Spock krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen, mar waard as in dúdlik mindere film beskôge as it foargeande diel The Wrath of Khan.
Star Trek III: The Search for Spock | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Leonard Nimoy | |
produsint | Harve Bennett | |
senario | Harve Bennett | |
basearre op | Star Trek: The Original Series fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Charles Correll | |
muzyk | James Horner | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | William Shatner DeForest Kelley | |
byrollen | James Doohan George Takei Walter Koenig Nichelle Nichols Christopher Lloyd Robin Curtis | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 1 juny 1984 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 105 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $16 miljoen | |
opbringst | $87 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek II: The Wrath of Khan | |
● folgjend diel | Star Trek IV: The Voyage Home |
Plot
bewurkje seksjeIt romteskip de USS Enterprise keart skansearre werom nei de Ierde nei it gefjocht mei de boppeminsklike smjunt Khan Noonien Singh (sjoch: Star Trek II: The Wrath of Khan), dy't it skip besocht hat te ferneatigjen troch in eksperiminteel terrafoarmingsapparaat ôfgean te litten dat bekend stiet as Genesis. Under de sneuvele bemanningsleden is Spock, de Vulcaanske freon fan admiraal James T. Kirk, de gesachfierder fan 'e USS Enterprise. Foarôfgeande oan 'e weromkear nei de Ierde is de deakiste (eins de húl fan in torpedo) mei Spock deryn, ôfsketten op 'e frjemde nije planeet dy't troch it Genesis-apparaat skepen is, en dy't ek Genesis neamd wurdt.
As de USS Enterprise by it romtedok yn in baan om 'e Ierde arrivearre is, begjint skipsdokter Leonard McCoy him frjemd te hâlden en dragen, wêrnei't er foar syn eigen feilichheid opnommen wurdt op in psychiatryske ôfdieling. De kommandant fan 'e Stjerrefloat, admiraal Morrow, bringt in besyk oan 'e USS Enterprise en ynformearret de bemanning dat it skip net reparearre wurde sil, mei't it de bedoeling is dat it út 'e tsjinst helle en sloopt wurde sil. De bemanning kriget befel om net oer Genesis te praten, omreden fan 'e politike gefoelichheid fan it hiele ynsidint mei Khan en it terrafoarmingsapparaat.
Underwilens ûndersykje de wittenskipper David Marcus, de soan fan Kirk dy't ien fan 'e útfiners fan it Genesis-apparaat is, en de Vulcaanske luitenant Saavik oan board fan it Stjerrefloatskip de USS Grissom de nije planeet Genesis en it wielderige plantelibben dat him dêrop ûntwikkelet. As se ûnferwachts op spoaren fan dierlik libben stjitte, lit kaptein J.T. Esteban har beiden nei it oerflak fan 'e planeet strielje. Dêr ûntdekke se dat it Genesisapparaat Spock wer ta libben brocht hat yn 'e foarm fan in Vulcaansk bern, hoewol't syn geast net oanwêzich liket te wêzen. It docht bliken dat de planeet ynstabyl is en mei hoarten en stuiten ferâlderet. De jonge Spock liket mei de planeet ferbûn te wêzen, en ferâlderet jierren yn mar in pear oeren tiid. Marcus bekent oan Saavik dat er, om in pear hoekjes ôf te snijen, de gefaarlike, want ynstabile 'protomatearje' brûkt hat by de ûntwikkeling fan it Genesisapparaat. Hy ornearret no dat de planeet binnen in stikmannich oeren himsels like hurd ferneatigje sil as er ta wêzen kommen is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Kruge, de ambisjeuze kaptein fan in Klingon-romteskip, ûnderskept it rapport oer it Genesisapparaat en de skepping fan 'e planeet Genesis dat Kirk nei it haadkertier fan 'e Stjerrefloat ferstjoerd hat. Hy sjocht it Genesisapparaat net út in wittenskiplik perspektyf, mar beskôget it ynstee as in machtich wapen, dat er beslist hawwe wol. Hy set mei syn kamûflearre skip koers nei Genesis, dêr't er de USS Grissom ferneatiget en him mei inkele ûnderhearrigen nei de planeet strielje lit om Marcus, Saavik en de jonge Spock finzen te nimmen.
Op 'e Ierde hat Kirk ûnderwilens in besyk krigen fan Spock syn heit, de Vulcaanske ambassadeur Sarek. Dy is derfan oertsjûge dat Spock foar syn dea syn katra, of libbene geast, oan Kirk oerdroegen hawwe moat. Dat blykt net sa te wêzen, mar út bylden fan befeiligingskamera's oan board fan 'e USS Enterprise wurde Kirk en Sarek gewaar dat Spock syn katra oerdroegen hat oan dokter McCoy. Sarek drukt Kirk op it hert dat it fan it heechste belang is dat it stoflik omskot fan Spock en syn katra nei syn thúsplaneet Vulcanus brocht wurde om te rêste lein te wurden.
Kirk besiket fan admiraal Morrow tastimming te krijen om mei de USS Enterprise werom te reizgjen nei Genesis, mar dy hat neat op mei Vulcaanske mystyk en wol dêr neat fan witte. Hy warskôget Kirk dat er syn eigen karriêre stikken makket as er mei sokke flauwe kul op 'e lapen komt. Kirk glimket wat en jout him gelyk en seit dat er it oan Spock ferplichte wie om it te besykjen. Hy lit Morrow sûnder euvelmoed efter en dy sjocht dan ek raar op as Kirk mei help Scott, Sulu, Chekov en Uhura dokter McCoy befrijt en de USS Enterprise stelt. De spiksplinternije USS Excelsior wurdt efter harren oan stjoerd, mar de Stjerrefloat hat sa dom west om Scott oer te pleatsen nei de Excelsior, en troch syn sabotaazje komt dat skip dan ek net fier.
De USS Enterprise set koers nei Genesis om it stoflik omskot fan Spock te sykjen. Dêr oankommen is de USS Grissom ûnfynber, mar wol treffe Kirk-en-dy der in Klingon-romteskip oan, dêr't se mei yn in gefjocht ferwikkele reitsje. De Enterprise, dy't noch altyd de skea út it gefjocht mei Khan hat, rekket alle wapens kwyt. Kruge, dy't himsels foar it gefjocht weromstrielje litten hat nei syn skip, easket dat Kirk him oerjout, of oars sil er de trije finzenen ombringe litte dy't syn mannen op it oerflak fan 'e planeet fêsthâlde. Om Kirk witte te litten dat it him mienen is, jout er befel om ien fan 'e finzenen, lykfolwa, te deadzjen. De Klingons kieze Saavik út om te eksekutearjen, mar Marcus falt harren oan en wurdt yn har plak ombrocht.
Kirk beart dat er him oerjaan sil, en Kruge stjoert it meastepart fan 'e restearjende bemanningsleden fan syn skip om 'e USS Enterprise te interjen. Wat er net wit, is dat Kirk-en-dy harrensels al nei it oerflak fan 'e planeet striele hawwe en it selsferneatigingsmeganisme fan 'e Enterprise yn wurking steld hawwe. It romteskip ûntploft mei de Klingons oan board. Dêrop lokket Kirk Kruge nei it oerflak fan Genesis ta. Kruge lit Saavik en de ofsieren fan 'e Enterprise as finzenen nei syn skip striele. Wylst de planeet yn ierdbevings en fjoer ûndergiet, reitsje Kirk en Kruge slaande deilis. As Kruge oan 'e hannen oan 'e râne fan in klif hinget mei in rivier fan lava yn 'e djipte ûnder him, stekt Kirk him syn hân ta om him te rêden, mar Kruge besiket ynstee Kirk oan syn foet oer de râne te lûken. Dêrop hat Kirk syn nocht en wâdet de Klingon yn it gesicht oant er yn 'e djipte falt.
Neitiid jout Kirk yn it Klingon, fia it kommunikaasjeapparaat dat Kruge út 'e hân fallen is, de bemanning fan it Klingon-skip opdracht om him en Spock oan board te strieljen. Dêr oermasteret er de pear oerbleaune Klingons. Hy en de oare ofsieren fan 'e Enterprise nimme it skip yn besit en sette koerts nei Vulcanus. Dêr wurdt it libbene lichem fan Spock, dat no like âld is as er wie doe't er stoar, troch de hegepreesteresse T'Lar by in nuodlik ritueel dat fal-tor-pan hjit, gearbrocht mei de katra út it ferstân fan McCoy. It ritueel is súksesfol en de geast fan Spock wurdt weriene mei syn lichem, hoewol't syn oantinkens yn 't earstoan fragmintearre binne. As er him nei djip neitinken te binnen bringt dat Kirk "Jim" hjit en syn freon is, docht lykwols bliken dat er meitiid wer de âlde wurde sil.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
admiraal James T. Kirk | William Shatner |
dokter Leonard McCoy | DeForest Kelley |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Montgomery Scott | James Doohan |
Hikaru Sulu | George Takei |
Pavel Chekov | Walter Koenig |
luitenant Uhura | Nichelle Nichols |
Kruge | Christopher Lloyd |
luitenant Saavik | Robin Curtis |
kaptein Spock | Leonard Nimoy |
ambassadeur Sarek | Mark Lenard |
David Marcus | Merritt Butrick |
hegepreesteresse T'Lar | dame Judith Anderson |
kaptein J.T. Esteban, USS Grissom | Phillip R. Allen |
admiraal Morrow | Robert Hooks |
kaptein Styles, USS Excelsior | James B. Sikking |
1e ofsier fan 'e USS Excelsior | Miguel Ferrer |
Maltz | John Larroquette |
Valkris | Catherine Shirriff |
ofsier yn kast | Scott McGinnis |
de jonge Spock (9 jier) | Carl Steven |
de jonge Spock (13 jier) | Vadia Potenza |
de jonge Spock (17 jier) | Stephen Manley |
de jonge Spock (25 jier) | Joe W. Davis |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeNei Star Trek II: The Wrath of Khan, út 1982, in film dy't sawol by de filmkritisy as it bioskooppublyk goed yn 'e smaak foel, sette filmstudio Paramount Pictures gau-gau útein mei de preproduksje fan in trêde Star Trek-film. De nije film, Star Trek III: The Search for Spock, sette de ferhaalline troch fan it punt ôf dêr't dy yn The Wrath of Khan ophold. Leonard Nimoy, de akteur dy't de rol fan Spock fertolke, bea himsels oan as regisseur nei't dúdlik waard dat Nicholas Meyer, dy't The Wrath of Khan regissearre hie, net weromkeare soe. Studiobaas Michael Eisner, dy't troch útlittings fan Nimoy yn 'e oertsjûging ferkearde dat Nimoy in hekel oan 'e Star Trek-franchise krigen hie, fielde dêr earst neat foar, mar Nimoy wist him te bepraten.
As produsint hie Harve Bennett foar Paramount it direkte tafersjoch oer de film. Hy wie ek dejinge dy't it senario skreau, in put dy't er yn seis wiken klearre. Foar Star Trek III: The Search for Spock wie in budget fan $16 miljoen beskikber, wat justjes mear wie as foar The Wrath of Khan, mar noch altyd folle minder as foar de earste Star Trek-film, Star Trek: The Motion Picture, út 1979. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles Correll, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.
De opnamen sette op 15 augustus 1983 útein. Alle sênes op ien nei waarden opnommen yn 'e studio, ta argewaasje fan kameraregisseur Correll. Dy woe de sênes op Genesis filmje op it Hawaïaanske eilân Kauaï en dy op Vulcanus yn it Kalifornyske Steatspark Red Rock Canyon, mar dêr wie it budget te krap foar. Star Trek III: The Search for Spock wie de earste film dy't Nimoy regissearre, en hy sei letter dat er bliid wie dat syn eigen rol yn 'e film sa beheind wie, om't er de hannen mear as fol hie mei de rezjy. Yn 'e postproduksje waarden special effects tafoege troch Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Star Trek III: The Search for Spock waard fersoarge troch produksjestudio Paramount Pictures. De film gie op 1 juny 1984 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Dêr ûnderfûn Star Trek III: The Search for Spock benammen konkurrinsje fan de aventoerefilm Indiana Jones and the Temple of Doom, de fantasyfilm Gremlins en de komeedzjefilm Ghostbusters, dy't tagelyk útkamen. Star Trek III: The Search for Spock waard yn febrewaris 1985 as VHS-keapfideo útbrocht. De earste dvd-útjefte datearre fan 11 maaie 2000, en de earste blu-ray-publikaasje út maaie 2009.
Untfangst
bewurkje seksjeStar Trek III: The Search for Spock krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't it dúdlik as in mindere film sjoen waard as syn foargonger Star Trek II: The Wrath of Khan. De rezjy fan Leonard Nimoy koe lykwols rekkenje op universele lof. Richard Schickel fan it tydskrift Time priizge de film as "miskien wol it earste romte-epos dat dy beneaming yn 'e swiidste betsjutting fertsjinnet." Janet Maslin fan The New York Times en Newsweek skreau dat, hoewol't de film tebekholden waard troch de almar fierder ferâlderjende akteurs en tillefyzjetematyk, hy ferheft waard troch de tawijing wêrmei't er makke wie.
Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, neamde de film "goed, mar net geweldich". Ek wie it neffens him "in kompromis" tusken de ôfhinklikens fan special effects yn Star Trek: The Motion Picture en de karakterûntwikkeling dy't de driuwende faktor wie yn Star Trek II: The Wrath of Khan. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Trek III: The Search for Spock in frij heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 48 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 17 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeStar Trek III: The Search for Spock brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $76,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $10,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $87 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16 miljoen betsjut dat in winst fan $71 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in kommersjeel súkses, sij it yn mindere mjitte as Star Trek II: The Wrath of Khan.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Star Trek III: The Search for Spock
- (in) Ynformaasje oer Star Trek III: The Search for Spock yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |