Unthâld (psychology)

(Trochferwiisd fan Ûnthâld (psychology))

It ûnthâld (of mei in hollanistyske ynterferinsje geheugen) is it mentale fermogen fan in minske of bist om ynformaasje op te slaan, te bewarjen en letter werom te finen. Dat proses is fan krúsjaal belang om fan jins ûnderfinings leare te kinnen. Learen is it proses dat it mooglik makket om nije kennis en feardichheden op te dwaan. Sûnder in goed funksjonearjend ûnthâld is learen net mooglik. It tsjinstelde fan learen is ferjitten, wêrby't ynformaasje út it ûnthâld ferlern giet. Dat is in normaal proses dat frijwol alle minsken út en troch oerkomt. Demintens is in oandwaning dy't, benammen by âlde minsken, it ûnthâld oantaast, sadat it ferjitten ûnfoege foarmen oannimt. It minsklik ûnthâld kin yndield wurde nei tiid of doer, en nei belibbing.

Algemiene beskriuwing

bewurkje seksje

In minske kin alderhanne dingen ûnthâlde, fan teksten oant bylden, kleuren, lûden en sels geuren en gefoelens. Om wat better ûnthâlde te kinnen, makket men gauris gebrûk fan in ezelsbrechje. As men eat net ferjitte wol, leit men soms in knoop yn jins bûsdoek. Guon yndrukken wurde mar foar koarte tiid bewarre, wylst oare ympresjes jin foargoed bybliuwe. Dêr sit gjin oarder of systeem yn: eltsenien rekket it oantinken oan dingen kwyt, dy't hy of sy graach ûnthâlde wol, wylst ek eltsenien dingen foar de geast helje kin dêr't hy of sy neat oan hat. It minsklik ûnthâld is boppedat net perfekt, mei as gefolch dat men jin soms dingen tebinnenbringe kin, dy't net (of net sà) bard is. Troch oefening kin it ûnthâld ferbettere wurde.

Foarmen fan ûnthâld

bewurkje seksje

Der binne ferskillende foarmen fan it ûnthâld. Eins is der sprake fan twa ferskillende yndielings. De earste en meast bekende yndieling is basearre op it aspekt tiid of doer, dat wol sizze: hoelang't oantinkens bewarre wurde. In twadde yndieling is basearre op it aspekt belibbing, wêrby't it der om giet oft it ûnthâld eksplisyt (oftewol bewust) of ymplisyt (oftewol ûnbewust) is.

Yndieling nei tiid of doer

bewurkje seksje

De yndieling nei tiid of doer ferdielt it ûnthâld ûnder yn it sintúchlik ûnthâld, it koartetermynûnthâld en it langetermynûnthâld. It sintúchlik of sinsoarysk ûnthâld is by wize fan sprekken in ferlinging fan 'e sintugen. It is kwa doer tige beheind, en nei in pear tellen al wer fuort. Foar dit koarte ûnthâld wurdt gebrûk makke fan sawol it bewustwêzen as it ûnderbewustwêzen. In foarbyld fan dingen dy't yn it sintúchlik ûnthâld bewarre wurde, is bgl. de krekte formulearring fan eat dat immen oars tsjin jin seit. As in trêde persoan fuort dêrnei freget wat der sein is, kin men dat wurd foar wurd werhelje, mar as der in minút letter nei frege wurdt, sil men inkeld noch witte wat it boadskip wie, mar net mear de presize bewurding. De auditive fariant of it klankspoar fan it sintúchlik ûnthâld hjit it echoysk ûnthâld; de fisuële fariant of it byldspoar hjit it ikoanysk ûnthâld.

It koartetermynûnthâld is it ûnthâld foar ynformaasje dy't op in beskaat stuit en koarte tiid dêrnei ûntholden wurdt. It hat in frij lytse kapasiteit. In goed foarbyld is it ûnthâlden fan in (net al te grut) boadskippelistke. As men yn 'e winkel komt, wit men dat noch, mar twa dagen letter is it inkeld noch te rekonstruëarjen út oare dingen, lykas: wat hie ik fan 'e wike nedich? Of: wat wit ik dat no yn 'e kuolkast leit? Soms wurdt foar it koartetermynûnthâld ek de term 'wurkûnthâld' brûkt. Mei it koartetermynûnthâld is it mooglik om in listke fan likernôch sân items te ûnthâlden. Dat is lykwols út te wreidzjen as men items oaninoar keppelje kin yn in proses dat chunking neamd wurdt. Dan kin men op syn heechst tolve oant trettjin items ûnthâlde. Foar in boadskippelistke wurket dat bgl. troch as ien item 'suvel' te nimmen, wêrnei't men wer wit dat men bgl. molke, bûter en yochert ha moat. It is ek mooglik om foar chunking ezelsbrechjes yn te setten.

It langetermynûnthâld is it ûnthâld foar ynformaasje dy't permanint yn 'e harsens opslein is, mar dy't net altyd bewust ûnderfûn wurdt. Dat ûnthâld hat in tige grutte kapasiteit. Ek kennis en feardichheden wurdt ta it langetermynûnthâld rekkene. Dêrby wurde trije prosessen ûnderskaat:

  • opslaan
As de ynformaasje yn it koartetermynûnthâld mar lang genôch bewarre wurdt of faak genôch werhelle wurdt, bringt it ûnthâld sokke ynformaasje automatysk oer nei it langetermynûnthâld. Dat proses wurdt oantsjut as konsolidaasje. De foarm dêr't de ynformaasje yn opslein wurdt, hjit yn 'e psychology 'kennis' of 'represintaasje'.
  • bewarjen
Ynformaasje dy't yn it langetermynûnthâld opslein is, bliuwt tige lang bewarre. It kin lykwols wol ferdizenje, benammen as it lange tiid net brûkt wurdt, mei as gefolch dat de ynformaasje dreger tagonklik wurdt (men kin it jin minder goed mear tebinnenbringe). Ferjitten is it proses dat makket dat ynformaasje út it langetermynûnthâld hielendal ferlern giet, of alteast net mear weromfûn wurde kin. Ek kin âlde kennis 'oerskreaun' wurde troch nije kennis. Dat lêste ferskynsel wurdt ynterferinsje neamd. By de harsensoandwaning demintens wurdt nije ynformaasje net mear fan it koartetermynûnthâld nei it langetermynûnthâld oerbrocht, wylst fan âlds automatisearre hannelings en lang lyn opnommen ynformaasje noch wol beskikber bliuwe.
  • oproppen
Ynformaasje dy't yn it langetermynûnthâld opslein is, moat ek wer oproppen of opsocht wurde kinne, oars hat men der neat oan. Yn 'e psychology wurdt dat oproppen ornaris betitele mei de Ingelske term retrieval. By it oproppen fan âlde ynformaasje út it ûnthâld kin men beskate helpmiddels of cues brûke. De oanwêzige ynformaasje wurdt by it oproppen wer aktualisearre, hoewol meastal net yn persiis de oarspronklike foarm, mei't it ûnthâld no ienris net perfekt is en der altyd ûngerjochtichheidsjes yn slûpe. It oproppen fan ynformaasje út it langetermynûnthâld hjit 'jin wat tebinnenbringe', of mei in hollanistyske ynterferinsje 'jin wat herinnerje'. De oproppen ynformaasje sels is in 'oantinken' of in 'herinnering'.

Yndieling nei belibbing

bewurkje seksje

It langetermynûnthâld kin fierder ferdield wurde nei belibbing. Ynformaasje dy't opslein is yn it deklaratyf ûnthâld is eksplisyt oanwêzich. Dat wol sizze dat men sokke ynformaasje (bylden, feiten, gefoelens, ensfh.) oproppe kin yn jins bewustwêzen. It deklaratyf ûnthâld hat twa ûnderfoarmen:

Ynformaasje dy't opslein is yn it net-deklaratyf ûnthâld is ymplisyt oanwêzich. Dat betsjut dat men jin der net bewust fan is dat men oer dy ynformaasje beskikt. It net-deklaratyf ûnthâld hat fiif ûnderfoarmen:

It is wittenskiplik oantoand dat yn 'e harsens aparte gebieten en sirkwys besteane foar de foarming fan it deklaratyf en it net-deklaratyf langetermynûnthâld.

Emosjoneel ûnthâld

bewurkje seksje

It is net wis oft der in apart emosjoneel ûnthâld bestiet, of dat emoasjes in aspekt fan it deklaratyf of it net-deklaratyf ûnthâld foarmje. By bewuste oantinkens kinne ek emosjonele yndrukken en ûnderfinings loskomme, dy't skynber in ûnderdiel foarmje fan it deklaratyf ûnthâld. Mooglik kinne foarfallen mei in emosjonele lading de opslach yn it deklaratyf ûnthâld modulearje of 'kleurje' fia in sirkwy yn 'e harsens dat rint fan 'e amygdala nei de hippokampus. Emoasjes blike by te dragen oan in bettere konsolidaasje (ferankering) fan foarfallen yn it langetermynûnthâld; mei oare wurden: dingen wêrby't men in sterke emosjonele reäksje hat, itsij posityf, itsij negatyf, wurde makliker en better ûntholden as foarfallen dy't jin kâld litte.

Emoasjes kinne lykwols ek ûnbewust opslein wurde yn in net-deklaratyf ûnthâldssysteem yn 'e harsens. By freeskondisjonearring, bgl., is der sprake fan ynfloed fan sawol de amygdala as de hippokampus. Men moat dan tinke oan in bern dat him baarnt oan fjoer; troch freeskondisjonearring sil it dêrnei foarsichtich wêze him net wer te brânen. Sokke oanlearde eangst kin in automatyske skrikreäksje fuortsterkje. Ek binne der oanwizings, bgl. yn 'e foarm fan it mere-exposure-effekt, foar it bestean fan in spesifike foarm fan in net-deklaratyf affektyf ûnthâld.

Unthâldssteurings

bewurkje seksje

In protte fan 'e hjoeddeistige kennis omtrint de wurking fan it ûnthâld is basearre op ûndersyk nei ûnthâldssteurings. Rûchwei kin dêrby in ûnderskie makke wurde tusken steurings yn it koartetermynûnthâld (it net ûnthâlde kinnen fan resinte foarfallen) en it langetermynûnthâld (it net ûnthâlde kinnen fan eardere foarfallen). Yn it lêste fefal sprekt men ek wol fan ûnthâldsferlies of amnesy. Dêr besteane ferskate foarmen fan, ôfhinklik fan it aard of it plak fan 'e steuring yn 'e harsens. Soms komme der swierrichheden foar mei it ynprintsjen fan nije ynformaasje (konsolidaasje) of mei it oproppen fan âlde ynformaasje.

Ek by normale ferâldering en yn sterkere mjitte by âlderdomssykten lykas de sykte fan Alzheimer en it syndroom fan Korsakov is der sprake fan progressyf (oanboazjend) ûnthâldsferlies. By sûne âldere minsken liket benammen it koartetermynûnthâld minder goed te funksjonearjen. Lykwols kin ek it langetermynûnthâld fan sawol âlde as jonge sûne minsken har tydlik yn 'e steek litte, lykas yn 'e gefallen wêrby't men net op in beskaat wurd of in beskate namme komme kin, wylst de sochte ynformaasje jin 'op it puntsje fan 'e tonge' leit. By it âlder wurden kin men benammen dreger nije ynformaasje yn it episoadysk ûnthâld opslaan; it prosedureel ûnthâld bliuwt lykwols frijwol yntakt.

Bysûndere foarmen fan it ûnthâld

bewurkje seksje

Bysûndere foarmen fan it ûnthâld binne it fotografysk ûnthâld en it flitsoantinken. By dy beide foarmen fan it ûnthâld soe der sprake wêze fan in soarte fan fotografysk byld dêr't alderhanne sekuere details fan in foarfal, tekst, ensfh. yn fêstlein binne. Lang net alle psychologen leauwe yn it bestean fan it fotografysk ûnthâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.