Star Trek: Beyond

Star Trek: Beyond is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 2016 ûnder rezjy fan Justin Lin, mei yn 'e haadrollen Chris Pine, Zachary Quinto en Zoe Saldana. De titel betsjut "Stjerretocht: Fierder". It is de trettjinde film út 'e Star Trek-franchise en it trêde diel fan 'e reboot-filmsearje nei Star Trek út 2009 en Star Trek: Into Darkness út 2013. De film is basearre op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, fan tillefyzjeprodusint Gene Roddenberry.

Star Trek: Beyond
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Justin Lin
produsint J.J. Abrams
Roberto Orci
Lindsey Weber
Justin Lin
senario Simon Pegg
Doug Jung
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Stephen F. Windon
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Skydance Media
Bad Robot Productions
Sneaky Shark Productions
Perfect Storm Entertainment
distribúsje Paramount Pictures (ynternasj.)
Alibaba Pictures (Sina)
spilers
haadrollen Chris Pine
Zachary Quinto
Zoe Saldana
byrollen Simon Pegg
Karl Urban
John Cho
Anton Yelchin
Sofia Boutella
Idris Elba
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 july 2016
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $185 miljoen
opbringst $343,5 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek: Into Darkness

It ferhaal, dat yn 'e trijeëntweintichste iuw spilet, folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se op in rêdingsmisje oanfallen wurde en skipbrek lije op 'e ôfhandige planeet Altamid, dêr't de ûnmeilydsume lieder fan 'e oanfallers plannen makket om in oerâld biologysk wapen yn te setten tsjin 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Star Trek: Beyond krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar hoewol't er yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol wie, litte er ferlies omreden fan 'e withoehege marketingkosten. De film wûn in Saturn Award.

Star Trek: Beyond is opdroegen oan 'e neitins fan Leonard Nimoy, de oarspronklike fertolker fan it personaazje Spock, dy't yn 2015 mei 83 jier ferstoar, en fan Anton Yelchin, de 27-jierrige spiler fan Pavel Chekov yn 'e reboot-filmsearje, dy't foar de premiêre fan 'e film omkaam by in ûngemak wêrby't er beknypt rekke tusken syn eigen auto en it stek om syn hiem hinne.

De USS Enterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, is no dwaande mei it trêde jier fan syn fiifjierrige ferkenningsmisje fan 'e Molkewei, en sawol de bemanning as kaptein James T. Kirk begjinne har wat te ferfelen no't alles rûtine wurden is. Kirk besiket frede te stiftsjen tusken de knibbelhege Teenaxi en de Fiboanyske Republyk, troch oan 'e Teenaxi in diel fan in oerâld wapen oer te langjen (mei't it stikkenbrekken fan wapens en it jaan fan 'e brokstikken mank de Fiboaniërs in teken fan freonskip is). It besyk oan 'e planeet fan 'e paranoïde Teenaxi giet lykwols net sa't Kirk hope hie, dat hy komt wer mei it relyk fan it wapen werom.

Koart dêrnei besiket de USS Enterprise de Yorktown, in ûnbidich grut romtestasjon fan 'e Federaasje, foar ferlof en werbefoarrieding. Om't er dermei wrakselet om noch de sin yn te sjen fan fierdere ferkenning, hat Kirk him oppenearre as gadingmakker foar in befoardering ta fise-admiraal, en hy riedt syn earste ofsier, de Vulcaniër Spock, oan om him op te folgjen as kaptein fan 'e USS Enterprise. Underwilens jout piloat Hikaru Sulu him by syn man en dochter, dy't oerkommen binne nei de Yorktown om him te moetsjen, en docht masinist Montgomery Scott war om it romteskip operatyf te hâlden.

Spock en de minsklike luitenant Nyota Uhura beslute op freonskiplike wize om harren romantyske relaasje ôf te brekken, mei't Spock nei de ferneatiging fan syn thúswrâld Vulcanus (sjoch: Star Trek (film)), wêrby't de Vulcaniërs op in hier nei útrûge binne, it gefoel hat dat er syn ras helpe moat troch mei in Vulcanyske frou foar neiteam te soargjen. Koart nei oankomst fan 'e USS Enterprise by de Yorktown kriget Spock berjocht fan it ferstjerren fan syn âldere sels, de Spock dy't út 'e takomst weromkeard wie (sjoch: Star Trek (film)). It nijs grypt him bot oan, en hy beslút ôf te swaaien út 'e Stjerrefloat om it wurk fan 'e âldere Spock op Nij-Vulcanus fuort te setten.

As in rêdingskapsule nei de Yorktown ta driuwt út in neie mar ûnferkende romtedize, blykt dêr ien bûtenierdsk wêzen yn te sitten, dat Kalara hjit. Hja seit dat har romteskip delstoart is op in planeet yn 'e dize, dy't Altamid hjit, en freget help foar har bemanning. De Stjerrefloat stjoert de USS Enterprise op in rêdingsmisje om 'e skipbreklingen te rêden. As de Enterprise yn 'e dize lykwols by Altamid út in asteroïdefjild komt, wurdt it skip oanfallen troch in ûnbidige swaarm fan lytse romteskipkes, dy't de oandriuwingsgondels fan 'e USS Enterprise lossnije fan 'e rest fan it skip. De lieder fan 'e swaarm, Krall, blykt út te wêzen op 'e Abronath, de namme fan it relyk dat Kirk earder om 'e nocht oan 'e Teenaxi besocht te jaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Krall en guon fan syn oanhingers interje de USS Enterprise om mei grou geweld it relyk op te spoaren, wêrby't in grut part fan 'e Stjerrefloatbemanning omkomt. It slagget Scott om 'e Enterprise genôch enerzjy te jaan om te besykjen en ûntkom, mar Krall jout opdracht om it skip útinoar te snijen. Kirk, dy't Krall ûnderwilens yn in gefjocht de Abronath ûntnadere hat, jout syn bemanning befel om it skip te ferlitten, wêrnei't de restanten fan 'e USS Enterprise delstoarte op Altamid. De measte rêdingskapsules mei bemanningsleden fan 'e Enterprise wurde ûnderskept troch de swaarm en meinommen nei Krall syn basis op it planeetoerflak. Uhura en Sulu komme dêr mei de rest fan 'e bemanning finzen te sitten.

Kirk, Kalara en navigator Pavel Chekov berikke it planeetoerflak sûnder ûnderskept te wurden, en trijeresom bejouwe se harren nei it wrak fan 'e skûtelseksje fan 'e USS Enterprise. Kirk, dy't no beseft dat hy en syn skip yn in mûklaach lokke binne, beart dat er dêr de Abronath ophelje wol, sadat Kalara harsels úteinlik ferriedt as de spionne fan Krall dy't se wier is. Om oan 'e soldaten fan Krall te ûntkommen, brûke Kirk en Chekov de maneuvrearoandriuwing om 'e skûtelseksje as in pankoek om te kearen. Dêr komme se sels op in hier nei by om, en Kalara wurdt troch it skip ferplettere.

Op in oar plak op Altamid hawwe Spock en skipsdokter Leonard McCoy tegearre it planeetoerflak witten te berikken nei't se in skip fan 'e swaarm intere en bútmakke hiene. By de needlâning is Spock lykwols slim ferwûne rekke, en McCoy moat him ûnder provisoaryske omstannichheden operearje. Masinist Montgomery Scott hat ûnderwilens it planeetoerflak witten te berikken yn 'e húl fan in torpedo. Dêr oankommen, moetet er de bûtenierdske Jaylah, in jonge frou dy't as famke út 'e basis fan Krall ûntkommen is en sûnt in delstoart âld romteskip ta har wente makke hat. Dat blykt de USS Franklin te wêzen, in ier ferkenningsskip fan 'e Stjerrefloat dat mear as in iuw earder fermist rekke is. Kirk en Chekov rinne yn ien fan 'e fâlen dy't Jaylah opset hat, en neitiid witte Chekov en Scott de transporter fan 'e USS Franklin oan 'e praat te krijen en sa troch teleportaasje Spock en McCoy te rêden as dy besingele reitsje en op it punt steane om troch de soldaten fan Krall finzennommen te wurden.

Underwilens is op 'e basis fan Krall dúdlik wurden dat dyselde oer technology beskikt wêrmei't er libbensenerzjy oan oare wêzens ûntlûke kin oant se it bestjerre, om dêrmei syn eigen libben te ferlingjen. As er driget dat mei Sulu te dwaan, langet faandrich Syl, oan wa't Kirk de Abronath yn bewarring jûn hie, it relyk oan him oer. It blykt in diel fan in oerâld biologysk wapen te wêzen, dat libbene wêzens alhiel desyntegrearret. Krall demonstrearret oan Uhura hoe't dat wurket troch Syl as foarbyld te brûken. Hy is fan doel om mei it wapen de miljoenen bewenners fan it Yorktown-romtestasjon út te rûgjen, wêrnei't er dat as basis brûke sil foar fierdere oanfallen op 'e Federaasje. Wylst Krall mei it wapen en de swaarm ôfset nei de Yorktown, witte Spock en McCoy, mei krúsjale help fan Jailah, de finzennommen bemanningsleden fan 'e USS Enterprise te befrijen wylst Kirk op spektakulêre wize de bewekkers ôfliedt.

Mei't Scott en Chekov yn 'e tuskentiid de oandriuwing fan 'e USS Franklin wer oan 'e praat krigen hawwe, kin de bemanning fan 'e Enterprise yn it antike romteskip de efterfolging op Krall en syn swaarm ynsette. Kirk-en-dy riddenearje dat de swaarm syn bewegings koördinearje moat fia radiosinjalen. Spock en McCoy wurde oerstriele nei ien fan 'e skipkes fan 'e swaarm, dat se kape nei't se de bemanning oerweldige hawwe. Sa kinne se de radiofrekwinsje fan 'e swaarm gewaarwurde, dy't dêrnei fan 'e USS Franklin ôf steurd wurdt troch de útstjoering fan lûde muzyk, in prosedee dat letter oernommen wurdt troch de bemanning fan 'e Yorktown. Om't harren bewegings dêrtroch net mear koördinearre wurde kinne, komme de skipkes fan 'e swaarm ûnophâldlik mei-inoar yn botsing, wêrby't it meastepart fan 'e swaarm ferneatige wurdt.

Krall wit lykwols mei trije oerlibjende skipkes de reuseftige Yorktown binnen te kringen, efterfolge troch it skipke mei Spock en McCoy en de USS Franklin. De efterfolging einiget as Kirk de skipkes fan Krall de pas wit ôf snijen. Fuort by it haadkertier fan 'e Yorktown ferskynt de USS Franklin ûnferwachts yn it fleanpaad fan Krall-en-dy, sadat dy harren tsjin it âlde romteskip tepletter fleane. Krall oerlibbet dat lykwols, en yn in stellen militêr unifoarm fan 'e Stjerrefloat bejout er him mei syn wapen ûnder de befolking fan it romtestasjon.

Underwilens ûntdekt Uhura dat Krall eins nimmen oars is as Balthazar Edison, de eardere kaptein fan 'e USS Franklin. Hy wie in minsklik soldaat dy't it ûniens wie mei de prinsipes fan freedsume koëksistinsje en gearwurking mei eardere fijannen dy't de basis foar de Feriene Federaasje fan Planeten foarmen. Doe't de Ierdske kriichsmacht opheft waard, krige Edison as oarlochsheld it befel oer in romteskip fan 'e Stjerrefloat tawiisd. De USS Franklin rekke lykwols fia in wjirmgat strâne op Altamid, dêr't Edison en de beide oare oerlibjende bemanningsleden (Manas en Kalara) de technology fan in lânseigen beskaving oantrof dy't de planeet lang lyn al ferlitten hie. Se learden om dêrmei harren natuerlike libbens op ûnnatuerlike wize te ferlingjen yn it neidiel fan oare wêzens. De yn stasis efterlitten wurkerklasse fan 'e lânseigen beskaving setten se yn om 'e swaarm te meitsjen. Edison rekke, sa jout it lochboek fan 'e USS Franklin oan, meitiid obsedearre troch it idee dat de Federaasje him ferret en oan syn lot oerlitten hie, en hy begûn plannen te meitsjen om 'e Federaasje ûnder fuotten te heljen, sadat wat neffens him de natuerlike steat fan 'e Molkewei wie, ien fan oanhâldende oarlochfiering tusken de ferskillende yntelliginte rassen, wer yn 'e âlde steat werombrocht wurde soe.

 
Chris Pine.
 
Zachary Quinto.
 
Zoe Saldana.
 
Anton Yelchin, dy't foàr de premiêre fan 'e film omkaam by in ûngemak.
 
Sofia Boutella.

Edison bejout him nei it sintrum fan it stasjonswide fentilaasjesysteem fan 'e Yorktown, dêr't er syn biologysk wapen aktivearje wol. Kirk efterfolget him dêrhinne, wylst Scott en Jaylah war dogge om troch de befeiligings fan it systeem hinne te brekken sadat se it út sette kinne. It slagget Edison om syn wapen te aktivearjen, mar ear't it troch it stasjon ferspraat wurde kin, smyt Kirk it út yn 'e romte, en Edison deropta, wêrnei't dyselde it slachtoffer fan syn eigen wapen wurdt. Mei harren skipke fan 'e swaarm rêde Spock en McCoy Kirk foar't er efter Edison oan de romte yn sûgd wurde kin.

Yn 'e neisleep fan alle opwining slút kommandeur Paris, de kommandant fan 'e Yorktown, formeel de noch altyd iepensteande dossiers fan kaptein Edison en syn fermiste bemanning. Kirk hat troch syn aventoer in nije kyk op 'e ferkenning fan it hielal krigen, en sjocht ôf fan in promoasje ta fise-admiraal. Spock beslút om dochs in ofsier fan 'e Stjerrefloat te bliuwen, en nei't er har op in hier nei kwytrekke is, beseft er wat Uhura foar him betsjut. Hy en sy blaze harren relaasje nij libben yn. Op oanrikkemandearring fan Kirk wurdt Jaylah fuortendaliks talitten ta de militêre akademy fan 'e Stjerrefloat. De film einiget as de oerlibbenen fan 'e bemanning fan 'e Enterprise Kirk syn jierdei fiere yn in romte dêr't se útsicht wei hawwe op it romtedok dêr't harren nije skip boud wurdt, de USS Enterprise-A.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein James T. Kirk Chris Pine
kaptein-luitenant-op-see Spock Zachary Quinto
luitenant 2e klasse Nyota Uhura Zoe Saldana


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant 1e klasse Montgomery Scott Simon Pegg
dokter Leonard McCoy Karl Urban
luitenant 2e klasse Hikaru Sulu John Cho
luitenant 3e klasse Pavel Chekov Anton Yelchin
Jaylah Sofia Boutella
Krall / kaptein Balthazar Edison Idris Elba
Manas / luitenant Anderson Le Joe Taslim
Kalara / luitenant Jessica Wolff Lydia Wilson
Keenser, assistint fan Scott Deep Roy
faandrich Syl Melissa Roxburgh
kommandeur Paris Shohreh Aghdashloo
kaptein-luitenant Finnegan (1e ofsier Yorktown) Greg Grunberg
Fi'Ja Danny Pudi
Zavanko Kim Kold
Tyvanna Anita Brown
Ben Doug Jung
Wadjet Dan Payne
lieder fan 'e Teenaxi Shea Whigham (as stimakteur)
bûtenierdske voice-over fan Kalara Sara Forsberg
bûtenierdsk Stjerrefloatofsier Jeff Bezos (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Star Trek: Beyond waard regissearre troch Justin Lin nei in senario fan Simon Pegg en Doug Jung. Lin hie earder fjouwer dielen út 'e Fast and Furious-filmsearje makke. J.J. Abrams, dy't de foargeande beide dielen fan 'e Star Trek-reboot-filmsearje (Star Trek út 2009 en Star Trek: Into Darkness út 2013) regissearre hie, kearde net werom as regisseur om't er him konsintrearje woe op 'e rezjy fan Star Wars: The Force Awakens. As produsinten wiene Abrams, Lin, Roberto Orci en Lindsey Weber by Star Trek: Beyond belutsen, foar de filmstudio's Skydance Media, Bad Robot Productions, Sneaky Shark Productions en Perfect Storm Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $185 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Stephen F. Windon, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino. De opnamen foar Star Trek: Beyond setten op 25 juny 2015 útein yn it Kanadeeske Vancouver. Der waard ek filme yn Squamish, in foarstêd fan Vancouver, en fierders yn Seoel, yn Súd-Koreä, en yn Dûbai, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. De lêste opnamedei foel op 15 oktober 2015, hoewol't der yn maart 2016 noch inkele reshoots dien waarden.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek: Beyond waard yn Noard-Amearika en it grutste part fan 'e rest fan 'e wrâld fersoarge troch Paramount Pictures, mar yn Sina (in grutte merk foar Star Trek-films) troch Alibaba Pictures. Star Trek: Beyond gie op 7 july 2016 yn it Australyske Sydney yn premiêre en iepene dêrnei op 22 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 29 july 2016 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Star Trek: Beyond kaam op 4 oktober 2016 digitaal beskikber, en waard op 1 novimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Star Trek: Beyond oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Sels mei alle filmfjoerwurk en syn spylfilmlingte liket Star Trek: Beyond wol in útwreide ferzje fan ien fan 'e bettere ôfleverings fan 'e oarspronklike searje, en dat bedoel ik op 'e bêst mooglike manear." Yn it tydskrift Forbes neamde Mark Hugues Star Trek: Beyond de op twa nei bêste Star Trek-film nei Star Trek II: The Wrath of Khan en Star Trek: First Contact. De foaroansteande filmkritikus James Berardinelli parte Star Trek: Beyond lykwols mar 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy stelde fêst: "[it] is in Star Trek-film, mar net in bot goedenien," eat dat er benammen wiet oan 'e "ynkoherinte" rezjy fan Justin Lin en it "maklik te ferjitten" senario fan Simon Pegg en Doug Jung.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: Beyond in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 279 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] set it súkses fan [Star Trek] sûnt de reboot fuort mei in epysk science fiction-aventoer dat hulde bringt oan 'e woartels fan 'e searje sûnder te besunigjen op spektakulêre aksje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: Beyond in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 50 resinsjes.

Star Trek: Beyond brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $158,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $184,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $343,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $185 miljoen betsjut dat in winst fan $158,5 miljoen, mar dêr moasten de mânske marketingkosten noch ôf, en dy bedroegen oansjenlik mear as de bruto winst. Neffens it blêd Deadline Hollywood boekte Star Trek: Beyond úteinlik in ferlies fan $50,5 miljoen. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn de film fral konkurrinsje fan 'e fantasykomeedzje Ghostbusters, de spionaazjeskriller Jason Bourne en de superheldefilm Suicide Squad.

Yn 2017 waard Star Trek: Beyond by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste fisazjy en hierstilearring (Joel Harlow en Richard Alonzo). By de Saturn Awards waard de film nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste akteur (Chris Pine) en bêste byrol fan in akteur (Zachary Quinto). Star Trek: Beyond wûn de Saturn Award foar bêste fisazjy. De film waard ek nominearre foar in Critics' Choice Award, in Empire Award, trije Kids' Choice Awards en trije Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)