Sofia Boutella (Arabysk: صوفيا بوتلة, Sufya Butelah, sekuerdere transliteraasje: Ṣufya Butelaẗ; Algiers, 3 april 1982) is in Algerynsk-Frânsk dûnseresse, model en aktrise fan etnysk Arabysk komôf. Hja is bekend wurden mei rollen yn films as Kingsman: The Secret Service, Star Trek: Beyond, The Mummy en Atomic Blonde.

Sofia Boutella
akteur
Sofia Boutella yn 2014
Sofia Boutella yn 2014
persoanlike bysûnderheden
echte namme صوفيا بوتلة, Ṣufya Butelaẗ
nasjonaliteit Algerynsk
Frânsk
berne 3 april 1982
berteplak Algiers (Algerije)
etnisiteit Algerynsk-Arabysk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
Sofia Boutella op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Boutella waard yn 1982 berne yn Bab El Oued, in wyk fan 'e Algerynske haadstêd Algiers. Har heit is de jazz-muzikant Safy Boutella, en har mem is in arsjitekte. Boutella begûn mei 5 jier oan in klassike dûnsoplieding. Yn 1992, doe't se 10 jier wie, emigrearre se mei har âlden nei Frankryk, dêr't se úteinsette mei turnjen. Mei 18 jier waard se yn 2000 lid fan it Frânske nasjonale turnteam.

Dûnskarriêre

bewurkje seksje

Yn har teenagejierren die Boutella al oan hiphopdûns en strjitdûns. Letter waard se lid fan 'e dûnsgroep Vagabond Crew, dy't yn 2006 de Battle of the Year wûn. Mei inkele oare leden fan 'e Vagabond Crew wie Boutella ek belutsen by in dûnsgroep mei de namme Chienne de Vie et Aphrodites. Fan har santjinde ôf wie Boutella yn trening by goreograaf Blanca Li. Sûnt hat se dûnse yn in ferskaat oan tillefyzjeprogramma's, reklamespotsjes en konserttoernees, sawol yn Frankryk as dêrbûten. Ek wie se te sjen yn fideoklips fan û.o. Cesária Évora (Nutridinha, 2001), Jamiroquai (Little L, 2001), de BodyRockers (I Like the Way (You Move), 2005), Madonna (û.m. Hung Up, 2005 en Sorry, 2006) en Rihanna (SOS, 2006).

Boutella har trochbraak kaam yn 2007, doe't se útkeazen waard foar in troch Jamie King goreografearre reklamespotsje foar it sportskuonmerk Nike. Neitiid waard se ek frege foar fideoklips fan û.o. Chris Brown (Wall tot Wall, 2007), Usher (Hey Daddy (Daddy's Home), 2009), Ne-Yo (Beautiful Monster, 2010 en Champagne Life, 2010), Michael Jackson (Hollywood Tonight, 2011), Take That (Get Ready for It, 2015), en Thirty Seconds to Mars (Rescue Me, 2018). Boutella die ek mei súkses audysje foar Michael Jackson syn toernee This Is It, mar koe dêr net oan meidwaan om't har toernee mei Madonna ferlinge waard en de data sadwaande oerlapen. Fierders wie Boutella yn 2010 te sjen yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske realitytillefyzjesearje Dancing with the Stars.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Njonken har wurk as dûnseresse sette Boutella ek al ier útein mei aktearjen. Datoangeande makke se yn 2002 har debút yn 'e Frânske film Le Défi. Oare rollen folgen, û.m. yn 'e tillefyzjesearje Les Cordier, Juge et Flic (2004) en yn 'e film Permis d'Aimer (2005). Yn 2006 wurke se as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm Azur et Asmar, wêryn't se in fee spile. Se fertolke de rol fan Eva yn 'e Amerikaanske dramafilm StreetDance 2 (2012), en wie te sjen as Ara yn 'e film Monsters: Dark Continent (2014).

Ien fan har bekendste en opmerklikste rollen hie Boutella yn 2014 yn 'e aksjekomeedzje en spionaazjefilm Kingsman: The Secret Service. Dêryn spile se de ûnmeilydsume moardneresse Gazelle, by wa't beide skonken amputearre binne en ferfongen troch twa fjoerskerpe swurden. In oare tige bekende rol wie Boutella har fertolking yn 2016 fan 'e bûtenierdske kriichster en skipbreklinge Jaylah yn 'e science fiction-film Star Trek: Beyond. Yn 2017 hie se as tsjinspylster fan Tom Cruise de rol fan prinsesse Ahmanet, de wichtichste smjunt, yn The Mummy, de reboot fan 'e filmsearje fan Universal mei deselde namme. Datselde jiers spile se ek de Frânske geheim aginte Delphine Lasalle yn 'e film Atomic Blonde, fan regisseur David Leitch, wêrby't har tsjinspilers û.o. Charlize Theron en John Goodman wiene.

Yn maaie 2018 spile Boutella yn 'e HBO-tillefyzjefilm Fahrenheit 451, mei as tsjinspilers Michael B. Jordan en Michael Shannon. Yn july fan datselde jier fertolke se de rol fan 'e Frânske hiermoardneresse 'Nice', yn 'e science fiction-skriller Hotel Artemis, mei û.o. Jodie Foster en Jeff Goldblum. Dêryn is Boutella amper te sjen as se as in pylk troch it byld sjit yn in einsêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, suggerearjend dat se yn deselde rol weromkeare kin yn in ferfolchfilm.

Priveelibben

bewurkje seksje

As har grutte foarbylden hat Boutella û.m. Fred Astaire en Daniel Day-Lewis neamd. Se wennet yn Los Angeles, en ûnderhâldt sûnt 2015 in relaasje mei de Ierske akteur Robert Sheehan.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2002 Le Défi ?
2005 Permis D'Aimer Lila
2006 Azur et Asmar de fee fan 'e elven as stimaktrise
2012 StreetDance 2 Eva
2014 Monsters: Dark Continent Ara
2015 Kingsman: The Secret Service Gazelle
2016 Tiger Raid Shadha
2016 Star Trek: Beyond Jaylah
2016 Jet Trash Vix
2017 Atomic Blonde Delphine Lasalle
2017 The Mummy prinsesse Ahmanet   
2017 Kingsman: The Golden Circle Gazelle inkeld op argyfbylden
2018 Climax Selva
2018 Hotel Artemis Nice
2019 Love, Antosha harsels dokumintêre
2021 Prisoners of the Ghostland Bernice
2021 Settlers Ilsa
tillefyzje
2004 Les Cordier, Juge et Flic Maya gastrol; ôfl. Temps Mort
2006 Megatánc harsels gastoptreden yn in Hongaarsk realitytillefyzjeprogramma
2007 Supermodelo harsels gastoptreden yn in realitytillefyzjeprogramma
2010 Dancing with the Stars harsels gastoptreden; ôfl. Macy's Stars of Dance
2018 Fahrenheit 451 Clarisse tillefyzjefilm
2019 Modern Love Yasmine gastrol; 2 ôfl.
202? SAS: Rogue Heroes Eve minysearje
fideoklips
2001 Nutridinha dûnseresse nûmer fan Cesária Évora
2001 Little L dûnseresse nûmer fan Jamiroquai
2004 Showbiz (The Battle) dûnseresse nûmer fan Matt Pokora
2005 I Like the Way (You Move) dûnseresse nûmer fan 'e BodyRockers
2005 Feel the Vibe ('Til the Morning Comes)    dûnseresse nûmer fan Axwell
2005 Hung Up dûnseresse nûmer fan Madonna
2006 SOS (Nike Version) dûnseresse nûmer fan Rihanna
2006 Sorry dûnseresse nûmer fan Madonna
2007 Wall to Wall dûnseresse nûmer fan Chris Brown
2008 Dangerous dûnseresse nûmer fan Matt Pokora
2009 Celebration dûnseresse nûmer fan Madonna
2009 Hey Daddy (Daddy's Home) dûnseresse nûmer fan Usher
2010 Jump II dûnseresse nûmer fan Beat Freaks/Geminiz
2010 Beautiful Monster dûnseresse nûmer fan Ne-Yo
2010 Champagne Life dûnseresse nûmer fan Ne-Yo
2011 Hollywood Tonight dûnseresse nûmer fan Michael Jackson
2015 Get Ready for It dûnseresse nûmer fan Take That
2018 Rescue Me dûnseresse nûmer fan Thirty Seconds to Mars
2019 God Control dûnseresse nûmer fan Madonna
2020 Shame Shame dûnseresse nûmer fan 'e Foo Fighters

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.