Kingsman: The Golden Circle

film út 2017 fan Matthew Vaughn

Kingsman: The Golden Circle is in Britsk-Amerikaanske aksjekomeedzje en spionaazjefilm út 2017 ûnder rezjy fan Matthew Vaughn, nei in senario Jane Goldman en Vaughn sels. De titel betsjut "Keningsman: De Goudene Sirkel". De haadrollen wurde spile troch Colin Firth en Taron Egerton, mei yn byrollen grutte nammen as Julianne Moore, Halle Berry, Elton John, Jeff Bridges en Channing Tatum. Kingsman: The Golden Circle is de twadde film fan 'e Kingsman-rige en it ferfolch op Kingsman: The Secret Service, út 2014. De plot fan 'e nije film draait om in snoade froulike smjunt, dy't oan it haad fan in drugskartel stiet en de wrâld yn gizeling hâldt foar it tsjingif nei't se giftige drugs yn omrin brocht hat. Kingsman: The Golden Circle krige mingde resinsje, wêrby't de krityk him benammen taspitste op 'e oerstilearre aksjesênes en de spyllingte fan mar leafst 141 minuten.

Kingsman: The Golden Circle
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Matthew Vaughn
produsint Matthew Vaughn
David Reid
Adam Bohling
senario Jane Goldman
Matthew Vaughn
kamerarezjy George Richmond
muzyk Henry Jackman
Matthew Margeson
filmstudio TSG Entertainment
Marv Films
Cloudy Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Colin Firth
Taron Egerton
byrollen Mark Strong
Pedro Pascal
Julianne Moore
Halle Berry
Edward Holcroft
Elton John
Jeff Bridges
Channing Tatum
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 18 septimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjefilm, aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 141 minuten
budget en resultaten
budget $104 miljoen
opbringst $410,9 miljoen
prizen Empire Award 2018
filmsearje
filmsearje Kingsman
● foarich diel Kingsman: The Secret Service
● folgjend diel Kingsman: The Great Game

In jier nei de foarfallen yn Kingsman: The Secret Service hat Eggsy Unwin him offisjeel by de partikuliere (d.w.s. net oan 'e Britske oerheid ferbûne) geheime tsjinst Kingsman jûn. Hy hat de koadenamme 'Galahad' oernommen fan syn mentor Harry Hart silger, dy't in jier earder yn 'e Feriene Steaten omkommen is (sjoch: Kingsman: The Secret Service). Syn rêding fan 'e Sweedske kroanprinsesse Tilde, om dyselde tiid hinne, hat makke dat er in duorjende relaasje mei har krigen hat.

Op in dei, as er fan 'e kleanmakkerssaak dy't in front foar Kingsman is, ûnderweis is nei hûs, wurdt Eggsy oerfallen troch Charlie Hesketh, in eardere Kingsman-kandidaat dy't oerrûn is nei de tsjinstanners fan 'e tsjinst en by de foarfallen fan in jier lyn in earm ferlern hat. Eggsy wit oan Charlie en syn trewanten te ûntkommen by in wylde auto-efterfolging dwers troch Londen, mar Charlie syn nije, autonoom operearjende, sybernetyske earm, dy't yn it gefjocht loskomt, hackt troch de kompjûter yn 'e auto fan Eggsy it systeem fan Kingsman. Mei de ynformaasje dy't se dêrtroch bemachtiget, kin Poppy Adams, de liedster fan wrâlds grutste drugskartel, de Goudene Sirkel, raketten lansearje dy't it haadkertier fan Kingsman treffe. Dêrby komme alle Kingsman-aginten yn it Feriene Keninkryk om, útsein Eggsy en syn technyske ûnderstiper 'Merlin'.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Eggsy en Merlin folgje dêrnei de rjochtlinen fan in needprotokol, dat harren fia omwegen nei Statesman ta liedt, de Amerikaanske wjergader fan Kingsman, in partikuliere geheime tsjinst dy't him foardocht as in whiskeystokerij yn Kentucky. Dêr ûntdekke se dat de Statesman-aginte Ginger Ale in jier lyn troch it gebrûk fan avansearre technology it libben rêden hat fan Harry Hart, nei't dy yn Kentucky yn 'e holle sketten waard troch de smjunt Richmond Valentine. Hart hat in each ferlern, mar is fierders hielendal de âlde, útsein it feit dat er syn ûnthâld ferlern is. Neffens Ginger Ale kin dat inkeld genêzen wurde troch him in traumatysk foarfal út syn ferline werbelibje te litten.

'Champagne', it haad fan Statesman, biedt de help fan syn organisaasje oan om de Goudene Sirkel ûnder fuotten te heljen, mar de Statesman-agint dy't er oanwiisd om him by Eggsy en Merlin te jaan, 'Tequila', kriget in blauwige útslach op 'e hûd en symptomen dat er geastlik net alhiel mear yn 'e oarder is. Hy wurdt dêrom ferfongen troch in oare agint, 'Whiskey', dy't mei Eggsy en Merlin weromreizget nei Ingelân. Dêr pleatst Eggsy by in mei tsjinnichheid oangien seksueel treffen op it muzykfestival fan Glastonbury in miniatuertechnologysk folchapparaatsje yn it lichem fan Clara von Gluckfberg, de eks-freondinne fan Charlie Hesketh. Hy fertelt prinsesse Tilde yn 't foar dat er mei in oare frou op bêd moat, en dat makket dat harren relaasje frijwat ûnder spanning komt te stean.

Werom yn Kentucky wit Eggsy Harry syn ûnthâldsferlies te genêzen troch dermei te driigjen in cairnterriërpup dea te sjitten dy't sterk op Harry syn âlde hûn Mr. Pickle liket. Underwilens makket Poppy Adams bekend dat se in gif oan al har drugs tafoege hat, dy't útslach lykas dy fan Tequila feroarsaket foar't it oergiet yn ferlamming en úteinlik de dea. Hja biedt de wrâld in tsjingif oan as de presidint fan 'e Feriene Steaten syn oarloch tsjin drugs beëinigje en alle drugs yn 'e Feriene Steaten legalisearje sil. De presidint iepenet yn it iepenbier ûnderhannelings mei Adams, mar yn it geheim is er hoegenamt net fan doel en jou ek mar in striebreed ta. Krekt oarsom, hy beskôget lju dy't drugs brûke as kriminelen en liddichgongers, en is entûsjast dat de wrâld eilings en te'n lêsten fan al sokke lju ferlost wêze sil. Om't Statesman ôflústerapparatuer yn it Oval Office pleatst hat, wit de organisaasje wat de presidint fan doel is. Champagne is wisberet om him in stôk yn 'e speaken te stekken.

Eggsy, Harry en Whiskey folgje Clara von Gluckfberg nei in fabryk fan de Goudene Sirkel heech yn 'e Italjaanske Alpen, dêr't it tsjingif makke wurdt. Eggsy en Whiskey witte dêr yn te brekken en Eggsy stelt in fleske mei tsjingif. Dat wurdt neitiid by in oanfal fan trewanten fan 'e Goudene Sirkel lykwols brutsen troch Whiskey, sadat de kostbere floeistof alhiel ferpuozze rekket. Harry fertinkt Whiskey derfan dat er foar de Goudene Sirkel wurket, en sjit him yn 'e holle, mar Eggsy, dy't tinkt dat Harry noch altyd net alhiel wer hûndert persint is nei syn ûnthâldsferlies, mient dat syn âlde mentor oan waantinkbylden lijt. Hy rêdt it libben fan Whiskey mei deselde technology dy't in jier earder ek Harry syn eigen libben rêden hat. Koarte tiid letter skillet prinsesse Tilde Eggsy op en docht bliken dat se geastlik net alhiel mear ynoarder is; se lit deselde symptomen sjen as dy't Tequila earder hie, nei't se blykber drugs brûkt hat. Eggsy hat dan in persoanlike reden om it tsjingif te bemachtigjen.

As Ginger Ale mei ynformaasje dêr't Eggsy yn it fabryk yn Itaalje oan kommen is, de lokaasje fan it haadkertier fan Poppy Adams yn Kambodja ûntdekt, reizgje Eggsy, Harry en Merlin dêr fuortendaliks hinne. Wylst se dêr de boel út it tropysk reinwâld wei bespionearje, giet Eggsy op in lânmyn stean. Merlin offeret himsels lykwols op om him en Harry te rêden, en blaast dêrmei tagelyk in soad trewanten fan Poppy op, dy't er nei him ta lokket foar't er syn foet fan 'e myn hellet. Dêrop bestoarmje Eggsy en Harry it haadkertier, dat Poppy Land hjit, en helpe dêrby hast alle oare trewanten fan Poppy út 'e ljochten. Wylst Eggsy yn in twagefjocht ôfweeft mei Charlie Hesketh, fernielt Harry de beide roboatyske hiemhûnen fan Poppy, mei de help fan sjonger Elton John, dy't troch Poppy ûntfierd wie om ûnder twang foar har te sjongen. Se stelle de kompjûter feilich dy't de drones bestjoert wêrmei't wrâldwiid it tsjingif ôflevere wurde sil, en ynjektearje Poppy mei in konsintrearre doazis fan har eigen drugs, sadat se har yn har sweverige steat har wachtwurd ûntfytmanje kinne. Dat slagget, mar Eggsy hat har by fersin in oerdoazis jûn, sadat se fuort dêrnei dea delfalt.

It spul wurdt dan ûnderbrutsen troch Whiskey, dy't ûnderwilens troch Ginger Ale sûnder euvelmoed genêzen is. It docht bliken dat syn frou dy't yn ferwachting wie jierren lyn deasketten is troch in pear drugsferslaafden dy't in oerfal útfierden. Hy wol dêrom wraak nimme op alle drugsbrûkers troch derfoar te soargjen dat nimmen it tsjingif kriget. Hoewol't er in formidabele fjochter is, witte Eggsy en Harry him tegearre te ferslaan en te deadzjen, wêrnei't se de drones aktivearje sadat it tsjingif yn 'e hiele wrâld ôflevere wurdt en alle fergiftige drugsbrûkers genêzen wurde. Yn 'e neisleep fan 'e saak wurdt de presidint fan 'e Feriene Steaten ôfset om't er temûk hûnderten miljoenen minsken stjerre litte woe. Statesman keapet in whiskeystokerij yn Skotlân oan om te helpen by it weropbouwen fan Kingsman. Ginger Ale kriget de posysje en koadenamme fan Whiskey, en Tequila jout him by Kingsman en iepenet in kleanmakkerssaak yn Londen. De film einiget mei de brulloft fan Eggsy en prinsesse Tilde.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Harry Hart / Galahad Colin Firth
Gary "Eggsy" Unwin / Galahad Taron Egerton


 
Taron Egerton, Colin Firth, Channing Tatum, Halle Berry, Pedro Pascal en Jeff Bridges by in parsekonferinsje oer Kingsman: The Golden Circle op it San Diego Comic-Con fan 2017.
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Merlin Mark Strong
Jack Daniels / Whiskey Pedro Pascal
Poppy Adams Julianne Moore
Ginger Ale Halle Berry
Charlie Hesketh Edward Holcroft
himsels Elton John
Champagne ("Champ") Jeff Bridges
Tequila Channing Tatum
kroanprinsesse Tilde fan Sweden Hanna Alström
Clara von Gluckfberg Poppy Delevingne
de presidint fan 'e Feriene Steaten Bruce Greenwood
stêfsjef fan it Wite Hûs Fox Emily Watson
generaal McCoy Mark Arnold
Roxy Morton / Lancelot Sophie Cookson
Arthur Michael Gambon
Charles Keith Allen
Angel Tom Benedict Knight
Jamal Tobias Bakare
Ryan Theo Barklem-Biggs
Liam Thomas Turgoose
Brandon Calvin Demba
Michelle Unwin Samantha Womack
perfester Guy Clark James Caroll Jordan
himsels Bill Hemmer
harsels Shannon Bream
de kening fan Sweden Björn Granath
de keninginne fan Sweden Lena Endre

Yn flashbackbylden, út Kingsman: The Secret Service, binne fierders noch Samuel L. Jackson en Sofia Boutella te sjen yn harren rollen as Richmond Valentine en Gazelle.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Kingsman: The Golden Circle waard, krekt as Kingsman: The Secret Service, it foargeande diel yn 'e Kingsman-rige, regissearre troch Matthew Vaughn. Dyselde skreau tegearre mei Jane Goldman it senario en wie yn 'e mande mei David Reid en Adam Bohling ek as filmprodusint by de film belutsen. Kingsman: The Golden Circle wie in ko-produksje fan 'e filmstudio's TSG Entertainment, Marv Films en Cloudy Productions, dêr't in budget fan $104 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie krekt as by it foargeande diel yn 'e hannen fan George Richmond, en Henry Jackman en Matthew Margeson fersoargen op 'e nij de filmmuzyk.

De opnamen foar Kingsman: The Golden Circle setten op 15 maaie 2016 yn Birmingham útein, en fûnen foar it meastepart plak yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden yn it Ingelske greefskip Hertfordshire, en foar in diel ek yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en de Longcross Studios yn Surrey. De sêne mei de gondelbaan yn 'e Italjaanske Alpen waard op lokaasje opnommen op Skyway Monte Bianco en Pointe Helbronner, yn Courmayeur yn 'e Aostadelling. De sêne yn it tsjingiffabryk waard opnommen op Sry Lanka. Yn desimber 2016 waarden noch bykommende bylden opnommen op lokaasje yn Londen.

Distribúsje

bewurkje seksje

De filmdistribúsje fan Kingsman: The Golden Circle waard útbestege oan 'e grutte studio 20th Century Fox. Dy risselwearre om 'e film yn 'e simmer fan 2017 út te bringen, mar troch fertragings yn 'e postproduksje moast dêrfan ôfsjoen wurde en waard de publikaasje fan 'e film tebekskood oant 6 oktober. Letter waard besletten om him wer in wike as wat foarút te heljen, wierskynlik om konkurrinsje mei Blade Runner 2049 te ûntrinnen. De galapremiêre fan Kingsman: The Golden Circle fûn sadwaande plak op 18 septimber 2017 yn Londen, wêrnei't de film op 20 septimber iepene yn 'e Britske bioskopen en op 22 septimber yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten. Kingsman: The Golden Circle kaam op 12 desimber 2017 út op dvd en blu-ray.

Kingsman: The Golden Circle waard ûntfongen mei mingde resinsjes. Op Uproxx skreau Amy Nicholson dat de film better wie as syn foargonger: "[Hy] is krekt folwoeksen genôch wurden. De opskuor is noch helte slimmer en de juste toan is fûn. Alles is oprjocht sels as it healwiis is." Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone joech de film lykwols mar 2½ fan 4 stjerren, hoewol't er skreau: "De stunts fergje de wetten fan 'e swiertekrêft, mar binne dêr net minder fermaaklik om […] Sels as Kingsman: The Golden Circle fan it paadsje rekket, wat ûntsjinkearber bart, falt dizze healwize komeedzje deryn mei aksje en laitsjen." Yn The Atlantic skreau Christopher Orr: "De film is te lang, te gewelddiedich, te flau – te alles. Mar foar dyjingen dy't aardichheid hiene oan 'e oarspronklike Kingsman-film is it in mear as adekwate twadde bedriuw."

Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune joech de film mar 1½ stjer. Hy skreau: "Kingsman: The Golden Circle hat alles te bieden: ferskate ferfeelde Oscarwinners; twa sênes mei dea yn 'e gehakmole; Elton John; close-upgefjochten – útsein fermaak." Yn 'e Britske krante The Guardian krige de film fan Wendy Ide mar 1 stjer. Sy neamde Kingsman: The Golden Circle "in smeulske blik fan in film, dy't de skouders ophellet om 'e gatten yn syn plot mei yn 't bysûnder in ûnhuere hâlding foar geweld oer en de niging om froulike personaazjes yn te setten as de dekorative klû's fan grappen." Op 'e webside RogerEbert.com joech Glenn Kenny de film 0 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Sa foltroppe mei aksje as de film is, fielde it wol as duorre it seis oeren. Dat komt foar in part om't it tempo sa oer de side giet; de film kreupelskonket mei hoarten en stjitten fan 'e iene sêne nei de oare en lûkt in alderkringeftichste soad tiid út foar shots fan 'e kibich klaaide personaazjes dy't harsels yn slow motion nei wiidbyldframes ta bewege en dêrby de tiid nimme om assessoires te toanen dy't jo oansmaard wurde sille troch ferskate bedriuwen […] ferspraat oer it hiele ynternet."

Yn Kambodja lei it regear it near op 'e fertoaning fan Kingsman: The Golden Circle yn 'e bioskopen, omreden fan 'e portrettearring fan dat lân yn 'e film as in skûlplak fan terroristen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, krige Kingsman: The Golden Circle in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 256 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside biedt Kingsman: The Golden Circle "mear fan alles dat syn foargonger sa geweldige fermaaklik makke, mar mist [er] de wylde kreätive fûnk fan it orizjineel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie de film in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 43 ferskillende resinsjes.

Kingsman: The Golden Circle fertsjinne yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen $100,2 miljoen, en brocht yn oare lannen en territoaria $310,6 miljoen op. De totale opbringst kaam dêrmei op $410,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $104 miljoen, betsjutte dat in winst fan $306,9 miljoen. De film wûn yn 2018 de Empire Award yn 'e kategory bêste skriller. Datselde jiers waard Kingsman: The Golden Circle ek nominearre foar in Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm.

Kingsman: The Golden Circle is it twadde diel fan 'e Kingsman-rige. It foargeande diel wie Kingsman: The Secret Service, dat útkaam yn 2014. Anno 2019 is diel 3, mei as titel Kingsman: The Great Game yn 'e preproduksjefaze. Der binne noch teminsten twa oare Kingsman-films pland, en ek in spin-off-film oer Statesman.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.