Longcross Studios

De Longcross Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske plak Longcross, yn it greefskip Surrey, likernôch 40 km bewesten de Britske haadstêd Londen, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw waard yn 2006 oprjochte en is eigendom fan Aviva Investors. Der binne films as War Horse, Skyfall en Thor: The Dark World opnommen.

Longcross Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Longcross (Ingelân)
oprjochte 2006
eigner Aviva Investors
offisjele webside
www.longcrossfilmstudios.com
kaart
Longcross Studios (Ingelân)
Longcross Studios
Lokaasje yn Ingelân.

Skiednis bewurkje seksje

It terrein fan wat no de Longcross Studios binne, wie oarspronklik in 150 jier âld lângoed yn it natoergebiet Chobham Common. Fan 1942 oant en mei 2005 waard it brûkt foar de produksje en it testen fan militêre fiertugen en oare ynnovaasjes troch it Military Vehicles and Engineering Establishment, in ôfdieling fan it Britske Leger. Doe't dat der yn 2005 wei gie, waard it terrein oankocht troch boubedriuw Crest Nicholson en ynvestearringsfirma Aviva Investors. Der waard daliks úteinset mei de bou fan in modern studiokompleks, dat in jier letter, yn 2006, yn gebrûk nommen waard. Om dy tiid hinne kocht Aviva Investors foar £45 miljoen ($61,5 miljoen) it oandiel fan Crest Nicholson oer.

Yn 'e 2010-er jierren late de opkomst fan streamingtsjinsten as Netflix, Disney+ en Amazon Prime ta it omheech sjitten fan 'e fraach nei nije films en tillefyzjeprogramma's, wat betsjutte dat ek de fraach nei studioromte om dy films en programma's op te nimmen tige by tige tanaam. Yn 2021 sleat Aviva Investors in langjierrich kontrakt mei Netflix om 'e Longcross Studios út te wreidzjen.

Fasiliteiten bewurkje seksje

De Longcross Studios omfiemje anno 2021 fjouwer grutte soundstages, dy't yn oerflak útinoar rinne fan 1.200  oant 4.400 m². Der binne ek acht (lytsere) "meganova"-soundstages, 81 ha oan bûtenterrein, in testwei mei in lingte fan 3,6 km, en in off-roadpaad.

Produksjes bewurkje seksje

Films bewurkje seksje

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Longcross Studios opnommen binne:


Tillefyzje bewurkje seksje

Yn 'e Longcross Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Dead Set (2008), Call the Midwife (fan 2012 ôf) en Broadchurch (2015).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.