Guardians of the Galaxy (film)

Guardians of the Galaxy, soms mei weromwurkjende krêft Guardians of the Galaxy Vol. 1 neamd, is in Amerikaanske science fiction-superheldefilm út 2014 ûnder rezjy fan James Gunn, mei yn 'e haadrollen Chris Pratt, Zoe Saldaña, Bradley Cooper, Dave Bautista en Vin Diesel. De titel betsjut "Beskermers fan it Stjerrestelsel". De film is basearre op it team fan superhelden mei deselde namme. De plot folget in groepke bûtenierdske kriminelen dy't gearwurkje moatte om in gefaarlik artefakt te stellen. As se it ienris hawwe, komme se yn konflikt mei in kriichshear dy't it artefakt as wapen brûke wol om 'e planeet fan syn fijannen te ferneatigjen. Guardians of the Galaxy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars en wûn in Hugo Award, fjouwer Saturn Awards en in Empire Award. Guardians of the Galaxy makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje en folget dêryn op Captain America: The Winter Soldier, út 2014. De film wurdt sels folge troch Avengers: Age of Ultron, út 2015, mar de ferhaalline fan 'e film giet fierder yn Guardians of the Galaxy Vol. 2, út 2017. In twadde ferfolch, Guardians of the Galaxy Vol. 3, kaam út yn 2023.

Guardians of the Galaxy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Gunn
produsint Kevin Feige
senario James Gunn
Nicole Perlman
basearre op Guardians of the Galaxy fan
   Dan Abnett en Andy Lanning
kamerarezjy Ben Davis
muzyk Tyler Bates
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Chris Pratt
Zoe Saldaña
Bradley Cooper
Dave Bautista
Vin Diesel
byrollen Lee Pace
Karen Gillan
Michael Rooker
Djimon Hounsou
John C. Reilly
Glenn Close
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 july 2014
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $232,3 miljoen
opbringst $773,4 miljoen
prizen 1 × Hugo Award
4 × Saturn Award
1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Captain America: The
   Winter Soldier
● folgjend diel Avengers: Age of Ultron

Yn 1988 komt op 'e Ierde de mem fan 'e achtjierrige Peter Quill te ferstjerren oan kanker. Syn heit hat er nea kennen, mar neffens syn mem wie dy "in ingel, besteande út poer ljocht". As syn fertriet him oermânsk wurdt, flechtet de jonge by nacht it sikehûs út. Bûtendoar wurdt er opstriele troch in romteskip en ûntfierd troch in kloft bûtenierdsk dieven en smokkelders dy't harsels de "Teheisterders" neame. Harren lieder, de blauhûdige Yondu Udonta, ûntjout him neitiid ta in soarte fan surrogaatheit foar de jonge, dy't mank de Teheisterders grutbrocht wurdt. Fan syn mem hâldt de jonge Quill inkeld in walkman mei in kassettebantsje mei popmuzyk út 'e 1960-er jierren oer, en in ynpakt presintsje dat se him krekt foar har dea jûn hat.

Seisentweintich jier letter stelt Quill op 'e ferlitten planeet Morag in mysterieuze bol. Hy wit sels net wat der yn sit, mar wol dat it wat djoers is, dat er lukratyf ferkeapje kin oan in heelder dy't foar de tsjeafte eins Yondu Udonta en syn Teheisterders ynhierd hie. Ear't er Morag mei de bol ferlitte kin, wurdt Quill oanfallen troch de trewanten fan 'e fanatike Kree-kriichshear Ronan de Beskuldiger, dy't de bol blykber ek hawwe wol. Quill wurdt finzen nommen troch Korath, de ûnderkommandant fan Ronan syn leger, mar wit te ûntsnappen en ûntkomt mei de bol. Yondu Udonta is poer as er foar it ferstân kriget dat Quill him te fluch ôf west hat en de bol stellen hat foar't er dêr sels de kâns ta hie. Hy bedriget Quill fia lange-ôfstânskommunikaasje, mar Quill is der net fan ûnder de yndruk. Wannear't Korath sûnder wat bedijd te hawwen by Ronan weromkeart, set de kriichshear in preemje op Quill syn holle. Ek stjoert er de grienhûdige hiermoardneresse Gamora út, wa har tsjinsten hy te lien hat fan har pleechheit, de sljochtsinnige titaan Thanos. Har taak is om him de bol te bringen.

Quill reizget mei syn romteskip, de Milano, nei de planeet Xandar, dêr't it regear fan it Novaryk residearret. It Novaryk hat krekt in iuwenlange fete mei it Keizerryk fan 'e Kree beëinige mei in fredesferdrach, dat lykwols troch Ronan de Beskuldiger net erkend wurdt. Quill bringt de bol by de heelder foar wa't er it foarwerp stellen hat, mar as dy foar it ferstân kriget dat Ronan it ding ek hawwe wol, hoecht er it net mear en poeieret er Quill ôf. Sadree't de feralterearre Quill wer bûtendoar stiet, wurdt er oanfallen troch Gamora, dy't him de bol ûntstelt en dermei útnaait. Dat lit Quill him net barre, dat hy giet efter har oan en se reitsje slaande deilis. Alle trelit lûkt de oandacht fan in pear preemjejagers: de lytse, genetysk manipulearre, selsbewuste waskbear Rocket en dy syn grutte, beam-eftige humanoïde partner Groot, dy't ferbaal beheind is ta de wurden "Ik bin Groot". Dy beiden minge harren yn it gefjocht as se beseffe dat der in priis op Quill syn holle stiet. It Novakorps, dat yn it Novaryk wet en oarder hanthavenet, pakt de fjochtersbazen alle fjouwer op, wêrnei't se ôffierd wurde nei 'de Une", in swierbefeilige finzenis op in romtestasjon.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As se yn 'e Une oankomme, wurdt Quill fuortendaliks it slachtoffer fan seksuele yntimidaasje troch in oare finzene, mar nei't Groot in wan bruien útdield hat, makket Rocket oan eltsenien dúdlik dat Quill fan him en Groot is, mei't se noch altyd wisberet binne en ynkassearje de preemje dy't op syn holle set is. It liket Quill foar syn eigen wolwêzen de baas en bleau foarearst mar yn 'e neite fan 'e beide preemjejagers. Underwilens hat Gamora noch gruttere swierrichheden, mei't de oare finzenen har werom kenne as de pleechdochter fan Thanos en de trewant fan Ronan, dy't beide ferantwurdlik binne foar in protte deaden. Ien fan 'e finzenen, Drax de Ferneatiger, makket de oaren dúdlik dat Gamora sines is om dea te meitsjen as wraak foar de moard op syn frou en dochterke troch Ronan de Beskuldiger. Quill bemuoit him mei de kwestje en wiist Drax derop dat er Gamora better as lokies foar Ronan brûke kin ynstee fan har te fermoardzjen. Mei dat argumint wit er bloedferjitten foar te kommen.

Gamora seit dat se nea in willige ûnderhearrige fan Thanos en Ronan west hat en dat se fan doel wie om 'e bol út Ronan syn hannen te hâlden, mei't hy der in hiele planeet mei ferwoastgje wol. Gamora hat in keaper foar de bol yn gedachten en wol mei de opbringst har ferdwining finansiere. Mei Quill, Rocket en Groot praat se ôf om it jild te dielen as se mei-inoar út 'e Une útbrekke kinne. De lichaamlik en geastlik skeinde Rocket beskikt oer in geniaal ferstân en hat al in ûntsnappingsplan ree. Hoewol't de ympulsive Groot dat hast bedjert, slagget it harren dochs om út te brekken, en Drax de Ferneatiger jout him by harren. Fiifresom ûntkomme se yn 'e Milano. Underwilens hat Ronan de Beskuldiger in moeting mei Gamora har pleechheit Thanos, wêrby't har ferrie besprutsen wurdt. Se stjoere Gamora har pleechsuster, de cyborg Nebula, efter har oan.

Op oanwizing fan Gamora berikke Quill-en-dy Knowhere, in ôfhandige, wetteleaze bûtenpost yn 'e romte, dy't boud is yn 'e reuseftige ûnthalze holle fan in himeling. Wylst Quill, Gamora, Rocket en Groot nei de sammelder Taneleer Tivan geane om 'e bol te ferkeapjen, nimt in dronken Drax kontakt op mei Ronan om him de lokaasje fan 'e groep te fertellen, sadat er einlings yn in gefjocht fan man tsjin man mei syn aartsfijân ôfweve kin. Tivan iepenet de bol en fertelt Quill-en-dy dat it artefakt yn 'e bol ien fan 'e Uneinichheidsstiennen is, in foarwerp fan ûnmjitlike krêft dat inkeld troch de machtichste wêzens brûkt wurde kin sûnder dat it harrensels ferneatiget. As se dat heart, grypt Carina, in slavinne fan Tivan, de stien om in ein oan har ellindich bestean te meitsjen. Dêrby feroarsaket se in ûntploffing dy't it mânske argyf fan Tivan ferrinnewearret en gâns slachtoffers makket. Quill en Gamora oerlibje it troch dekking te sykjen efter in stielen bak, wylst Groot mei Rocket ûnder de earm fier genôch fuort draaft om inkeld fan 'e sokken blaasd te wurden. Gamora docht de bol wer om 'e Uneinichheidsstien hinne en nimt it ding mei.

Dan arrivearret Ronan mei in kloft trewanten, ûnder wa Nebula. Drax hjit Ronan dat er him deadzje sil foar de moard op syn frou en dochter, mar Ronan ferslacht him mei gemak en seit dat Drax en syn gesin sa'n bytsje foar him betsjutte dat er him de dea fan syn frou en dochter net iens mear tebinnenbringe kin. Ronan lit Drax foar dea efter, mar Drax wurdt neitiid rêden troch Groot. Underwilens pykt Gamora yn in mynwurkersfartúch út mei de Uniennichhheidsstien. Nebula efterfolget har, ferneatiget it fartúch, stelt de bol mei de Uniennichheidsstien en lit Gamora driuwkeljend yn 'e romte efter. Quill nimt kontakt op mei Yondu Udonta om syn lokaasje troch te jaan, foar't er Gamora de romte yn folget en har libben rêdt mei syn beäzemingstastel. Se wurde rêden troch Udonta en de Teheisterders foar't harren soerstof oprekket. Rocket, Groot en in him oer syn misse set feroatmoedigjende Drax efterfolgje Udonta-en-dy yn 'e Milano en driigje it romteskip fan Udonta op te blazen as er Quill en Gamora net gean lit. Aldergeloks binne Quill en Udonta dan krekt ta oerienstimming kommen, dat de beide groepen smite de lapen gear.

It is dúdlik dat Ronan de Uneinichheidsstien brûke wol om 'e planeet Xandar te ferneatigjen. Quill, Gamora en Groot binne it deroer iens dat se dat net talitte kinne om't it moreel ferkeard is. Se sjogge wol yn dat se foar it neist in konfrontaasje mei Ronan net oerlibje sille, mar se kinne net neatdwaan wylst de dwylsinnige kriichshear hiele planeten útrûget. Fan Drax hat Ronan noch hieltyd wat te goede, al stelt er him nei syn kânsleaze nederlaach pragmatysker op. Hy beseft dat er freonen fûn hat en dat in man net sûnder freonen kin. As Rocket sjocht dat it de oaren mienen is, slút er him skodholjend en tsjin betterwitten yn by harren oan. Udonta seit de stipe fan syn Teheisterders ta yn ruil foar it ûnthjit fan Quill dat dy de Uniennichheidsstien nei it ferslaan fan Ronan oan him (Udonta) oerdrage sil. Quill stjoert in warskôging foar de plannen fan Ronan nei Rhomann Dey, in lid fan it Novakorps mei wa't er al ferskate kearen gedoente hân hat.

Oan board fan syn romteskip set Ronan de Uneinichheidsstien yn 'e kop fan syn kriichshammer. Hy hie oars tasein de stien oan Thanos ôf te stean, mar hy brekt syn ûnthjit. Mei Thanos nimt er kontakt op om te sizzen dat er, nei't er mei Xandar ôfweefd hat, fan doel is om Thanos lytsman te meitsjen, as ôfrekken foar de delbûgende wize dêr't Thanos him hieltyd op behannele hat. Nebula, dy't har pleechheit hatet, seit Ronan har help ta by beide ûndernimmings.

Yn 'e loft boppe de haadstêd fan Xandar jouwe de Teheisterders har by de ferdigeners fan it Novakorps om Ronan tsjin te kearen. Dyselde brûkt lykwols syn kriichshammer, dy't no de krêft fan 'e Uniennichheidsstien hat, om troch de ferdigening hinne te brekken en de float fan it Novakorps te ferneatigjen. Hy stjoert lâningstroepen nei it planeetoerflak, dy't lykwols allegearre de dea fine as se besykje Yondu Udonta finzen te nimmen. Mei in wapen dat troch himsels ûntwurpen is, sjit Rocket in gat yn 'e romp fan it reuseftige skip fan Ronan. Dêrtrochhinne ynfiltrearje Quill, Gamora, Drax en Groot it skip. Se fjochtsje harren in wei nei de brêge ta. Drax deadet Korath en Gamora ferslacht Nebula, dy't lykwols wit te ûntkommen. As se lang om let de brêge berikke, docht bliken dat se Ronan net oer kinne no't dy oer de krêft fan 'e stien beskikt. Wannear't Ronan op it punt stiet harren om hals te bringen, batst Rocket mei syn romtejager it skip fan 'e kriichshear binnen en lit syn jager boppe-op de kriichshear delstoarte. It romteskip fan Ronan rekket dêrtroch sa swier skansearre, dat it delstoart, midden yn 'e ûnderwilens ûntromme haadstêd fan Xandar. Groot offeret himsels op om syn freonen te rêden, troch harren by it delkommen op te fangen yn in reuseftige bosk tûken en twigen dy't er groeie litten hat. Mei't er dêr al syn libbenskrêft foar ynset, oerlibbet er dat sels net, ta djip fertriet fan 'e oars sa lakonike Rocket. As dyselde syn stjerrende freon freget wêrom't er dit docht, antwurdet Groot foar de earste kear mei wat oars as "Ik bin Groot", nammentlik: "Wy binne Groot."

De ûnskansearre Ronan stiet op út it wrak fan syn romteskip en risselwearret om mei de Uniennichheidsstien de planeet te ferneatigjen, mar hy wurdt krekt langernôch troch Quill ôflaat dat Rocket in stikken laserwapen reparearje kin. Dêrmei sjit Drax net op Ronan, mar op syn kriichshammer, dy't desyntegrearret. De Uniennichheidsstien komt frij, en Quill en Ronan gripe der allebeide nei, mar Quill is krekt eefkes flugger. De stien is tefolle foar Quill, en hy begjint lichaamlik útinoar te fallen, mar Gamora biedt him har hân oan, en Quill, dy't wei is yn in fizioen fan syn stjerrende mem dy't har hân nei him útstekt, nimt har hân oan. Ek Gamora begjint te desyntegrearjen, mar Drax leit syn hân op it skouder fan Quill en Rocket grypt ien fan 'e fingers oan 'e oare hân fan Drax beet. Fjouweresom blike se ta alteraasje fan Ronan sterkernôch te wêzen om 'e Uneinichheidsstien te behearskjen. Se brûke de stien om Ronan dea te meitsjen en him te fergriemen oant der neat fan him oer is.

Yn 'e neisleep fan dy klimaktyske konfrontaasje easket Yondu Udonta de Uneinichheidsstien op, dy't no wer feilich yn 'e bol bewarre wurdt. Quill jout him it artefakt mei sichtbere tsjinnichheid, en stiet der by him op oan om nea de bol iepen te dwaan, om't er sjoen hat wat dêrfan komt. Nei't Udonta him ôfjûn hat, lit Quill oan Gamora sjen dat er de bol mei de Uneinichheidsstien noch altyd yn besit hat en dat er Udonta ôfkonfoaid hat mei in duplikaat fan 'e bol. Hy hopet mar dat Udonta de bol nea iepenje sil, want dan sil er net bliid wêze.

De bol mei de echte stien draacht Quill letter oer oan Irani Rael, de earste minister fan it Novaryk, dy't taseit derop tasjen te sillen dat nimmen de stien ea noch foar eigen doelen brûke kin. Hja seit dat it Novakorps de strafblêden fan Quill-en-dy wiske hat út tankberens foar harren help. Ek fertelt se dat by de medyske behanneling fan Quill nei de konfrontaasje mei Ronan bleken is dat hy mar heal-minsklik is: syn heit wie in lid fan in oerâld, noch ûnbekend ras fan bûtenierdske wêzens. Underwilens ferlitte de Teheisterders de planeet Xandar. Ien fan harren merkt tsjin Udonta op dat it goed útpakt hat dat se Quill net by syn heit ôflevere hawwe, dêr't se al dy jierren lyn foar ynhierd wiene. "Ja," antwurdet Udonta, "Dy fint wie in echte oetlul." Letter, wannear't de oare Teheisterders feestfiere, iepenet Udonta de bol dy't er fan Quill krigen hat, mei't er der frijwol wis fan is dat de Uneinichheidsstien der net yn sit. As er gelyk blykt te hawwen, glimket er as in grutske heit.

 
Chris Pratt.
 
Zoe Saldaña.
 
Bradley Cooper.
 
Dave Bautista.
 
Vin Diesel.

Quill-en-dy neame harsels no de Beskermers fan it Stjerrestelsel. It Novakorps hat ek Quill syn romteskip de Milano reparearre, en dêryn sette se ôf fan Xandar. Wylst se nei it skip rinne, seit Gamora tsjin Drax dat syn frou en dochter yn frede rêste kinne, no't Ronan dea is. Drax is it dêrmei iens. Dêr heakket er lykwols oan ta: "Mar Ronan wie winliken mar in marionet. Eins is it Thanos dy't ik deameitsje moat." Quill makket einlings en te'n lêsten it presintsje iepen dat er op har stjerdei fan syn mem krigen hat; der blykt in twadde kassettebantsje mei muzyk út 'e 1960-er jierren yn te sitten. Wylst de muzyk troch it skip skâlet, begjint in stek fan Groot, dy't yn in blompot mei modder útgroeit ta in miniatuerferzje fan syn eardere sels, temûk mei te swingen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                                                       akteur/aktrise
Peter Quill / Star-Lord Chris Pratt
Gamora Zoe Saldaña
Rocket Bradley Cooper (stim)
Sean Gunn (motion-capture)
Drax de Ferneatiger Dave Bautista
Groot Vin Diesel (stim & motion-capture)


byrollen
personaazje akteur/aktrise                  
Ronan de Beskuldiger Lee Pace
Nebula Karen Gillan
Yondu Udonta Michael Rooker
Korath, trewant fan Ronan Djimon Hounsou
Rhomann Dey, ofsier yn it Novakorps John C. Reilly
Irani Rael, earste minister fan it Novaryk Glenn Close
Taneleer Tivan, de Sammelder Benicio del Toro
Thanos Josh Brolin
Kragin Obfonteri Sean Gunn
de Oare, fizier fan Thanos Alexis Denisof
Carina, slavinne fan 'e Sammelder Ophelia Lovibond
Garthan Saal, kommandant fan it Novakorps Peter Serafinowicz
de heelder Christopher Fairbank
mem fan Peter Quill Laura Haddock
pake fan Peter Quill Gragg Henry
Bereet Melia Kreiling
sipier dy't walkman stelt Spencer Wilding
minsklike finzene Lloyd Kaufman
bûtenierdske finzene Nathan Fillion (stim)
assistinte fan Irani Rael Mikaela Hoover
organisator bistegefjochten Marama Corlett
lid Novakorps Emmett J. Scanlan
Moloka Dar Alexis Rodney
Horuz Tom Proctor
Xandaraanske rokkejager Stan Lee (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Guardians of the Galaxy is basearre op it stripheldeteam fan Marvel Comics mei deselde namme yn 'e ferzje út 2008, fan Dan Abnett en Andy Lanning. Guardians of the Galaxy waard foar it earst yn 2010 neamd as mooglike stripferfilming. De film waard regissearre troch James Gunn nei in senario fan himsels en Nicole Perlman. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de filmstudio Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan mar leafst $232,3 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Davis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates.

 
Regisseur James Gunn.

De opnamen foar Guardians of the Galaxy setten op 6 july 2013 útein en duorren oant 12 oktober fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Shepperton Studios en de Longcross Studios, beide yn it Ingelske greefskip Surrey. Om't it Disney, de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios, safolle hannel nei it Feriene Keninkryk ta brocht hie, krige it bedriuw fan 'e Britske oerheid $36,4 miljoen koarting op 'e belesting. Reshoots, dy't in pear wiken duorren, fûnen yn maart 2014 plak yn 'e Walt Disney Studios yn Burbank (Kalifornje). Yn 'e postproduksje waarden oan it opnommen byldmateriaal 2.750 special effects-shots tafoege, dy't mei-inoar likernôch 90% fan 'e film foarmen.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Guardians of the Galaxy waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios. De film gie op 21 july 2014 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 1 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. Tuskentroch wie Guardians of the Galaxy doe op 31 july al yn 'e Britske bioskopen útkommen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 29 july 2014 by platemaatskippij Hollywood Records. It omfette in protte hits út 'e 1960-er jierren, sa't dy yn 'e film te hearren binne op 'e kassettebantsjes fan Peter Quill. Dêrûnder wiene lieten as Ain't No Mountain High Enough fan Marvin Gaye en Tammi Terrell, Hooked on a Feeling fan Blue Swede, Go All the Way fan 'e Raspberries, Moonage Daydream fan David Bowie, Fooled Around and Fell in Love fan Elvin Bishop, I'm Not in Love fan 10cc, I Want You Back fan The Jackson 5, Come and Get Your Love fan Redbone en O-o-h Child fan 'e Five Stairsteps.

 
Leden fan 'e cast en crew fan Guardians of the Galaxy by in parsekonferinsje ta promoasje fan 'e film op 'e San Diego Comic-Con fan 2013. F.l.n.rj.: filmprodusint Kevin Feige, akteur Dave Bautista, regisseur James Gunn en akteurs Benicio del Toro, Zoe Saldaña, Djimon Hounsou, Lee Pace, Michael Rooker, Karen Gillan en Chris Pratt.

Guardians of the Galaxy kaam op 18 novimber 2014 beskikber as digitale download en waard op 24 novimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. De digitale en blu-rayferzjes omfetsje efter-de-skermendokumintêres, audiokommentaar by de film, ferskate fuortknipte sênes, in bloopersekwinsje en in eksklusive foarútblik op 'e folgjende film út 'e Marvel Cinematic Universe-searje: Avengers: Age of Ultron.

Fan 'e filmkritisy krige Guardians of the Galaxy oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film as "in neisimmertraktaasje" en as "in foar it meastepart lichthertige […] stripferfilming mei withoefolle boem-bats-aksje, guon mominten dat jin it útskatterje fan it laitsjen, en ek in pear ferrassende moaie en oandwaanlike sênes". Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan dat Guardians of the Galaxy "seinge" wie mei "de siel fan in losse, anargistyske B-film, dy't jin oanfiteret om jin safolle mooglik te fermeitsjen, sels as men eefkes net folgje kin wat der bard". Neffens him hie de film mear as in bytsje fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), "foar in diel om't der guon fan 'e ûngewoanste helden yn foarkomme diskant fan 'e Mos Eisley-kantine".

Yn The New York Times priizge Manohla Dargis de film, dy't de sjogger, neffens har, meisleepte troch de iene nei de oare healwize draai yn it ferhaal en him dêrby yn in folslein reälisearre hielal hold. Scott Foundas skreau yn it tydskrift Variety dat Guardians of the Galaxy te lang wie en te fol siet, en soms ek te graach it bioskooppublyk te wille wêze woe. Dêr heakke er lykwols oan ta dat "de brutale komyske toan" it spul driuwende hold. Foundas hie in protte lof foar hoe't de film derút seach, dêr't er kameraregisseur Ben Davis, produksje-ûntwerper Charles Wood en special effects-technikus David White foar yn it sintsje sette. Ek Justin Lowe fan The Hollywood Reporter hie moaie wurden foar it oansjen fan 'e film, wêrfan't er fierders ek it "goed oaninoar weage ensemble" fan akteurs, de "ûnderskiedende styl", "withoefolle spanning" en "gjin gebrek oan humor" priizge.

Jake Coyle fan parseburo Associated Press (AP) wie kritysker. Hy fûn dat Guardians of the Galaxy "fierstente foltroppe" wie, dat in protte fan 'e grappen "weiwurde yn in see fan special effects" en dat de film as gehiel "tefolle stipet op 'e […] jierren '70-lieten [sic] foar in orizjineel lûd". Boppedat fûn er dat geweldige akteurs as Glenn Close, John C. Reilly en Benicio del Toro mei harren petiterige roltsjes yn 'e film fierstente min brûkt wiene. Yn 'e San Francisco Chronicle roeide Mick LaSalle hielendal tsjin 'e stream yn, doe't er de film in negative resinsje joech. Hy skreau: "Yn it stee fan humor biedt Guardians of the Galaxy in soarte fan algemiene reewilligens om fermaaklik te wêzen, in sfear fan útskroevenens dy't oanfielt as pompe der withoefolle lju lucht yn in bân dêr't in gat yn sit. Men sjocht dat eltsenien taboddet, mar der bart útsoarte neat – en dochs is de ynspanning sa oerdúdlik dat men oanstriid fielt om dy te beleanjen."

 
Aktrise Karen Gillan te gast by de Britske nasjonale premiêre fan Guardians of the Galaxy yn Londen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Guardians of the Galaxy in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 328 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is krekt like ûnearbiedich as fans fan 'e gauris healwize stripferzje ferwachtsje soene, mar ek grappich, spannend, mei mear as genôch piid en smoarfol fisuele pracht." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Guardians of the Galaxy in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 53 resinsjes.

Guardians of the Galaxy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $333,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $440,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $773,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $232,3 miljoen betsjut dat in winst fan $541,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Guardians of the Galaxy de op twa nei meast opbringende film fan 2014, nei de science fiction-film Tranformers: Age of Extinction en de fantasyfilm The Hobbit: The Battle of the Five Armies. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Guardians of the Galaxy op $204,2 miljoen.

Yn 2015 waard Guardians of the Galaxy by de Oscars nominearre foar de prizen yn 'e kategoryen bêste fisazjy en hierstilearring en bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media en wûn de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm). By de Saturn Awards waard Guardians of the Galaxy nominearre foar prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste senario, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. De film wûn de Saturn Awards foar bêste stripferfilming, bêste regisseur, bêste akteur (Chris Pratt) en bêste fisazjy.

 
De filmposter fan Guardians of the Galaxy foar it rút fan in bioskoop yn Louisville yn Georgia.

Guardians of the Galaxy waard ek by de Satellite Awards nominearre foar de priis foar bêste special effects. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre yn 'e kategoryen bêste fisazjy en hierstilearring en bêste special effects. By de Empire Awards waard Guardians of the Galaxy nominearre foar de priis foar bêste science fiction- of fantasyfilm en wûn de film de priis foar bêste adaptearre senario. By de Critics' Choice Awards waard Guardians of the Galaxy nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste akteur yn in aksjefilm (Chris Pratt), bêste aktrise yn in aksjefilm (Zoe Saldaña) en bêste fisuele effekten. De film wûn de Critics' Choice Awards foar bêste aksjefilm en bêste fisazjy. Fierders wiene der foar Guardians of the Galaxy nominaasjes foar 3 People's Choice Awards, 8 MTV Movie Awards en de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario.

Ferfolchfilms en tillefyzje-adaptaasjes

bewurkje seksje

Guardians of the Galaxy makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje en wurdt yn dy rige folge troch Avengers: Age of Ultron, út 2015. De ferhaalline oer de haadpersoanen út Guardians of the Galaxy giet lykwols pas fierder yn Guardians of the Galaxy Vol. 2, dat yn 2017 útbrocht waard. In twadde ferfolchfilm, Guardians of the Galaxy Vol. 3, kaam yn 2023 yn 'e bioskopen. Dêrnjonken waard yn 2022 oer deselde personaazjes ek The Guardians of the Galaxy Holiday Special makke, in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst. In tekenfilmsearje, dy't ek Guardians of the Galaxy hiet, wie fan 2015 oant en mei 2019 op 'e tillefyzjestjoerder Disney XD te sjen. Fierders waard der yn 2020 en 2021 in rige koarte tekenfilms oer de stek fan Groot makke, mei as namme I Am Groot.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)