Waskbear
De waskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat lânseigen is yn Noard- en Midden-Amearika. Dit bist komt tsjintwurdich lykwols as eksoat ek yn Jeropa, Japan en Kaukaazje yn it wyld foar. De waskbear is in middelgrut bist mei in langhalige lichemsfoarm en in grize pels, dat tige werkenber is troch syn ringsturt en syn swarte masker. De namme komt fan syn oanwenst om syn fretten foar it opiten ôf te spielen yn wetter. Waskbearen binne omnivoare nachtdieren, dy't bekendsteane om har yntelliginsje en har handigens mei har foarpoaten, suver lytse hantsjes allyk. In mantsjes hjit in bear en in wyfke is in sûch, krekt as by bargen. De IUCN klassifisearret de waskbear as net bedrige.
waskbear | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Procyon lotor | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Lânseigen fersprieding yn Noard-Amearika. Wrâldwide fersprieding fan 'e waskbear: lânseigen ferspriedingsgebiet yntrodusearre troch de minske as eksoat |
Taksonomy en namme
bewurkje seksjeDe waskbear waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus foar de tsiende edysje fan syn baanbrekkende wurk Systema Naturæ. De Dútske natoerûndersiker Gottlieb Conrad Christian Storr pleatste de waskbear yn 1780 yn it taksonomyske skaai fan 'e waskbearen (Procyon), mei in stikmannich nau besibbe soarten. Dêr binne tsjintwurdich noch twa fan oer: de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), dy't foarkomt op it eilân Cozumel, foar de kust fan it Jûkatanskiereilân yn Meksiko, en de krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) út Súd-Amearika.
De wittenskiplike namme fan 'e waskbear is Procyon lotor, wat letterlik oerset út it Latyn betsjut: "waskjende" (lotor) "foarbear" of "foarrinner fan 'e bearen" (Procyon). Dêrmei wurdt ferwiisd nei de gewoante fan 'e waskbear om syn fretten ôf te spielen yn wetter. Ek de Frysktalige namme foar it bist ferwiisd dêrnei, krekt as de nammen yn it Nederlânsk (wasbeer), Dútsk (Waschbär), Deensk (vaskebjørn), Noarsk (vaskebjørn), Sweedsk (tvättbjörn), Italjaansk (orsetto lavatore), Bulgaarsk (миеща мечка, mješta mečka), Hongaarsk (mosómedve), Finsk (pesukarhu), Estysk (pesukaru), Japansk (アライグマ, araiguma) en Sineesk (浣熊, huànxióng). Yn it Frânsk hjit de waskbear raton laveur, wat letterlik "waskrôt" betsjut.
It Ingelsk hat foar de waskbear de namme raccoon oernommen fan ahrahkoon, de namme fan it bist yn 'e Algonkwynske taal fan 'e Pouhattan-Yndianen fan Firginia, mei as betsjutting "dejinge dy't rost, bjint en klaut mei de hannen". Krektsa komt de Spaanske namme mapache fan it Azteekske wurd mapachtli, dat safolle betsjut as "dejinge dy't alles yn 'e hannen pakt". Yn it Amerikaanske Suden wurdt de oantsjutting raccoon ornaris ferkoarte ta coon; dêrfandinne dat men sprekt fan in coonskin cap ("waskbearmûtse"; letterlik "waskbearhûden holdeksel"). Yn 'e grutte stêden fan 'e Feriene Steaten, dêr't waskbearen jiskefetten iepenbrekke om by itensresten te kommen, sprekt men ek wol delbûgend fan trash pandas ("ôffalpanda's"), ferwizend nei it swarte 'masker' oer de eagen, mei't ek de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) swarte plakken om 'e eagen hinne hat.
Fersprieding
bewurkje seksjeLânseigen foarkommen
bewurkje seksjeIt lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e waskbear beslacht Noard- en Midden-Amearika, fan Kanada oant Panama. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt dit bist oeral foar, útsein yn 'e Mojavewoastyn fan súdeastlik Kalifornje, de Sonoarawoastyn fan súdlik Arizona en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn Arizona, Nevada en Utah. Der bestiet argeologysk bewiis dat it areaal fan 'e waskbear yn it Prekolumbiaanske Tiidrek yn 'e súdeastlike Feriene Steaten al oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan ta rikte, mar der binne gjin ferslaggen fan iere blanke kolonisten dy't de bisten yn Nij-Ingelân en de krite fan 'e Grutte Marren tsjinkamen. It tinken is sadwaande dat de waskbear him pas fan 'e 1880-er jierren ôf dêrhinne útwreide hat.
Oant de 1950-er jierren fertsjintwurdige Vancouvereilân, foar de súdwestkust fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, de noardlikste fersprieding fan 'e waskbear. Sûnt hat dit bist him lykwols ferspraat oer it Legere Fêstelân fan Britsk-Kolumbia, en teffens oer hast it hiele grûngebiet fan 'e provinsjes Alberta, Saskatchewan en Manitoba, oan 'e súdlike grinsrâne fan 'e Noardwestlike Territoaria ta. Eastliker komt er foar yn Ontario, útsein it noardeastlike part fan dy provinsje, en fierders yn súdlik Kebek en de Kanadeeske Kustprovinsjes.
Fierder súdlik heart it hiele grûngebiet fan Meksiko en de Middenamerikaanske lannen Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika ta it ferspriedingsgebiet fan 'e waskbear. Datselde jildt foar westlik Panama, likernôch oan it Panamakanaal ta. Yn it Karibysk Gebiet besteane isolearre populaasjes op it eilân New Providence, yn 'e Bahama's, en op it Frânske eilân Gûadelûp. De histoaryske populaasje op Hispanjoala (it eilân dêr't Haïty en de Dominikaanske Republyk op lizze) kaam yn 1513 út te stjerren troch oerbejaging foar har fleis troch de iere Spaanske kolonisten. Itselde lot trof de populaasjes op Kuba en Jamaika yn 1687. De populaasje op Barbados stoar yn 1964 út.
Foarkommen as eksoat
bewurkje seksjeDe waskbear komt tsjintwurdich ek bûten syn lânseigen ferspriedingsgebiet yn it wyld foar, trochdat er dêr troch minske mei opsetsin of by fersin yntrodusearre is as eksoat. Yn Dútslân waarden yn april 1934 by de opslachmar de Edersee, yn noardlik Hessen, twa pear waskbearen dy't as húsdieren holden wiene frijlitten troch in jachtopsjenner om 'e fauna fan it gebiet "te ferrykjen". In twadde plak yn Dútslân dêr't in wylde waskbearepopulaasje ûntstie, wie by Wolfshagen yn Brandenburch, eastlik fan Berlyn, dêr't oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1945 by in Alliëard bombardemint 25 eksimplaren ûntsnapten út in pelsdierfokkerij. De Hessyske populaasje bestie yn 1956 noch út 285 waskbearen, mar wie yn 1970 útwoeksen ta mear as 20.000 eksimplaren. Yn 2008 waard de folsleine populaasje yn Dútslân rûsd op 200.000 oant 400.000 bisten, mar yn 2012 wie al sprake fan mear as 1 miljoen waskbearen.
Anno 2024 komme waskbearen yn hiel Dútslân foar (noch altyd mei de grutste populaasjetichtens om 'e Edersee en Wolfshagen hinne), en hawwe se har ferspraat nei alle buorlannen. Sa komme se foar yn Jutlân en op 'e eilannen Funen en Seelân yn Denemark, yn westlik Poalen, it Boheemske Wâld yn Tsjechje, de leger leine kontreien fan Eastenryk en Switserlân, de Elzas en noardlik Savoaie yn Frankryk, en de Ardinnen yn Belgje en Lúksemboarch. In selsstannige populaasje befynt him yn Noard-Frankryk, dêr't ferskate waskbearen dy't as húsdieren holden waarden, yn 1966 frijlitten waarden troch militêren fan 'e Amerikaanske Loftmacht by de Loftmachtbasis Laon-Couvron. Oare, minder stabile populaasjes besteane yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen en op ferskate plakken yn westlik en súdwestlik Frankryk, Hongarije, Servje, Slowakije en Moraavje (eastlik Tsjechje).
Sûnt de iere 1970-er jierren libbet der in populaasje wylde waskbearen om 'e Spaanske haadstêd Madrid hinne. Yn 2013 joegen de autoriteiten dêre opdracht ta it fangen en deadzjen fan eltse waskbear. Fierders komt dit bist ek foar yn noardlik Itaalje, dêr't in stabile populaasje bestiet yn 'e regio Lombardije, en yn Sweden, deunby de haadstêd Stockholm. Yn Japan waard de waskbear populêr as húsdier nei't yn 1977 de animesearje Rascal the Raccoon op 'e tillefyzje kaam. Mear as 1.500 eksimplaren waarden út Noard-Amearika wei ymportearre. Yn 2004 libben de ôfstammelingen fan yn 'e steek litten of ûntsnapte húsdierwaskbearen yn 42 fan 'e 47 Japanske prefektueren yn it wyld, en tsjin 2008 hiene se har ek nei de restearjende fiif prefektueren ferspraat. Nei skatting rjochtsje waskbearen op it eilân Hokkaido allinnich al elts jier foar mear as ¥30 miljoen (likernôch $275.000) oan skea oan 'e lânbou oan.
Yn 'e eardere Sovjet-Uny waard war dien om 'e waskbear te yntrodusearjen sadat it bist bejage wurde koe foar syn pels. Fan 1936 oant 1958 waarden 1.222 eksimplaren útset yn njoggen ûnderskate, net opinoar oanslutende gebieten. Alle yntroduksjes yn Aazje mislearren, wêrûnder ien yn wat no Kirgyzje is en ien yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten by Vladivostok. Twa fan 'e yntroduksjes wiene súksesfol: ien yn súdlik Wyt-Ruslân en ien yn Transkaukaazje. Yn Wyt-Ruslân wisten de bisten tusken 1954 en 1958 in libbensfetbere populaasje te fêstigjen, dy't him ûnderwilens útwreide hat oer de noardlike grins fan 'e Oekraïne hinne. Yn it Transkaukazyske Azerbeidzjan ûntstie tusken 1941 en 1957 in stabile populaasje, dy't yn 1974 útwoeksen wie ta 20.000 eksimplaren. Ut Azerbeidzjan wei ferspraten de bisten har nei noardwestlik Iraan, Armeenje, noardlik Georgje, Súd-Oseesje, Abgaazje en de súdlike Koebanregio yn it suden fan Jeropeesk-Ruslân.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
bewurkje seksjeYn Nederlân komt de waskbear fan likernôch 1960 ôf foar troch útwreiding nei it westen ta fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Dútske populaasje. Yn it begjin wiene der inkeld ynsidintele waarnimmings, mar sûnt likernôch de 1990-er jierren liket de waskbear him yn it easten fan it lân definityf fêstige te hawwen, fral yn Limburch, mar ek yn 'e Achterhoeke, op 'e Feluwe, yn Twinte en yn Drinte. Utsein ynsidintele waarnimmings fan omswalkjende eksimplaren binne der yn Fryslân anno 2024 amper waskbearen sjoen. Yn maart 2024 ûntsnapten der alve eksimplaren út 'e AquaZoo yn 'e Griene Stjer eastkant Ljouwert. Dêrfan waarden trije binne inkele dagen wer fongen. Der bestie gjin kâns op it ûntstean fan in Fryske populaasje fan wylde waskbearen, mei't de dieretúnbisten allegearre sterilisearre wiene.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe waskbear is in middelgrut bist mei in kop-romplingte fan 40–70 sm, in sturtlingte fan 20–40 sm en in skofthichte fan 23–30 sm. It gewicht kin fariëarje tusken de ekstremen fan 2 en 26 kg, mar bedraacht ornaris 5–12 kg. De noardlikste ûndersoarten hawwe de grutste yndividuën, wylst de lytste eksimplaren ta de ûndersoarten fan 'e eilannen fan 'e Florida Keys hearre. It aldergrutste eksimplaar dat ea dokumintearre waard, hie in gewicht fan 28,4 kg en in kop-sturtlingte fan 140 sm. Oer it algemien binne de bearen 15–20% swierder en foarser as de sûgen. Njonken in geslachtlike fariaasje yn gewicht bestiet der ek in seizoenalen-ien, mei't waskbearen oan it begjin fan 'e winter troch ûnderhûdske fetopslach wol twaris safolle weagje kinne as oan it begjin fan 'e maityd.
De pels fan 'e waskbear is grizich bêzje-brún op 'e rêch, siden, nekke, boppe-op 'e kop en oan 'e sydkanten fan 'e poaten, en wat ljochter grizich bêzje op 'e bealch en kiel en oan 'e binnenkant fan 'e poaten. De pels bestiet út ticht ûnderhier, dat in wetterôfstjittende wurking hat, oerdutsen mei lang boppehier, dat isolearret tsjin kjeld en hjittens. De meast opfallende skaaimerken fan dit bist binne de lange sturt, dy't in patroan hat fan om bar grizige en swarte ringen, en in swart 'masker' oer de eagen hinne, dat sterk kontrastearret mei it fierders wite gesicht. It tinken mank saakkundigen is dat de swarte plakken om 'e eagen hinne wjerskyn troch fel sinneljocht ferminderje en nachtsicht ferbetterje. De rûnige earen binne frij lyts en begroeid mei wyt hier. De noas is lyts en beweechlik en wurdt flankearre troch lange snorhierren.
Waskbearen hawwe relatyf lytse poatsjes, dy't swart fan kleur binne, oan 'e úteinen fan skonken dy't yn ferhâlding ta de grutte fan it lichem oan 'e koarte kant lykje. De klauwen binne skerp mar net ynlûkber. De bisten geane normaalwei op fjouwer poaten, mar kinne har sûnder swierrichheden op 'e efterpoaten oprjochtsje en in pear stappen op twa poaten rinne. Fral de foarpoaten binne se tige behindich mei. Hoewol't se net beskikke oer in opponearbere tomme, kinne se mei de fiif tige gefoelige 'fingers' hiel subtile bewegings meitsje, dy't harren by steat stelle om fan alles te dwaan dat oare bisten net kinne (bgl. in doar iepenje of in draaidop fan in pot of flesse draaie). Wat de oare sintugen oangiet: waskbearen hawwe in tige skerp gehoar, dêr't se dauwjirms mei ûnder de grûn bewegen hearre kinne. De rooksin is ek goed ûntwikkele, folle skerper as by minsken, mar it gesichtsfermogen hâldt net oer. Fral op 'e langere ôfstân sjogge waskbearen min, en saakkundigen geane derfan út dat se kleureblyn binne of alteast min kleuren ûnderskiede kinne.
Biotoop
bewurkje seksjeFan oarsprong binne waskbearen bisten út bosklân en mear iepen gebieten mei kloften beammen. Se binne nammentlik ôfhinklik fan beammen om omheech te klimmen as se har bedrige fiele. Dêrom mije se iepen flakten, greiden en ikkers. Likemin komme se foar yn kontreien mei hege konsintraasjes bûkebeammen, mei't de skoars fan bûken foar waskbearen te glêd is om by op te klimmen. Oare bewenningseasken fan waskbearen binne holle beammen of rotsspjalten dêr't se yn sliepe kinne, hoewol't se ynstee dêrfan ek wol hoalen oernimme dy't troch oare bisten groeven binne. As der neat betters beskikber is, kin in waskbear him eventueel ek behelpe mei in beamstrampel of in skûlplak middenmank opgeand strewelleguod.
Wat bosken oanbelanget, jouwe waskbearen de foarkar oan leafwâlden en mingde wâlden, mar yn Noard-Amearika hawwe se har sûnt de 1950-er jierren ek yn 'e taiga fan Kanada fêstige, dy't benammen bestiet út nullewâld. Mei't har proaidieren foar in wichtich diel besteane út amfibyen en kreefteftigen, bejouwe waskbearen har ornaris net fier fan oerflaktewetter ôf. It type wetter liket net bot út te meitsjen: se komme foar yn berchtmen, by beekjes lâns, mar ek yn moerassen yn it leechlân. Waskbearen passe har maklik oan nije biotopen oan, salang't der wetter en gaadlike fertikale struktueren binne om by op te klimmen. Sadwaande hat dit bist ek net folle muoite om him yn stedske fermiddens nei wenjen te setten, dêr't oer it algemien genôch wetter foarhâns is en in protte gebouwen prima beklimber binne.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeSosjaal hâlden en dragen
bewurkje seksjeLang waard tocht dat de waskbear yn essinsje in solitêr libjend bist wie, útsein wat bearen en sûgen yn 'e peartiid oangiet en yn 'e moannen dêrnei sûgen mei jongen. Mar nij ûndersyk hat sûnt de 1990-er jierren oan it ljocht brocht dat waskbearen eins frij sosjale bisten binne, dy't yn geslachtsspesifike groepen libje. Besibbe sûgen libje it grutste diel fan 'e tiid apart en hawwe in eigen territoarium, mar de territoaria oerlaapje inoar allegearre op in beskaat punt, dêr't in mienskiplik gebiet ûntstiet. Dêr moetsje de bisten inoar by it foerazjearjen of it rêsten en hawwe se gedoente mei-inoar as se dat wolle. Hawwe se dêr op in stuit gjin sin oan of hawwe se har nocht derfan, dan lûke se har yn it diel fan har territoarium werom dat útslutend fan harsels is. Bearen dy't net besibbe binne, foarmje ek losse kloften mei as doel om harren eigen sosjale posysje yn 'e peartiid te hanthavenjen foar binnenkringende bearen oer.
De grutte fan it territoarium fan in waskbear hinget ôf fan in stikmannich faktoaren, lykas it geslacht en de âldens fan it bist, en it biotoop en habitat dêr't er libbet. Op 'e prêrje yn Noard-Dakota hawwe bearen in territoarium fan 7–50 km², wylst dat fan sûgen 2–16 km² beslacht. Yn 'e sompen oan 'e igge fan 'e Earymar hawwe waskbearen trochinoar mar in territoarium fan 1/2 km². Salang't der genôch fretten te finen is, wurde territoaria bûten de peartiid om net aktyf ferdigene tsjin soartgenoaten.
Waskbearen binne nachtdieren en dêrom ornaris nachts op 'en paad, wylst se oerdeis in skûlplak opsykje om te rêsten. Mar om har foardiel te dwaan mei beskikbere itensboarnen komme se soms oerdeis ek wol op 'e lapen. Waskbearen hâlde gjin wintersliep, mar yn 'e noardlike dielen fan it ferspriedingsgebiet geane se op in stuit wol yn winterrêst, wêrby't se har aktiviteit drastysk ferminderje salang't in permanint snietek it foerazjearjen dreech makket.
Waskjen fan fretten
bewurkje seksjeDe Fryske namme "waskbear", nammen yn gâns oare talen en ek de wittenskiplike namme Procyon lotor ("waskjende foarbear") ferwize nei de wizânsje fan waskbearen om har iten te 'waskjen'. Yn it wyld jeie waskbearen oan 'e iggen fan beken en puollen faak op proaidieren lykas kreefteftigen en amfibyen troch mei de tige gefoelige foarpoaten ûnder wetter te taasten. As se sa wat fange, helje se it boppe wetter om it ris kritysk te besjen, wêrnei't se it berosse om ûnwinske dielen te ferwiderjen. Dat jout de yndruk dat se har iten oan it waskjen binne, hoewol't dat winliken net alhiel wier is. Yn finzenskip, dêr't se fuorre wurde, fertoane waskbearen gauris de oanstriid om har iten nei in fiver of wetterbak te tôgjen, dêr't se it eefkes ûnderdompelje of ôfspiele foar't se it opite. Dat liket mear op waskjen, mar yn it wyld is dat gedrach nea waarnommen. De Frânske biolooch Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon teorisearre dat by waskbearen de produksje fan flibe net adekwaat wêze moat, sadat it nedich is dat se har iten foar it ynnimmen befochtigje. Letter ûndersyk hat útwiisd dat er mei dy teory mis wie. De tsjintwurdich meast akseptearre teory is dat it ûnderdompeljen of ôfspielen in ynstinktyf fiksearre aksjepatroan is dat ynsliten is trochdat waskbearen safolle foerazjearje oan 'e wettersrânen.
Yntelliginsje
bewurkje seksjeDe waskbear stiet bekend om syn yntelliginsje. Yn 1908 ûntdiek etolooch H.B. Davis by in ûndersyk dat waskbearen alve fan 'e trettjin komplekse slotten dy't er har foarsette, iepenje koene. Dat slagge de bisten troch it minder as tsien kear te besykjen. Se ûntholden boppedat hoe't se it dien hiene, sadat de slotten nei de earste kear fan nul en gjinderlei wearde wiene om 'e bisten tsjin te kearen. Ek hiene se gjin inkele muoite om 'e slotten te ûntsluten as dy yn in oare folchoarder presintearre waarden op ûnderstboppest pleatst waarden. Davis kaam ta de konklúzje dat de waskbearen de abstrakte prinsipes fan 'e slotten begriepen en stelde fêst dat it learproses by harren like hurd gie as by resusapen. Ut stúdzjes út 1963, 1973, 1975 en 1992 dy't har taleine op it ûnthâld fan waskbearen bliek dat de bisten har oplossings foar problemen tebinnenbringe kinne dy't se foar it lêst 3 jier lyn tsjinkommen binne. It ûndersyk fan B. Pohl út 1992 bewiisde dat de bisten fuortendaliks ûnderskie meitsje koene tusken identike en ferskillende symboalen, dêr't se trije jier earder koart mei yn 'e kunde brocht wiene.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe peartiid falt foar de waskbear yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet fan ein jannewaris oant mids maart. Undersyk hat útwiisd dat it begjin fan dy perioade net útlokke wurdt troch oprinnende temperatueren, mar troch de lingjende dagen. Der moatte lykwols mear faktoaren spylje, mei't net alle útsûnderings út te lizzen binne op basis fan tanimmend sinneljocht. Sa rint de peartiid yn Manitoba fan maart oant yn juny, wat te krijen hawwe kinne soe mei de hegere breedtegraad, mar yn it suden fan 'e Feriene Steaten begjint de peartiid ek letter as normaal, wat dan wer ûnlogysk liket.
Yn 'e peartiid strune bearen harren territoarium ôf op 'e sneup nei tyldriftige sûgen, dêr't se dan mei besykje te pearjen yn 'e 3–4 dagen dat befruchting mooglik is. De pearing kin mear as in oere duorje en wurdt faak yn ferskate opienfolgjende nachten werhelle. Dêrnei hat de bear fierders neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen. Neffens in ûndersyk út Teksas op basis fan gegevens út 1990–1992 pearet likernôch in trêdepart fan 'e sûgen mei mear as ien bear. As de sûch net drachtich wurdt, of as de jongen ier deageane, wurdt de sûch 80–140 dagen letter op 'e nij tyldriftich. De draachtiid kin 54–70 dagen duorje, mar ornaris komme de welpen nei 63–65 dagen te wrâld. Ien smeet bestiet yn 'e regel út 2–5 welpen, hoewol't smeetgrutte ferskilt nei regio. Sa is it trochsneed tal waskbearejongen yn ien smeet yn Alabama 2,5, wylst it yn Noard-Dakota 4,8 bedraacht.
De welpen komme dôf en blyn te wrâld, mar it 'masker' is sels dan al sichtber yn 'e ljochte pels fan it gesicht. Se binne by de berte sa'n 10 sm lang en weagje 60–75 g. Mei 18–23 dagen geane de earkes iepen, en mei 25–27 dagen de eachjes. De welpen ferlitte it nêst as se likernôch 8 wiken âld binne. Mei 16 wiken wurde se ôfwûn. Mei't guon bearen agresje fertoane tsjin welpen dy't net har eigen binne, isolearret de sûch har jongen fan oare waskbearen oant de jongen grut genôch binne om harsels te ferdigenjen. Hjerstmis geane de welpen by de mem wei. Wylst de healwoeksen sûgen deunby it territoarium fan 'e mem bliuwe, geane de healwoeksen bearen op 'e swalk, wêrby't se soms wol mear as 20 km fuort tsjogge. Biologen beskôgje dat as in ynstinktive gedrachsfoarm om yntylt foar te kommen. Soms bliuwe lykwols de jongen har earste winter oer by de mem en dielt de hiele groep ien nêst oant de maityd.
Sûgen binne binnen in jier geslachtsryp en nimme sadwaande yn it jier nei har berte al oan 'e fuortplanting diel. Bearen wurde yn datselde jier pas nei de peartiid geslachtsryp en nimme sadwaande pas diel oan 'e fuortplanting as se krapoan twa jier âld binne. De libbensferwachting fan waskbearen yn it wyld bedraacht mar 1,8–3,1 jier, ôfhinklik fan it biotoop, de beskikberens fan fretten, de waarsomstannichheden, de jachtdruk en de ferkearsdrokte. It is frij normaal as mar 50% fan 'e welpen in hiel jier libbet. Dêrnei saksearret it jierlikse stjertesifer nei 10–30%. Wat âlder de waskbear, wat mear ûnderfining dat er garret en wat grutter de kâns dat er langer libje sil. Yn finzenskip kinne waskbearen langer as 20 jier libje.
Fretten
bewurkje seksjeWaskbearen binne omnivoaren. Harren dieet bestiet foar 33% út plantaardich guod en foar 67% út bisten. Fan it dierlik fretten bestiet 60% út wringeleazen en 40% út wringedieren. Wat it plantaardich fretten oangiet, dat wurdt fierhinne opmakke troch ikels, wâlnuten en oare nuten. Mei't dy inkeld tsjin 'e ein fan 'e simmer en hjerstmis beskiber binne, is it plantaardige diel fan it waskbearedieet fierhinne seizoenaal beheind. Dêrnjonken frette waskbearen lykwols tsjintwurdich ek fruchten út hôven en túnbougebieten. Foar de rest frette waskbearen wjirms, ynsekten en oar lyts wrimelt, lykas tûzenpoaten en spinnen, en fierders kreefteftigen, fisken, amfibyen, de aaien fan reptilen (lykas skylpodden) en de aaien en piken fan fûgels. Soms brekke waskbearen yn hinnehokken yn en frette se de hinnen op of, as de eigner gelok hat, allinne de aaien en it hinnefoer.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen fan 'e waskbear binne de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de prêrjewolf (Canis latrans) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), wêrby't dy lêste benammen gefaarlik is foar jongen en healwoeksen eksimplaren. Yn Floarida wurde waskbearen, neffens ferskate dokumintearre gefallen, ek bejage troch gruttere rôfdieren lykas de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) en de poema (Puma concolor). Op plakken dêr't de grize wolf (Canis lupus) noch foarkomt, sil dy in waskbear ek net rinne litte, hoewol't sa'n bist foar in ridel wolven net mear as in oanfolling op it menu wêze kin. Yn Floarida en by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns is ek de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) in duchtige bejager fan waskbearen.
Yn 'e taiga fan Kanada foarmet ek de fiskmarter (Pekania pennanti) in bedriging foar de waskbear, ek al ferskille de beide bisten mar amperoan fan grutte. Yn Meksiko en Midden-Amearika is de jagûar (Panthera onca) út en troch in bejager fan 'e waskbear. By gelegenheid kinne ek de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus) en de keningsearn (Aquila chrysaetos) wolris in waskbear snippe, en út 'e tropen binne gefallen bekend wêrby't se pakt waarden troch lytsere rôffûgels, lykas de bûnte toefearn (Spizaetus ornatus) en de swarte toefearn (Spizaetus tyrannus), hoewol't it dêrby mooglik om healwoeksen waskbearen gie. Hjirby moat lykwols oantekene wurde dat predaasje foar de waskbear oer it algemien mar in deadsoarsaak fan ûndergeskikt belang is, mei't rôfdieren dy't waskbearen bejeie op in hiel soad plakken troch de minske útrûge binne. Yn 'e regel foarmet it ferkear in gruttere bedriging, mei't in protte waskbearen by it oerstekken fan wegen deariden wurde troch passearjende auto's.
Status en relaasje mei de minske
bewurkje seksjeStatus
bewurkje seksjeDe waskbear hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Rol yn Yndiaanske mytologyen
bewurkje seksjeFan âlds spylje waskbearen in wichtige rol yn 'e mytologyen fan 'e Yndiaanske folken fan Noard-Amearika. Sa hawwe de Tuskaroara, fan 'e eastlike Feriene Steaten, in folksferhaal dat útleit hoe't de slûchslimme waskbear safolle rivierkreeften fange kin. Yn ferhalen fan oare stammen ferfollet de waskbear de rol fan trickster en is er oare bisten, lykas de prêrjewolf en de wolf, te fluch ôf. De Dakota fan Minnesota leauwe dat de waskbear bejeftige is mei boppenatuerlike krêften om't syn swarte gesichtsmasker liket op it fervepatroan dat dûnsers op har gesicht oanbringe om by rituelen te kommunisearjen mei de geastewrâld. De Azteken út Meksiko leauwe itselde, mar bringe de boppenatuerlike krêften fan 'e waskbear benammen yn ferbân mei de wyfkes. Hoe't dy om har jongen tinke, wurdt assosjearre mei de rol fan medisynfroulju yn 'e Azteekske maatskippij.
Jacht en pelsdierfokkerij
bewurkje seksjeDoe't de earste Jeropeänen har yn 'e santjinde iuw yn Noard-Amearika nei wenjen setten, fûnen sy neat spiritueels oan 'e waskbear, mar hiene se wol belangstelling foar de moaie, tichte pels fan it bist. Net dat de Yndianen de waskbear nea bejage hiene, mar de doelrjochte bejaging troch de blanke pelsjagers naam oare foarmen oan. Net inkeld waard de pels fan it bist brûkt om bûntklean fan te meitsjen, mar de swart-wite streke ringsturt waard brûkt as fersiering. By pelsjagers kaam in holledeksel yn 'e moade, de saneamde waskbearmûtse, dy't bestie út in mûtse fan bûnt mei oan 'e efterkant (in diel fan) in sturt, dy't oer de nekke hong oant tusken de skouderblêden. It ferneamde Lakota-opperhaad Bûnte Sturt (Spotted Tail) hie syn namme te tankjen oan sa'n waskbearmûtse dy't er kocht hie fan in blanke pelsjager.
Tsientallen miljoenen waskbearen waarden it slachtoffer fan 'e pelsjacht. Fan 'e 1920-er oant en mei de 1940-er jierren waard besocht om waskbearen yn finzenskip foar har pels te fokken yn pelsdierfokkerijen, mar dat bliek net winstjaand te wêzen. De jacht op wylde waskbearen gie troch en waard oanfitere doe't yn 1954–1955 de populêre tillefyzjesearje Davy Crockett, King of the Wild Frontier, oer de ferneamde, histoaryske, waskbearmûtsedragende Amerikaanske pionier Davy Crockett, de fraach nei waskbearmûtsen oant grutte hichte optreau. De jacht berikte in hichtepunt yn 1976–1977, doe't der yn ien jier 5,2 miljoen waskbearen deade waarden. Tsjin 'e 1990-er jierren naam de fraach nei bûnt sterk ôf en dêrtroch de jacht op waskbearen ek, om't de legere fraach ta legere prizen late.
Behalven foar har pelzen waarden waskbearen histoarysk ek bejage foar har fleis, dat sawol troch Yndianen as troch iere Amerikaanske kolonisten iten waard. Neffens de skriuwer en keunstner Ernest Thompson Seton (1860–1946) binne jonge eksimplaren lekker as se hommels deade wurde, mar binne âlde waskbearen ûnytber as se pas nei in lange striid belies jouwe. It is bekend dat negerslaven yn 'e Antebellumperioade fan it Amerikaanske Suden wol waskbear optsjinne krigen mei de kryst, by wize fan delikatesse. Mar waskbearefleis wie net útslutend iten foar de earmen of foar plattelânsbewenners. De earste edysje fan it ynfloedrike itensiedersboek The Joy of Cooking, út 1931, befette in resept foar it tameitsjen fan waskbearefleis, en Calvin Coolidge, dy't fan 1923 oant 1929 presidint fan 'e Feriene Steaten wie, hold yn it Wite Hûs de waskbear Rebecca as húsdier, dy't him oarspronklik tastjoerd wie om mei Thanksgiving op te iten.
Waskbearen yn 'e stêd
bewurkje seksjeHjoed oan 'e dei binne waskbearen in frij normaal ferskynsel yn hast alle stêden yn harren ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika. It liket wol as hawwe se dêr altyd al libbe, mar dat is sa net. Waskbearen waarden yn 'e 1920-er jierren foar it earst yn in stêd waarnommen, te witten yn in foarstêd fan Cincinnati. Sûnt hawwe se har areaal útwreide nei frijwol alle plakken, wêrûnder grutte metropoalen as New York, Baltimore, Philadelphia, Boston, Washington, D.C., Chicago, Detroit, Toronto, Los Angeles, San Francisco, Seattle en Vancouver. Yn Dútslân komme se ek yn stêden foar, lykas Berlyn, Hamburch en München. De grutste stedske populaasje waskbearen yn Jeropa (mei 50–150 eksimplaren op in km²) is te finen yn Kassel, yn 'e dielsteat Hessen.
Waskbearen wurde yn 'e stêd gauris beskôge as skealik ûngedierte, mei't se jiskefetten iepenje op 'e sneup nei fretten en dêrby it ôffal faak oer de strjitte útsmite. Harren yndrukwekkende probleemoplossend fermogen en handige poatsjes stelle waskbearen by steat om sels de meast befeilige jiskefetten iepen te brekken. Boppedat kringe se ferlitten en sels bewenne huzen binnen om har op in stil plakje, lykas op 'e souder, yn 'e garaazje of yn 'e krûpromte, nei wenjen te setten. Oerdeis merkt men, útsein eventueel troch stankoerlêst, frijwol neat fan 'e bisten om't it nachtdieren binne, mar nachts wurde bewenners faak út 'e sliep holden troch it leven dat de ûnwinske hûsgasten meitsje. Teffens rjochtsje waskbearen skea oan om binnen te kommen en frette se efterlitten iten op dat bedoeld is foar echte húsdieren, lykas hûnen of katten.
As men de bisten ferjeie wol of as men se by fersin oer it mad komt, kin der in gefaarlike sitewaasje ûntstean wêrby't de waskbear agressyf fan him ôfbyt. Bytwûnen moat men fuortendaliks mei nei de húsdokter of it sikehûs, om't waskbearen hûnsdûmens (rabiës) hawwe kinne en ferskate oare firussen of bakteriële sykten, lykas tetanus. In oar risiko dêr't minsken oan bleatsteld wurde as se deun op waskbearen libje, wurdt foarme troch de ferskate parasiten dy't de bisten hawwe. It wichtichst binne yn dit ferbân rûnwjirms fan 'e soarte waskbearrûnwjirm (Baylisascaris procyonis), wêrfan't minsken de aaikes fia de dong fan waskbearen by fersin binnenkrije kinne troch de mûle of de longen. Sa'n 60% fan alle waskbearen hat rûnwjirms en de rûnwjirmaaikes binne sa taai en robúst dat bleekwetter net helpt en inkeld fjoer of natriumhydrokside oplost yn hjit wetter ôfdwaande is om se te ferneatigjen.
Waskbearen as húsdier
bewurkje seksjeWaskbearen wurde soms as húsdier holden, in praktyk dy't ûntmoedige wurdt troch saakkundigen om't de waskbear útsoarte in wyld (ynstee fan domestisearre) bist is. Dat betsjut dat waskbearen ûnberekkenber en agressyf út 'e hoeke komme kinne. Nettsjinsteande harren yntelliginsje is it ek tige dreech om harren te learen en folgje befellen op. Likegoed is it alteast yn dielen fan 'e Feriene Steaten tastien om waskbearen as húsdier te hâlden. Yn Wisconsin is dêrfoar ferlet fan in fergunning foar it hâlden fan eksoatyske húsdieren. Baaskes helje har lykwols hiel wat op 'e hals as se derfoar kieze om in waskbear yn 'e hûs te nimmen. De bisten jouwe mar amperoan om sizzen en troch harren handigens mei de beweechlike foarpoatsjes hawwe sels ûnbedreaune eksimplaren der gjin muoite mei om doarren te iepenjen, skroeflidden fan potten te heljen of koarken út flessen te lûken. It wurdt sterk oanrikkemandearre om in waskbear dy't as húsdier holden wurdt, mei 5–6 moanne sterilisearje of kastrearje te litten, wat de agresje wat binnen de stringen hâldt. In bekend probleem fan waskbearen dy't as húsdier holden wurde, is dat se obees wurde troch tefolle iten en te min beweging.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 23 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e waskbear (Procyon lotor). Twa dêrfan binne útstoarn. Ferskate ûndersoarten binne yn har fersprieding beheind ta lytse of relatyf lytse eilannen yn it Karibysk Gebiet of foar de Pasifyske kust fan Midden-Amearika: de Bahamaanske waskbear (P. l. maynardi), de Gûadalûpwaskbear (P. l. minor), de útstoarne Barbadoswaskbear (P. l. gloveralleni) en de Tres-Mariaswaskbear (P. l. insularis) waarden foarhinne as selsstannige soarten beskôge, mar nij ûndersyk nei harren morfology en genetika út 1999, 2003 en 2005 hat derfoar soarge dat se no algemien as ûndersoarten fan 'e (gewoane) waskbear sjoen wurde. In fyfde eilânwaskbear, de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), wurdt noch wol as selsstannige soarte erkend. De ûndersoarten binne:
- Bahamaanske waskbear (P. l. maynardi) (it eilân New Providence yn 'e Bahama's)
- Barbadoswaskbear (P. l. gloveralleni) † (Barbados; útstoarn yn 1964)
- Boppemississippywaskbear (P. l. hirtus) (de bopperin fan 'e Mississippy en de Missoery fan it foarlân fan 'e Rocky Mountains oant de kust fan 'e Michiganmar en fan súdlik Manitoba en súdwestlik Ontario oant súdlik Oklahoma en noardlik Arkansas)
- Coloradowoastynwaskbear (P. l. pallidus) (de dellingen fan 'e rivieren de Colorado en de Gila en oanbuorjende kontreien, fan 'e Colordadodelta yn noardwestlik Meksiko nei it noarden ta oant noardwestlik Nij-Meksiko, noardeastlik Utah en westlik Colorado)
- eastlike waskbear (P. l. lotor) (Nij-Skotlân, Nij-Breunswyk, súdlik Kebek, súdlik Ontario, it noardeasten fan 'e Feriene Steaten oant Noard-Karolina yn it suden en fan 'e Atlantyske kust oant en mei Neder-Michigan, noardlik Indiana, súdlik Illinois, westlik Kentucky en eastlik Tennessee)
- Evergladeswaskbear (P. l. marinus) (de Everglades yn súdwestlik Floarida, fan 'e Okeechobeemar nei it suden ta en de Tsientûzen Eilannen yn 'e Florida Keys)
- Floaridawaskbear (P. l. elucus) (it Floaridaskiereilân útsein de Everglades, mar mei it suden fan Georgia)
- Gûadelûpwaskbear (P. l. minor) (Gûadelûp yn 'e Lytse Antillen)
- Kalifornyske waskbear (P. l. psora) (Kalifornje útein it uterste noarden en de Mojavewoastyn yn it súdeasten, fierders westlik en sintraal Nevada en it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko oan San Ignacio ta)
- Key-Vacawaskbear (P. l. auspicatus) (Key Vaca en oanbuorjende eilannen yn 'e Florida Keys)
- koartsnútwaskbear (P. l. simus) † (in fossile ûndersoarte út it Pleistoseen fan Kalifornje)
- kustwaskbear (P. l. litoreus) (de kuststripe en eilannen fan Georgia)
- Matecumbe-Keywaskbear (P. l. inesperatus) (Matecumbe Key en oanbuorjende eilannen yn 'e Florida Keys)
- Meksikaanske heechlânwaskbear (P. l. hernandezii) (it suden fan it Meksikaansk Heechlân en oanbuorjende kustkontreien, nei it suden ta oant de Lâningte fan Tehuantepec)
- Middenamerikaanske waskbear (P. l. pumilus) (fan súdlik Meksiko oant de Lâningte fan Panama)
- Mississippydeltawaskbear (P. l. megalodous) (de Mississippydelta yn súdlik Louisiana)
- Nederkalifornyske waskbear (P. l. grinnelli) (fan 'e súdpunt fan it Kalifornysk Skiereilân nei it noarden ta oant San Ignacio)
- noardwestlike waskbear (P. l. pacificus) (súdwestlik Britsk-Kolumbia útsein Vancouvereilân, en fierders noardlik, sintraal en westlik Washington, westlik Oregon en it uterste noardwesten fan Noardlik Kalifornje)
- Snakedellingwaskbear (P. l. excelsus) (it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier de Snake yn súdeastlik Washington, eastlik Oregon en súdlik Idaho, it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier de Humboldt yn noardlik Nevada en rivierdellingen yn noardeastlik Kalifornje)
- Teksaanske waskbear (P. l. fuscipes) (Teksas útsein de Teksaanske Panhandle, de Transpecos en it noardwesten fan West-Teksas, en fierders noardeastlik Meksiko, súdlik Arkansas en Louisiana útsein de Mississippydelta,)
- Torch-Keywaskbear (P. l. incautus) (Torch Key en oanbuorjende eilannen yn 'e Florida Keys)
- Tres-Mariaswaskbear (P. l. insularis) (de Tres Marias, in arsjipel foar de Pasifyske kust fan 'e Meksikaanske steat Nayarit)
- Vancouvereilânske waskbear (P. l. vancouverensis) (Vancouvereilân foar de súdwestkust fan Britsk-Kolumbia)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Side oer de waskbear op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e waskbear yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|