Hispanjoala is nei Kuba it grutste eilân yn de Karibyske See. It leit eastlik fan Kuba dêr't it fan skieden wurdt troch de Windwardpassaazje, en bewesten fan Porto Riko. It heart krekt as dizze eilannen ta de Grutte Antillen.

Lizzing fan Hispanjoala

Op Hispanjoala lizze twa steaten. It westlik diel hjit Haïty; op it eastlik diel leit de Dominikaanske Republyk, dy't twatredde fan it eilân beslacht. Der wenje ûngefear 17,5 miljoen minsken op it eilân.

Op Hispanjoala wennen Siboney Yndianen. Om it begjin fan de jiertelling arrivearen de Taíno-stam fan de Arowakken, dy't de oarspronklike befolking nei it westen ferdreaunen. Hja neamden it eilân Quisqueya, wat mem fan alle lannen betsjut. Op 5 desimber 1492 waard Hispanjoala ûntdekt troch Kristoffel Kolumbus. Hy neamde it eilân La Española, wat De Spaanske betsjut. Yn it Latyn is dat Hispanjoala. Omdat Kolumbus der fan oertsjûge wie dat hy yn Ynje oankomd wie, neamde hy de ynboarlingen Yndianen. Dizzen droegen gouden sieraden.

 
Lânskip fan Haïty

Inkele wiken nei oankomst, op Earste krystdei, sloech Kolumbus syn flaggeskip lek. Fan de restanten waard La Navidad boud, de earste Europeeske delsetting yn Amearika sûnt de tiid fan de Wytsingen. Hjir waarden 40 opfarrenden efterlitten mei de opdracht nei goud te sykjen. De oerbleaune beide skippen farden werom nei Spanje.

Op 17 septimber 1493 farde Kolumbus mei 17 skippen en 1500 man oan board werom nei Hispanjoala. De delsetting blykte ferwoaste, en fan de efterbleaune Spanjerts wie neat te finen. Der waard in nije delsetting stifte, dy 't La Isabela neamd waard - nei keninginne Isabella fan Kastylje. Doe't de ynboarlingen net fertelle woenen wêr't se harren goud wei hellen, fierde Kolumbus tsien moannen lang oarloch tsjin harren. Yn de oarloch kaam Kolumbus efter de oarsprong fan it goud. Nei de oerwinning stelde hy de oerbleaune yndianen as slaven te wurk yn de goudminen op Hispanjoala.

It heechste punt fan it eilân is de Pico Duarte mei in hichte fan 3087 meter.

Der binne meardere sâltmarren, lykas Étang Saumâtre yn Haïti en Lake Enriquillo yn de Dominikaanse Republyk.

Hispanjoala leit op de brekline tusken de Noard-Amerikaanske en Karibyske plaat.