Transkaukaazje
Transkaukaazje, ek wol de Súd-Kaukasus neamd, is in geopolitike regio dy't it diel fan 'e eardere Sovjet-Uny beslacht dat oan 'e súdkant fan it Kaukasusberchtme leit. Tsjintwurdich bestiet dat gebiet út 'e ûnôfhinklike lannen Armeenje, Azerbeidzjan en Georgje. Mei't de Kaukasus de grins tusken de wrâlddielen Jeropa en Aazje foarmet, makket Transkaukaazje strikt sprutsen ûnderdiel fan Aazje út. Fanwegen beskate kulturele aspekten (benammen de dominante posysje fan it kristendom yn Armeenje en Georgje), dy't meitsje dat dizze kontreien dreech ûnder it súdlik derfan leine Midden-Easten beflapt wurde kinne, wurdt Transkaukaazje lykwols gauris ta Jeropa rekkene.

GeografyBewurkje
Geografysk sjoen leit Transkaukaazje op in lâningte tusken de Swarte See yn it westen en de Kaspyske See yn it easten. De noardgrins wurdt foarme troch de heechste toppen fan 'e Kaukasus, dy't ek de grinzen fan Georgje (yn it noardwesten) en Azerbeidzjan (yn it noardeasten) mei Ruslân foarmje. Oan 'e súdkant grinzgje de trije Transkaukazyske lannen oan Turkije (yn it súdwesten) en Iraan (yn it suden). Binnen de Transkaukazyske regio beslacht Georgje it noardwestlike, Azerbeidzjan it eastlike en Armeenje it súdlike diel. Armeenje is it iennichste fan 'e trije lannen dat gjin kustline of direkte grins mei Ruslân hat.
Politike sitewaasjeBewurkje
Armeenje en Georgje binne demokrasyen. Azerbeidzjan, dat in diktatuer is, bestiet út twa dielen: it "haadlân", dat oan 'e kust fan 'e Kaspyske See leit, en de folle lytsere eksklave Nachitsjevan, dy't ynklamme leit tusken Armeenje yn it noarden en easten en Turkije en Iraan yn it westen en suden. Yn teory hat Nachitsjevan autonomy, mar yn 'e praktyk is dêr net folle fan te merken. Njonken de trije algemien erkende lannen lizze yn Transkaukaazje ek noch trije net algemien erkende steatsjes. Yn noardlik en noardwestlik Georgje hawwe de gebieten Súd-Osseesje en Abgaazje har yn 1991, resp. 1992 ôfskaat. Dy beide republykjes wiene ûnder it Sovjet-bestjoer autonoom, mar drigen nei de Georgyske ûnôfhinklikens, yn 1991, har selsbestjoer ferliezen. Yn 2008 besocht it Georgyske leger Súd-Osseesje te weroverjen, mar waard weromslein troch Russyske troepen, dy't it minysteatsje te help kamen. Neitiid erkenden Ruslân en trije oare lannen de ûnôfhinklikheid fan sawol Súd-Osseesje as Abgaazje.
Fierder súdlik rôp yn 1991 ek Nagorno-Karabach de ûnôfhinklikheid út. Dat wie earder in etnysk Armeenske eksklave mei beheind selsbestjoer yn westlik Azerbeidzjan, mar Armeenje en Azerbeidzjan wiene dêr al oer yn oarloch rekke noch foar't de Sovjet-Uny goed en wol útinoar fallen wie. Nei 1991 feroveren de Armenen net inkeld Nagorno-Karabach, mar ek it diel fan Azerbeidzjan dat de eksklave fan it Armeenske memmelân skate. Dat gebiet wurdt noch altyd troch Armeenje beset holden. Nagorno-Karabach sels hâldt út dat it in ûnôfhinklike steat is, mar wurdt troch gjin inkeld oar lân as sadanich erkend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|