Kustprovinsjes (Kanada)

(Trochferwiisd fan Kanadeeske Kustprovinsjes)

De Kustprovinsjes (Ingelsk: the Maritimes) of de Kanadeeske Kustprovinsjes (the Canadian Maritimes) is in oantsjutting dêr't de Kanadeeske provinsjes Nij-Breunswyk, Nij-Skotlân en Prins Edwardeilân ûnder beflapt wurde, dy't oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan lizze. Dêrby wurdt gauris sprutsen oer Atlantysk Kanada, wat de Kustprovinsjes mei dêropta Nijfûnlân en Labrador binne. De Kustprovinsjes lizze ynklamme tusken de see yn it easten, it Gaspé-skiereilân fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek yn it noardwesten, en de Feriene Steaten (om persiis te wêzen, de steat Maine) yn it súdwesten. Dat de trije provinsjes op ien bulte smiten wurde, komt trochdat it de trije lytste provinsjes fan Kanada binne, dy't fuort byinoar lizze en boppedat ek nochris in mienskiplike kultuer, sosjology, ekonomy, etnysk erfskip, geografy en floara en fauna hawwe.

De lokaasje fan 'e Kustprovinsjes yn Kanada.

Nij-Breunswyk, Nij-Skotlân en Prins Edwardeilân hawwe mei-inoar in befolking fan likernôch 1.815.000 minsken op in mienskiplik oerflak fan 132.416 km², wat in befolkingstichtens fan 14 minsken de km² opsmyt. De befolking is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes lju dy't Ingelske, Ierske of Skotske foarâlden hawwe, njonken in Frânsktalige minderheid, de Akadianen, dy't him troch in eigen skiednis en in ôfwikend dialekt ûnderskiedt fan 'e rest fan 'e Frânsk-Kanadezen. De lânseigen befolking bestiet út Algonkwynske Mikmak- en Malisiit-Yndianen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.