Fossyl

(Trochferwiisd fan Fossile)

In fossyl (fan it Latynske fossilis, letterlik: "bemachtige troch opgraven") is in oerkoepeljende oantsjutting foar alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn 'e boaiem fan 'e Ierde yn stiente preservearre binne. Fossilen kinne bonken wêze, mar ek hier, skulpen (fan bgl. weakdieren), skylden (fan bgl. skyldpodden), eksoskeletten (fan bgl. ynsekten), yn- of ôfdrukken yn stien (fan bonken, mar ek fan bgl. poatleasten), foarwerpen dy't bewarre bleaun binne yn barnstien, ferstienne hout en kjitte (kropoliten) en DNA-restanten. Der wurdt wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd ferstienne binne, mar dat hoecht net. De tûke fan 'e wittenskip dy't fossilen bestudearret, is de paleöntology.

In boarkearn mei fossyl fan in núndersoarte út it Plioseen.

Untstean fan fossilen

bewurkje seksje

As men it wurd 'fossyl' heart, wurdt gauris tocht oan 'e 'bonken' fan dinosauriërs of fan mammoeten. It is yndied sa dat de hurde parten fan in organisme de grutste kâns meitsje om as fossyl konservearre te wurden yn in proses dat fossilisearring neamd wurdt. By wringedieren binne de hurde parten fan it lichem de bonken en de tosken. De sêftere weefsels fan it organisme bliuwe allinnich ûnder bysûndere omstannichheden bewarre en sadwaande binne fossilen dêrfan tige seldsum. Sêftere weefsels fergeane nammentlik ornaris troch it ferrottingsproses en wurde dêrom allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach grûn of oar materiaal dy't se ôfskermet tsjin sawol ferrotting as iesiters. Mei allinne de hurde lichemsdielen is it somtiids dreech om in goed byld te krijen fan it komplete organisme.

 
De fossile ûndertsjeak fan in mammoet.

Der binne ferskate bysûndere foarmen fan fossilisearring. Yn barnstien wurde soms bygelyks folseine ynsekten oantroffen, dy't ynsletten binne doe't de hars dêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarme tsjin oksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foar tarreputten. Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles, yn Súdlik Kalifornje, lizze de Tarreputten fan La Brea, dy't dêr in goed foarbyld fan binne. Fan 'e bisten dy't yn dy tarreputten fêst rekke binne, bleaune de bonken tige goed bewarre trochdat se ôfdutsen waarden troch de tarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faak rôfdieren oan dy't ek wêr fêstrekken. Sadwaande ûntstie dêr in 'bonketsjerkhôf' dat de hiele snuorje fan it Let-Pleistoseen oant it begjin fan 'e tweintichste iuw besloech.

Nut fan fossilen

bewurkje seksje

Oan 'e hân fan fossilen kin fêststeld en oantoand wurde hoe't it libben op 'e Ierde him yn it ferline ûntwikkele en difersifiëarre hat. Hoewol't lang net fan alle organismen dy't ea libbe hawwe, ien of mear fossilen fûn binne, mei as gefolch dat der gatten sitte yn ús begryp fan 'e ûntjouwing fan it libben op 'e Ierde, hawwe withoefolle stúdzjes oantoand dat der troch fossilen genôch ynformaasje beskikber is om in goed byld te bieden fan it neamde proses. Troch de bestudearring fan fossilen is it ek mooglik om gatten op te foljen troch te foarsizzen hokker libbensfoarm noch mist.

Gidsfossilen en it bepalen fan âldens

bewurkje seksje

De waarnimming, yn 'e njoggentjinde iuw, dat beskate fossilen útslutend foarkamen yn beskate grûn- en rotslagen late ta de ynstelling fan in geologyske tiidsskaal. Soms meitsje fossilen wêrfan't de âldens al fan oare fynplakken bekend is, it mooglik om 'e âldens fan ierdlagen op in nije lokaasje te bepalen. Sokke fossilen wurde gidsfossilen neamd. Troch de ûntwikkeling fan radiometryske datearring is it no foar ûndersikers mooglik om 'e absolute âldens fêst te stellen fan grûnlagen en de fossilen dêryn.

Paleöntology

bewurkje seksje

Paleöntology is de stúdzje fan fossilen. Yn dy tûke fan 'e wittenskip wurdt ûndersyk dien nei de formaasje fan fossilen, harren âlderdom en harren evolúsjonêr belang. Oer it algemien wurdt pas fan in fossyl sprutsen as it oangeande foarwerp 10.000 jier of âlder is. By in jonger en/of net folslein fossilisearre foarwerp sprekt men fan in subfossyl. De âldste fossilen binne 3,5–4,1 miljard jier âld. Ek yn grutte rinne fossilen frijwat útinoar. Sa binne der fossilen fan baktearjes dy't mar 1 mikrometer (μm) mjitte, wylst de fossilen fan dinosauriërs, mar ek fan beammen, wol tsientallen meters lang wêze en ferskate tonnen weagje kinne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.