Bêzje is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan wyt of fan giel. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in bleke sânkleur, in grizige taankleur, in ljochtgrizich gielich brún of in bleek of grizich giel. De namme 'bêzje' komt fan it Frânske wurd beige, dat de oarspronklike betsjutting hie fan natuerlike wol fan wite skiep, foar't dy bleke of ferve waard. Tsjintwurdich wurdt der in ferskaat oan tinten mei oantsjut dy't in neutraal of bleek waarm foarkommen hawwe.

bêzje
kleurkoördinaten
heksadesimaal #F5F5DC
RGBª (rgb) (245, 245, 220)
CMYKº (cmyk) (0, 0, 10, 4)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

As namme foar in kleur waard bêzje yn it Frânsk foar it earst brûkt tusken 1855 en 1860. Tsjin 1877 wie de term sa ynboargere rekke dat de skriuwer Edmond de Goncourt him brûkte yn syn roman La Fille Elisa en derop fertrouwe koe dat syn lêzers wisten wat er bedoelde. It ierste fêstleine gebrûk fan beige as lienwurd yn it Ingelsk datearret fan 1887. It liket wierskynlik dat it wurd tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ek de Nederlânske taal ynkrong, en miskien justjes letter yn it Frysk opnommen waard.

Oan it begjin fan 'e 1920-er jierren rekke de betsjutting fan bêzje útwreide, sadat it net inkeld mear brûkt waard foar bleek gielich brune kleuren, mar ek foar in breed beskaat oan bleek brune en ljochtbrune tinten.

Bêzje is in kleur dy't derom bekendstiet dat er tige dreech te reprodusearjen is yn 'e druktechnyk mei gebrûk fan in tradisjoneel CMYK-kleursysteem. Dat komt trochdat it in ljochte kleur is dêr't mar hiele lytse bytsjes inket foar nedich binne. Printers en drukparsen hawwe dêr muoite mei en kinne folle better omgean mei it printsjen fan dûnkerder kleuren. Sadwaande giet der gauris wat mis by it printsjen fan bêzje en is it resultaat pearzich of grienich of fariëarret it binnen in printedysje.

Assosjaasjes

bewurkje seksje

Bêzje wurdt faak assosjearre mei saaiheid, karakterleazens, it konvinsjonele of sels mei smaakleazens. Yn dy kontekst wurdt it ek wol as metafoar brûkt en as suver sprekwurdlik kontrast mei mear libbene en opwinende kleuren.

Bêzjetinten

bewurkje seksje

Hjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'bêzje':

bêzje #F5F5DC                         
buff #F0DC82       
cosmic latte #FFF8E7       
ekru #C2B280       
Frânsk bêzje #A67B5B       
Frânsk ljochtbêzje #C8AD7F       
hazzenút #B5AE6E       
khaki #C3B091       
krêm #FFFDD0       
moadebêzje #967117       
sân #C2B280       
Toskaansk read #FAD6A5       
ûnbleke side #FFDDCA       
woastynsân #EDC9AF       

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.