Iron Man 3 is in Amerikaanske superheldefilm út 2012 ûnder rezjy fan Shane Black, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr. en Gwyneth Paltrow. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de superheld Iron Man (de "Izeren Man"), oarspronklik in stripfiguer fan Marvel Comics. It ferhaal folget Iron Man as er wrakselet mei in posttraumatysk stress-syndroom, wylst er tagelyk de ynternasjonale terrorist útskeakelje moat dy't himsels 'de Mandaryn' neamt. Dêrby wurdt er efterfolge troch de gefolgen fan syn eigen minne beslissings út it ferline. Iron Man 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op The Avengers. De folgjende film fan 'e rige is Thor: The Dark World, dy't itselde jiers útkaam. Iron Man 3 wûn trije Saturn Awards en waard nominearre foar de Oscar foar bêste special effects.

Iron Man 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Shane Black
produsint Kevin Feige
útfierend
   produsint
Jon Favreau e.o.
senario Shane Black
Drew Pearce
basearre op Iron Man fan Stan Lee,
   Don Heck, Larry Lieber
   en Jack Kirby
kamerarezjy John Toll
muzyk Brian Tyler
filmstudio Marvel Studios
Paramount Pictures
DMG Entertainment
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Robert Downey jr.
Gwyneth Paltrow
byrollen Don Cheadle
Guy Pearce
Ben Kingsley
Rebecca Hall
James Badge Dale
Ty Simpkins
Jon Favreau
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 april 2013
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 131 minuten
budget en resultaten
budget $200 miljoen
opbringst $1.214,8 miljoen
prizen Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel The Avengers
● folgjend diel Thor: The Dark World

Yn 1999, op in Aldjiersjûnsfiering op in konvinsje yn it Switserske Bern, moetet Tony Stark wittenskipster Maya Hansen, de útfynster fan 'Extremis', in eksperimintele, regenerative behanneling dêr't planten troch opbetterje kinne fan ferwûnings. Yn 'e lift, krekt as Stark Maya oan it fersieren is, wurdt er oansprutsen troch de lichaamlik beheinde wittenskipper Aldrich Killian. Dyselde freget him om 'e lapen mei him gear te smiten, sadat er syn bedriuw Advanced Idea Mechanics (AIM) fan 'e ûndergong rêde kin. Om fan 'e opdringerige, ferfeelsume man ôf te kommen, seit Stark ta dat er him mei tweintich minuten op it dak fan it hotel moetsje sil om te bepraten hoe't se gearwurkje kinne, sûnder ea ek mar in sekonde fan doel te wêzen om dy ôfspraak nei te kommen. Ynstee slagget er mei Maya op bêd, mar as sy it de oare moarns mei Stark oer Extremis hawwe wol, wat foar har de reden wie om him op te sykjen, blykt er al útpykt te wêzen.

Yn desimber 2012, in goed healjier nei't Stark yn 'e foarm fan syn superhelde-alter ego Iron Man yn New York meifochten hat tsjin in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde (sjoch: The Avengers), wrakselet er mei in posttramatysk stress-syndroom en hat er geregeldwei panykoanfallen fanwegen syn ûnderfinings by it sluten fan it wjirmgat boppe de stêd. As er sliept, kriget er nachtmerjes, dat hy hat him oanwûn om safolle mooglik wekker te bliuwen en bringt syn nachten troch mei it ûntwerpen en bouwen fan en omnifeljen mei tsientallen nije Iron Man-harnassen. Dat liedt ta spannings mei syn freondinne Pepper Potts.

Dyselde hat ûnderwilens de deistige lieding oer Stark Industries oernommen. Op har wurk wurdt se opsocht troch Killian, dy't (neffens him tanksij jierren fan fysioterapy) no net mear lichaamlik beheind is. AIM is no dwaande mei de ûntwikkeling fan Extremis foar minsken en hy biedt oan om datoangeande gear te wurkjen mei Stark Industries. Pepper, dy't ynsjocht hoe ienfâldich oft Extremis militarisearre wurde kinne soe, stegeret him lykwols ôf. Neitiid begjint Happy Hogan, Stark syn eardere liifwacht dy't no haad befeiliging is by Stark Industries, Killian en in anonime selskipsman te folgjen om't er it net rjocht stiet wat de beide mannen by de ein hawwe.

Underwilens hawwe de Feriene Steaten te lijen ûnder in rige bomoanslaggen, opeaske troch in ynternasjonale terrorist dy't himsels de Mandaryn neamd, nei de histoaryske magistraten yn it Keizerryk Sina. De plysje- en feilichheidstsjinsten steane mei lege hannen, mei't der gjin fragminten fan 'e bommen weromfûn wurde dêr't se ûndersyk nei dwaan kinne. As Happy de selskipsman fan Killian folget nei it Grauman's Chinese Theatre, in ferneamde bioskoop yn Hollywood, rekket er sa swier ferwûne by in nije bomoanslach, dat er yn koma komt te lizzen. In breinroere Stark kundiget nei in besyk oan it sikehûs live op 'e tillefyzje oan dat er mei de Mandaryn ôfweve sil, wêrnei't er it adres fan syn filla oan see yn Malibu opjout foar it gefal dat de terrorist him thús opsykje wol.

Net folle letter komt Maya Hansen by Stark oan 'e doar om him earne foar te warskôgjen, krekt op it stuit dat Stark en Pepper in heechoprinnende rûzje hawwe oer de fraach oft se ûnderdûke moatte, ja of nee. Maya komt nea oan har warskôging ta, mei't de rûzje pas einiget as der trije gefjochtshelikopters arrivearje dy't út 'e loft wie de filla fan Stark mei raketten ûnder fjoer nimme. Pepper oerlibbet de oanfal mei Maya, mar Stark stoart mei de restanten fan 'e filla by it klif del yn 'e Stille Oseaan en wurdt dea waand.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Eins ûntkomt Stark yn in eksperiminteel nij Iron Man-harnas oan 'e dea trochdat er rêden wurdt troch syn keunstmjittige yntelliginsje J.A.R.V.I.S. As er wer by by bewustwêzen komt, docht bliken dat J.A.R.V.I.S. him nei Rose Hill flein hat, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Tennessee. Dêr hat jierren lyn in opmerklike bomoanslach fan in Amerikaanske feteraan út 'e Irakoarloch op 'e pleatslike tsjerke plakfûn, en Stark en J.A.R.V.I.S. hiene earder bepraat hoe folle oft dy oanslach liek op 'e resinte oanslaggen fan 'e Mandaryn. Troch alle beproevings dêr't it eksperimintele harnas oan bleatsteld is, rekket it lykwols stikken. Stark komt fêst te sitten yn in wintersk Tennessee en moat in skûlplak foar de nacht sykje. Dat fynt er yn it skuorke anneks wurkplak fan 'e teenager Harley Keener, dy't him neitiid helpt om it Iron Man-harnas safierhinne op te kallefaterjen dat it wer opladen wurde kin.

Wylst dat syn beslach kriget, lit Stark him yn Rose Hill rûnliede troch Harley. Hy docht ûndersyk nei de oanslach dêre en hat in moeting mei frou Davis, de mem fan 'e soldaat dy't de selsmoardoanslach begien hawwe soe. Hja jout him in dossier fan har soan dêr't út blykt dat er ien fan in stikmannich lichaamlik beheinde feteranen wie dy't ûnderwurpen wiene oan terapy mei Extremis om harren amputearre lichemsdielen wer oangroeie te litten. Njonkelytsen wurdt it Stark dúdlik dat de 'bomoanslaggen' eins âld-soldaten binne by wa't it lichem de behanneling op eksplosive wize ôfstjit. Dàt is de reden dat er nea fragminten fan bommen fûn binne: de 'bom' is folslein biologysk. Stark ûnderfynt út 'e earste hân hoe't Extremis wurket as er oanfallen wurdt troch in froulike feteraan, Ellen Brandt, en troch Eric Savin, de selskipsman fan Killian dy't earder de erchtinkendheid fan Happy Hogan wekke. Stark wit lykwols Brandt te deadzjen, wylst er Savin tydlik útskeakelet.

Underwilens dûkt Killian wer yn Los Angeles op, dêr't er Pepper oermasteret en ûntfierd, holpen troch Maya, dy't dat, sa blykt no, altyd al fan doel wie. Maya wie poer tsjin op it plan fan Killian om Stark te fermoardzjen, mei't se ferlet hat fan syn technyske kennis om 'e flaters út Extremis te heljen. Dêrom besocht se him ek te warskôgjen foar de oanfal op syn filla yn Malibu. Troch Pepper yn gizeling te nimmen, hawwe Killian en Maya no in twangmiddel yn 'e hannen om Stark meiwurkje te litten. De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten sykje wilens noch altyd fierder nei it skûlplak fan 'e Mandaryn yn 'e grinskrite fan Afganistan en Pakistan. Kolonel James Rhodes, foarhinne War Machine mar no omneamd ta de Iron Patriot, wurdt dêr troch Extremis-feteraan Taggart yn in mûklaach lokke om syn Iron Man-eftige harnas te stellen.

Mei help fan 'e weropstarte J.A.R.V.I.S. spoart Stark it haadkertier fan 'e Mandaryn op, net yn Sintraal-Aazje, mar yn Miami. Mei ymprovisearre wapenreau ynfiltrearret er dêr, mar ynstee fan 'e rabiate terrorist dy't er ferwachtet, fynt er dêr de oan legerwâl rekke, drugsferslaafde Ingelske akteur Trevor Slattery, dy't troch Killian ynhierd is om 'e Mandaryn te spyljen yn 'e fideoboadskippen dy't fia ynternet en tillefyzje ferspraat wurde. Slattery liket alhiel gjin euvelmoed te hawwen yn 'e dieden dêr't de Mandaryn ferantwurdlikens foar opeasket. Wylst Stark noch besiket te ferwurkjen wat dat allegear betsjut, komt Savin him fan efteren oer it mad en slacht him bewusteleas.

Wannear't Stark wer bykomt, wurdt er fêstholden troch Maya, dy't him besiket te ferlieden om har mei har fierdere ûndersyk foar Extremis te helpen. Ynstee bepraat Stark har om hìm te helpen tsjin Killian. As dyselde opdaagjen komt, jout er ta dat er himsels Maya har ûndersyk yn earste ynstânsje ta-eigene hat om syn eigen lichaamlike beheining te oerwinnen, en dat er letter it programma útwreide hat om oarlochsfeteranen te genêzen. De ûntploffings hat er taskreaun oan in terroristysk komplot om 'e flaters yn 'e wurking fan Extremis op minsken te fertsjustermoanjen. Want as dy bekend waarden, soe dat fuortendaliks de ein fan it programma en dêrmei fan AIM betsjutte. Killian lit Stark ek live-bylden sjen fan in pinige Pepper, dy't ûnderwurpen wurdt oan Ekstremis-terapy. Dêrmei wol er net iens sasear Stark syn meiwurking ôftwinge, as wol wraak nimme foar Stark syn achteleas negearjen fan him, trettjin jier lyn. Dat is foar Maya de drip dêr't de amer fan oerrint. Mei't se sels ek Extremis-terapy ûndergien hat, driget se harsels op te blazen, en dêrmei it haadkertier fan AIM, as Killian Stark en Pepper net gean lit. Killian sjit har lykwols dea foar't se dat drigemint útfiere kin.

Yn 'e tuskentiid is it eksperimintele Iron Man-harnas yn it skuorke fan Harley yn Rose Hill einlings en te'n lêsten sa goed as folslein weropladen. Stark ropt it nei him ta, en de ûnderdielen fleane mei kûgelsfaasje de pear tûzen kilometer nei Miami, dêr't se har om syn lichem hinne foarmje. Hy wit te ûntsnappen en jout him by Rhodes, dy't ûnderwilens syn Iron Patriot-harnas oan Killian kwytrekke is. Op basis fan dingen dy't Slattery Killian sizzen heard hat, krije de beide mannen foar it ferstân dat Killian fan doel om 'e presidint fan 'e Feriene Steaten Ellis oan te fallen oan board fan it presidinsjele fleantúch Air Force One. Se warskôgje fise-presidint Rodriguez, dy't seit dat er alaarm slaan sil. Dat docht er lykwols net, om't er ûnder ien tekken skûlet mei Killian, dy't tasein hat it lichaamlik beheinde dochterke fan Rodriguez te genêzen.

Savin kringt Air Force One binnen troch him yn it Iron Patriot-harnas foar te dwaan as Rhodes, wêrnei't er, as it tastel ienris yn 'e loft is, de presidinsjele liifwachten fan 'e Secret Service deadet en de presidint sels ûntfiert troch him bewusteleas yn it Iron Patriot-harnas te stopjen en fuortfleane te litten. De oare ynsittenden lit er út it fleantúch falle, dat er dêrnei sabotearret om it delstoarte te litten. Stark kringt it tastel binnen en deadet Savin, wêrnei't er weardefolle tiid fergrieme moat om 'e út it fleantúch fallen bemanningsleden en passazjiers te rêden ear't se op it ierdoerflak te pletter falle. Dat slagget, en hy lit de hiele kloft sêft delkomme yn it oerflaktewetter fan in ynham fan 'e Atlantyske Oseaan, mar dêrnei wurdt er, as er leech oer in brêge fljocht, hommels skept troch in passearjende frachtwein. Stark oerlibbet dat tanksij syn harnas, mar it harnas is nei syn groatsje.

Stark en Rhodes folgje it spoar fan Killian nei in skansearre oaljetanker yn 'e haven fan Miami, dêr't Killian fan doel is om, sabeare as de Mandaryn, presidint Ellis live op 'e tillefyzje te eksekutearjen. As fise-presidint Rodriguez dêrnei presidint wurdt, sil der feitliks in steatsgreep dien wêze, mei as resultaat in nij regear dat Killian syn ûndersyk en tapassing fan Extremis op feteranen ûnderstypje sil. Dat is lykwols bûten Stark en Rhodes rekkene. De beide mannen kringe de oaljetanker binnen, wêrnei't Rhodes de presidint besiket te befrijen, wylst Stark op 'e siik giet nei Pepper. Underwilens is yn Malibu by de ruïne fan 'e filla fan Stark it púnromjen safierhinne foardere, dat der in ûndergrûnske klûs bleatlein wurdt. De doar giet iepen en út 'e djipte fljocht it iene nei it oare Iron Man-harnas te foarskyn, bestjoerd troch J.A.R.V.I.S., dy't allegearre koers sette nei Miami.

As Stark en Rhodes yn it nau reitsje om't Killian syn supersoldaten tsjin harren ynset, arrivearje tsientallen lege Iron Man-harnassen krekt op 'e tiid om 'e striid mei de feteranen oan te binen. Dêrtroch slagget it Rhodes en berik de presidint, dy't er befrijt út it Iron Patriot-harnas, wêrnei't er it harnas sels oandocht en de presidint yn feilichheid bringt. Stark ûntdekt lang om let Pepper, dy't de Extremis-proseduere oerlibbe hat. It platfoarm dêr't se har op befynt, driget lykwols yn te stoarten. Stark, dy't op 'e nij sûnder Iron Man-harnas is, seit dat se har falle litte moat en dat er har fange sil as se by him lâns falt. Sy lit har los, mar de ôfstân tusken harren is te grut en Pepper falt by him lâns yn 'e djipte, dêr't de ierdoalje yn ljochte lôge stiet. Mei Pepper dea bynt Stark de striid oan mei Killian, wêrby't er it iene nei it oare Iron Man-harnas oandocht en ôftanket as it troch syn fijân ferrinnewearre wurdt. Uteinlik hat Killian him yn 'e hoeke dreaun en is der neat mear dat Stark noch rêde kin, mar dan ferskynt Pepper, dy't troch har Extremis-krêften har fal oerlibbe hat, en rêdt Stark troch Killian yn in hommelse útbarsting fan geweld te deadzjen.

Om oan Pepper te bewizen dat er inkeld ferlet hat fan har en net fan in Iron Man-harnas (in weromkearend striidpunt út harren rûzjes), jout Stark opdracht oan J.A.R.V.I.S. om alle restearjende Iron Man-harnassen yn 'e loft ta ûntploffing te bringen. Fise-presidint Rodriguez wurdt oppakt foar lânferrie. Trevor Slattery wurdt ek arrestearre, mar hy liket noch altyd net de earnst fan 'e sitewaasje te beseffen. Happy ûntwekket út syn koma. Mei help fan Stark wit Pepper de effekten fan har bleatstelling oan Extremis te stabilisearjen. Stark ûnthjit har dat er syn dûbellibben as Iron Man werombringe sil ta wat echt nedich is. Hy ûndergiet sels einlings in operaasje om 'e granaatdiggels dy't er al sa lang yn syn boarstkas hat, deunby syn hert, ferwiderje te litten. Neitiid beprakkesearret er dat er, sels sûnder it harnas en de technology, altyd Iron Man wêze sil.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Robert Downey jr.
 
Gwyneth Paltrow.
 
Don Cheadle.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise             
Tony Stark / Iron Man Robert Downey jr.
Virginia "Pepper" Potts Gwyneth Paltrow


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kolonel James Rhodes / Iron Patriot Don Cheadle
Aldrich Killian Guy Pearce
Trevor Slattery / de Mandaryn Ben Kingsley
Maya Hansen Rebecca Hall
Erin Savin James Badge Dale
Harley Keener Ty Simpkins
Harold "Happy" Hogan Jon Favreau
Ellen Brandt Stépanie Szostak
J.A.R.V.I.S. Paul Bettany
presidint fan 'e Feriene Steaten Ellis William Sadler
frou Davis Dale Dickey
fise-presidint Rodriguez Miguel Ferrer
Taggart Ashley Hamilton
behelpsume kameraman Adam Pally
Yinsen Shaun Toub (cameo)
sjuerylid by skientmewedstryd Stan Lee (cameo)
dr. Wu Wang Xueqi
assistinte fan dr. Wu Fan Bingbing (allinne yn Sineeske ferzje)
Bruce Banner / de Hulk Mark Ruffalo (cameo, sêne nei ôftiteling)
himsels Bill Maher (cameo)
harsels Joan Rivers (cameo)
himsels Josh Elliott (cameo)
harsels Megan Henderson (cameo)
himsels Pat Kiernan (cameo)
himsels Thomas Roberts (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Nei de premiêre fan Iron Man 2, yn 2010, waard de termyn foar de makkelei fan in trêde film oer de superheld Iron Man fertroebele en fertrage troch in konflikt tusken filmstudio Paramount Pictures, dat de filmdistribúsjerjochten hie op beskate produksjes fan 'e Marvel Studios, en The Walt Disney Company, dat de nije eigner fan 'e Marvel Studios wie. It spul waard yn oktober 2010 bylein, doe't Disney tasei oan Paramount in bedrach fan teminsten $115 miljoen betelje te sillen foar de wrâldwide distribúsjerjochten op Iron Man 3. Neitiid waard troch Disney, Marvel en Paramount yn mienriedigens in premiêre foar de nije film yn maaie 2013 oankundige.

Iron Man 3 waard regissearre troch Shane Black nei in senario fan himsels en Drew Pearce. Dêryn waard it personaazje Iron Man fan Stan Lee, Don Heck, Larry Lieber en Jack Kirby út 'e strips fan Marvel Comics kombinearre mei de Extremis-ferhaalline fan Warren Ellis. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios, Paramount en DMG Entertainment. Jon Favreau, dy't Iron Man (2008) en Iron Man 2 (2010) regissearre hie, wie ien fan 'e útfierende produsinten fan Iron Man 3, en hie ek in lyts roltsje yn 'e film as Happy Hogan, de eardere liifwacht en it haad befeiliging fan Tony Stark. Foar de film wie in budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Toll, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.

De opnamen foar Iron Man 3 setten op 23 maaie 2012 útein en duorren oant en mei 17 desimber fan dat jier. De mei opsetsin ferrifeljende wurktitel fan 'e film wie Caged Heat. Der waard benammen filme yn 'e EUE/Screen Gems Studios yn Wilmington (Noard-Karolina) en op lokaasje op ferskate plakken yn Wilmington, wêrûnder de haven en de Ynternasjonale Lofthaven Wilmington. Der waarden yn Noard-Karolina ek sênes opnommen yn it haadkertier fan Epic Games en it SAS Ynstitút yn Cary en op Oak Island, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan (de sêne mei de fallende lju út Air Force One, sabeare boppe see by Miami). De sênes yn it fiktive Rose Hill yn Tennessee waarden eins opnommen yn it echte Rose Hill yn Noard-Karolina. Behalven yn Noard-Karolina waard der foar Iron Man 3 ek filme yn Miami Beach (Floarida), yn 'e Sineeske haadstêd Peking en op ferskate plakken yn Kalifornje, wêrûnder yn it echte Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Iron Man 3 waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 14 april 2013 yn Parys yn premiêre, en iepene dêrnei op 3 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 30 april by platemaatskippijen Hollywood Records en Marvel Music. Iron Man 3 kaam op 3 septimber 2013 beskikber as digitale download en waard op 24 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Iron Man 3 oer it algemien positive resinsjes. Sa priizgen Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter en Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times regisseur Shane Black om't er neffens harren de toan fan 'e filmrige oer Iron Man in hiel stik witten hie te ferbetterjen yn ferhâlding mei de foargeande film oer de superheld, wylst er dochs deselde cast beholden hie. Yn it Britske tydskrift Empire joech Nick De Semlyen de film 4 fan 5 stjerren, mei't er it in "aventoerefilm mei humor, lef, oprjochtens en ûntploffende dingen" fûn. Syn krityk wie lykwols dat er, hoewol't de "supersoldaten dy't lichemsdielen regenerearje kinne […] fisueel ynteressant" wiene, "harren motivaasje troebel en net oertsjûgjend" fûn.

Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune wie net fan 'e film ûnder de yndruk, dy't er kwalifisearre as "op in distânsje bliuwend en dizenich twaddehâns". Neffens him foege Black, "útsein flitsen fan swarte humor", net folle ta: "[…] de masinery rint sa njonkelytsen wol út himsels, en biedt dêrby rûchwei heal de oansprekkende humor en it geniet fan 'e earste Iron Man." Yn The Star-Ledger fûn Stephen Whitty de special effects yn Iron Man 3 feardich makke. Mar, sa skreau er: "[D]er is wat leechs oan 'e film. Krekt as de harnassen fan [Stark] is er glimmend en oppoetst. Mar […] der sit net ien yn." Ek stipte er ferskate oare kritykpunten oan: "De relaasje fan [Stark] mei syn freondinne Pepper Potts is op in ûnútlisbere wize yn gefaar – mar dat komt samar út himsels wer goed. In sabeare ynnimlike sidekick yn 'e foarm fan in bern – it wiere teken fan skriuwerlike wanhoop – wurdt yntrodusearre en dan samar wer ôftanke."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Iron Man 3 in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 325 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei help fan 'e garismatyske haadrolspiler, guon yndrukwekkende aksjesênes en sels in pear ferrassings is [dizze film] in humoristysk, fermaaklik aventoer en in sterke oanfolling op 'e Marvel-kanon." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Iron Man 3 in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 44 resinsjes.

Iron Man 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $409,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $805,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.214,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $1014,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Iron Man 3 de op ien nei meast opbringende film fan 2013 (nei Frozen) en de (doe) op fiif nei meast opbringende film aller tiden (nei Avatar, Titanic, The Avengers, Harry Potter and the Deathly Hallows – Part 2 en Frozen). De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Iron Man 3 op $391,8 miljoen. Dêrfan ûntfong Paramount Pictures troch in oerienkomst mei Disney 9%.

Iron Man 3 waard yn 2014 by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste fisuele effekten. By de Saturn Awards waard Iron Man 3 nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste aktearprestaasje fan in jongere akteur (Ty Simpkins) en bêste filmmuzyk. De film wûn 3 Saturn Awards, foar bêste ferfilming fan in strip, bêste akteur (Robert Downey jr.) en bêste byrol fan in akteur (Ben Kingsley). Fierders waard Iron Man 3 nominearre foar 4 Critics' Choice Awards (0 wûn); 6 People's Choice Awards (3 wûn); 8 Teen Choice Awards (2 wûn); en 3 Kids' Choice Awards (1 wûn). Ek wûn Brian Tyler de BMI Film & TV Award foar syn soundtrack.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)