Swarte humor, ek bekend as galgehumor, is in foarm fan humor dy't de gek hat mei ûnderwerpen dy't ornaris net as grappich beskôge wurde. It komt ek foar as subsjenre fan 'e komeedzjefilm: dan wurdt sprutsen fan in swarte komeedzje of in dûnkere komeedzje. By swarte humor giet it om dingen dy't as pynlik ûnderfûn wurde, yn haadsaak leed fan jinsels of fan oaren. Men kin dan tinke oan gefoelige kwestjes dêr't faak in soarte fan maatskiplik taboe op rêst, lykas de dea, geweld, moard, selsmoard, ferkrêfting, bernemisbrûk, mishanneling, marteling, oarloch, genoside (û.m. de Holokaust), terrorisme, diskriminaasje, rasisme, seksisme, homofoby, sykte, sljochtsinnigens, demintens, lichaamlike beheinings, seksualiteit, ynsest, oerhoer, religy, drugs, hongersneed, ûngelokken, natoerrampen, ensfh.

Swarte humor beslacht sokke dingen mei de gek, sadat se fermaaklik wurde. Der bestiet, wat dat oangiet, in beskate oerienkomst mei it synisme, dat utering jout oan in negative hâlding tsjin (in part fan) de maatskappij oer. Under normale omstannichheden wurdt humor oer sokke deprimearjende tema's ôfkard of tsjûget it fan wansmaak. In soad minsken dy't gebrûk meitsje fan swarte humor besykje by harren publyk in gefoel fan ûnnoflikens op te roppen of de minsken simpelwei te shockearjen. Op it juste momint en ûnder de goede omstannichheden kin swarte humor lykwols ek helpe om spannings wei te nimmen of leed te relativearjen. Trochdat elts yndividu oare morele en etyske grinzen hat, is de reäksje fan it publyk net altyd yn te skatten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.