Captain America: Civil War
Captain America: Civil War is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Chris Evans en Robert Downey jr. De titel betsjut "Kaptein Amearika: Boargeroarloch". It ferhaal folget it superheldeteam de Avengers wannear't dat troch ûnderlinge ûnienichheden fan 'e leden útinoar falt. Captain America is wisberet syn falsk beskuldige freon Bucky Barnes, de Wintersoldaat, te rêden, wylst Iron Man like oertsjûge is fan dy syn skuld en de autoriteiten helpt om te besykjen Barnes te deadzjen.
Captain America: Civil War | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Anthony Russo Joe Russo | |
produsint | Kevin Feige | |
útfierend produsint |
Nate Moore | |
senario | Christopher Markus Stephen McFeely | |
basearre op | Captain America fan Joe Simon en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Trent Opaloch | |
muzyk | Henry Jackman | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Evans Robert Downey jr. | |
byrollen | Scarlett Johansson Sebastian Stan Anthonie Mackie Chadwick Boseman Elizabeth Olsen Jeremy Renner Daniel Brühl Don Cheadle Paul Bettany Tom Holland Paul Rudd Emily VanCamp William Hurt | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 12 april 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk, Dútsk en Kosa) | |
spyltiid | 147 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $250 miljoen | |
opbringst | $1.153,3 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Ant-Man | |
● folgjend diel | Doctor Strange |
Captain America: Civil War heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. As sadanich waard de film foarôfgien troch Ant-Man (2015) en folge troch Doctor Strange (2016). Yn 'e ferhaalline oer Captain America wie Captain America: Civil War it trêde diel, nei Captain America: The First Avenger (2011) en Captain America: The Winter Soldier (2014). In fjirde diel, Captain America: New World Order, kaam yn 2024 út. Captain America: Civil War krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen as de meast opbringende film fan 2016.
Plot
bewurkje seksjeYn 1991 wurdt de harsenspielde, fan oarsprong Amerikaanske supersoldaat Bucky Barnes útstjoerd troch de geheime nazy-organisaasje Hydra foar in misje yn syn heitelân. Hy riidt dêr op in ôfhandich plak in auto fan 'e wei ôf, deadet de ûnbekende ynsittenden en stelt út 'e kofferbak in kofferke mei fiif poarsjes searum dêr't supersoldaten mei makke wurde kinne.
Yn 2016 reizget in team fan superhelden, dy't ta de Avengers hearre, ôf nei Lagos yn Nigearia. Steve Rogers alias Captain America, Natasha Romanoff alias Black Widow, Sam Wilson alias Falcon en Wanda Maximoff alias Red Witch komme dêr foar dat Hydra-agint Brock Rumlow in biologysk wapen út in laboratoarium stelle sil. As er finzen nommen driget te wurden, blaast Rumlow himsels op om te besykjen en deadzje Rogers. Wanda brûkt har telekinetyske krêften om 'e ûntploffing in oare kant út te stjoeren en rêdt Rogers it libben. Mar by fersin wurdt troch har yngripen in oanbuorjend gebou troch de eksploazje alhiel ferwoastge, wêrby't inkele tsientallen deaden falle, ûnder wa alle leden fan in humanitêre delegaasje út it Eastafrikaanske lân Wakanda. Wanda is neitiid beroerd fan har flater, mar kin it net wer ûngedien meitsje.
Om't dit ynsidint mar kwealk in jier komt nei't de Avengers yn it Eastjeropeeske lân Sokovia de op 'e rin sleine keunstmjittige yntelliginsje Ultron fersloegen en dêrby de haadstêd fan dat lân folslein ferneatigen (sjoch: Avengers: Age of Ultron), liedt it ta in protte trelit. Yn 'e media wurde fragen steld oer hoe fertroud oft it is dat der lju mei boppenatuerlike krêften omrinne lykas de Avengers en hoe legaal oft it is dat dy op eigen manneboet operearje, dêrby de relevante nasjonale autoriteiten bûtenspul settend. De regearings fan ferskate lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, Nigearia en Wakanda, komme mei in plan om 'e superhelden ûnder ynternasjonaal tafersjoch te pleatsen. Dêrta slute 117 lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes (FN) de Wenenakkoarten, dy't sa'n foarm fan tafersjoch yn it libben roppe.
Dat tafersjoch komt yn 'e hannen fan Thaddeus Ross, in Amerikaanske âld-generaal dy't earder om 'e nocht besocht hat de Hulk te fangen (sjoch: The Incredible Hulk), en dy't no diplomaat wurden en opklommen is ta de posysje fan minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Feriene Steaten. Dyselde komt del yn it haadkertier fan 'e Avengers en seit harren oan dat se kieze kinne út trije dingen: se ûndertekenje de Wenenakkoarten en jouwe har del ûnder it tafersjoch; se hâlde op mei har superhelde-aventoeren en geane mei pinsjoen; of se negearje de Wenenakkoarten en pleatse harsels dêrtroch bûten de ynternasjonale rjochtsoarder mei as gefolch dat se as kriminelen ferfolge wurde sille.
De Wenenakkoarten soargje foar ferdieldheid tusken de Avengers. Tony Stark alias Iron Man liket in bytsje tafersjoch fan boargerlike autoriteiten in goed ding ta. Hy lijt noch altyd ûnder skuldgefoelens om't Ultron syn kreaasje wie, en hy mist de stabilisearjende faktor fan syn freondinne Pepper Potts, mei't se (tydlik) útinoar binne. James Rhodes alias War Machine en de keunstmjittige, troch ien fan 'e Uneinichheidsstiennen oandreaune yntelliginsje Vision steane fjouwerkant efter Stark, en ek Natasha Romanoff is it mei him iens. Fjouweresom tekenje sy de Wenenakkoarten. Steve Rogers hat lykwols troch skea en skande leard dat men saken fan libben en dea nea oan politisy oerlitte moat. Hy hat folle mear fertrouwen yn syn eigen oardiel en wegeret te tekenjen. Syn kar wurdt bestindige as er nei de begraffenis fan Peggy Carter giet, dy't santich jier lyn de leafde fan syn libben wie. Har muoikesizzer, CIA-aginte Sharon Carter, hellet dêr yn in lykrede in útspraak fan Peggy oan, dy't sei dat men jin nea fan jins stik bringe litte moat troch de oertsjûgingskrêft fan oaren as men wit dat wat men leaut de wierheid is. Sam Wilson is it mei Rogers iens en wegeret ek te tekenjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens spoart Helmut Zemo, in âld-kolonel by de ynljochtingetsjinst fan Sokovia, Vasily Karpov op, in Hydra-agint dy't foarhinne it tafersjoch hie oer de ynset fan Bucky Barnes. Hy stelt it boekje mei de koadewurden dêr't de harsenspielde Barnes mei behearske wurde kin en wol fan Karpov ynformaasje hawwe oer de misje út 1991. Karpov wegeret syn meiwurking, wêrnei't Zemo him fermoardet. Op in konferinsje fan 'e FN yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen, dêr't de Wenenakkoarten formeel yn wurking steld wurde sille, fiere terroristen in bomoanslach út krekt as kening T'Chaka fan Wakanda in taspraak hâldt. Der falle tsientallen deaden, ûnder wa T'Chaka.
Op bylden fan befeiligingskamera's wurdt Bucky Barnes werkend as dejinge dy't de bom pleatst hat. De soan en erfgenamt fan kening T'Chaka, kroanprins T'Challa, swart wraak op Barnes, en yn 'e foarm fan syn alter ego, de superheld Black Panther, set er útein mei in syktocht om him te deadzjen. Rogers, dy't mei Barnes opgroeid is (sjoch: Captain America: The First Avenger) en him noch altyd as in freon beskôget, giet ek op 'e siik nei Barnes, mar om him te rêden. Hy is fan miening dat Barnes syn harsenspieling betsjut dat er net ferantwurdlik holden wurde kin foar syn dieden. Mei help fan CIA-aginte Sharon Carter, dy't harren geheime ynformaasje taspilet, binne Rogers en Wilson de earsten dy't it ferbliuwplak fan Barnes yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest ûntdekke. Dêr besykje se him te beskermjen tsjin 'e kommando-ienheid dy't troch de autoriteiten op him ôfstjoerd is mei de opdracht om him te deadzjen. Teffens reitsje se behelle yn in gefjocht mei T'Challa, dy't mei itselde doel nei Boekarest ôfreizge is. Mei de help fan James Rhodes wit de Roemeenske plysje úteinlik Barnes, Rogers, Wilson en T'Challa te arrestearjen.
T'Challa wurdt neitiid wer op frije fuotten steld. Rogers en Wilson krije in fikse beskrobbing, moatte harren superheldetaris ynleverje en meie tenei harren boppenatuerlike krêften net mear brûke. Barnes wurdt yn in superbefeilige sel pleatst om beoardield te wurden troch de troch de FN oanstelde psychiater Theo Broussard. It is lykwols eins Zemo, yn 'e momkape fan 'e troch him fermoarde Broussard, dy't mei Barnes yn petear giet. Ynstee fan Barnes te ûndersykjen, sabotearret er de stroomfoarsjenning yn it gebou, sadat de befeiligingskamera's útfalle, wêrnei't er it boekje fan Karpov foar it ljocht hellet en de koadewurden oplêst om Barnes yn harsenspieling ta de Wintersoldaat te aktivearjen. Neitiid befreget er Barnes oer de misje fan 1991, wêrnei't er him útstjoert om safolle mooglik opskuor te feroarsaakjen en sa syn eigen ûntsnapping te dekken. Rogers oermasteret Barnes en glûpt mei him fuort.
Letter, as Barnes wer ta himsels kommen is, fertelt er Rogers en Wilson dat Zemo de wiere dieder fan 'e bomoanslach yn Wenen is, en dat dy fan him witte woe wêr't persiis de geheime basis fan Hydra yn Sibearje is, dêr't er wei útstjoerd waard. Ek leit er út dat er op syn misje yn 1991 fiif pûdsjes searum stellen hat om supersoldaten mei te meitsjen, en dat Hydra dat neitiid brûkt hat om fiif nije, noch gewelddiedigere Wintersoldaten mei te skeppen, dy't yn 'e Sibearyske basis yn kryogene stasis holden wurde. Underwilens kriget Stark fan minister Ross 36 oeren om Barnes wer te fangen en Rogers en Wilson op te pakken. Behalven dat er Rhodes, Vision en Natasha Romanoff meitroait, ropt Stark foar dy misje ek de help yn fan T'Challa en fan Peter Parker alias Spider-Man, in fyftjinjierrige jonge út Queens. Rogers en Wilson beslute dat sy de iennichsten binne dy't Zemo tsjinkeare kinne, mei't de autoriteiten, Stark en Rhodes der noch altyd hillich fan oertsjûge binne dat Barnes de dieder fan 'e oanslach yn Wenen is. Sharon Carter besoarget harren op yllegale wize harren superheldetaris werom. Om't se wol foar it ferstân hawwe dat se ferlet hawwe fan fersterking, rekrutearje se Wanda Maximoff, Clint Barton alias Hawkeye en Scott Lang alias Ant-Man foar harren saak.
De konfrontaasje tusken de beide groepen Avengers fynt plak op 'e Lofhaven Leipzig/Halle yn Dútslân, dêr't Rogers-en-dy it fleantúch nei Sibearje nimme wolle. Beide partijen binne oaninoar weage en de striid driget yn in ympasse te einigjen, oant Wilson, Barton, Wanda en Lang harsels opofferje sadat Rogers en Barnes fuortkomme kinne. Likegoed driget T'Challa harren noch tsjin te kearen, oant Romanoff him útskeakelet en de beide mannen tastiet om te ûntsnappen. Rhodes set de efterfolging yn wylst Wilson him wer op 'e hakken sit. Vision wol Wilson delsjitte, mar dy ûntwykt handich syn skot, sadat ynstee Rhodes rekke wurdt. Dyselde stoart fan grutte hichte del en rint by de klap fan it delkommen in dwerslaesy op, sadat er fan 'e mul ôf ferlamme rekket. Wilson, Barton, Wanda en Lang wurde oppakt en op befel fan minister Ross ôffierd nei in driuwende superbefeilige finzenis op iepen see, dy't bekenstiet as it Flot.
Underwilens wurdt yn in Dútske hotelkeamer it stoflik omskot oantroffen fan psychiater Theo Broussard. Dêrmei komt oan it ljocht dat de man dy't Barnes ûnderfrege, net dejinge wie dy't troch de FN stjoerd wie. Yn deselde hotelkeamer wurde ek in prúk en in falsk gebit weromfûn, dy't de drager fan in ôfstân ôf op Bucky Barnes lykje litte soe. Ta syn argewaasje moat Stark tajaan dat Rogers de hiele tiid it gelyk al oan syn kant hie. Hy besiket de finzen Avengers yn it Flot, dêr't dyselden ûnder in rezjym pleatst binne dat sa strang is dat it Stark shockearret. Hy wit Wilson te oertsjûgjen fan syn oprjochte bedoelings, sadat dy him de lokaasje fan 'e Hydra-basis yn Sibearje trochjout. By it ferlitten fan 'e finzenis seit Stark tsjin minister Ross dat dy him dei en nacht opskilje mei, om't er it tige befredigjend fine soe om Ross ris in pear oeren yn 'e wacht te setten.
Stark reizget ôf nei Sibearje, him der ûnbewust fan dat er folge wurdt troch T'Challa. Hy jout him by Rogers en Barnes, mei wa't er in ûnderlinge wapenstilstân ôfpraat. Trijeresom kringe de mannen de ferlitten Hydra-basis yn, op 'e nij ûngemurken folge troch T'Challa. Zemo is dêr inkele oeren earder al arrivearre. De superhelden freze dat er de oare Wintersoldaten út harren stasis wekkermakke hat, mar it docht bliken dat Zemo harren allegearre fermoarde hat sûnder se by te bringen om't er net wol dat der nòch mear lju mei boppeminsklike krêften op 'e wrâld komme om te rinnen. Zemo leit út dat er wraak nimme wol foar de dea fan syn frou, bern en heit ferline jier yn Sokovia. Om't er sels tsjin lju mei de fermogens fan superhelden gjin skyn fan kâns makket, wol er syn doel berikke troch de Avengers fan binnenút te ûndermynjen. Dêrta slút er Stark, Rogers en Barnes op yn in âlde raketsilo út 'e Kâlde Oarloch, dêr't er harren befeiligingsbylden sjen lit fan 'e misje fan Barnes út 1991. It docht bliken dat yn 'e auto dy't Barnes fan 'e wei ried, de âldelju fan Stark sieten. Op 'e bylden is te sjen hoe't de harsenspielde Barnes nei it troch him feroarsake ferkearsûngemak Howard en Maria Stark ûnmeilydsum fermoardet.
Stark rekket alhiel breinroer en wol Barnes deameitsje, en as Rogers tuskenbeiden besiket te kommen, keart er him ek tsjin dyselde. Wylst Stark, Barnes en Rogers yn 'e raketsilo oan it fjochtsjen binne, ferlit in tefredenstelde Zemo de Hydra-basis en besiket himsels tekoart te dwaan, mar T'Challa, dy't alles heard hat, komt dat foar troch him krekt op 'e tiid te oermasterjen. De prins seit tsjin Zemo dat dy him op in hier nei de ferkearde man fermoardzje litten hie, en dat er him it ynsjoch bybrocht hat dat wraak inkeld ta mear wraak liedt. Dêrom sil er derfoar soargje dat Zemo syn fertsjinne lean kriget troch berjochte te wurden en de rest fan syn libben efter de traaljes te bedarjen. Yn it gefjocht yn 'e raketsilo ferneatiget Stark de robotearm fan Barnes en wurdt er ek Rogers hàst oermânsk. Mar dyselde ferslacht him úteinlings troch mei de râne fan syn fibranium skyld it Iron Man-pak fan Stark te fernielen, sadat dy syn superkrêften ferliest. Dêrnei kinne Rogers en Barnes ynfâldich útnaaie.
Yn 'e neisleep alle opskuor besoarget Stark oan 'e ferlamme Rhodes in eksoskelet foar syn skonken, dêr't er op 'e nij mei leare moat te rinnen. Rogers stjoert Stark in boadskip ta wêryn't er seit dat se wat him oangiet noch altyd freonen binne. Sels kringt Rogers ûnderwilens it Flot binnen, dêr't er de sipiers útskeakelet om Wilson, Barton, Wanda en Lang út te brekken. Minister Ross skillet yn panyk Stark op, dy't him yn 'e wacht set. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, kriget Barnes yn it geheim polityk asyl yn Wakanda, dêr't er op eigen fersyk wer yn kryogene stasis brocht wurdt om't it te maklik foar syn fijannen is om syn harsenspieling foar harren eigen snoade doelen te brûken. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling ûntdekt Peter Parker de mooglikheden fan 'e nije spinreachsjitters dy't Stark foar him ûntwikkele hat.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Steve Rogers / Captain America | Chris Evans |
Tony Stark / Iron Man | Robert Downey jr. |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Natasha Romanoff / Black Widow | Scarlett Johansson |
Bucky Barnes / de Wintersoldaat | Sebastian Stan |
Sam Wilson / Falcon | Anthonie Mackie |
prins T'Challa fan Wakanda / Black Panther | Chadwick Boseman |
Wanda Maximoff / Scarlett Witch | Elizabeth Olsen |
Clint Barton / Hawkeye | Jeremy Renner |
kolonel Helmut Zemo | Daniel Brühl |
James Rhodes / War Machine | Don Cheadle |
Vision | Paul Bettany |
Peter Parker / Spider-Man | Tom Holland |
Scott Lang / Ant-Man | Paul Rudd |
CIA-aginte Sharon Carter | Emily VanCamp |
Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken Thaddeus Ross | William Hurt |
Brock Rumlow | Frank Grillo |
CIA-agint Everett K. Ross | Martin Freeman |
kening T'Chaka fan Wakanda | John Kani |
muoike May Parker | Marisa Tomei |
F.R.I.D.A.Y. | Kerry Condon (stimcameo) |
Howard Stark | John Slattery |
Maria Stark | Hope Davis |
kolonel Vasily Karpov | Gene Farber |
Ayo | Florence Kasumba |
Miriam Sharpe | Alfre Woodard |
pakketbesoarger dy't de namme fan Stark ferkeard útsprekt ("Stank") | Stan Lee (cameo) |
Theo Broussard | Joe Russo (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDe produksje fan Captain America: Civil War waard oankundige fuort nei't Captain America: The Winter Soldier yn maart 2014 útkommen wie. Op basis fan harren súkses mei The Winter Soldier waarden de bruorren Anthony en Joe Russo foar de nije film weromfrege as regisseurs. Yn in fraachpetear fertelden de beide mannen dat se dêr hiel gelokkich mei wiene, om't yn Civil War it ferhaal fan 'e Wintersoldaat ôfmakke waard en de beide films eins ien trochrinnende ferhaalline foarmen.
De bruorren Russo wurken foar Captain America: Civil War, lykas earder ek by Captain America: The Winter Soldier, op basis fan in senario dat skreaun wie troch Christopher Markus en Stephen McFeely. Akteur Mark Ruffalo, dy't Bruce Banner alias de Hulk spilet yn 'e films fan it Marvel Cinematic Universe liet witte dat syn personaazje oarspronklik ek yn 'e film foarkomme soe, mar dat dat skrast wie yn ferbân mei de ôfreis mei ûnbekende bestimming fan 'e Hulk oan 'e ein fan Avengers: Age of Ultron. Neffens him woene de Marvel Studios net útbringe wêr't de Hulk west hie en wat er dêr útfûn hie. (Dat waard yn 2017 oan it ljocht brocht yn Thor: Ragnarok.) Senarioskriuwer Markus foege dêroan ta: "Je moatte […] jins wurkroaster [fan personaazjes sekuer] kieze", mei't in gefjocht gau foarby wêze soe sadree't de Hulk him by ien fan 'e beide partijen joech.
Nei't yn novimber 2014 it kompjûtersysteem fan filmstudio Sony Pictures hackt wie, waarden der op it ynternet fertroulike e-mailberjochten ferspraat mei petearen tusken produsinte Amy Pascal en algemien direkteur Doug Belgrad. Dêrút bliek dat de Marvel Studios graach it personaazje Spider-Man brûke woene foar Captain America: Civil War, dat lykwols by Sony Pictures ûnder lisinsje stie. Ut 'e e-mails liek te bliken dat dat feest net trochgie om't Sony dêr net mei akkoart gie, mar yn febrewaris 2015 berikten de beide studio's op dit mêd dochs noch in oerienkomst, sadat Spider-Man yn Captain America: Civil War yn it Marvel Cinematic Universe yntrodusearre wurde koe.
As produsint wie Kevin Feige by Captain America: Civil War belutsen foar de Marvel Studios. Nate Moore hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar it projekt wie in budget beskikber fan $250 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Trent Opaloch, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Captain America: Civil War setten op 27 april 2015 útein en duorren oant en mei 22 augustus fan dat jier. In protte fan 'e binnendoarsênes en fan 'e sênes mei in greenscreen waarden filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios besuden Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Der waard ek op lokaasje filme yn 'e stêdekloft fan Atlanta. Sa waard de sêne mei de begraffenis fan Peggy Carter opnommen yn 'e Peachtree Christian Church, wylst de sênes yn Lagos filme waarden by de Philips Arena yn 'e binnenstêd fan Atlanta. It Atlanta Civic Center gie yn 'e film troch foar it laboratoarium yn Lagos dêr't Rumlow it biologysk wapen stelt, wylst Aerotropolis Atlanta, it haadkertier fan autoprodusint Porsche, brûkt waard as it haadkertier fan 'e Avengers.
Omtrint ein juny waard de hiele produksje ferpleatst nei Dútslân foar de opnamen fan 'e measte Jeropeeske sênes. Binnendoarsênes en sênes mei in greenscreen waarden filme yn 'e soundstages fan Studio Babelsberg yn Potsdam. Yn Berlyn waard filme yn it Olympiastadion, op 'e Potsdamer Platz, yn it Internationales Kongreßzentrum Berlin en yn 'e Messe Berlin. De krúsjale sêne mei it gefjocht tusken de twa groepen Avengers op it fleanfjild waard opnommen op 'e Lofthaven Leipzig/Halle yn Schkeuditz. Bykommend byldmateriaal waard opnommen yn Noarwegen en Porto Riko. Yn 'e postproduksje waarden hast 4.000 special effects oan 'e film tafoege dy't produsearre wiene troch krapoan tweintich bedriuwen, wêrûnder Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Captain America: Civil War waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 12 april 2016 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 6 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Hollywood Records. Captain America: Civil War kaam op 2 septimber 2016 beskikber as digitale download en waard op 13 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Captain America: Civil War oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times it regisseursduo Anthony en Joe Russo foar it "jonglearjen mei in stik as fyftjin stripfigueren en hast likefolle ferhaallinen, wêrby't se ús (en mei ús bedoel ik my) net mear as út en troch kwytreitsje […]". Yn it tydskrift Variety neamde Justin Chang Captain America: Civil War "de meast folwoeksen en ynhâldlike film dy't oant no ta út it Marvel Cinematic Universe fuortkommen is." Neffens A.O. Scott, dy't skreau foar The New York Times, slagge it Captain America: Civil War net om boppe it sjenre fan 'e superheldefilm út te stiigjen troch wat nijs en ynnovatyfs te prebearjen, mar slagge datselde krekt trochdat de film soks nèt besocht.
Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times skreau: "As jo libje foar Marvel is dit ien fan 'e sterkere ôfleverings út 'e Marvel Cinematic Universe-rige. As jo in bûtensteander binne dy't foar it earst mei dit materiaal yn oanrekking komt, is it antwurd lang sa dúdlik net." Yn 'e San Francisco Chronicle skreau Mick LaSalle: "As in filosofysk wurk doocht Captain America: Civil War net, mar der is teminsten in filosofy dy't net doge kin. As in aksjefilm hat er syn mominten, mar útsein de grutte iepeningssêne fiele de aksjesênes in bytsje twadiminsjonaal oan." Stephen Whitty fan 'e New York Daily News moast net folle fan 'e film hawwe, dy't er yn it foarste plak al misneamd fûn: "Hoewol't er Captain America: Civil War hjit is de jongste Marvel-film eins in útwreide Avengers-film – dy't sa fol troppe is dat er driget te barsten. En earne ûnder de twa en in heal oere oan spyldoer bart dat ek."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Captain America: Civil War in tige heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 429 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Captain America: Civil War begjint de folgjende weach Marvel-films mei in superheldekaskreaker dy't smoarfol aksje sit en beslist gjin cartooneske plot hat, mar wol de moed om ta neitinken stimmende tema's te ferkennen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Captain America: Civil War in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 53 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCaptain America: Civil War brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $408,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $745,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.153,3 miljoen oftewol krapoan $1,2 miljard. Ofset tsjin it budget fan $250 miljoen betsjut dat in winst fan $903,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Captain America: Civil War de meast opbringende film fan 2016. Yn Noard-Amearika wie it de op twa nei meast opbringende film fan it jier; dêr brochten de science fiction-film Rogue One: A Star Wars Story en de tekenfilm Finding Dory beide mear yn 't laadsje. Teffens wie Captain America: Civil War (yn 2016) de op trije nei meast opbringende superheldefilm aller tiden. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $193,4 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeCaptain America: Civil War waard nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste team stuntlju. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste stripferfilming, bêste regisseur, bêste akteur (Chris Evans), bêste byrol fan in akteur (Chadwick Boseman), bêste byrol fan in aktrise (Scarlett Johansson), bêste filmmontaazje en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de Saturn Award foar bêste optreden fan in jongere akteur (Tom Holland as Spider-Man). Captain America: Civil War waard ek nominearre foar 4 Empire Awards (0 wûn), 1 Annie Award (net wûn), 3 Critics' Choice Awards (0 wûn), 6 People's Choice Awards (1 wûn), 10 Teen Choice Awards (2 wûn) en 8 Kids' Choice Awards (1 wûn).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Captain America: Civil War
- (in) Ynformaasje oer Captain America: Civil War yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |