Daniel Brühl
Daniel César Martín Brühl González (* berne op 16 juny 1978 yn Barcelona, Spanje) is in Dútske akteur en filmregisseur.
Daniel Brühl | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Daniel César Martín Brühl González | |
nasjonaliteit | Dútsk Spaansk | |
berne | 16 juny 1978 | |
berteplak | Barcelona | |
etnisiteit | Dútsk Spaansk | |
offisjele webside | ||
www.danielbruehl.com |
Libben
bewurkje seksjeDaniel Brühl is de soan fan de Dútske regisseur Hanno Brühl en de Spaanske learares Marisa González Domingo. Hy waard yn Keulen grutbrocht, dêr't er op it Dreikönigsgymnasium siet. Doe't er acht wie wûn er in foarlêswedstriid, wertroch't er foar it earst op de WDR-radio kaam. Nei radiowurk folge it earste wurk op de tillefyzje. Hy foel yn 1994 op mei syn rol yn de Dútske tillefyzjefilm Svens Geheimnis en spile boppedat foar in skoftke de rol fan in kweajonge yn de deistige ARD-soap Verbotene Liebe. Op skoalle song er ek yn in groep.
Syn debút op it wite doek wie yn 1999 mei in rol yn de film Schlaraffenland. Syn ynternasjonale trochbraak slagge mei in haadrol yn de bioskooopfilm Good Bye, Lenin! (2003), dêr't er ferskillende ûnderskiedings foar krige. Dêrnei folgen û.o. bekende films lykas Merry Christmas (2005) en Salvador (Puig Antich) (2006). Yn de foar in Oscar nominearre film Inglourious Basterds spile Brühl de (fiktive) Dútske kriichsheld Frederick Zoller. Syn haadrol yn it Spaanske science-fiction drama Eva levere him yn 2012 yn Spanje ferskillende nominaasjes op. Yn 2013 spile er as Niki Lauda in rol yn de film Rush (2013), dat him yn 2014 in nominaasje foar in Golden Globe Award brocht.
Mei de film Nebenan makke Brühl syn debút as regisseur.
Brühl praat Dútsk, Katalaansk, Spaansk, Ingelsk, Frânsk en Italjaansk.
Filmografy
bewurkje seksjeJier | Titel (alternative titel) | Produksjelân | Rol | Taljochting |
---|---|---|---|---|
1999 | Schlaraffenland (Paradise Mall) | Feriene Steaten / Dútslân | Checo | |
Le château des singes | Frankryk | Kom | stim Dútske ferzje | |
2000 | Eine Hand Voll Gras (A Handful of Grass) | Dútslân | Bernd | |
Deeply | Kanada | Jay | ||
Studenhotel | Dútslân | |||
Schule (No More School) | Dútslân | Markus Baasweiler | haadrol | |
2001 | Das weisse Rauschen (The White Sound) | Dútslân | Lukas | haadrol |
Honolulu | Dútslân | Marek | haadrol | |
Nichts bereuen (No Regrets) | Dútslân | Daniel | haadrol | |
2002 | Elefantenherz (Elephant Heart) | Dútslân | Marko Stemper | haadrol |
Vaya con Dios | Dútslân | Arbo | haadrol | |
2003 | Good Bye, Lenin! | Dútslân | Alexander Kerner | haadrol |
Die Klasse von '99 – Schule war gestern, Leben ist jetzt | Dútslân | Schnubbi | ||
Der letzte Flug | Dútslân | Jagdflieger Barthel | koarte film | |
Brother Bear | Feriene Steaten | Kenai | stim Dútske ferzje | |
2004 | Was nützt die Liebe in Gedanken (Love in Thoughts) | Dútslân | Paul Krantz | haadrol |
Die fetten Jahre sind vorbei (The Edukators) | Dútslân / Eastenryk | Jan | haadrol | |
Ladies in Lavender | Feriene Keninkryk | Andrea Marowski | haadrol | |
Farland | Dútslân | Frank | haadrol | |
2005 | Joyeux Noël (Merry Christmas) | Belgje / Dútslân / Feriene Keninkryk / Frankryk /Roemeenje | Lieutenant Horstmayer | mozaykfilm |
2006 | Cargo | Feriene Keninkryk / Spanje / Sweden | Chris | haadrol |
Cars | Feriene Steaten | Lightning McQueen | stim Dútske ferzje | |
Salvador (Puig Antich) | Feriene Keninkryk / Spanje | Salvador Puig Antich | titelrol | |
Ein Freund von mir (A Friend of Mine) | Dútslân | Karl | haadrol | |
Brother Bear 2 | Feriene Steaten | Kenai | stim Dútske ferzje | |
2007 | 2 Days in Paris | Dútslân / Frankryk | Lukas | mozaykfilm |
The Bourne Ultimatum | Feriene Steaten | Martin Kreutz | ||
2008 | In Tranzit (In Transit) | Feriene Keninkryk / Ruslân | Klaus | haadrol |
Un poco de chocolate (A Bit of Chocolate) | Spanje | Marcos | haadrol | |
Krabat | Dútslân | Tonda | haadrol | |
2009 | John Rabe | Dútslân / Frankryk / Switserlân | Dr. Georg Rosen | haadrol |
Las madres de Elna | Amaro | |||
The Countess | Dútslân / Frankryk / Feriene Steaten | István Thurzó | haadrol | |
Inglourious Basterds mei dêryn de koarte film Stolz der Nation | Dútslân / Feriene Steaten | Fredrick Zoller | mozaykfilm | |
Lila, Lila (My Words, My Lies, My Love) | Dútslân | David Kern | haadrol | |
Dinosaurier - Gegen Uns Seht Ihr Alt Aus | Dútslân | Tobias Hardmann | mozaykfilm | |
2010 | Kóngavegur 7 (King's Road) | Iislân | Rupert | haadrol |
Die Kommenden Tage (The Coming Days) | Dútslân | Hans Krämer | haadrol | |
2011 | Der Ganz Grosse Traum (Lessons of a Dream) | Dútslân | Konrad Koch | haadrol |
Et si on vivait tous ensemble? (All Together) | Frankryk | Dirk | haadrol | |
Eva | Frankryk / Spanje | Álex Garel | haadrol | |
Intruders | Feriene Steaten / Feriene Keninkryk / Spanje | Father Antonio | ||
2 Days in New York | Belgje / Dútslân / Frankryk | The Oak Fairy | ||
2012 | The Pelayos (Winning Streak) | Spanje | Iván Pelayo | haadrol |
7 Días en La Habana (7 Days in Havana) | Spanje | Leonardo (segment "La tentación de Cecilia) | ||
2013 | Rush | Dútslân / Feriene Keninkryk / Feriene Steaten | Niki Lauda | haadrol |
The Fifth Estate | Feriene Steaten / Yndia | Daniel Domscheit-Berg | haadrol | |
A Most Wanted Man | Dútslân / Feriene Keninkryk / Feriene Steaten | Maximilian | mozaykfilm | |
2014 | The Face of an Angel | Feriene Keninkryk / Itaalje / Spanje | Thomas | haadrol |
2015 | Woman in Gold | Feriene Keninkryk | Hubertus Czernin | mozaykfilm |
Colonia | Dútslân / Frankryk / Lúksemboarch / Feriene Keninkryk / Feriene Steaten | Daniel | haadrol | |
Ich und Kaminski (Me and Kaminski) | Belgje / Dútslân | Sebastian Zöllner | titelrol | |
Burnt | Feriene Steaten | Tony Balerdi | mozaykfilm | |
2016 | Jeder Stirbt für Sich Allein (Alone in Berlin) | Dútslân / Frankryk / Feriene Keninkryk | Escherich | haadrol |
Captain America: Civil War | Feriene Steaten | Helmut Zemo | mozaykfilm | |
Das Versprechen (Killing for Love) | Dútslân | Jens Söring | Stim dokumintêre | |
2017 | The Zookeeper's Wife | Feriene Steaten | Lutz Heck | haadrol |
2018 | The Cloverfield Paradox | Feriene Steaten | Ernst Schmidt | haadrol |
7 Days in Entebbe (Entebbe) | Feriene Keninkryk / Feriene Steaten / Frankryk / Malta | Wilfried Böse | haadrol | |
2019 | My Zoe | Dútslân / Feriene Keninkryk / Frankryk / Feriene Steaten | Thomas Fischer | mozaykfilm |
2021 | Nebenan (Next Door) | Dútslân / Feriene Steaten | Daniel | haadrol; ek regisseur en produsint |
Underskiedings
bewurkje seksje- 2001: Bayerischer Filmpreis – Bêste jong manlike talint yn Nichts bereuen, Vaya con Dios, Das weisse Rauschen
- 2002: New Faces Award – Bêste jong manlike talint yn Nichts bereuen, Vaya con Dios, Das weisse Rauschen
- 2002: Deutscher Filmpreis – Bêste akteur yn Nichts bereuen, Vaya con Dios, Das weisse Rauschen
- 2002: Preis der deutschen Filmkritik yn Vaya con Dios yn Das weisse Rauschen
- 2003: Deutscher Filmpreis – Bêste akteur yn Good Bye, Lenin!, Elefantenherz
- 2003: Internationale Filmfestspiele Berlin – Dútske Shooting Star fan de Europeeske films
- 2003: Bambi – Film National
- 2004: Jupiter – Bêste manlike akteur yn Good Bye, Lenin!
- 2003: Europeeske filmprizen – Bêste akteur en Jameson-publykspriis foar de bêste akteur yn Good Bye, Lenin!
- 2004: Europeeske filmprizen 2004 – Publykspriis foar de bêste akteur yn Was nützt die Liebe in Gedanken
- 2005: Adenauer-de Gaulle-priis – tegearre mei Audrey Tautou
- 2007: Nominaasje Goya – Bêste akteur yn Salvador
- 2014: Nominaasje Golden Globe Award - Beste manlike byrol yn Rush
- 2014: Nominaasje Critics' Choice Movie Award – Bêste manlike byrol yn Rush
- 2014: Nominaasje Screen Actors Guild Award – Bêste manlike byrol yn Rush
- 2014: Nominaasje British Academy Film Award – Bêste manlike byrol yn Rush
- 2014: Boulevard der Stars: in stjer op de Boulevard der Stars yn Berlyn
- 2019: Nominaasje Golden Globe Award foar de bêste akteur yn in minisearje/tillefyzjefilm yn The Alienis
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) IMDb
- (ned) Moviemeter
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daniel Brühl fan Wikimedia Commons. |