Thomas Stanley Holland (berne yn Londen op 1 juny 1996), ek wol bekend as Tom Holland, is in Ingelske akteur. Guon publikaasjes neamden him ien fan de meast populêre akteurs fan syn generaasje.

Tom Holland
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Stanley Holland
berne 1 juny 1996
berteplak Londen
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 2008-no
prizen BAFTA Rising Star Award British Academy Film Award, Saturn Award

Karriêre bewurkje seksje

Holland's karriêre sette útein yn 'e âldens fan njoggen jier doe't er him ynskreau foar in dûnsklas, dêr't er by in koreograaf opfoel en dy't in audysje foar him regele foar in rol yn Billy Elliot de Musical yn it Victoria Palace Theatre fan Londen.

Nei twa jier training krige er yn 2008 in ûnderstypjende rol, dy't dat jier opwurdearre waard nei de titelrol dy't er oant 2010 spile. Holland makke syn filmdebút yn de rampefilm The Impossible (2012) as in jonge toerist en wêrfoar't er goede kritiken krige. Dêrnei naam Holland it beslút om him hielendal op it aktearjen ta te lizzen. Hy hie in rol yn How I Live Now (2013) en spile histoaryske persoanen yn 'e film In the Heart of the Sea (2015) en de minysearjes Wolf Hall (2015).

Ynternasjonale bekendheid krige Holland fral mei de rol Spider-Man/Peter Parker yn seis superheldfilms fan Marvel Cinematic Universe, te begjinnen mei Captain America: Civil War (2016). It folgjende jier krige Holland de BAFTA Rising Star Award en waard er yn Spider-Man: Homecoming de jongste akteur dy't in titelrol spile yn in MCU-film. De ferfolchfilms mei de ûndertitels Far From Home (2019) en No Way Home (2021) brochten elk mear as $ 1 miljard yn 'e wrâld op en de lêste waard de film mei de heechste winst fan 't jier. Holland hie in oare aksjefilmrol yn Uncharted (2022). Fierder spile er rollen yn 'e misdiedrama's The Devil All the Time (2020) en Cherry (2021). Holland regisearre ek de koarte film Tweet (2015) en wie stimakteur yn animaasjeproduksjes lykas Onward (2020).

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
film
2010 The Secret World of Arrietty Shô neisyngronisaasje
2012 The Impossible Lucas Bennet haadrol
2013 How I Live Now Isaac haadrol
Moments jonge koarte film
Locke Eddie neisyngronisaasje
2015 In the Heart of the Sea Jonge Thomas Nickerson byrol
Tweet himsels koarte film, regisseur
2016 Captain America: Civil War Peter Parker / Spider-Man haadrol
Edge of Winter Bradley Baker haadrol
A Monster Calls it monster stand-in
The Lost City of Z Jack Fawcett byrol
2017 Pilgrimage Broeder Diarmuid haadrol
Spider-Man: Homecoming Peter Parker / Spider-Man haadrol
The Current War Samuel Insull haadrol
2018 Avengers: Infinity War Peter Parker / Spider-Man haadrol
2019 Avengers: Endgame Peter Parker / Spider-Man byrol
Spider-Man: Far From Home Peter Parker / Spider-Man haadrol
Spies in Disguise Walter Beckett stim
2020 Dolittle Jip the dog byrol
Onward Ian Lightfoot stim
The Devil All the Time Arvin Eugene Russell haadrol
2021 Cherry Nico Walker haadrol
Chaos Walking Todd Hewitt haadrol
Venom: Let There Be Carnage Peter Parker / Spider-Man cameo
Spider-Man: No Way Home Peter Parker / Spider-Man haadrol
2022 Uncharted Nathan Drake haadrol
tillefyzje
2015 Wolf Hall Gregory Cromwell 6 ôfleverings
teäter
2008-2010 Billy Elliot the Musical Billy Elliot / Michael
attraksjeparken
2021 Web Slingers: A Spider-Man Adventure Peter Parker / Spider-Man

Underskiedings bewurkje seksje

Syn ûnderskiedingen omfetsje in BAFTA Rising Star Award, in British Academy Film Award en trije Saturn Award's.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Tom Holland