Koreografy
(Trochferwiisd fan Koreograaf)
Koreografy of goreografy is it betinken en ûntwerpen fan dûns, dûnsfoarmen en beweging. Immen dy't soks by de ein hat, is in koreograaf (of goreograaf) of koreografe (of goreografe). Dêrby kin om ballet gean, mar ek foar in protte oare teäterfoarstellings (lykas opera) wurdt in koreograaf ynset om it poadiumgebrûk troch de artysten te begelieden. Ek by moderne dûnsfoarmen sprekt men fan koreografy.