Spider-Man: Far from Home

Spider-Man: Far from Home is in Amerikaanske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Jake Gyllenhaal. De titel betsjut "Spin-Man: Fier fan Hûs". De film is de twadde út 'e Marvel Cinematic Universe-rige mei de jonge superheld Spider-Man yn 'e haadrol, en is as sadanich it ferfolch op Spider-Man: Homecoming út 2017. It ferhaal folget Spider-Man as er op in skoalreis troch Jeropa giet. Syn plan is om einlings en te'n lêsten syn leafde oan syn klasgenoate M.J. te ferklearjen, mar hy wurdt dwerseide trochdat Nick Fury en de nije superheld Mysterio syn help nedich binne om in rige oanfallen op 'e wrâld troch boppenatuerlike wêzens ôf te slaan. Spider-Man: Far from Home krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in trochslaand kommersjeel súkses. De film wûn twa Saturn Awards. Binnen it Marvel Cinematic Universe folget Spider-Man: Far from Home as lêste diel fan Phase Three op Avengers: Endgame (2019) en giet er foarôf oan Black Widow, de earste film fan Phase Four. In direkt ferfolch en it ôfslutende diel fan 'e (earste) MCU-trilogy oer Spider-Man, Spider-Man: No Way Home, waard yn 2021 útbrocht.

Spider-Man: Far from Home
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jon Watts
produsint Kevin Feige
Amy Pascal
senario Chris McKenna
Erik Sommers
basearre op Spider-Man fan Stan Lee
   en Steve Ditko
kamerarezjy Matthew J. Lloyd
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Columbia Pictures
Marvel Studios
Pascal Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Holland
Jake Gyllenhaal
byrollen Jacob Batalon
Zendaya Coleman
Samuel L. Jackson
Jon Favreau
Cobie Smulders
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 juny 2019
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $160 miljoen
opbringst $1.131,8 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Avengers: Endgame
● folgjend diel Black Widow

Acht moanne nei't de Avengers en harren bûnsgenoaten mei swiere ferliezen de sljochtsinnige god Thanos en syn legers ferslein hawwe (sjoch: Avengers: Endgame), ûndersykje Nick Fury en syn assistinte Maria Hill in ûnnatuerlike orkaan dy't it Meksikaanske doarp Ixtenco ferwoastge hat. Wylst se dêre binne, komt de elemintêre geast fan 'e ierde harren oer it mad. Se wurde lykwols rêden troch Quentin Beck, in ûnbekende superheld, dy't it wêzen ferslacht.

Underwilens brekt yn New York de simmerfakânsje oan. De sechstjinjierrige Peter Parker sjocht dernei út om syn alter ego fan 'e superheld Spider-Man foarearst eefkes rêste te litten. Hy hat syn nocht fan it superheldedom en rouwet noch altyd om syn mentor Tony Stark (alias Iron Man), dy't yn 'e striid tsjin Thanos omkommen is. Peter is dêrom net bliid as Happy Hogan, Stark syn eardere liifwacht en freon, him oanseit dat Nick Fury kontakt mei him siket. Hy nimt net op as Fury him besiket te skiljen.

Ynstee sil er mei syn klasse op in eksamenreis nei Jeropa, dêr't er yn Parys, op 'e top fan 'e Eiffeltoer, einlings en te'n lêsten de juste romantyske omstannichheden hopet te kreëarjen dy't nedich binne sadat er syn klasgenoate M.J., it famke dêr't er al in skoft fereale op is, syn leafde ferklearje kin. Syn bêste freon Ned is fan doel om yn Jeropa as frijfeint safolle mooglik Jeropeeske famkes oan 'e heak te slaan. Yn it fleantúch nei Jeropa soarget Peter syn krewearjen om njonken M.J. sitte te kinnen der krekt foar dat sy ynstee njonken harren klasgenoat Brad komt te sitten, dy't ek in eachje op har hat. Ned belânet njonken Betty, mei wa't er ferkearing kriget, wylst Peter sels njonken menear Harringon sitte moat, ien fan 'e learaars dy't de skoalreis begeliede.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Peter en syn klasgenoaten binne yn Feneesje as dêr de elemintêre geast fan it wetter in wraam op 'e stêd docht. Beck, dy't ûnderwilens troch de media omneamd is ta Mysterio, befjochtet it wêzen, wylst Peter helpt om syn klasgenoaten en oare omstanners te beskermjen tsjin ynstoartende gebouwen.

Letter wurdt Peter yn syn hotelkeamer opwachte troch in irritearre Fury, dy't syn help opeasket by it rêden fan 'e Ierde fan 'e oanfallen fan 'e elemintêre geasten. Hy jout him ek de sinnebril fan Stark, dêr't in keunstmjittige yntelliginsje yn ferwurke sit dy't E.D.I.T.H. hjit (in ôfkoarting foar even dead I'm the hero, "sels dea bin ik de held"). Fia E.D.I.T.H. kriget Peter tagong ta Stark syn reuseftige arsenaal fan oanfalsdrones dat yn in baan om 'e Ierde rûntsjedraait. Beck beweart fan in oare Ierde út in alternative reäliteit te kommen. Syn wrâld is ferneatige troch de elemintêre geasten dy't no dizze Ierde oanfalle. Hy foarseit dat de úteinlike oanfal, fan 'e elemintêre geast fan it fjoer, yn Praach plakfine sil. Fury wol dat Peter meigiet nei Praach, mar Peter leit dêr tsjinyn dat al syn klasgenoaten witte sille dat hy Spider-Man is as er nei Praach giet en dêr as Spider-Man op 'e lapen komt. Fury lit him dêrop weromkeare nei syn hotel.

De oare deis, lykwols, as de klasse trochreizgje sil nei Parys, blykt harren reis fan it reisburo in upgrade krigen te hawwen en geane se ynstee yn in spiksplinternije touringcar nei Praach. Peter beseft dat Fury de hiele skoalreis kaapt hat, eat dêr't er net bliid mei is mar neat tsjin dwaan kin. Oankommen yn Praach ûntfangt Peter in swart Spider-Man-pak, sadat er anonym bliuwe kin, en wurdt er troch Fury min ofte mear twongen om Beck te helpen by it befjochtsjen fan 'e elemintêre geast fan it fjoer. Mei Peter syn help slagget it Beck om 'e fjoergeast te ferslaan. Fury en Hill nûgje Beck en Peter út om mei te kommen nei it haadkertier fan Europol yn Berlyn, mar Peter wol werom nei syn klasse om te sjen oft er noch wat fan syn oarspronklike romantyske plannen mei M.J. rêde kin. Op basis fan in bryfke fan Stark dat yn 'e brilledoas fan 'e sinnebril siet ("Foar de nije Iron Man"), oertsjûget Peter himsels derfan dat E.D.I.T.H. eins net foar him bedoeld wie, mar dat Stark woe dat hy in nije Iron Man útkieze soe. Hy beslút de sinnebril oan Beck te jaan en draacht de kontrôle oer E.D.I.T.H. oan him oer.

As Peter ferromme ôfset is, docht lykwols bliken dat Beck hielendal gjin superheld út in oare diminsje is, mar in wrokjende âld-wurknimmer fan Stark Industries. Mei in kliber oare malkontinten hat er gearwurke om mei holografyske projektors de elemintêre geasten en syn eigen fleanende stunts te kreëarjen, wylst de fysike skea dy't troch de geasten oanrjochte wurdt, feroarsake wurdt troch bewapene drones dy't beskûlgeane efter de yllúzje. De bedragers binne fan doel om it orbitale arsenaal fan oanfalsdrones, dêr't E.D.I.T.H. tagong ta hat, te brûken om harsels frauduleas as superhelden fan it nivo fan 'e Avengers te fêstigjen. En it kin harren neat skele hoefolle deaden dat kostje sil.

Werom yn it hotel wit Peter M.J. mei te troaien de stêd yn om har dan mar yn Praach te fertellen dat er fereale op har is. Sy besiket te rieden wat er har fertelle wol en oppenearret dat er Spider-Man is, wat Peter by heech en leech ûntstriidt. It docht bliken dat se by it gefjocht fan Mysterio en de anonime Spider-Man (dy't eltsenien no de Night Monkey, it Nachtaapke, neamt), in weirekke holografyske projektor opkrigen hat. As Peter it ding by fersin oanset, ferskynt der in holografyske projeksje fan in elemintêre geast, en beseft er dat er besoademitere is. Hy fertelt M.J. dat er yndie Spider-Man is om har mei te krijen nei it hotel, en drukt har en Ned op it hert om net blike te litten wat se oan 'e weet kommen binne. Sels reizget er halje-trawalje nei Berlyn om Fury te warskôgjen.

Yn 'e tuskentiid hawwe Beck-en-dy lykwols ûntdutsen dat der in projektor mist en wêr't dy bedarre is. Yn Berlyn oankommen rint Peter sadwaande yn 'e fûke dy't Beck foar him opset hat. Hy mient dat er mei Fury praat as er fertelt dat M.J. en Ned alles witte, mar eins is it Beck dy't him troch middel fan holografyske projeksje foardocht as Fury. Beck jaget him in spoaroergong op, dêr't er skept wurdt troch in hegefaasjetrein. Beck mient dat Peter dea is, mar Peter oerlibbet de klap, klaut oan board fan 'e trein en rekket bewusteleas. As er wer by besleur komt, sit er oan it einpunt fan 'e rit foar swartriden yn 'e sel tusken de Nederlânske fuotbalsupporters. Hy brekt út en blykt yn Broek op Langedijk te wêzen, dêr't er him oppikke lit troch Happy Hogan. Dyselde fljocht him nei Londen ta, dêr't syn klasse út Praach wei hinne soe. Peter is der wis fan dat Beck besykje sil syn freonen út 'e wei te romjen, en hy is wisberet om dat tsjin te kearen.

Beck lit de dûbeldekker dêr't de klasgenoaten fan Peter yn sitte, stilsette op 'e Brêge fan Londen en lit it dan foarkomme as wurdt de bus fernield by in gefjocht tusken Mysterio en in nije elemintêre geast. Tsjin dy tiid binne M.J., Ned en de oaren lykwols al útnaaid. Efterfolge troch swierbewapene drones sykje se mei Happy Hogan beskûl yn 'e klûs fan 'e Britske kroanjuwiellen yn 'e Toer fan Londen. It slagget Peter om 'e yllúzjes fan Beck te fersteuren, mar dêrop falt Beck him oan mei de drones. Yn in spektakulêr gefjocht ferslacht Peter Beck en nimt er E.D.I.T.H. fan him werom, wêrnei't er alle oerlibjende drones wer opbergje lit yn it orbitale arsenaal. Beck komt om wannear't er troch in ferdwaalde kûgel fan ien fan syn eigen drones rekke wurdt. Ien fan syn maten, de technikus William Ginter Riva, downloadt alle ynformaasje fan 'e drones nei in USB-stick en makket him dan út 'e fuotten.

Neitiid sprekt Peter einlings syn gefoelens foar M.J. út en docht bliken dat sy ek fereale op him is. Se krije ferkearing. Underwilens is de ferkearing fan Ned en Betty alwer út, mar Peter syn muoike May en Happy Hogan hawwe ek in relaasje krigen. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, stjoert de populistyske ferslachjouwer J. Jonah Jameson yn syn tillefyzjeprogramma de troch Riva oanpaste bylden fan it gefjocht yn Londen út. Dêrtroch liket it as hat Spider-Man út klearebare jaloerskens de oprjochte superheld Mysterio fermoarde. Ek wurdt yn itselde progrmma, ta ôfgriis fan Peter, syn wiere identiteit buorkundich makke. Oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget noch in sêne wêryn't bliken docht dat Fury en Hill eins fier fuort yn 'e romte binne. Talos en Soren, in pear skrulls (bûtenierdske wêzens dy't it fermogen hawwe om fan stal te feroarjen), hawwe harren yn opdracht fan 'e echte Fury foardien as himsels en Hill om 'e boel op 'e Ierde yn goede banen te lieden.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tom Holland.
 
Jake Gyllenhaal.
 
Zendaya Coleman.
 
Samuel L. Jackson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
Peter Parker / Spider-Man Tom Holland
Quentin Beck / Mysterio Jake Gyllenhaal


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ned Leeds Jacob Batalon
M.J. Jones-Watson Zendaya Coleman
Nick Fury Samuel L. Jackson
Happy Hogan Jon Favreau
Maria Hill Cobie Smulders
Betty Brant Angourie Rice
Brad Davis Remy Hii
learaar Roger Harrington Martin Starr
muoike May Parker Marisa Tomei
William Ginter Riva Peter Billingsley
Flash Thompson Tony Revolori
learaar Julius Dell J.B. Smoove
E.D.I.T.H. Dawn Michelle King (stim)
Dimitri Numan Acar
naaister fan it Night Monkey-pak Toni Garm
Janice Lincoln Claire Rushbrook
Jason Ionello Jorge Lendeborg jr.
Zach Zach Barack
klasgenoate fan Peter Zoha Rahman
Nederlânske fuotbalsupporter #1 Jeroen van Koningsbrugge
Nederlânske fuotbalsupporter #2 Michaël de Roos
Nederlânske fuotbalsupporter #3 Jan-Paul Buijs
man mei mobile tillefoan yn Broek op Langedijk Lukáš Bech
J. Jonah Jameson J.K. Simmons (cameo)
Talos Ben Mendelsohn (cameo)
Soren Sharon Blynn (cameo)
Obadiah Stane Jeff Bridges (op argyfbylden)
Tony Stark / Iron Man Robert Downey jr. (op argyfbylden)
Steve Rogers / Captain America Chris Evans (op argyfbylden)
Natasha Romanoff / Black Widow Scarlett Johansson (op argyfbylden)
Vision Paul Bettany (op argyfbylden)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De produksje fan Spider-Man: Far from Home waard yn juny 2016 troch de Marvel Studios oankundige. De film waard regissearre troch Jon Watts, dy't ek de foargeande film oer Spider-Man makke hie, Spider-Man: Homecoming (2017). Hy wurke op basis fan in senario fan Chris McKenna en Erik Sommers. As produsinten wiene Kevin Feige en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, de Marvel Studios en Pascal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $160 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew J. Lloyd, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

 
De filmset fan Spider-Man: Far from Home yn Feneesje.

De opnamen foar Spider-Man: Far from Home setten op 2 july 2018 útein en duorren oant en mei 16 oktober fan dat jier. Om foar te kommen dat de filmsets ûnder de foet rûn wurde soene troch fans fan it Marvel Cinematic Universe, waard gebrûk makke fan 'e mei opsetsin misliedende wurktitel Fall of George. De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, op it plattelân fan it Ingelske greefskip Hertfordshire, ûnder de reek fan Londen. Dêr waard op it backlot ek in bûtendoarset fan Feneesje boud, foar de opnamen fan beskate sênes dy't yn dy stêd spylje mar net op lokaasje filme wurde koene.

Yn it Feriene Keninkryk waard fierders filme yn East-Londen, yn it greefskip Essex en op 'e Lofthaven Londen Stansted. Yn Tsjechje waarden sênes opnommen yn Praach (û.o. op 'e ferneamde Karelsbrêge) en yn Liberec. Ek waard der filme yn Itaalje (Feneesje), Dútslân (Berlyn), Spanje en Kroaasje. Yn 'e Feriene Steaten waarden yn New York sênes opnommen yn 'e omkriten fan it stadion Madison Square Gardens en by it spoarstasjon Penn Station, en yn Nij-Jersey op 'e Yntenasjonale Lofthaven Newark Liberty.

Postproduksje

bewurkje seksje

Yn 'e postproduksje waarden de special effects oan Spider-Man: Far from Home tafoege, dy't makke wiene troch Industrial Light & Magic (ILM), Framestore, Image Engine, Sony Pictures Imageworks, Method Studios en ferskate oare special effects-bedriuwen. Dêrby gie it om hûnderten shots; allinnich al it klimaktyske gefjocht yn Londen omfieme mear as trijehûndert yndividuële special effects-shots.

 
Haadrolspiler Tom Holland (l.) mei regisseur Jon Watts (rj.) op 'e San Diego Comic-Con fan 2016.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Spider-Man: Far from Home waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjedifyzje fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 26 juny 2019 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 2 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 28 juny by platemaatskippij Sony Classical. Spider-Man: Far from Home kaam op 17 septimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 1 oktober fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Spider-Man: Far from Home oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 5 stjerren. Hy omskreau it as "pittich, swiet en befredigjend" en priizge it aktearjen fan 'e cast. Neffens Alonso Duralde fan TheWrap fielde de film oan as "in ynnimlike teenage-roadmovie-komeezje, dy't út en troch ris feroaret yn in superheldefilm". Dêr heakke er oan ta dat er dat as komplimint bedoelde. Yn it tydskrift Variety konkludearre Owen Gleiberman oer Spider-Man: Far from Home: "[Dizze film] fiert jin net mei ta de wrâld út. Mar hy is goed genôch om 'e kick fan wichtigens op te roppen – of miskien allinnich de yllúzje dêrfan." Op IndieWire hie David Ehrlich lof foar de prestaasje fan 'e cast, mar hy omskreau Spider-Man: Far from Home as "in ûnaventoerlik stikje supeheldehûshimmeljen dat inkeld mar bestiet om 'e rommel op te romjen dy't efterlitten is troch Avengers: Endgame."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Spider-Man: Far from Home in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 457 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Yn 'e foarm fan in fris, ûnfoarsisber mingsel fan teenageromânse en superhelde-aksje leit [dizze film] de grûnslach foar it nije tiidrek fan it Marvel Cinematic Universe." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Spider-Man: Far from Home in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 55 resinsjes.

 
De yngong fan 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn it Ingelske Hertfordshire, dêr't de measte binnendoarsênes foar Spider-Man: Far from Home filme waarden.

Spider-Man: Far from Home brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $390,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $741,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.131,8 miljoen, oftewol rom $1,1 miljard. (Spider-Man: Far from Home wie de earste film oer de superheld Spider-Man dy't oer de grins fan $1 miljard hinne gie.) Ofset tsjin it budget fan $160 miljoen betsjut dat in winst fan $971,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Spider-Man: Far from Home de op trije nei meast opbringende film fan 2019, nei Avengers: Endgame, The Lion King en Frozen 2. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Spider-Man: Far from Home op $339 miljoen.

Spider-Man: Far from Home waard by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste aksjefilm en bêste akteur (Tom Holland). De film wûn de Saturn Awards foar bêste aktrise (Zendaya Coleman) en bêste akteur yn in aksjefilm (Tom Holland). Dêrnjonken wûn Spider-Man: Far from Home ek de Australyske AACTA Award foar bêste special effects of animaasje, de People's Choice Awards foar bêste akteur (Holland) en aktrise (Coleman), de Teen Choice Awards foar bêste simmerfilm, bêste akteur yn in simmerfilm (Holland) en bêste aktrise yn in simmerfilm (Coleman) en de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite superheld (Holland). Teffens wiene der nominaasjes foar de Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje, de Critics' Choice Award foar bêste aksjefilm, 3 bykommende People's Choice Awards en 3 oare Kids' Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)