San Diego Comic-Con

De San Diego Comic-Con, ôfkoarte ta SDCC en ek wol koartwei Comic-Con neamd, is in non-profit-konvinsje dy't sûnt 1970 elts jier yn 'e Amerikaanske stêd San Diego holden wurdt, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. De formele namme fan it evenemint is eins Comic-Con International: San Diego, mar sa neamt net ien it. Fan oarsprong is it in konvinsje op it mêd fan strips (dêrfandinne de namme: Comic-Con, fan Comics Convention), mar tsjintwurdich is it teffens in filmfestival en wurde der ek dingen as tillefyzjesearjes en fideospultsjes presintearre. De klam fan it evenemint leit op sjenres as science fiction, fantasy en horror. Neffens it foaroansteande tydskrift Forbes is de San Diego Comic-Con it grutste evenemint fan syn soarte yn 'e wrâld. Yn 2015 kamen der 167.000 besikers op ôf.

San Diego Comic-Con
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county San Diego County
plak San Diego
holden yn San Diego Convention
   Center
tiid fan it jier july
bysûnderheden
ôfkoarting SDCC
soarte evenemint stripkonvinsje
bestean 1970 – no
org. troch Comic-Con International
offisjele webside
www.comic-con.org

De San Diego Comic-Con waard yn 1970 oprjochte as de Golden State Comic Book Convention, de "Stripboekkonvinsje fan 'e Gouden Steat" ("Gouden Steat" is de offisjele bynamme fan Kalifornje). De oprjochters wiene in groep fans fan strips út San Diego, mei dêrûnder Shel Dorf, Richard Alf, Ken Krueger en Mike Towry. De namme waard letter feroare yn San Diego Comic Book Convention, wêrnei't er meitiid ferkoarte waard ta San Diego Comic-Con.

 
In kliber Comic-Conbesikers wachtet yn 2011 oant de grutte seal fan it San Diego Convention Center iepengiet.

Organisaasje

bewurkje seksje

De San Diego Comic-Con is in fjouwerdeisk barren (fan tongersdei oant en mei snein), dat sûnt 2003 yn july holden wurdt. De haadlokaasje is sûnt 1979 it San Diego Convention Center, hoewol't it festival sa grut wurden is dat guon sydeveneminten op oare plakken yn San Diego holden wurde moatte om't de tarin fan belangstellenden oars te grut wurdt. De woansdeitejûns foarôfgeande oan 'e offisjele iepening kinne lju út 'e entertainmentyndustry, ferkeapers fan útstald guod en fjouwerdeiske besikers dy't har yn 't foar registrearje litten hawwe in foarevenemint bywenje dat Preview Night hjit. Dêrby kinne se foar de grutte drokte it hear oereagje om te sjen wat der allegear op 'e konvinsje te dwaan en te heljen is.

De konvinsje wurdt organisearre troch Comic-Con International. Dyselde stifting is ek ferantwurdlik foar de organisaasje fan WonderCon yn Anaheim (Kalifornje) en SAM: Storytelling Across Media, in konvinsje dy't yn 2016 foar it earst yn San Francisco holden waard, en sûnt 2018 op jierlikse basis plakfynt yn it Comic-Con Museum yn San Diego. It Comic-Con Magazine, foarhinne bekend as Update, is it offisjele orgaan fan 'e San Diego Comic-Con, WonderCon en SAM: Storytelling Across Media.

Underwerpen en eveneminten

bewurkje seksje

Oarspronklik wie de San Diego Comic-Con útslutend wijd oan strips, mar dêr kamen al rillegau ek films en tillefyzjesearjes by fan 'e sjenres science fiction en fantasy. Dat wie in natuerlike útwreiding, dy't yn haadsaak syn wei fûn fia ferfilmings fan strips oer superhelden. Neitiid kamen der stadichoan mear ûnderwerpen by, en tsjintwurdich besteget de San Diego Comic-Con ek oandacht oan horror, westernanimaasje, anime, manga's, science fiction- en fantasyromans, fideospultsjes, sammelbere kaartespullen en live action role-playing games.

 
It San Diego Convention Center ûnder de San Diego Comic-Con fan 2013.

Yn it ramt fan 'e San Diego Comic-Con wurdt in grutte stripboekebeurs organisearre, mar ek in útstalling, in filmfestival en in tillefyzjefestival. Der binne parsekonferinsjes, paneldiskusjes, lêzings en workshops. Sûnt 2010 wurde der mear tillefyzjeprogramma's op 'e San Diego Comic-Con presintearre as films; sa wiene der yn 2011 mear as 80 tillefyzjesearjes tsjin mar 35 films. Amerikaanske tillefyzjenetwurken as HBO en Showtime en resinter ek streamingtsjinsten as Netflix en Disney+, brûke de San Diego Comic-Con om relatyf goedkeap reklame te meitsjen foar harren produkten.

Sûnt 1974 wurde op 'e San Diego Comic-Con de Inkpot Awards útrikt oan gasten en oare grutte nammen, oarspronklik allinne út 'e stripwrâld, mar no ek út oare sektoaren fan 'e entertainmentyndustry. Ek lju dy't har o sa foar de konvinsje ynset hawwe troch as frijwilliger yn it bestjoer te tsjinjen, komme yn oanmerking foar sa'n priis. Dêrnjonken wurde op 'e San Diego Comic-Con ek de Eisner Awards útrikt, foar treflike prestaasjes op it mêd fan strips.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.