San Diego
San Diego is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, likernôch 190 km besuden Los Angeles en deun tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende San Diego County en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe goed 1,3 miljoen ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles) en de op sân nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. Boppedat is San Diego noch altiten ien fan 'e fluchst groeiende stêden fan it lân, en as alle foarstêden meirekkene wurde, komt it as stêdekloft út op in befolking fan mear as 3 miljoen minsken. San Diego stiet benammen bekend om syn mylde en noflike klimaat (de reden dat it ek wol America's Finest City neamd wurdt), om syn natuerlike djipwetterhaven, om 'e útstrutsen strannen dy't populêr binne ûnder surfers, en om syn langjierrige bân mei de Amerikaanske Marine.
San Diego | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | San Diego County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.322.553 (2012) | |
Oerflak | 964,5 km² (ynkl. wetter) 842,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.545,4 / km² | |
Stêdekloft | 3.095.313 (2010) | |
Hichte | 0 – 486 m | |
Oar | ||
Stifting | 1769 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 32°42′54″N 117°09′45″W | |
Offisjele webside | ||
www.sandiego.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan San Diego yn San Diego County en yn 'e steat Kalifornje. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: San Diego (betsjuttingsside).
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet dêr't San Diego no leit, wurdt al mear as 10.000 jier bewenne. De lêste tûzen jier of langer wiene dy bewenners de Kûmejaai-Yndianen. Dizze krite wie ek it earste plak oan wat no de westkust fan 'e Feriene Steaten is, dy't besocht waard troch in Jeropeeske ûntdekkingsreizger, te witten: Juan Rodríguez Cabrillo, fan berte in Portegees, dy't yn 1542 it hiele gebiet út namme fan 'e kening fan Spanje yn besit naam en dêrmei de basis lei foar de Spaanske kolonisaasje fan Opper-Kalifornje, twa iuwen letter. Yn novimber 1602 waard Sebastián Vizcaíno stjoerd om in kaart fan 'e Kalifornyske kust te meitsjen. Hy ferneamde de natuerlike haven nei de Spaanske hillige Didakus fan Alcalá, of yn it Spaansk San Diego de Alcalá.
De stêd San Diego waard stifte yn maaie 1769, doe't Gaspar de Portolà de Presidiofêsting op in heuvel by de rivier de San Diego oanlei. Yn july datselde jiers waard troch fransiskaanske fraters ûnder lieding fan pater Junípero Serra de Missy fan San Diego de Alcalá stifte, mei as doel om 'e lânseigen befolking fan dizze kontreien te bekearen ta it kristendom. Sawol de fêsting as de missypost steane noch altyd, en binne no allebeide monuminten.
Nei't Meksiko yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn hie, kaam San Diego diel út te meitsjen fan 'e steat Opper-Kalifornje. Hoewol't de fêsting op 'e Presidioheuvel njonkelytsen syn funksje ferlear, woeks it doarpke deromhinne stadich oan. It nije Meksikaanske regear sekularisearre de missy (dy't eins in soarte fan kleaster wie) en ferdielde it lân derfan ûnder rike Californio's (sa't de Meksikanen út Opper-Kalifornje neamd waarden). Yn 1846 briek de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch út, dy't de Amerikanen mei oermacht wûnen. Ien fan 'e fjildslaggen út dy oarloch, de Slach by San Pasqual, waard yn 1846 fuort by San Diego útfochten, yn 'e San Pasqualdelling, dy't no ûnderdiel fan 'e stêd útmakket. Opper-Kalifornje waard datselde jiers noch troch de Amerikanen beset, en ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dat nei de ein fan 'e oarloch, yn 1848, sletten waard, stie Meksiko û.m. Kalifornje ôf oan 'e Feriene Steaten.
Kalifornje waard twa jier letter, yn 1850, as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, en San Diego krige datselde jiers offisjeel de status fan stêd taparte. Teffens waard it doe it haadplak fan San Diego County. Mei't it stedsje om 'e âlde fêsting op 'e heuvel hinne groeid wie, wie de lokaasje net ideaal, yn acht nommen dat it ferskate kilometers fan 'e kust ôf lei. Oan 'e ein fan 'e 1860-er jierren waard besletten om it te ferhúzjen nei in gaadliker plak, it saneamde New Town, in pear kilometer besuden de oarspronklike delsetting, in gebiet dat no de binnenstêd fan San Diego is. Fanwegen de hannel dy't San Diego krige doe't it oan 'e kust lei, groeide New Town as koal.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waarden der yn San Diego twa wrâldtentoanstellings organisearre: de Panama-Kalifornjetentoanstelling, yn 1915, en de Kalifornysk-Pasifyske Tentoanstelling, yn 1935. Allebeide waarden dy holden yn it Balboa Park, en in protte fan 'e Spaanske barokke gebouwen dy't dêrfoar boud waarden, steane der noch altiten. Se wiene oarspronklik mar foar tydlik bedoeld, mar de measten bleaune yn gebrûk oant se suver ynstoarten, en waarden doe werboud mei gebrûk fan mallen fan 'e oarspronklike fasades. De menazjery fan eksoatyske bisten dy't foar de tentoanstelling fan 1915 gearbrocht waard, foarme it begjin fan 'e San Diego Zoo.
De súdlike útein fan it Point Loma-skiereilân waard al yn 1852 foar militêre doeleinen reservearre, en yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw lei it Amerikaanske Leger dêr in stelsel fan kustartyljerybatterijen oan, dy't mei-inoar de namme fan Fort Rosecrans droegen. De oanwêzigens fan 'e Amerikaanske Marine begûn yn 1901, mei de fêstiging fan in branjebefoarriedingsstasjon fan 'e marine op Point Loma, en waard fral yn 'e 1920-er jierren tige by tige útwreide. Tsjin 1930 wiene yn en om 'e stêd fêstige: de Marinebasis San Diego, it Marinetrainingssintrum San Diego, it Marinehospitaal fan San Diego, Kamp Matthews en Kamp Kearny (no it Stasjon Miramar fan 'e Lofttsjinst fan it Amerikaanske Marinierskorps).
Under de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech San Diego him ta ien fan 'e wichtichste militêre knooppunten oan 'e Amerikaanske westkust. Under en fuort nei de oarloch woeks it tal ynwenners fluch oan, net allinne om't der yn oarlochstiid mear troepen legere wiene, mar ek om't in protte taleveringsbedriuwen fan it leger en de marine har der fêstige hiene, dy't doe op folle toeren draaiden. Tusken 1930 en 1950 ferdûbele San Diego yn befolking fan 148.000 ta 334.000. Nei de oarloch, en salang't de Kâlde Oarloch duorre, holden de striidkrêften oan mei in wichtige rol te spyljen foar de ekonomy fan San Diego, mar de besunigings dy't oan it begjin fan 'e 1990-er jierren op it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny en it iepenskowen fan it Izerne Gerdyn folgen, hakten der bêst yn op 'e ûnderskate bases yn 'e stêd en by de yndustry dy't fan 'e striidkrêften ôfhinklik wie. Fan gefolgen begûn San Diego him dêrnei mear op wittenskip en toerisme te rjochtsjen.
In oare pylder fan 'e lokale ekonomy wie fan 1911 oant de 1970-er jierren de tonynfiskerij. Frijwol de hiele Amerikaanske tonynfiskersfloat en tonynferwurkingsyndustry wie yn San Diego fêstige. It ekonomysk hichtepunt berikte dizze sektor fan 'e ekonomy yn 'e midden fan 'e 1930-er jierren, doe't der yn 'e ynblikkerijen allinnich al mear as 1.000 minsken wurken. It tonynfiskjen waard meast dien troch fiskers dy't ymmigranten wiene út Japan, en letter fan 'e Azoaren en út Itaalje. De ynfloed fan dy ymmigrantegroepen is noch altiten fielber yn wiken as Little Italy en Point Loma. Fanwegen tanimmende ûnkosten en bûtenlânske konkurrinten dy't goedkeaper wurkje koene, moasten de lêste tonynferwurkingsfabriken oan it begjin fan 'e 1980-er jierren slute.
San Diego hjoed de dei
bewurkje seksjeHjoed de dei hat San Diego in ekonomy dy't benammen stipet op hannel, wittenskip, de striidkrêften en toerisme. De natuerlike djipwetterhaven en de lokaasje oan 'e Meksikaanske grins meitsje de stêd wichtich foar de ynternasjonale hannel. Yn 2009 kaam der foar 1.137.054 ton oan fracht troch de haven fan San Diego. Foar de wittenskip is wichtich dat yn 'e stêd de Steatsuniversiteit fan San Diego (SDSU), de Universiteit fan Kalifornje, San Diego (UCSD) en ferskate oare hegeskoallen en ûndersyksynstituten fêstige binne. San Diego hat him sûnt likernôch 1995 ûntjûn ta in sintrum fan 'e biotechnology.
Deselde djipwetterhaven dy't foar hannel fan belang is, hat ek de Amerikaanske Striidkrêften nei San Diego brocht, yn it bysûnder de Amerikaanske Marine, hoewol't ek it Amerikaanske Marinierskorp wichtige bases yn 'e stêd hat. San Diego hat de iennichste grutskalige dûkboatbasis en marineskipsboufasiliteiten fan 'e Amerikaanske westkust. Yn 2008 wiene der 53 marineskippen stasjonearre, en dêropta 35.000 matroazen, mariniers en soldaten. Likernôch 5% fan alle wurkgelegenheid yn 'e stêd is direkt of yndirekt ôfhinklik fan 'e striidkrêften.
Fierders is ek it toerisme tige wichtich foar San Diego. Yn it foarste plak binne der de strannen, dêr't tûzenen surfers en tsientûzenen oare toeristen op ôf komme. Ek kin men in eintsje de see op gean om te walfiskspotten, mei't elts jier tsientûzenen grize walfisken foar de kust fan 'e stêd lâns migrearje. Fierders farre jiers yn San Diego likernôch 250 cruiseskippen út, mei oan board sa'n 900.000 passazjiers. Oan lân is de grutste attraksje de San Diego Zoo, ien fan 'e grutste en meast ferneamde dieretunen yn 'e Feriene Steaten. Fierders binne der it iepenbier akwarium en dolfinarium SeaWorld San Diego en ferskate museä dy't in protte besocht wurde, lykas it San Diego Museum of Art en it San Diego Natural History Museum. Yn july wurdt yn San Diego elts jier de San Diego Comic-Con holden, de grutste konvinsje op it mêd fan strips en fideospultsjes fan 'e wrâld. Yn 2012 kamen der yn San Diego County 32 miljoen toeristen, foar de helte deibesikers en foar de helte lju dy't teminsten ien nacht oerbleaune.
Demografy
bewurkje seksjeDe befolkingsûntwikkeling fan San Diego is yn 'e tweintichste iuw hiel hurd gien. Yn 1850 hie de 'stêd' noch mar 500 ynwenners, yn 1900 wiene dat krapoan 18.000. Tsjin 1950 wie dat oanwoeksen ta 334.000, en yn 2000 ta 1,2 miljoen. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe sa: 30,1% blanken; 28,8% Latino's (wêrûnder 24,9% Meksikanen); 15,9% Aziaten (wêrûnder 5,9% Filipinen, 2,7% Sinezen en 2,5% Fjetnamezen); 6,7% swarten; 0,6% Yndianen; 17,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Mei fanwegen it mylde klimaat hie San Diego yn 2012 de op twa nei grutste populaasje dakleazen fan 'e Feriene Steaten.
Berne yn San Diego
bewurkje seksje- Robert Duvall (1931), akteur
- Ted Danson (1947), akteur
- RuPaul (1960), travestyt, sjonger en akteur
- Jeanne C. Stein (±1960), skriuwster
- Tawny Kitaen (1961-2021), aktrise en model
- Jewels Jade (1971), pornoaktrise
- China Moon (1971), pornoaktrise
- Shauna Sand (1971), neakenmodel en aktrise
- Cameron Diaz (1972), aktrise
- Jolene Blalock (1975), aktrise en model
- Abby Rode (1979), pornoaktrise
- Kristina Rose (1984), pornoaktrise
- Brooklyn Chase, (1986), pornoaktrise
- Riley Steele (1987), pornoaktrise
- Megan Vaughn (1992), pornoaktrise
Stoarn yn San Diego
bewurkje seksje- Myles Moylan (1838-1909), militêr
- Isaac M. Laddon (1894-1976), fleantúchûntwerper en yngenieur
Klimaat
bewurkje seksjeSan Diego hat in Mediterraan klimaat, dat karakterisearre wurdt troch waarme drûge simmers en mylde winters. De kâldste moanne is desimber, as de trochsneed temperatuer oerdeis 18,2 °C is, wylst it yn augustus, de waarmste moanne, oerdeis yn trochsneed 24,7 °C is. Oer it hiele jier ferdield falt der yn trochsneed mar 262,4 mm delslach. Snie is yn San Diego sa'n seldsum ferskynsel dat it sûnt de offisjele waarmjittings yn 1872 begûnen, mar fiif kear foarkommen is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. Commons: San Diego – foto, fideo en harktriemmen
|