Dieretún

(Trochferwiisd fan Menazjery)

In dieretún, bistetún of mei in anglisisme zoo (koart foar zoological garden, "soölogyske tún") is in samling libbene, fan oarsprong wylde bisten, dy't yn finzenskip holden wurde op in plak dêr't se besjoen wurde kinne troch it publyk.

De yngong fan de útrweiding oan de Noardbargeres fan it eardere Noorder Dierenpark, yn Emmen.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Histoarysk komt de dieretún fuort út 'e menazjeryen fan frjemde bisten dy't keningen en oare lju fan adel yn 'e Midsiuwen wol opbouden. De âldste noch besteande dieretún, Tiergarten Schönbrunn, yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen, begûn ek as sa'n menazjery, yn 1752, doe't er stifte waard yn opdracht fan keizer Frâns I fan Dútslân, de man fan Marije Teresa fan Eastenryk. Foarhinne wiene dieretunen poer in foarm fan minsklike ferdivedaasje, wêrby't hoegenamt gjin rekken holden waard mei it wolwêzen fan 'e bisten, dy't faak yn fiersten te lytse koaien holden waarden oant se weikwûnen en deagiene. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw binne datsoarte fan dieretunen lokkigernôch fierhinne útband, al komme se fral yn ûntwikkelingslannen noch altyd wol foar. Ek de lytse saneamde roadside zoos fan 'e Feriene Steaten, dy't oan gjin inkele regeljouwing bûn binne, hearre lykwols yn 'e regel ta dit slach dieretún.

De moderne dieretún lit him faak leaver fan "dierepark" of "soo" of sokssawat neame, om 'e assosjaasje mei de minne âlde tiid tsjin te gean. De bisten krije op 't heden ornaris alle romte dy't se brek binne om in ridlik noflik bestean te lieden, en boppedat betinkt men allegeduerigen nije dingen om se wat te jaan om út te finen. Sa wurdt faak it fretten dat se krije op ynvintive manearen ferstoppe of op dreech berikbere plakken weibrocht, sadat de bisten al har fernimstigens brûke moatte om oan 'e kost te kommen, sa't se dat yn it wyld ek dwaan moatte soene. Njonken de bettere libbensomstannichheden foar de bisten is minsklike ferdivedaasje ek net mear it wichtichste doel fan moderne dieretunen, mar mear in middel ta in doel: dieretunen profilearje har tsjintwurdich fral as ynstellings dy't oan 'e iene kant it publyk wat bybringe wolle, wylst se oan 'e oare kant djip behelle binne yn 'e bewissiging fan it oerlibjen fan bedrige bistesoarten.

Underskate soarten dieretunen

bewurkje seksje

De besteane ferskate spesjale soarten dieretunen:

Hjoeddeiske sitewaasje

bewurkje seksje

Tsjinstwurdich binne der wrâldwiid sa'n 3.000 dieretunen, wêrfan 250 yn 'e Jeropeeske Uny. Yn Jeropa moatte bistetunen oer in spesjale dieretúnfergunning beskikke. Yn Nederlân binne de bekendste dieretunen Artis, yn Amsterdam; Diergaarde Blijdorp, yn Rotterdam; it Wildlands, yn Emmen; Burgers' Zoo yn Arnhim; Safaripark Beekse Bergen, yn westlik Noard-Brabân; Ouwehands Dierenpark, yn Renen; en it Dolfinarium Harderwijk, yn Hurderwyk. Yn Fryslân bestiet ien dieretún, Aqua Zoo Friesland (it eardere Otterpark Aqua Lutra), yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.