Harderwyk

(Trochferwiisd fan Hurderwyk)

Harderwyk[1] (Nederlânsk en offisjeel: Harderwijk, Nedersaksysk: Harderwiek) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân, mei 48.946 ynwenners (31 jannewaris 2023, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 48,27 km², wêrfan 10,04 km² wetter.

Loftfoto fan it âde sintrum fan Harderwyk

EtymologyBewurkje

De namme Harderwyk komt fan 'e fiskefamylje fan 'e harders (Mugilidae) en it oerflaktewetter wyk (sydkanaal).

SkiednisBewurkje

De stêd Harderwyk krige yn 1231 de stedsrjochten fan Greve Otto II. Fan 1285 oant 1628 wie de stêd part fan de Hânze. Yn 1503 wie der in grutte brân yn Harderwyk, en hjirtroch en troch it fersânjen fan de Sudersee by Harderwyk naam it belang fan de stêd ôf. Yn 1648 waard hjir de Universiteit fan Harderwyk oprjochte, dy't yn 1811 troch Napoleon wer sletten is. Yn de 19e iuw waard Harderwyk meast in fiskersplak, mar yn de 20e iuw hawwe it toerisme, en de drûchlizzen fan Flevolân wêr foar groei soarge.

PlakkenBewurkje

De stêd Harderwyk is de haadstêd fan de gemeente. Fierder heart noch it doarpke Hieren by de gemeente Harderwyk.

LizzingBewurkje

Harderwyk leit oan 't Wâlderwiid, en op de râne fan de Feluwe. De stêd leit oan it spoardyk fan Swol nei Utert. Harderwyk hat ek in dolfinarium.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.
 
Gelderlân
 
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar