China Moon (pornografysk aktrise)
China Moon, echte namme ûnbekend (San Diego, 13 septimber 1971), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Filipynsk, Sineesk en Spaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jamie Lee en June Lee. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.63 m lang, mei in gewicht fan 50 kg.
China Moon (pornografysk aktrise) | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Jamie Lee, June Lee | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 septimber 1971 | |
berteplak | San Diego (Kalifornje) | |
etnisiteit | Filipynsk Sineesk Spaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1994 – 1998 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeChina Moon is hikke en tein yn San Diego, yn it suden fan 'e steat Kalifornje, dêr't hja yn 1971 berne waard. Yn 1994, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 37 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Adam & Eve, VCA Pictures en New Sensations. Ek wurke se foar ferskate films gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman, foar it Sweedske Private-label. Yn 1998 loek China Moon har út 'e pornoyndustry werom
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |