Jewels Jade, echte namme: Julie Anne Wadley (San Diego (Kalifornje), 13 oktober 1971),[1][2] is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Ingelsk en Italjaansk etnysk komôf. Hja sette yn 2001 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en ûntjoech har sûnt ta ien fan 'e wichtichste aktrises fan it sjenre fan 'e milfpornografy.

Jewels Jade
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julie Anne Wadley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 oktober 1971[1][2]
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
jewels-jade.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jade waard (neffens de measte boarnen) yn 1971[1][2] berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja makke yn 2001, doe't se tritich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn goed 160 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Diabolic Video, Penthouse, Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Anabolic Video, Zero Tolerance, Elegant Angel, Digital Playground en Devil's Film.

Fierders hat Jade ek wol wurke foar minder bekende studio's, wêrûnder Pure Play Media, Third Degree Films, Extreme Associates, Metro, Girlfriends Films en Jill Kelly Productions. Dêrnjonken hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Jade hat har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande aktrises út it sjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2003 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste nije stjer. Njonken har pornokarriêre sjongt Jade opera's en bespilet se de akkordeön.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Jewels Jade hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 53 kg. Se hat kupmaat 34DDD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Yn in fraachpetear joech Jade oan dat se deis teminsten twa oeren yn 'e sportskoalle trochbringt om har lichem yn goede kondysje te hâlden. Se hat in nâlpiercing, piercings troch har spiennen, en ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in ûnderrêchtatoeaazje; de tekst "Lovely" en in read hertsje mei "Jay" op har rjochterskouderblêd; en in tribal-bân om har rjochterboppe-earm hinne.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2003 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Biografyske gegevens en filmografy fan Jewels Jade yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
  2. 2,0 2,1 2,2 Biografyske gegevens fan Jewels Jade op FreeOnes