Underrêchtatoeaazje

(Trochferwiisd fan Ûnderrêchtatoeaazje)

In ûnderrêchtatoeaazje, ek wol spottend in earsgewei of yn it Ingelsk in tramp stamp ("slettestimpel") neamd, is in langwerpige oerdwerse tatoeaazje dy't froulju wol fuort boppe de stuten sette litte.

In frou mei in ûnderrêchtatoeaazje.

Skiednis en omskriuwing

bewurkje seksje

Underrêchtatoeaazjes binne in foarm fan lichemsfersiering dy't koart nei 2000 populêr waard ûnder ynfloed fan ferskate stjerren út 'e filmwrâld en muzykyndustry dy't sa'n tatoeaazje hiene, lykas Pamela Anderson en Britney Spears. Dat om dyselde tiid hinne foar froulju ek leechhingjende spikerbroeken en nâltruikes yn 'e moade kamen (dy't it ûnderste part fan 'e rêch bleat lieten), kin hjirby ek in rol spile hawwe. Oare aspekten binne dat der op 'e ûnderrêch net in protte fet sit, sadat de kâns lyts is dat in tatoeaazje op dat plak meitiid útrekke en ferfoarmje sil, wylst in frou in tatoeaazje op dat plak ienfâldich ferbergje kin troch in heechslutende broek of rok oan te dwaan of in trui te dragen.

Underrêchtatoeaazjes kinne in protte faninoar ferskille kwa ûntwerp en styl, mar diele de langwerpige foarm, wêrby't de úteinen nei de heupen wize. Oan 'e ûnder- en boppekant fan 'e tatoeaazje sit faak yn 'e midden in lytser útstekkende puntsje dat nei boppen nei de wringe en/of nei ûnderen nei de naad wiist. Faak hawwe ûnderrêchtatoeaazjes in floral- of tribal-motyf.

Oansjen en swierrichheden

bewurkje seksje

Om't by froulju de ûnderrêch gauris as in eroatysk lichemsdiel beskôge wurdt, wurde ûnderrêchtatoeaazjes faak assosjearre mei seksualiteit en yn it ferlingde dêrfan mei promiskuïteit. Dêr is ek de portrettearring fan froulju mei tatoeaazjes yn 'e media foar in part debet oan. Dêrtroch is de ûnderrêchtatoeaazje no (wierskynlik fierhinne ûnfertsjinne) in stereotype symboal wurden foar seksueel aktive froulju dy't gauris fan bêdgenoat wikselje en 'yn' wêze soene foar onenightstands. Sadwaande wurdt no frij algemien op ûnderrêchtatoeaazjes delsjoen.

In oar oandachtspunt is dat medyske saakkundigen der yn 2010 fraachtekens by setten oft it wol in goed idee is om in rêchprik (ferdôving by de befalling) te jaan oan froulju mei sa'n soarte fan tatoeaazje. Dêrby soe de inket nammentlik fia de ynjeksje yn it ynterspinale ligamint en oare djippere weefsels telâne komme kinne, wat foar sûnensswierrichheden soargje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.