Pamela Anderson (folút: Pamela Denise Anderson; Ladysmith (Britsk-Kolumbia), 1 july 1967) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise, model en aktiviste, dy't ein tachtiger jierren bekend waard mei fotoreportaazjes as neakenmodel yn 'e Playboy. Neitiid wist se dy bekendheid om te setten yn in karriêre as aktrise, mei rollen yn tillefyzjesearjes as Maried… with Children, Days of Our Lives en Home Improvement. Ynternasjonaal waard Anderson yn 'e 1990-er jierren ferneamd om har haadrol as C.J. Parker yn 'e aksje-dramasearje Baywatch. Mei troch in stellen sekstape groeide se út ta in wier sekssymboal. Se waard noch faak weromfrege troch Playboy. Sadwaande hat Anderson noch altyd it rekôr as frou dy't it measte op 'e omslach fan dat neakenblêd stien hat. Letter spile se de haadrol yn har eigen tillefyzjesearjes V.I.P. en Stacked, en ek wie se te sjen yn films as Raw Justice, Barb Wire en Blonde and Blonder. Anderson betoande har ek in snoade sakefrou, en as aktiviste sette se har yn foar de beskerming fan bisten en oare saken.

Pamela Anderson
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pamela Denise Anderson
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 1 july 1967
berteplak Ladysmith (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Finsk
Roma
Russysk
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
pamelaandersonfoundation.org

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Anderson waard yn 1967 berne yn Ladysmith, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, as de dochter fan Barry Anderson, dy't syn gesin ûnderhold mei it reparearjen fan ûnen, en dy syn frou Carol, in húsfrou. Anderson har oerpake oan heitekant wie Juho Hyytiäinen, in etnyske Fin mei foar in part Roma-ôfstamming, dy't yn 1908 nei Kanada emigrearre út Saarijärvi yn it Gruthartochdom Finlân, dat doedestiden diel útmakke fan it Keizerryk Ruslân. By oankomst yn syn nije lân feroare er syn foar Kanadezen ûnútsprekbere efternamme yn 'Anderson'. Oan har memmekant is Anderson fan etnysk Russysk komôf.

By har berte stie Anderson yn 'e belangstelling fan 'e media as in centennial baby, mei't se berne wie op 1 july 1967, de centennial, oftewol it hûndertjierrich jubileum fan 'e oprjochting fan Kanada. As bern stie Anderson ferskate kearen bleat oan seksueel misbrûk, in feit dat se bekendmakke yn 2014. Se waard fan har sechsde oant har tsiende jier seksueel oantaast troch har (froulike) babysitter, waard op har tolfde ferkrêfte troch in 25-jierrige man, en waard doe't se fjirtjin jier wie it slachtoffer fan in groepsferkrêfting troch har doetiidske frijer en seis fan syn maten. Anderson folge fuortset ûnderwiis oan 'e École Highland Secondary School yn Comox, dêr't se lid wie fan it follybalteam. Nei't se yn 1985 slagge wie foar har eineksamens, ferfear se nei Vancouver, dêr't se wurk fûn as in fitnessynstruktrise.

 
Pamela Anderson.

Karriêre as neakenmodel

bewurkje seksje

Yn 1989 wenne Anderson in Kanadeesk fuotbal-wedstryd by fan 'e BC Lions yn it BC Place-stadion yn Vancouver, doe't se op it grutte skerm yn byld nommen waard wylst se in T-shirt mei it biermerk Labatt droech. Neitiid naam de brouwerij kontakt mei har op om har yn te hieren as offisjeel wurdfierster. Har doetiidske frijer Dan Ilicic makke in poster fan Anderson mei as titel Blue Zone Girl. Fan it iene kaam it oare, en sa stie Anderson as neakenmodel mei in fotoreportaazje yn it oktobernûmer fan 1989 fan it neakenblêd Playboy. Teffens pronke se op 'e omslach fan dy edysje.

Koarte tiid letter besleat se te ferhúzjen nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, om dêr in karriêre as glamourmodel nei te stribjen. Playboy keas har út as Playmate fan 'e moanne yn it nûmer fan febrewaris 1990, wêryn't se foar it earst op in centerfoldfoto pronke. Neitiid besleat Anderson om in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean, wêrby't se cupmaat 34D krige. Ferskate jierren letter soe se har boarsten nochris fergrutsje litte, ta cup 34DD. Anderson liet har noch gauris neaken fotografearje foar de Playboy, en fotoreportaazjes fan har waarden dêrnjonken yn ferskate spesjale útjeften fan Playboy publisearre.

Yn totaal besloech har karriêre as Playmate in perioade fan 22 jier, en se stie op mear omslaggen fan it blêd as lykfol hokker oar neakenmodel. Ek skreau se it wurd foarôf fan it coffee table book Playboy's Greatest Covers. Behalven foar de Playboy posearre Anderson ek neaken foar tydskriften as Stuff en GQ, en fierders stie se op 'e omslaggen fan moadeblêden as W, Marie Claire, Flare en Elle.

 
Pamela Anderson yn har ikoanyske rol as C.J. Parker yn Baywatch.

Karriêre as aktrise

bewurkje seksje

Nei't Anderson yn Los Angeles kommen wie te wenjen, krige se yn 1990 al rillegau in lyts roltsje yn in ôflevering fan 'e populêre komeedzjesearje Married… with Children, mei Ed O'Neill, Katey Sagal en Christina Applegate. Neitiid hie se ek gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Charles in Charge, Married People en Top of the Heap. Yn 1991 wie Anderson te sjen yn in twadde ôflevering fan Married… with Children, en datselde jiers bemachtige se in lytse weromkearende rol as Lisa, it oarspronklike "Tool Time-famke", yn 'e komeedzjesearje Home Improvement, mei Tim Allen. Nei twa seizoenen ferliet se dat programma yn 1993. Ek hie se yn 1992 in weromkearende rol yn in stikmannich ôfleverings fan 'e soapsearje Days of Our Lives.

De ynternasjonale trochbraak kaam foar Anderson doe't se yn 1992 cast waard yn 'e rol fan C.J. Parker yn 'e aksje-dramasearje Baywatch, mei û.o. David Hasselhoff en Yasmine Bleeth. Dêryn waard it wol en wee folge fan in team strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, wat in ferlechje bea om 'e fotosjenike Anderson op in sinnich strân omdrave te litten yn in lyts read badpakje. Dêrtroch groeide se út ta in ynternasjonaal sekssymboal. Se spile de rol fan C.J. fiif seizoenen lang, oant 1997, en wie dêrmei ien fan 'e langst tsjinjende leden fan 'e cast fan 'e searje. Se spile ek mei yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise (1995), dy't ûnderdiel útmakke fan seizoen 6. Jierren letter kroep se op 'e nij yn 'e hûd fan C.J. foar de tillefyzjefilm Baywatch: Hawaiian Wedding, dy't yn 2003 útkaam, en ek foar reklamespotsjes foar DirecTV út 2007.

 
Pamela Anderson dielt hantekenings út oan personiel fan 'e Amerikaanske Marine by in besyk oan 'e torpedoboatjager de USS Halsey.

Yn 1993 wie Anderson te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Can't Have Your Cake, fan Vince Neil. Yn 1994 hie se foar it earst in grutte rol op it wite doek, yn 'e skriller Raw Justice (ek bekend as Good Cop, Bad Cop). Har bekendste filmprojekt, Barb Wire, út 1996, wie in mar lichtsjes bewale science fiction-remake fan 'e klassiker Casablanca. Har personaazje yn dy film hiet folút Barbara Rose Kopetski, en neitiid waard troch ferskate boarnen beweard dat dat Anderson har echte namme wie, wat net wier is. Barb Wire wie gjin kommersjeel súkses en Anderson wûn mei har optreden yn 1997 de Golden Raspberry Award foar minste nije stjer. Under de opnamen liet se in echte tatoeaazje fan in bân fan stikeltried om har lofterboppe-earm sette, sadat dy der net eltse dei troch de fisazjisten op ferve hoegde te wurden. Mei dy tatoeaazje rûn se tweintich jier mei om, oant se him yn 2016 fuorthelje liet.

Yn april 1997 presintearre Anderson in ôflevering fan 'e komyske sketchshow Saturday Night Live. Datselde jiers hie se in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e komeedzjesearje The Nanny, as Heather Biblow, de rivale fan haadpersoan Fran Fine (spile troch Fran Drescher). Begjinnend yn septimber 1998 kearde Anderson mei in eigen searje werom op 'e tillefyzje, dêr't se sels ien fan de filmprodusinten fan wie. Diskear spile se de rol fan Vallery Irons, de eigneresse fan in buro dat liifwachten ferhierd, yn 'e aksjekomeedzjesearje V.I.P., mei as tsjinspylsters Natalie Raitano en Molly Culver. It fermingen fan aksje en humor yn in tillefyzjesearje besteande út aventoeren dy't mei faasje yn byld brocht waarden, bliek in resept foar súkses, en de searje rûn fjouwer seizoenen lang, oant 2002. Yn 1999 wie Anderson te sjen as in manljusslinende reuzinne yn 'e fideoklip fan it nûmer Miserable fan 'e rockband Lit. As stimaktrise wurke Anderson yn 1999 mei oan twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Futurama, en fan 2003 oant 2004 hie se de haadrol yn har eigen tekenfilmsearje, Stripperella, as Stripperella oftewol Erotica Jones.

 
It Sam Newman House yn St Kilda, yn Austraalje, omfiemet in grutte foto fan it gesicht fan Pamela Anderson as ûnderdiel fan 'e foargevel.

Nei 2000 hie Anderson gastrollen yn ôfleverings fan ferskate searjes, wêrûnder Just Shoot Me!, King of the Hill, Less than Perfect en 8 Simple Rules. Yn 2003 presintearre se tegearre mei countrysjonger Toby Keith de útrikkingsseremoanje fan 'e CMT Music Awards. Datselde jiers liet Sam Newman yn it Australyske St Kilda troch arsjitekte Cassandra Fahey in gebou, it Sam Newman House, sette, wêrby't de foargevel foar in grut part bestiet út in ôfbylding fan it gesicht fan Pamela Anderson. Newman brûkte de ôfbylding mei goedkarring fan Anderson, mar hie syn boufergunnings net op oarder. Dy waarden lykwols mei weromwurkjende krêft letter noch takend doe't bliken die dat it Sam Newman House in trekpleister wie dy't toeristen nei St Kilda ta helle, wylst it gebou de Victorian Architecture Award yn 'e kategory bêste nije wente wûn, dy't útrikt waard troch it Keninklik Australysk Ynstitút foar Arsjitekten (RAIA).

Yn april 2005 sette Anderson útein mei de komeedzjesearje Stacked, op 'e tillefyzjestjoerder Fox. Se hie dêryn de rol fan Skyler Dayton, in pierewaaiende partygirl dy't in baan kriget yn in boekhannel. De titel, dy't letterlik "Opsteapele" betsjut, mar yn 'e Amerikaansk-Ingelske sprektaal ek ferwize kin nei froulju mei grutte boarsten, is in wurdboarterij dy't sawol op 'e boeken as op Anderson sels sloech. De searje waard lykwols nei twa seizoenen, yn 2006, al stopset omreden dan ôffallende sjochsifers. Op 14 augustus 2005 wurke Anderson mei oan The Comedy Central Roast of Pamela Anderson, wêryn't se wiidweidich op 'e hak nommen waard troch de oanwêzige komiken. Yn desimber 2005 fierde Anderson in pealdûns út boppe-op 'e piano fan sjonger Elton John, wylst dyselde it nûmer The Bitch is Back spile. Op 'e Amerikaanske stjoerder NBC gie healwei de útstjoering fan dat barren it byld op swart, om't (neffens NBC) "it byldmateriaal ûnfoechsum wie foar primetime."

Yn maart 2006 krige Anderson har eigen stjer op Canada's Walk of Fame. In moanne letter presintearre se as earste persoan dy't gjin sjonger of muzikant wie de útrikkingsseremoanje fan 'e Kanadeeske Juno Awards. Datselde jiers wurke se mei oan 'e mockumentary Borat, fan Sasha Baron Cohen, wêryn't Cohen yn 'e titelrol út Kazachstan nei de Feriene Steaten emigrearret, dêr obsedearre rekket troch Pamela Anderson, en (mislearjende) plannen makket om har te ûntfieren en mei har te trouwen. Op 13 en 14 febrewaris fierde Anderson yn it Crazy Horse-kabaret yn Parys in striptease op ta gelegenheid fan Falentynsdei. Letter dat jiers spile Anderson de ûnsichtbere frou yn Superhero Movie en in dom blondsje yn Blonde and Blonder. By dy lêste film wie se ek as útfierend produsinte belutsen. Ek wie se yn 2008 te sjen yn 'e searje Pam: Girl on the Loose!, op 'e stjoerder E!

 
Pamela Anderson yn 2004.

Yn desimber 2009 stie Anderson yn Londen op 'e planken as de geast út 'e lampe yn it toanielstik Aladdin. Dy rol naam se oer fan 'e Amerikaanske komédiënne Ruby Wax. Yn 2010 spile se yn 'e koarte film The Commuter Julia. Fierders hie se yn 2017 in lytse cameo oan 'e ein fan 'e film Baywatch, basearre op 'e searje út 'e 1990-er jierren, wêryn't har âlde rol fan C.J. Parker fertolke waard troch aktrise Kelly Rohrbach.

Karriêre as realitystjer

bewurkje seksje

Fan 'e ein fan 'e 2000-er jierren ôf wurke Anderson mei oan frijwat realitytillefyzjeprogramma's yn ferskate lannen. Dat begûn yn 2008, doe't se te sjen wie yn 'e Australyske edysje fan Big Brother. Yn novimber 2010 wurke se as spesjale gast mei oan seizoen 4 fan Bigg Boss, de Yndiaaske ferzje fan Big Brother. Dêrby ferbleau se fiif dagen yn it Big Brother-hûs, wêrfoar't nei't it skynt 25.000.000 (likernôch $550.000) betelle krige. In jier letter, yn septimber 2011, naam Anderson diel oan it tolfde seizoen fan 'e Britske edysje fan Big Brother. Noch wer in jier letter, yn septimber 2012, besocht Anderson trije dagen lang as spesjale gast it hûs yn VIP Brother, de Bulgaarske Big Brother-edysje foar bekende persoanen. En yn 2013 wie se te gast yn it hûs fan 'e Dútske edysje Promi Big Brother, dêr't har âld-Baywatch-kollega David Hasselhoff in wike earder ek oan meidien hie.

Yn 2010 naam Anderson fierders diel oan seizoen 10 fan 'e Amerikaanske ferzje fan it realityprogramma Dancing with the Stars, wêrby't se keppele waard oan dûnser Damian Whitewood. Hja waarden yn 'e sânde wike út 'e dûnskompetysje eliminearre. Yn 2012 kearde se werom as dielnimster yn it fyftjinde seizoen, en dûnse se mei Tristan MacManus, mar waard se al yn 'e earste wike eliminearre. Yn 2011 wiene Anderson en Whitewood in dielnimmend pearke oan Bailando 2011, de Argentynske edysje fan Dancing with the Stars. Dêr waarden se nei fjouwer wiken eliminearre. Yn 2013 naam Anderson fierders mei Matt Evers diel oan 'e Britske edysje fan Dancing on Ice, en fan septimber oant novimber 2018 wie se ek dielnimster yn Danse avec les Stars, de Frânske edysje fan Dancing with the Stars, dêr't se nei sân wiken eleminearre waard.

 
Pamela Anderson yn 2009.

Karriêre as skriuwster

bewurkje seksje

Yn 2002 sette Anderson útein mei it skriuwen fan in kollumn yn it tydskrift Jane. Yn 2004 publisearre se de roman Star, dy't se skreaun hie mei Eric Shaw Quinn, oer in tiner dy't besiket om ferneamd te wurden. Neitiid gie se op toernee troch de Feriene Steaten en hold se yn it hiele lân synjearsesjes yn Walmart-supermerken foar har fans. Har twadde boek, it ferfolch Star Struck, kaam út yn 2005, en is in mar kwealk bedutsen ynkyk yn har libben mei har earste man Tommy Lee en de swierrichheden dêr't se mei te meitsjen krigen hat troch har ferneamdens.

Fan 2007 ôf wurke Anderson ferskate jierren as de assistinte fan 'e Nederlânske yllúzjonist Hans Klok by syn shows yn Las Vegas.

Bisterjochten

bewurkje seksje

Sûnt de twadde helte fan 'e 1990-er jierren hat Pamela Anderson, dy't feganiste is, har fûleindich ynset foar de beskerming fan bisten. Dêrby skrillet se der net foar tebek om har eigen lichem yn 'e striid te goaien. Hja is lid fan 'e organisaasje People for the Ethical Treatment of Animals, better bekend as PETA. Yn dy hoedanichheid hat se har jierrenlang oankante tsjin it dragen fan bûnt. Sa klaaide se har yn 2003 út foar de PETA-kampanje I'd Rather Go Naked Than Wear Fur ("Ik rin noch leaver neaken om as dat ik bûnt draach"). Op 28 juny 2006 besocht Anderson in ynsamlingsaksje foar PETA yn 'e Londenske bûtyk fan Stella McCartney, dêr't se oankundige har klean útdwaan te sillen as de aksje genôch jild opbrocht. Doe't dat barde, posearre se neaken yn ien fan 'e etalaazjes fan 'e bûtyk.

 
Pamela Anderson by in manifestaasje tsjin 'e seehûnejacht yn Kanada.

Yn 'e Feriene Steaten fierde Anderson fierders fan 2001 ôf kampanje tsjin 'e fastfoodrestaurantkeatling Kentucky Fried Chicken (KFC), en wat dy die mei 750 miljoen hinnen yn 't jier. Dêr makke se in fideo oer en yn jannewaris 2006 skreau se in brief oan 'e gûverneur fan Kentucky wêryn't se fersocht om 'e buste fan kolonel Sanders, de oprjochter fan KFC, út it Steatskapitoal fan Kentucky te ferwiderjen. Har fersyk waard lykwols negearre, sels doe't se har eigen buste yn ruil dêrfoar oanbea. Yn febrewaris 2006 rôp Anderson op ta in boycot fan 'e Kentucky Derby-hurddraverij, omreden fan 'e bannen dy't dat evenemint ûnderhold mei KFC.

Yn har heitelân Kanada fierde Anderson kampanje tsjin 'e jacht op seehûnen. Yn maart 2006 fersocht se premier Stephen Harper om in petear oer dy kwestje, mar dat waard har wegere. Yn desimber 2009 liet se har fotografearje yn in T-shirt mei in tekene ôfbylding fan in seehûnejong derop, foar in nije reklamekampanje fan PETA. Ek fierde se foar PETA aksje tsjin it frisdrinkensmerk POM Wonderful ûnder de namme POM Horrible. Dy kampanje late derta dat POM ophold mei it testen fan syn produkten op bisten.

Yn 2010 waard in posterkampanje fan PETA, mei ôfbyldings fan Pamela Anderson sa goed as neaken yn in tige lytse bikiny, yn Montreal ferbean om't de ôfbylding seksistysk wêze soe. Anderson hie dêr gjin goed wurd foar oer. "Wat tryst," sei se, "dat in frou it rjocht ûntsein wurdt om har eigen liif te brûken yn in polityk protest tsjin it lijen fan kij en hinnen. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurde froulju twongen har hiele lichem te bedekken mei boerka's. Krije we dat hjir no ek? Ik hie net tocht dat Kanada sa puriteinsk wêze soe."

Anderson wie ek aktyf behelle yn 'e Sea Shepherd Conservation Society, in organisaasje dy't him aktyf fersette tsjin 'e Japanske walfiskfeart troch de jacht mei eigen skippen te fersteuren. Se tsjinne as lid fan 'e ried fan bestjoer en wie ek in skoft wurdfierster. Se is ek goed befreone Paul Watson, de oprjochter fan Sea Shepherd. Mei Sea Shepherd-aktivisten reizge Anderson nei de Fêreu-eilannen om te protestearjen tsjin 'e jierlikse Grindadráp, de jacht op grjinten. Yn july 2015 skreau se in iepen brief oan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin, wêryn't se him frege om foar te kommen dat de Japanners noch langer de Noardeastlike Trochfeart foar harren walfiskfeart brûkten.

Julian Assange

bewurkje seksje

Anderson sette har ek o sa yn foar WikiLeaks-oprjochter Julian Assange, dy't se yn desimber 2016 yn in fraachpetear mei it tydskrift People "in held" neamde en dy't neffens har troch it publisearjen fan miljoenen geheime dokuminten fan 'e Amerikaanske oerheid de hiele wrâld in tsjinst bewiisd hie. Se neamde de beskuldigings fan ferkrêfting (dy't yn Sweden tsjin him ynbrocht wiene) "optocht", en stelde dat er yn 'e Feriene Steaten nea in earlik proses krije soe. Assange hie syn taflecht socht yn 'e Ekwadoraanske ambassade yn Londen, dêr't er jierrenlang ferbleau om út 'e hannen fan 'e Britske plysje te bliuwen, dy't him útleverje woe oan Sweden of mooglik oan 'e Feriene Steaten. Doe't er yn april 2019 út it ambassadegebou set en yn 'e hannen fan 'e plysje spile waard, makke Anderson har dêr yn in stikmannich Twitterberjochten tige lulk oer.

 
Pamela Anderson yn 2017 foar de Arena fan Nîmes by in protest tsjin bollefjochtsjen.

Yn maaie 2019 brocht Anderson tegearre mei de Iislânske sjoernalist Kristinn Hrafnsson in besyk oan Assange yn 'e Belmarsh-finzenis. Yn novimber fan dat jier reizge se nei Austraalje, it heitelân fan Assange, dêr't se yn 'e media de Australyske premier Scott Morrison it leksum lies om't er net better foar de rjochten fan Assange opkaam. Se dage Morrison ek út ta in debat yn in iepenbier foarum oer de saak-Assange, en oer "de minachtsjende opmerkings" dy't er yn 2018 oer Anderson sels makke hie. Morrison reägearre mei in ferklearring dat er fertrouwen hie yn it Britske rjochtsstelsel, en dat Assange fan 'e Australyske oerheid deselde help krije soe dy't alle oare Austraaljers ek krije as se om utens yn it tichthûs sitte.

Oare kwestjes dêr't Anderson har as aktiviste foar ynset hat, binne de maatskiplike akseptaasje fan minsken dy't oanhelle binne mei HIV en AIDS, de striid tsjin leveroandwanings, de legalisearring fan kannabis, ferantwurdlik autoriden, de giele-heskesbeweging yn Frankryk en de Jeropeeske demokratisearringsbeweging DiEM25.

 
Pamela Anderson yn 2017, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Priveelibben

bewurkje seksje

Op 19 febrewaris 1995 troude Anderson mei Tommy Lee, de drummer fan 'e Amerikaanske rockband Mötley Crüe, mei wa't se fjouwer dagen earder yn 'e kunde kommen wie. De brulloft waard holden op it strân fan Kalifornje, en Anderson wie klaaid yn bikiny. Anderson har mem wist fan neat en kaam pas fan it houlik te witten doe't se deroer yn it tydskrift People lies. Neitiid stie Anderson trije jier lang bekend as Pamela Anderson Lee. Mei har earste man krige Anderson twa soannen: Brandon Thomas Lee (b. 5 juny 1996) en Dylan Jagger Lee (b. 29 desimber 1997). It wie in houlik fol drama en trelit, wêrby't Tommy Lee op in stuit arrestearre waard foar húslik geweld nei't er Anderson mishannele hie. Hy waard feroardiele ta seis moannen finzenisstraf. Anderson en Lee skieden yn 1998.

Yn 2002 makke Anderson bekend dat se hepatitis C oprûn hie troch deselde tatoeaazjenullen as Tommy Lee te brûken. Yn 2003 sei se dêroer yn it radioprogramma fan Howard Stern dat se net ferwachte "langer as tsien of fyftjin jier" te libjen. Dat wie in grapke, mar it waard foar wier oannommen troch in soad websiden en rabbersblêden. Yn 2015 waard Anderson fan 'e sykte genêzen ferklearre.

 
Pamela Anderson en Kid Rock yn 2003.

Nei har skieding ferloofde Anderson har yn 1998 noch itselde jiers mei it manlike model Marcus Schenkenberg, mar mei him kaam it nea ta in houlik, en yn 2001 giene se útinoar. Dêrnei krige Anderson in relaasje mei sjonger Kid Rock (Robert J. Ritchie), mar dat rekke út yn 2003. Trije jier letter rekke it lykwols wer oan, en op 29 july fan dat jier trouden Anderson en Kid Rock op in jacht op 'e Middellânske See foar de kust fan Saint-Tropez. Yn 'e media waard rûnom spekulearre dat de reden foar it hommels houlik wie dat Anderson swier rekke wie, mar dat wie inkeld basearre op 'e wegering fan har wurdfierder om dêr wat oer te sizzen. Op 10 novimber 2006 waard lykwols bekendmakke dat Anderson yn Vancouver, op 'e set fan har film Blonde and Blonder, in miskream krigen hie. Goed twa wiken letter, op 27 novimber, frege Anderson in skieding oan, dy't begjin 2007 offisjeel waard.

Yn febrewaris 2007 fertelde Anderson yn in fraachpetear dat se sûnt har skieding fan Tommy Lee noch geregeldwei mei him op bêd gie. Yn septimber fan dat jier makke se op 'e Amerikaanske tillefyzje, yn it praatprogramma fan Ellen DeGeneres, bekend dat se har ferloofd hie mei filmprodusint Rick Salomon. It houlik fûn plak yn Las Vegas, op 'e jûn fan 6 oktober 2007, tusken twa opfierings fan 'e show fan Hans Klok yn, dêr't Anderson as assistinte oan meiwurke. Goed twa moannen letter, op 13 desimber, giene Anderson en Salomon al útinoar, en op 22 febrewaris 2008 liet Anderson harren houlik neatich ferklearje.

Yn juny 2008 sei se yn in fraachpetear yn People dat sy en Tommy Lee harren relaasje besochten te reparearjen. Yn oktober 2013 fertelde se yn The Ellen DeGeneres Show dat sy en Salomon no 'friends with benefits' wiene. Yn jannewaris 2014 makke se bekend dat se op in net neamde eardere datum op 'e nij troud wie mei Salomon, mar yn febrewaris 2015 frege se in skieding oan, dy't op 29 april fan dat jier offisjeel waard. Yn 2017 krige Anderson in relaasje mei de Frânske fuotballer Adil Rami; ein juny 2019 makke Anderson op Instagram bekend dat sy en Rami útinoar gien wiene.

 
Pamela Anderson yn 2017.

In sekstape fan Anderson en Tommy Lee waard yn 1995 stellen út harren hûs en publisearre op it ynternet, dêr't eltsenien him sjen woe. De troch Lee opnommen fideo toande Anderson en him by it hawwen fan seks op harren houliksreis. Anderson en Lee klagen de Internet Entertainment Group (IEG) oan, dy't de fideo op it ynternet ferspraat hie. Uteinlik kaam it tusken harren en de IEG ta in geheime skikking, wêrby't de IEG in (nei't men oannimme mei oansjenlik) diel fan 'e winst oan 'e Lees oerdroech. Neitiid waard de fideo legaal ferspraat op it ynternet en ek útbrocht as keapfideo op VHS ûnder de titel Pamela and Tommy Lee Hardcore & Uncensored.

In oare, eardere sekstape, fan Anderson en muzikant Bret Michaels, fan 'e band Poison, ferskynde neitiid ek. Foto's fan bylden út dy fideo waard foar it earst yn maart 1998 publisearre troch it neakenblêd Penthouse. De fersprieding fan 'e hiele fideo waard letter blokkearre troch Michaels, mar in stik fan fjouwer minuten kin noch altyd op it ynternet weromfûn wurde.

Nasjonaliteit

bewurkje seksje

Anderson liet har yn 2004 ta Amerikaansk steatsboarger nasjonalisearje, mar joech dêrby har Kanadeeske nasjonaliteit net op. Sûnt hat se in dûbele nasjonaliteit.

Yn 2008 kocht Anderson foar $1,8 miljoen in filla oan it strân yn Malibu (Kalifornje). Se besocht dy yn 2013 te ferkeapjen foar $7,75 miljoen, mar doe't dat net slagje woe, helle se de filla fan 'e merk. Sûnt ferhiert se him foar $50.000 yn 'e moanne. Sels wenne se oan 'e Frânske Riviêra, yn Marseille. Yn july 2019 makke se bekend dat se wer yn har heitelân Kanada wenne, op it skildereftige Vancouvereilân.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1990 Married… with Children Yvette gastrol; ôflevering Al... with Kelly
1990 Charles in Charge Chris gastrol; ôflevering Teacher's Pest
1991 Married People Terri gastrol; ôflevering The Nanny
1991 Top of the Heap Romona gastrol; ôflevering Behind the Eight Ball
1991 Married… with Children Cashew gastrol; ôflevering Route 666: Part 2
1991-1993 Home Improvement Lisa weromkearende rol; 22 ôfleverings
1992 Days of Our Lives Cindy weromkearende rol; ûnbekend tal ôfleverings
1992-1997 Baywatch C.J. Parker haadrol; 76 ôfleverings
1994 Come Die with Me: A Mickey Spillane's Mike Hammer Mystery Velda tillefyzjefilm
1995 Royal Rumble 1995 harsels sportprogramma
1995 WrestleMania XI harsels sportprogramma
1995 Baywatch: Forbidden Paradise C.J. Parker tillefyzjefilm
1997 Home Improvement Lisa gastrol; 1 ôflevering
1997 The Nanny Heather Biblow-Imperiali gastrol; 2 ôfleverings
1997 Saturday Night Live harsels as presintatrise; ôflevering Pamela Lee/Rollins Band
1998-2002 V.I.P. Vallery Irons haadrol; 88 ôfleverings; ek filmprodusinte
1999 Futurama harsels / Dixie as stimaktrise; gastrol; 2 ôfleverings
2001 Just Shoot Me! harsels ôflevering Mayas and Tigers and Deans, Oh My
2002 King of the Hill Cyndi as stimaktrise; gastrol; ôflevering The Fat and the Furious
2003 Baywatch: Hawaiian Wedding C.J. Parker tillefyzjefilm
2003 Less than Perfect Vicki Devorski gastrol; ôflevering All About Claude
2003 CMT Music Awards harsels as presintatrise, tegearre mei Toby Keith
2003-2004 Stripperella Stripperella / Erotica Jones as stimaktrise; fêste rol; 13 ôfleverings
2005 8 Simple Rules Cheryl gastrol; 2 ôfleverings
2005-2006 Stacked Skyler Dayton fêste rol; 20 ôfleverings
2008 Big Brother harsels Australysk realitytillefyzjeprogramma
2008 Kath & Kim harsels ôflevering Friends
2008 Pam: Girl on the Loose! harsels
2010 Bigg Boss harsels Yndiaask realitytillefyzjeprogramma; spesjale gast
2010 EuroVoice Music Contest 2010 harsels as presintatrise, tegearre mei Éric Serra, yn Atene
2010 en 2012 Dancing with the Stars harsels Amerikaansk realitytillefyzjeprogramma; dielnimster
2011 Big Brother harsels Britsk realitytillefyzjeprogramma; dielnimster
2011 Bailando 2011 harsels Argentynsk realitytillefyzjeprogramma; dielnimster
2012 Yalan Dünya harsels gastrol; 1 ôflevering
2012 RuPaul's Drag Race harsels realitytillefyzjeprogramma; ôflevering Frenemies
2012 VIP Brother 4 harsels Bulgaarsk realitytillefyzjeprogramma; spesjale hûsgast
2011 en 2016 Celebrity Juice harsels realitytillefyzjeprogramma; 2 ôfleverings
2013 Promi Big Brother harsels Dútsk realitytillefyzjeprogramma; spesjale gast
2013 Package Deal dokter Sydney Forbes weromkearende rol; 4 ôfleverings
2017 Sur-Vie Raquel Rose gastrol
2018 Danse avec les Stars harsels Kanadeesk realitytillefyzjeprogramma; dielnimster
2019 The Hills: New Beginnings harsels Amerikaansk realitytillefyzjeprogramma; 2 ôfleverings
films
1991 The Taking of Beverly Hills cheerleader net fermeld op 'e ôftiteling
1993 Snapdragon Felicity
1994 Raw Justice Sarah ek bekend as Good Cop, Bad Cop
1996 Naked Souls Britt
1996 Barb Wire Barb Wire (folút: Barbara Rose Kopetski)
2002 Scooby-Doo harsels cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2003 Scary Movie 3 Becca
2003 Pauly Shore Is Dead harsels
2005 No Rules harsels
2006 Borat harsels
2008 Superhero Movie ûnsichtbere frou
2008 Blonde and Blonder Dee Twiddle ek útfierend produsinte
2010 Costa Rican Summer harsels
2010 Hollywood & Wine Jennifer Mary
2010 The Commuter Julia froulike hotelgast koarte film
2014 Jackhammer groupie
2014 Tsjto Tvorjat Muzjtsjiny! 2 harsels Russyske film; Ingelske titel: What are men doing! 2
2015 Unity voice-over dokumintêre
2016 The People Garden Signe
2017 Baywatch Casey Jean cameo
2017 SPF-18 harsels
2019 Nicky Larson et le Parfum de Cupidon Jessica Fox

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.